Springe nei ynhâld

Atlanta

Ut Wikipedy
Atlanta
Emblemen
           
Bestjoer
Lân Feriene Steaten
Steat Georgia
County Fulton County
DeKalb County
Sifers
Ynwennertal 443.775 (2012)
Oerflak 343 km² (ynkl. wetter)
341,2 km² (allinnich lân)
Befolkingsticht. 1.230,9 / km²
Stêdekloft 5.457.831 (2012)
Hichte 225 – 320 m
Oar
Stifting 1837
Tiidsône UTC-5
Simmertiid UTC-4
Koördinaten 33°44′56″N 84°23′24″W
Offisjele webside
www.atlantaga.gov
Kaart
De lizzing fan Atlanta yn Fulton County en yn 'e steat Georgia.
Dizze side giet oer de stêd yn 'e Amerikaanske steat Georgia. Foar oare betsjuttings, sjoch: Atlanta (betsjuttingsside).

Atlanta is de haadstêd en tagelyk de grutste stêd fan 'e Amerikaanske steat Georgia. Teffens is it haadplak fan it omlizzende Fulton County, al stekt in lyts diel fan 'e bûtenwiken yn it easten oer de grins fan DeKalb County hinne. Neffens in offisjele skatting út 2012 (op basis fan gegevens fan 'e folkstelling fan 2010) hie Atlanta doe krapoan 445.000 ynwenners. As stêdekloft, wêrby't alle foarstêden en de omlizzende heal ferstedske plattelânskrite meirekkene wurde, hat Atlanta in befolking fan hast 5,5 miljoen minsken. Dêrmei is it de op acht nei grutste agglomeraasje fan it lân. De stêd is in wichtich yndustry-, ferkears-, hannels-, en finansjeel sintrum yn it súdeasten fan de Feriene Steaten, en stiet der û.m. om bekend dat sawol frisdrankgigant Coca Cola as de ferneamde ynternasjonale nijsstjoerder CNN der harren haadkertier hawwe.

Ear't Atlanta bestie, waard de krite dêr't dat no leit, bewenne troch de Kriik- en Sjeroky-Yndianen. As ûnderdiel fan 'e stelselmjittige ferdriuwing fan 'e Yndianen út noardlik Georgia waard it lykwols yn 1821 troch de Kriik ûntromme en oerdroegen oan 'e Amerikanen. De earste blanke kolonisten arrivearren it jiers dêrop. Yn 1836 waard der in spoar oanlein fan Chattanooga, yn 'e steat Tennessee, oant beëasten de rivier de Chattahoochee, dêr't it letter wei trochlutsen wurden soe nei Savannah, oan 'e Atlantyske kust. It plak dêr't it spoar foarearst einige, krige de tapaslike namme fan Terminus ("Einpunt"). In jier letter wie dêr in lytse delsetting ûntstien, dy't earst ek fan Terminus neamd waard, yn 1842 de namme fan Marthasville krige, en úteinlik, yn 1847, omneamd waard ta it hjoeddeistige Atlanta, in ferkoarting fan it oarspronklike útstel: Atlantica-Pacifica, nei de Atlantyske en de Stille Oseaan. Datselde jiers krige it offisjeel de status fan stêd.

Atlanta by sinne-ûndergong.

Tsjin 'e tiid dat de Amerikaanske Boargeroarloch útbriek, yn 1861, wie Atlanta groeid ta krapoan 10.000 ynwenners. Mei't ferskate spoarlinen inoar der krústen, wie it yn 'e oarloch foar it Suden in plak fan grut strategysk belang op it mêd fan militêre befoarrieding. As sadanich wie it foar it Noarden like wichtich om it te feroverjen, en yn 1864, nei de fal fan Chattanooga, teach in Noardlik leger ûnder lieding fan generaal William Tecumseh Sherman oer de grins fan Georgia om Atlanta te bemasterjen. De Súdliken beaen fûleindich ferset, en der waarden yn 'e krite om Atlanta hinne ferskate grutte fjildslaggen útfochten, wêrûnder de Slach by Atlanta. De stêd sels waard 107 dagen lang troch de Noardliken belegere, oant de ferdigeners op 1 septimber 1864 belies jaan moasten. De pleatslike Súdlike befelhawwer, generaal John Bell Hood, liet foar syn ôftocht alle iepenbiere gebouwen yn 'e brân stekke en alle guod dat de Noardliken mooglikerwize helpe kinne soe, ferrinnewearje. Nei't boargemaster James Calhoun de stêd de oare deis oan Sherman oerjûn hie, liet dy de befolking op 7 septimber evakuëarje, wêrnei't er yn tarieding op syn opmars nei Savannah hiele Atlanta platbaarne liet, útsein inkeld de tsjerken en de sikehuzen.

