Kick-Ass (film)

Ut Wikipedy
Springe nei navigaasje Springe nei sykjen
Kick-Ass
Filmklapper.png film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
Kick-ass.svg
makkers
regisseur Matthew Vaughn
produsint Matthew Vaughn
Brad Pitt
Kris Thykier
Adam Bohling
Tarquin Pack
David Reid
senario Jane Goldman
Matthew Vaughn
basearre op Kick-Ass fan Mark Millar en
John Romita jr.
kamerarezjy Ben Davis
muzyk John Murphy
Henry Jackman
Marius de Vries
Ilan Eshkeri
filmstudio Marv Films
Plan B Entertainment
distribúsje Lionsgate Films (Feriene Steaten)
Universal Pictures (ynternasjonaal)
spilers
haadrollen Aaron Taylor-Johnson
Chloë Grace Moretz
voice-over Aaron Taylor-Johnson
Nicolas Cage
byrollen Nicolas Cage
Mark Strong
Christopher Mintz-Plasse
Lyndsy Fonseca
skaaimerken
lân/lannen Flag of the United States.svg Feriene Steaten
Flag of the United Kingdom.svg Feriene Keninkryk
premiêre 26 maart 2010
foarm langspylfilm
sjenre superheldefilm,
   swarte komeedzje
taal Ingelsk
spyltiid 117 minuten
budget en resultaten
budget $28-30 miljoen
opbringst $96,2 miljoen
prizen Empire Award
filmsearje
filmsearje Kick-Ass
● folgjend diel Kick-Ass 2

Kick-Ass is in Amerikaansk-Britske superheldefilm en swarte komeedzje út 2010 ûnder rezjy fan Matthew Vaughn, mei yn 'e haadrollen Aaron Taylor-Johnson en Chloë Grace Moretz, en mei yn 'e wichtichste byrol Nicolas Cage. De film is basearre op 'e stripboekesearje Kick-Ass: The Dave Lizewski Years, fan Mark Millar en John Romita jr., dy't publisearre waard troch Marvel Comics.

It ferhaal giet oer de gewoane teenager Dave Lizewski, dy't it him yn 'e holle hellet om in superheld te wurden. Hy skaft in pak mei gesichtsbedekkende mûtse oan en begjint ûnder de namme 'Kick-Ass' (letterlik: "kontskopper", frij fertaald: "regaadmakker") de misdie yn syn wenplak New York te bestriden. Hy komt yn 'e swierrichheden as er behelle rekket by de striid fan in oare superheld, Big Daddy, en dy syn alvejierrige dochter Hit-Girl, om maffiabaas Frank D'Amico út te skeakeljen.

Kick-Ass soarge yn 'e Feriene Steaten foar opskuor fanwegen geweld en obseen taalgebrûk (benammen troch de alvejierrige Hit-Girl). Nettsjinsteande dat krige de film oer it algemien positive resinsjes fan 'e filmkritisy, en ek waard it in kommersjeel súkses. Kick-Ass wûn yn 2011 de Britske Empire Award foar bêste film. Yn 2013 ferskynde in ferfolchfilm, Kick-Ass 2.

Plot[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Dave Lizewski is in gewoane teenager dy't wennet yn 'e New Yorkske borough Staten Island. Dêrta ynspirearre troch syn leafde foar stripboeken, dreamt er derfan om in echte superheld te wurden. Hy keapet in wetsuit foar snorkeljen, dat er oanpast sadat it in masker hat, en dêr't er in pear kneppels oan tafoeget, dy't er op 'e rêch draacht. Hy betinkt foar himsels it alter ego Kick-Ass, in superheld dy't de misdie bestriidt. As er de earste kear sa de stêd yn giet, siket er in pear dieven op dy't him en syn maten alris berôve hawwe. Hy giet it gefjocht mei de beide mannen oan, mar syn plan om it rjocht yn eigen hân te nimmen, rint út op in fiasko as ien fan 'e mannen in mês lûkt en him delstekt. Nei't de dieven fan rutens spile hawwe, komt Dave swierferwûne oerein en strompelet de strjitte op, dêr't er oanriden wurdt troch in auto dy't trochriidt. Nei't er fûn is troch foarbygongers, wurdt er nei it sikehûs brocht. Syn bonken binne sa ferbrizele, dat der hast oeral yn syn lichem metalene platen oanbrocht wurde moatte. Ek binne syn senuwen skansearre rekke, mei as gefolch dat er tenei minder goed pine fiele kin.

