Syndikaasje

Ut Wikipedy
Springe nei navigaasje Springe nei sykjen

Syndikaasje (fan it Ingelske syndication) is de distribúsje fan ynformative of kreätive tillefyzjeprogramma's of radioprogramma's fan 'e iene nei de oare tillefyzjestjoerder, radiostjoerder of omrop, dy't dan de rjochten op útstjoering kriget troch in kontrakt of ûnder lisinsje. Soks komt benammen in protte foar yn 'e Feriene Steaten, dêr't de tillefyzje- en radiosektor behearske wurdt troch in stikmannich grutte lanlike netwurken, dy't oeral formalisearre bannen ûnderhâlde mei pleatslike tillefyzjestasjons en radiostasjons. By syndikaasje wurde tillefyzjeprogramma's en radioprogramma's útstjoerd op sokke lokale stasjons dy't se mei-inoar diele sûnder dat de nasjonale netwurken der wat mei te krijen hawwe.

Yn 'e Feriene Steaten is syndikaasje de útsûndering op 'e regel, mei't de measte tillefyzjeprogramma's en ek radioprogramma's dêr makke wurde troch in produksjemaatskippij yn opdracht fan ien fan 'e grutte lanlike netwurken. Dêrby kriget it oangeande netwurk dan de eksklusive útstjoerrjochten yn 'e hannen, dy't it oer it algemien inkeld opjout as de sjochsifers skrikbarend omleech geane. Yn it kontrakt tusken netwurk en produksjemaatskippij sit lykwols ornaris in eindatum ynboud, en sadree't dy passearre is, stiet it de produksjemaatskippij frij om it programma fia syndikaasjekontrakten oan oare stjoerders te ferkeapjen foar it útstjoeren fan werhellings.

Der binne ek Amerikaanske programma's dy't eksklusyf foar syndikaasje makke wurde en dus net foar in spesifyk lanlik tillefyzjenetwurk. Om't de produksjemaatskippij sokke programma's fan it begjin ôf oan oan ferskillende stjoerders ferkeapje mei, kin dat tige lukratyf wêze as it súksesfol is. As it lykwols op 'e non rint, sit de produksjemaatskippij mei in grutte strop. It is dêrom foar produksjemaatskippijen oer it algemien wenst om yn 't foar in klant (lanlik netwurk) te hawwen om it produkt oan te ferkeapjen. Dat is finansjeel feiliger, ek al om't yn sa'n gefal it netwurk faak bydraacht yn 'e produksjekosten.

Bûten de Feriene Steaten komt nasjonale syndikaasje net in soad foar, om't de measte lannen en territoaria sintralisearre stjoerders hawwe sûnder bannen mei lokale omroppen. It trochferkeapjen fan Amerikaanske programma's oan bûtenlânske stjoerders (bgl. yn Nederlân) is lykwols ek in foarm syndikaasje, en itselde jildt foar de ferkeap fan Nederlânske programma's oan stjoerders út it bûtenlân. Dat systeem hat de wrâldwide populariteit fan in soad tillefyzjesearjes mooglik makke, dy't oarspronklik mar foar in tige spesifike merk makke wiene.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.