Nei't de Boargeroarloch yn 1865 einige wie mei in Noardlike oerwinning, waard Atlanta stadichoan wer opboud. Om't it noch aliten in spoarknooppunt wie, waard yn 1868 de steatshaadstêd fan Georgia derhinne ferpleatst út Milledgeville wei. Yn 1880 stribbe Atlanta Savannah foarby as grutste stêd fan 'e steat. Yn 1885 waard de Georgia School of Technology stifte (no Georgia Tech), dat letter in tige foaroansteande technyske universiteit wurde soe.

Yn 'e earste desennia fan 'e tweintichste iuw groeide Atlanta as nea tefoaren, en de befolking fertrijefâldige yn dy tiid. Tagelyk wiene der ek trageedzjes te betreurjen, mei yn it foarste plak rasistyske en antysemityske opskuorren. By de Rasse-opskuor fan Atlanta kamen yn 1906 teminsten 27 lju om, wylst der mear as 70 ferwûne rekken. Yn 1915 waard de Joadske fabryksopsichter Leo Frank, dy't feroardiele wie foar moard, troch in razende mannichte lynchd. Yn 1917 kaam ien persoan om en rekken 10.000 lju dakleas troch de Grutte Brân fan Atlanta.

It haadkertier fan CNN.

Under de Twadde Wrâldoarloch ferfolle Atlanta as ferfiersknooppunt en yndustrystêd in wichtige rol by de befoarrieding fan 'e Amerikaanske oerseeske legers. Yn 'e jierren sechstich waard de stêd it toaniel fan 'e demonstraasjes en stakings dy't organisearre waarden troch de Swarte Boargerrjochtebeweging, oanfierd troch dûmny Martin Luther King, dy't fan berte en komôf in Atlantster wie. Njonkelytsen waard de rasseskieding yn 'e stêd opheft, oant it (yn namme) fan 1973 ôf hielendal net mear foarkaam. Tsjin 1970 wiene de Afro-Amerikanen yn Atlanta yn 'e mearderheid, en yn 1973 koe sadwaande de earste swarte boargemaster, Maynard Jackson, keazen wurde. Yn dyselde tiid rekke de stêd lykwols ekonomysk yn 'e nederklits, en tusken 1970 en 1990 ferlear Atlanta mear as 100.000 ynwenners (oftewol goed 20% fan 'e befolking).

It haadkertier fan Coca Cola.

Yn 1996 waarden yn 'e stêd de Olympyske Simmerspullen holden, dy't mar amperoan ûntregele waarden troch de bomoanslach yn it Centennial Olympic Park. Fanwegen it hjitte waar krige de stêd doe de bynamme 'Hotlanta'. De Olympyske Spullen wiene in kearpunt foar Atlanta, mei't de stedsfernijing, dêr't by wize fan tarieding op 'e Spullen mei begûn wie, trochset waard. Der kamen nije ynvestearrings, en de ekonomy klaude wer by de wâl op, sterker noch, fan likernôch 2000 ôf draaide dy as in tierelier. De bankekrisis fan 2008 hat ek Atlanta troffen, mar net sa bot as in protte oare stêden.

Atlanta hjoed de dei

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Atlanta hat trije wichtige kommersjele sintra binnen de stedsgrinzen: Downtown (de binnenstêd), mar dêrnjonken ek stedsdielen dy't ûntstien binne as bûtenwiken: Midtown en Buckhead. De omlizzende wiken en buerten besteane út beammige leechbou. Kommersjele sintra en klusters kantoargebouwen binne der ek yn 'e foarstêden, benammen yn Cumberland (yn Cobb County), en yn it Perimeter Center, krekt bûten de grinzen fan it eigentlike Atlanta, yn 'e stêd Sandy Springs, mar ek tsientallen kilometers fierderop by de autodyk de I-75 yn Cobb County lâns, Georgia 400, en by de I-85 lâns yn Gwinnett County. Dêromtrint lizze ek wichtige foarstêden fan Atlanta, lykas Marietta, Kennesaw, Sandy Springs, Alpharetta en Duluth.

Mei in bruto produkt fan $304 miljard jiers is de stêdekloft Atlanta de op sân nei grutste pleatslike ekonomy fan 'e Feriene Steaten, en de op 16 nei grutste fan 'e wrâld. Yn Atlanta steane de haadkertieren fan oer de hiele wrâld bekende bedriuwen lykas frisdrankgigant Coca Cola, nijsstjoerder CNN, pakjeferstjoerder UPS en loftfeartmaatskippij Delta Air Lines, en teffens fan The Home Depot, ien fan 'e grutste doch-it-selskeatlings fan Amearika. De lofthaven fan Atlanta, Hartsfield-Jackson Atlanta International Airport, is mei 89 miljoen reizgers jiers al sûnt 1998 de drokste fan 'e wrâld. Dat komt mei troch de oanwêzigens fan Delta Air Lines, dat de grutste wurkjouwer fan 'e stêd en de tredde fan 'e regio is. Wat heger ûnderwiis oanbelanget, binne der yn Atlanta 35 hegeskoallen en universiteiten fêstige, wêrfan't de Steatsuniversiteit fan Georgia (GSU) en technyske hegeskoalle Georgia Tech de wichtichsten binne.