As Dave, nei't er oer in perioade fan ferskate moannen opbettere is, werom komt op syn middelbere skoalle, ûntdekt er dat dêr geroften geane dat er homo is. Dy wurde feroarsake troch it feit dat de ferpleechkundigen yn 'e ambulânse him it wetsuit fan 'e hûd knipt, en op syn eigen driuwend fersyk fuortsmiten hawwe, sadat er neaken yn it sikehûs oankaam. Fan gefolgen wol Katie Deauxma, it famke dêr't er al tiden smoarfereale op is, no freonskip mei him slute, om't se altyd al in homo-freon hawwe wollen hat. Dave is net botte gelokkich mei it misferstân, mar op oanrieden fan syn maten Marty en Todd spilet er it spultsje mei sadat er fan 'e kâns profitearje kin om tiid mei Katie troch te bringen.

Dave keapet in nij wetsuit dat er op deselde wize oanpast en giet wer as Kick-Ass de stêd yn. Nei in ferbiten fjochtpartij jaget er fjouwer bindeleden op 'e flecht dy't in jongeman yninoar oan it skoppen wiene. As dêrfan in troch in omstanner opnommen fideo op it ynternet pleatst wurdt, rekket Kick-Ass berucht. Dave begjint dan op it sosjale medium MySpace in side foar Kick-Ass, dêr't lju dy't ferlet hawwe fan syn help him berikke kinne. As er it mei Katie oer dy superheld Kick-Ass hat, dêr't eltsenien oer praat, bychtet se op dat sy eins ek in probleemke hat dêr't se wol de help fan in superheld foar brûke kin. Dave trunet har oan om kontakt mei Kick-Ass op te nimmen en is alhiel yn 'e wolkens as se dat ek wier-wier docht.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle is it mooglik better dat jo de plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Har 'probleemke' blykt lykwols in serieuze swierrichheid te wêzen: Katie, dy't as frijwillichster wurket by in programma dat help ferlient oan drugsferslaafden, wurdt stalkt troch de drugsdealer Rasul. Likegoed set Dave, ferklaaid as Kick-Ass, nei Rasul syn appartemint ta, dêr't er de man moannet om Katie gewurde te litten. Rasul lit him soks net sizze en by de fjochtpartij dy't folget, ferliest Dave al rillegau de slach fan Rasul en syn trewanten. As er yninoar slein en warleas op 'e flier leit, wol Rasul him deasjitte, mar ear't dat derfan komme kin, wurdt er sels deade troch in oare kostumearre superheld, in lyts famke dat harsels Hit-Girl neamd, en dat foar Dave syn feralterearre eagen al Rasul syn trewanten ien foar ien op ûnmeilydsume wize ôfslachtet. As se op it lêst ûngemurken fan efteren oanfallen wurdt en sels deade driget te wurden, wurdt de lêste fan Rasul syn trewanten deasketten troch har heit, de superheld Big Daddy, dy't mei in skerpskuttersgewear op it dak fan it oanbuorjende gebou leit. Neitiid stelle Big Daddy en Hit-Girl al it jild fan 'e drugsdealers en jouwe harren ôf. Dave giet nei hûs yn it besef dat er earne by belutsen rekke is dat syn kinnen fier te boppe giet. Hy lit yn him omgean om mar op te hâlden mei it superheldebestean, mar Hit-Girl en Big Daddy spoare him thús op en fiterje him oan om troch te gean.

