Parody

Ut Wikipedy
Komyk Charlie Chaplin parodiëarret Adolf Hitler yn 'e film The Great Dictator, út 1940.

In parody of persiflaazje is it op spottende wize neibearen fan in bekend orizjineel wurk, wêrby't dat orizjinele wurk bgl. in gedicht, liet, film, toanielstik, roman, ferhaal, mearke ensfh. wêze kin. It is ek mooglik in beskate wurklike sitewaasje te parodiëarjen, wat fral dien wurdt troch politisy nei te bearen. By it meitsjen fan sa'n parody, it parodiëarjen, wurde faak de meast werkenbere eigenskippen fan it orizjinele wurk of de wiere persoan oerdreaun of útfergrutte.

Yn grutte linen kin in parody lykslein wurde mei in satire, want yn beide gefallen wurdt in orizjineel wurk of barren op spottende wize neibeard. It ferskynsel satire is lykwols breder as in parody, mei't it ek foarmen omfiemet dy't net ûnder de term parody beflapt wurde kinne (lykas karikatueren), wylst in satire boppedat net humoristysk hoecht te wêzen (want ek agressyf en skerp wêze kin), wylst in parody altyd bedoeld is om 'e minsken oan it laitsjen te krijen.

De term "parody" komt út it Gryksk, en is in gearstalling fan para- ("njonken") en oide ("liet"). Fan oarsprong hie it wurd "parody" de neutrale betsjutting fan "imitaasje" ("in liet njonken in liet"), sûnder dat der sprake wie fan bespotting. Yn eardere tiden hie nammentlik nimmen der beswier tsjin dat de iene keunstner eleminten of hiele stikken út it wurk fan 'e oare liende; fan 'e ferneamde toanielskriuwer William Shakespeare is bygelyks bekend dat er al syn stikken op twa nei basearre op it wurk fan eardere auteurs.

Tsjintwurdich wurdt fan keunstners orizjinaliteit ferwachte en wa't lient út it wurk fanin oar, makket him skuldich oan plagiaat, dat útsoarte foar de wet in foarm fan dieverij is. Men kin jin ôffreegje oft de moderne maatskippij op dit mêd net te fier trochsketten is, mar om't der faak ek saaklike belangen mei muoid binne, sil it tige dreech wêze om 'e hjoeddeiske stân fan saken wer ôf te swakjen.

Men soe fan tinken hawwe kinne dat immen dy't in parody makket yn sa'n klimaat it risiko rint om fan plagiaat beskuldige te wurden, mei't men foar it meitsjen fan in parody ommers fanneden út it wurk fan in oar liene moat. De Hege Ried hat lykwols yn 1984 de útspraak dien dat in parody net beskôge wurde kin as ynbrek meitsjend op it auteursrjocht, en dat parodisten dus werkenbere personaazjes, sitewaasjes en oare eleminten út orizjinele wurken oernimme meie. Sûnt 2004 is it rjocht om te parodiëarjen opnommen yn 'e Auteurswet ûnder kêst 18b:

"As ynbrek op it auteursrjocht op in wurk fan letterkunde, wittenskip of keunst wurdt net beskôge it iepenbier meitsjen of de fermannichfâldiging dêrfan yn it ramt fan in karikatuer, parody of pastysj, salang't it gebrûk yn oerienstimming is mei itjinge dêr't men neffens de regels fan it maatskiplik ferkear reedlikerwize it frij ta hat."

It lêste part fan dizze bepaling, dy't iepenlit wat krekt "de regels fan it maatskiplik ferkear" binne, jout de rjochter de mooglikheid om nei eigen oardiel ynfolling te jaan oan wat al en net ûnder dizze útsûndering op it auteursrjocht falt, mocht der in saak oer dizze kwestje by him oanbrocht wurde.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes, References en Further reading, op dizze side.