Springe nei ynhâld

Aksjesearje

Ut Wikipedy

In aksjesearje is in sjenre fan tillefyzjesearjes wêryn't de protagonist (of protagonisten) te meitsjen kriget mei in rige útdagings dy't er mei lichaamlike prestaasjes oerwinne moat. Dêrby docht him yn elts gefal geweld foar (meastal sawol yn 'e foarm fan fjoergefjochten as man-tsjin-mangefochten), en faak ek gefaarlike efterfolgings. De protagonist fan in aksjesearje is faak in held of heldinne dy't it opnimt tsjin in grutte oermacht oan fijannen, wêrby't hy of sy kear op kear foar syn of har libben (of dat fan oaren) fjochtsje moat. De aksjesearje is nau besibbe mei it sjenre fan 'e aventoeresearje en omfiemet faak ek eleminten fan 'e skriller. It is fierders de tillefyzjewjergader fan 'e aksjefilm. It sjenre fan 'e aksjesearje ûntstie yn 'e 1970-er jierren, doe't de tillefyzjeyndustry yn 'e Feriene Steaten almar mear gebrûk begûn te meitsjen fan special effects en fan gefaarlike sênes dy't útfierd waarden troch stuntlju.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.