De wiere namme fan Big Daddy is Damon Macready. Hy wie foarhinne in earlike, hurd wurkjende plysjeman, dy't in bytsje té iverich wie foar de smaak fan maffiabaas Frank D'Amico. Dy liet falsk bewiismateriaal pleatse sadat it liek as wie Macready korrupt, en fan gefolgen waard er oppakt en siet er fiif jier yn it tichthús. Yn dy tiid begie syn frou, dy't op alle dagen rûn, selsmoard. Se waard fûn en nei it sikehûs brocht, en hoewol't de dokters har net rêde koene, slagge it harren wol om har poppe te rêden, in famke dat de namme Mindy krige. Dy wie de earste fiif jier fan har libben op 'e noed fan plysjeman Marcus Williams, de eardere partner fan Macready. Nei't er frijkommen wie, naam Macready it alter ego Big Daddy oan en begûn er, tsjin 'e beswieren fan Marcus yn, himsels en Mindy te trainen om wraak te nimmen op D'Amico, dy't er de skuld joech fan net inkeld de ein fan syn eigen karriêre, mar ek fan 'e dea fan syn frou. De lêste moannen binne Big Daddy en Hit-Girl begûn om harren plan yn 'e praktyk te bringen, wêrby't se oerfallen útfiere op drugshuzen fan D'Amico syn organisaasje, dêr't se de drugs ferneatigje en it oanwêzige jild stelle.

D'Amico mient lykwols dat Kick-Ass dejinge is dy't him oanhâldend dwers sit, en jout opdracht om him op te spoaren, sadat er him fermoardzje litte kin. As er op 'e strjitte sels in akteur yn in Kick-Ass-kostúm tsjinkomt, mient er dat er syn pleachgeast fûn hat, en sjit er him eigenhandich dea. Syn argewaasje is grut as er neitiid fernimt dat it de wiere Kick-Ass hielendal net wie. D'Amico syn soan Chris riedt in oare taktyk oan: superhelden fertrouwen inkeld oare superhelden mei harren wiere identiteit, dat hy mjit himsels op kosten fan syn heit it alter ego Red Mist oan, nimt kontakt op mei Kick-Ass fia dy syn webside en slút sabeare freonskip mei him. It is de bedoeling dat Red Mist Kick-Ass meilokje sil nei in pakhûs fan D'Amico, dêr't in stik as tsien fan D'Amico syn trewanten harren opwachtsje om him te deadzjen. As se dêr arrivearje, treffe se D'Amico syn mannen lykwols dea en it pakhûs yn flammen oan. Red Mist wit noch de ferburgen kamera út it gebou te rêden dy't er dêr pleatst hie om 'e dea fan Kick-Ass op te nimmen, en as er de bylden oan syn heit sjen lit, docht bliken dat it Big Daddy is dy't de kriminelen fermoarde en it pakhûs yn 'e brân stutsen hat.

Underwilens beslút Dave om op te hâlden mei Kick-Ass te wêzen, nei't er noch ien 'misje' útfierd hat. Hy kringt ferklaaid as Kick-Ass de keamer fan Katie binnen, en makket himsels oan har bekend. Tagelyk bychtet er op dat er beslist gjin homo is. Katie ferjout him foar syn bedragerij; se hawwe seksuële omgong en krije in relaasje. Dave, dy't no foar it earst yn tiden it gefoel hat dat er wat te ferliezen hat, beslút it hiele Kick-Ass-barren efter him te litten, ek al om't Katie dêr by him op oanstiet. As Red Mist wer kontakt mei him opnimt, en seit dat er djip yn 'e swierrichheden sit, lûkt er noch ien kear it Kick Ass-pak oan. Red Mist manipulearret Dave om 'e lokaasje fan Big Daddy en Hit-Girl te ferrieden troch derop om te praten dat er de rie fan in âldere, wizere superheld nedich is. As Dave him meinimt nei ien fan 'e ûnderdûkadressen fan Big Daddy, wurde se lykwols folge troch in auto mei mannen fan D'Amico. Op it plak fan bestimming oankommen, sjit Red Mist Hit-Girl del, dy't út in finster falt. Dêrop oerweldigje de trewanten fan D'Amico sawol Big Daddy as Kick-Ass.

