Springe nei ynhâld

Chloë Grace Moretz

Ut Wikipedy
Dizze side moat noch by de tiid brocht wurde.
Jo wurde útnûge om dêr in begjin mei te meitsjen


Moretz, 2013
Moretz, 2010

Chloë Grace Moretz (Atlanta, 10 febrewaris 1997) is in Amerikaanske jeugdaktrise dy't ûnder oaren yn 'e film Let Me In de rôl fan 'Abby' spile. Se wûn yn 2012 de People's Choice Award foar Favorite Movie Star Under 25. Dêrneist wûn se yn 2011 sawol in Empire Award foar bêste nijkommer (foar Kick-Ass en Let Me In) as in Saturn Award foar Let Me In en in Young Artist Award yn sawol 2011 (foar Diary of a Wimpy Kid) as 2012 (foar Hugo).

Chloë Moretz is hikke yn Atlanta, de haadstêd fan de Amerikaanke steat Georgia, en tein yn Cartersville yn de Bartow County. Heit, McCoy Lee Mortez, is plastysk sjirurch en mem, Teri Duke Moretz, is ferpleechkundige. Moretz hat fjouwer bruorren Brandon, Trevor, Colin en Ethan.

Doe't har broer Trevor Duke Moretz mei aktearjen út ein sette, krige Moretz ek niget oan yn aktearjen. Mortetz spile har earste rôl yn de telefyzjesearje The Guardian. Har debút as filmaktrise wie yn 2005 mei de rol fan 'Molly' yn Heart of the Beholder en hja die ek mei yn de horrorfilm The Amityville Horror. In jier hie hja in rôl yn de komeedzje Big Momma's House 2.

Op telefyzje hat se ûnderwilens noch inkelde gastrôllen. Sy wie te sjen yn ôfleveringen fan My Name Is Earl en Desperate Housewives.

Yn 2010 hat Moretz mei har rôl as 'Hit Girl' yn de aksjefilm Kick-Ass in ynternasjonaal súkses. Yn 2011 spile Chloë Moretz 'Isabelle' yn 'e film Hugo. Moretz hat ek in protte niget oan moade.[1]

Jier Film Rol Status
2005Heart of the BeholderMolly
2005The Family PlanJonge CharlieTV
2005The Amityville HorrorChelsea Lutz
2005Today You DieFamke yn sikehûs
2006Big Momma's HouseCarrie
2006Room 6Melissa Norman
2006Wicked Little ThinksEmma Tunny
2007The CureEmilyTV
2007The Third NailHailey
2007Hallowed GroundSabrina
2007My Friends Tigger & Pooh: Super Sleuth Christmas MovieDarbylûd
2008The EyeAlicia
2008The Poker HouseCammie
2008BoltJonge Pennylûd
2009Tigger and Pooh and A Musical TooDarbylûd
2009Not ForgottenToby Bishop
2009(500) Days of SummerRachel Hansen
2010Diary of a Wimpy KidAngie
2010Kick-AssMindy Macready / Hit-Girl
2010Jack and the BeanstalkJillian
2010Let Me InAbby
2011HugoIsabelle
2012Dark ShadowsCarolyn Stoddard
2013Kick-Ass 2Carolyn Stoddard
2014The EqualizerAlina / Teri
2016The 5th WaveCassie Sullivan
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Chloë Moretz Fansite - Journal
Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Chloë Moretz fan Wikimedia Commons.