De MARTA.

Iepenbier ferfier

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De stêd Atlanta en de kearngebieten fan 'e agglomeraasje, Fulton County en DeKalb County, stjoere mei-inoar in iepenbierferfierstsjinst oan, MARTA (Metropolitan Atlanta Rapid Transit Authority). MARTA hat njonken in stelsel fan busferbinings ek in metronet dat bestiet út in noard-súd en in east-westline. De metro betsjinnet de lofthaven, de binnenstêd fan Atlanta en trije fan 'e fjouwer oare wichtichste kommersjele konsintraasjes, Midtown, Buckhead en Perimeter.

In grut probleem is dat wurkjouwers en kommersjele sintra ferspraat binne oer ferskate gebieten yn 'e stêdekloft, fral oer de saneamde útlizzende lokaasjes yn it noarden (noardlike part fan Fulton County, Cobb County en Gwinnett County). Dy gebieten hawwe gjin metro- of spoarferbinings, der is grutte drokte op 'e mar in pear autodiken dy't der binne en troch de grutte ôfstannen kin it oeren duorje om mei de bus dêrhinne te kommen út oare dielen fan Grut-Atlanta wei. Der geane hieltyd mear stimmen op om in regionaal spoarsyteem op te setten en dêrmei wichtige kommersjele sintra yn 'e foarstêden mei de rest fan 'e agglomeraasje te ferbinen. Ek is der in plan oppenearre om in tramline oan te lizzen by de Cobb Parkway yn Cobb County lâns, dy't Kennesaw, Marietta en Cumberland mei it sintrum fan Atlanta ferbine soe.

Besjensweardichheden en oare bysûnderheden

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Wat toerisme oangiet, stiet Atlanta bekend om syn botanyske tún, de Atlanta Botanical Garden; de pleatslike dieretún, Zoo Atlanta, dêr't mear as 1.300 bisten fan mear as 220 ferskillende soarten holden wurde; it Georgia Aquarium, wrâlds grutste iepenbier akwarium; de Martin Luther King, Jr. National Heritage Site, it hûs dêr't de ferneamde minskrjochte-aktivist opgroeide; de World of Coca-Cola, in museum dêr't de skiednis fan it frisdrankmerk beljochte wurdt; de CNN Studio Tour, in rûnlieding troch de CNN-studio's; en it High Museum of Art, it wichtichste keunstmuseum fan it Amerikaanske Súdeasten. Op it mêd fan sport is Atlanta de thúsbasis fan it honkbalteam de Atlanta Braves, it basketbalteam de Atlanta Hawks en it Amerikaansk fuotbalteam de Atlanta Falcons.

Martin Luther King waard berne yn Atlanta.

Neffens âlde sifers fan 'e folkstelling fan 2000 wie doe fan 'e befolking fan Atlanta 9,7% âlder as 65 jier en bestie dy foar 38,5% út ienpersoanshúshâldings. Wat de etnyske opbou fan 'e befolking oangiet, dy wie neffens gegevens fan 'e folkstelling fan 2010 doe sa: 54,0% swarten; 33,2% blanken; 5,2% Latino's; 3,1% Aziaten; 0,2% Yndianen; 4,3% oaren of fan mingd etnysk komôf. Mei in persintaazje fan 12.8% homo's en lesbiënnes is Atlanta ien fan 'e "homoseksueelste" stêden fan 'e Feriene Steaten, efter San Fransisko en krekt efter Seattle. Yn 2010 libbe 22,6% fan 'e befolking fan Atlanta ûnder de earmoedegrins.

It hûs dêr't Martin Luther King yn syn bernetiid wenne.

Berne yn Atlanta

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Stoarn yn Atlanta

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Atlanta hat in fochtich subtropysk klimaat mei fjouwer dúdlik ûnderskate jiertiden en wurdt it hiele jier troch rynsk fan delslach betsjinne. Simmerdeis is it hjit en near, al wurdt de waarmte wat moderearre troch de hichte fan 'e stêd; by 't winter is it koel mei wif waar, dat samar omslaan kin. De trochsneed temperatuer oerdeis is yn jannewaris, de kâldste moanne, 11,3 °C, en yn july, de waarmste moanne, 31,7 °C. Mear as fjirtich dagen yn 't jier in temperatuer dy't oerdeis boppe 32 °C útkomt, is normaal foar Atlanta. Rekôrtemperatueren wiene –23 °C yn febrewaris 1899 en 41 °C yn juny 2012. De stêd kin jiers 1261,9 mm delslach ferwachtsje, mei dêrby oer de hiele winter ferdield 6,9 sm snie. De measte snie dy't der ea yn ien kear fallen is, wie 25 sm op 23 jannewaris 1940. Inkeld kin der in tornado foarkomme, lykas dy dy't op 15 maart 2008 withoefolle skea yn it sintrum fan Atlanta oanrjochte.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further reading, op dizze side.