D'Amico bewurkmasteret in live-útstjoering oer it ynternet, wêryn't syn mannen de beide finzennommen superhelden martelje en fermoardzje sille. Wylst Kick-Ass en Big Daddy hielendal yninoar slein wurde wylst se fêstbûn op in pear stuollen sitte, kringt Hit-Girl, dy't de kûgels fan Red Mist oerlibbe hat om't se altyd in kûgelfrij fest draacht, it skûlplak fan 'e kriminelen binnen, en fermoardet se allegear live yn 'e útstjoering. Under it gefjocht slagget it D'Amico syn mannen lykwols om 'e stoel fan Big Daddy yn 'e brân te stekken, sadat er libben ferbrând. Nei ôfrin fan it gefjocht nimt Mindy ôfskie fan har heit as dy oan syn ferwûnings beswykt.

Hit-Girl wol no foar iens en foar altyd mei Frank D'Amico ôfweve, en Kick-Ass beslút, nei eefkes wifele te hawwen, om har te helpen. Hit-Girl kringt it haadkertier fan D'Amico binnen, dêr't se al syn mannen deadet dy't se tsjinkomt, foar't se op in stuit sûnder munysje yn it nau komt te sitten. De kriminelen, dy't tsjin dy tiid goed ôfleard hawwe om by har yn 'e buert te kommen, en dy't boppedat gjin inkeld risiko mear nimme wolle dat se harren oanfal oerlibje kin, helje in bazooka foar it ljocht om har mei op te blazen. Krekt op dat stuit ferskynt Kick-Ass bûten foar it rút fan flatgebou, mei in jetpack om en grutte masinegewearen mei rotearjende lopen op 'e skouders. Hy deadet dêrmei de oerbleaune kriminelen.

Dêrnei gean Kick-Ass en Hit-Girl it gefjocht oan mei D'Amico en Red Mist. Kick-Ass en Red Mist binne oaninoar weage en harren gefjocht einiget dermei dat inoar tagelyk bewusteleas slane. Underwilens wurdt D'Amico nei in wyld gefjocht de sa stadichoan útputte Hit-Girl oermânsk. Hy wol har deasjitte, mar ear't er dat dwaan kin, wurdt er ûnderbrutsen troch Kick-Ass, dy't wer bykommen is. Dy deadet him troch him mei de bazooka, dy't er opkrigen hat, út it finster te blazen. Neitiid beslute Dave en Mindy om it superheldebestean deroan te jaan. Marcus kriget fâdij oer Mindy en skriuwt har yn op deselde skoalle dêr't Dave ek hinne giet. Underwilens riedt Chris D'Amico himsels ta om wraak op harren te nimmen.

Rolferdieling[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Aaron Taylor-Johnson.
Chloë Grace Moretz.
haadrollen
personaazje akteur/aktrise
Dave Lizewski / Kick-Ass Aaron Taylor-Johnson
Mindy Macready / Hit-Girl Chloë Grace Moretz


byrollen
personaazje akteur/aktrise
Damon Macready / Big Daddy Nicolas Cage
Frank D'Amico Mark Strong
Chris D'Amico / Red Mist Christopher Mintz-Plasse
Katie Deauxma Lyndsy Fonseca
Marty Eisenberg Clark Duke
Todd Haynes Evan Peters
Erika Cho Sophie Wu
brigadier Marcus Williams Omari Hardwick
grouwe liifwacht fan Frank D'Amico Stu Riley
Big Joe Michael Rispoli
Cody Dexter Fletcher
maffialid yn lobby Jason Flemyng
resjersjeur Gigante Xander Berkeley
Rasul Kofi Natei
sportyf maffialid Corey Johnson
readhierrich maffialid Adrian Martinez
froulike junkie Katrena Rochell
Leroy Omar Soriano
heit Lizewski Garrett M. Brown
mem Lizewski Elizabeth McGovern (cameo)
Angie D'Amico Yancy Butler
frou Zane Deborah Twiss
himsels Craig Ferguson
himsels Maurice DuBois
harsels Dana Tyler

Produksje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Kick-Ass is basearre op it earste diel fan 'e stripboeksearje Kick-Ass: The Dave Lizewski Years, fan 'e Amerikaanske striptekeners Mark Millar en John Romita jr. De filmrjochten dêrop waarden al ferkocht ear't it stripboek klear wie. Dat barde doe't regisseur Matthew Vaughn yn 2007 Millar mette by de premiêre fan 'e film Stardust en mei him oan 'e praat rekke. Sadwaande waarden stripboek en film parallel oaninoar ûntwikkele. Vaughn skreau it senario tegearre mei Jane Goldman. Hy wie ek ien fan 'e produsinten fan 'e film, yn 'e mande mei Brad Pitt, Kris Thykier, Adam Bohling, Tarquin Pack en David Reid.

Filmstudio's Marv Films en Plan B Entertainment wiene ferantwurdlik foar de produksje fan Kick-Ass, en Ben Davis die de kamerarezjy. De opnamen foar Kick-Ass fûnen plak yn Hamilton (Ontario), Toronto en ferskate lokaasjes yn Ingelân (benammen yn Londen). De filmmuzyk waard fersoarge troch John Murphy, Henry Jackman, Marius de Vries en Ilan Eshkeri.

Distribúsje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Vaughn hie muoite om in distributeur foar Kick-Ass te finen. Hy besocht it earst by Sony Pictures Entertainment, dat ek syn Layer Cake distribuëarre hie, mar dêr stelden se as betingst dat it geweld yn 'e film ôfswakke wurde moast, en dat wegere Vaughn. Oare distributeurs hiene wol belangstelling mar woene de personaazjes âlder meitsje. Yn 't bysûnder gie dat op foar de alvejierrige Hit-Girl. Ek dat fûnen Vaughn en Goldman net akseptabel. In foardiel fan 'e oanhâldende syktocht nei in distributeur wie dat Vaughn de film meitsje koe sûnder dat bazen fan in grutte studio oer syn skouder meiseagen en har dermei bemuoiden. It budget foar de produksje, dat $28 oant $30 miljoen bedroech, brocht Vaughn eigenhandich byinoar.

Pas doe't de film al yn 'e postproduksjefaze oanbelâne wie, waarden Lionsgate Films en Universal Pictures ree fûn om 'e distribúsje te dwaan yn 'e Feriene Steaten, resp. dêrbûten. Kick-Ass waard foar it earst fertoand op 12 maart 2010 op it filmfestival South by Southwest (SXSW), yn Austin (Teksas). De film iepene dêrnei op 26 maart yn 'e Britske bioskopen en op 16 april yn 'e Amerikaanske bioskopen. Kick-Ass waard op 3 augustus 2010 útbrocht op dvd en blu-ray.

Ferskillen tusken film en strip[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De film wykt frijwat ôf fan it stripboek dêr't er op basearre hjit te wêzen. It grutste ferskil is dat Dave en Katie yn 'e film in relaasje krije, wylst dat yn it stripboek net bart. Dêr wol se neat mear fan him witte nei't er opbychtet dat er gjin homo is. Striptekener Millar fûn dat Vaughn en Goldman der in "chickflick" fan makke hiene, troch mear de klam op emoasjes en karakterûntwikkeling te lizzen, en fral it personaazje fan Katie Deauxma folle sympatiker te meitsjen. Millar stelde yn in fraachpetear dat er begryp foar dy kar hie, om't in filmpublyk net akseptearre hawwe soe dat it neat waard tusken Dave en Katie, wylst in strippublyk dêr folle minder muoite mei hie. Oare ferskillen tusken film en stripboek binne dat yn 'e film fan it begjin ôf oan dúdlik is dat Red Mist in smjunt is (en yn it stripboek net), dat Red Mist yn 'e film delset wurdt as wat in stumper (en yn it stripboek net), en dat D'Amico yn 'e film earst mient dat Kick-Ass dejinge is dy't syn mannen ôfslachtet. Fierders is Big Daddy yn it stripboek in âld-boekhâlder, en net in âld-plysje, lykas yn 'e film. Ek de klimaks fan 'e film is hiel oars as yn it stripboek.

Untfangst[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Aksjegroepen foar famyljewearden[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn jannewaris 2010 late in previewclip fan Kick-Ass yn 'e Feriene Steaten en Austraalje ta opskuor doe't it geweld en it ûnfoege taalgebrûk aksjegroepen foar de beskerming fan 'famyljewearden' yn it ferkearde kielsgat skeat. Sokke aktivisten stroffelen benammen oer de útspraak "Okay, you cunts, let's see what you can do now" ("Okee, steltsje kutten, lit mar ris sjen wat jim no dwaan sille"), fan aktrise Chloë Grace Moretz, dy't ûnder de opnamen noch mar tolve jier wie. Akteur Christopher Mintz-Plasse, dy't yn 'e film de rol fan Red Mist fertolke, wiisde neitiid yn in fraachpetear op 'e skynhilligens fan minsken dy't har opwûnen oer it taalgebrûk fan in famke, mar it blykber bêst fûnen dat itselde jonge famke yn 'e film tsientallen folwoeksenen fermoardet.

Moretz sels sei yn in fraachpetear: "As ik [thús] ea ien wurd brûkte fan wat ik yn Kick-Ass sei, soe ik jierren hûsarrest krije. Dan soe ik yn myn keamer fêstsitte oant ik tweintich wie! Ik soe soks nea yn in miljoen jier sizze. Ik bin in trochsneed, aldendeisk famke." Se joech ek ta dat se harsels ûnder de opnamen der net iens ta bringe koe om yn fraachpetearen de titel fan 'e film lûdop te neamen. Ynstee spriek se dan fan "de film", wylst se it thús oer "Kick-Butt" hie (butt is Ingelsktalich eufemisme foar "kont").

Striptekener Mark Millar, ien fan 'e betinkers fan it personaazje Kick-Ass, set yn 2013 foar fans syn hantekening op posters fan 'e film Kick-Ass.

Filmkritisy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Kick-Ass krige fan 'e filmkritisy oer it algemien positive resinsjes. Manohla Dargis fan The New York Times neamde de film "fluch, út en troch tige grappich en faak grotesk gewelddiedich". Neffens har "omearme" de film "hjoeddeistige aksjefilmklisjees" wylst er der tagelyk in satire op wie. Yn 'e Britske krante The Guardian joech Peter Bradshaw Kick-Ass fiif fan fiif stjerren en omskreau de film as "in ûntploffing yn in wansmaakfabryk", dy't "troch en troch skandalich [is], sa gewelddiedich dat jin de mûle derfan iepenfalt, en in tige grappige satire op 'e kwasy-pornoyndustry fan 'e stripboekesektor".

Philip French, dy't foar The Observer skreau, wie ek tige fan Kick-Ass sjarmearre. Hy neamde de film "ûnôflittend gewelddiedich", mei "it meast ûnfoech bekte bern dat ea op it wite doek ferskynd is." Yn 'e krante USA Today fokuste Claudia Puig ek op 'e aktearprestaasje fan Chloë Grace Moretz, dy't se omskreau as "geweldich". Ek skreau se dêroer: "Sels as se mei útwrydsk wapentúch swaaid, komt se skattich oer." Chris Hewitt fan it Britske tydskrift Empire joech de film fiif fan fiif stjerren en omskreau him as "in healwiis fermaaklike, ultra-gewelddiedige sinematyske adrenalinestjit mei in perfekt tempo", wêrfan't it "geweld dúdlik fantastysk en cartoonesk is en net serieus nommen wurde kin."

Peter Howell fan 'e Kanadeeske krante de Toronto Star joech Kick-Ass de heechste skoare. Hy skreau dat de film "in slagge gewelddiedige fantasij is oer nuodlike en ûnlijige tiden, wêryn't gewoane boargers harren twongen fiele om yn aksje te kommen tsjin in maatskiplike oarder dy't fan binnenút oan it ferrotsjen is." Yn it tydskrift Entertainment Weekly parte Owen Gleiberman de film in 81/2 ta, hoewol't er dêroan taheakke dat er persoanlik wol wollen hie dat it wat minder in "achtbaanrit" wurden wie "dy't it te gek die."

In seldsume negative resinsje foar Kick-Ass kaam fan 'e foaroansteande Amerikaanske filmkritikus Roger Ebert, dy't yn 'e Chicago Sun-Times skreau dat er de film "tige oantsjitjaand" en "moreel ôfkarrenswurdich" fûn, en him mar ien fan fjouwer stjerren taparte. As reden foar syn oardiel helle Ebert it ûnfoege taalgebrûk en it geweld oan, mei yn 't bysûnder de sêne wêryn't de alvejierrige Hit-Girl op in hier nei fermoarde wurdt troch maffiabaas D'Amico. Hy murk dêroer op: "As bern yn 'e leeftyd fan it thússjochpublyk fan dizze film inoar yn 'e Feriene Steaten eltse dei deasjitte, is dat net mear grappich." Los fan 'e ynhâld fan 'e film hie Ebert wol lof foar it aktearjen fan Moretz, Aaron Taylor-Johnson en Nicolas Cage.

Oare negative resinsjes kamen fan Tim Robey en Karina Longworth. Tobey joech Kick-Ass yn The Daily Telegraph ien fan fiif stjerren en neamde de film "hol, foarsjoen fan in glazuerlaach en net rjocht oanwêzich." Yn The Village Voice omskreau Longworth de film as "nea sa skokkend as er mient dat er is, sa grappich as er wêze moatte soe, of sa behelle yn maatskippijkrityk as er wêze koe".

Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hie Kick-Ass in frij heech goedkarringspersintaazje fan 76%, basearre op 260 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "Kick-Ass is net foar swakkelingen, en bringt it stripadaptaasjesjenre ta nije nivo's fan fisuële styl, bluodderich geweld en fleurich útsleine ûnfoege taal." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behelle Kick-Ass in goedkarringspersintaazje fan 66%, basearre op 38 resinsjes.

Resultaat[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Opbringst[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Kick-Ass brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten $48.071.000 op en yn alle oare lannen en territoaria $48.118.000. Dêrmei kaam de totale opbringst wrâldwiid út op $96,2 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $28 oant $30 miljoen betsjutte dat in winst fan $66,2 miljoen, hoewol't dêr de marketingkosten noch fan ôf moasten.

Prizen en nominaasjes[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Kick-Ass wûn yn 2011 de Britske Empire Award yn 'e kategory bêste Britske film. De film waard ek nominearre foar de Empire Awards foar bêste film en bêste science fiction- of fantasyfilm, de Critics' Choice Award foar bêste aksjefilm, de People's Choice Award foar favorite aksjefilm, de Saturn Award foar bêste horrorfilm en de Teen Choice Award foar favorite aksjefilm.

De jonge Chloë Grace Moretz wûn de mei har rollen yn Kick-Ass en Let Me In de Empire Award foar bêste nijynkommelinge. Ek waard se foar har rol yn Kick-Ass nominearre foar de Critics' Choice Award foar bêste jonge akteur, de MTV Movie Awards foar bêste trochbraak en grutste doaral, de Teen Choice Award foar favorite trochbraak fan in aktrise, en de Young Artist Award foar bêste haadrol fan in jonge aktrise.

Aaron Taylor-Johnson waard foar syn rol nominearre foar de Empire Award foar bêste akteur en de Teen Choice Award foar favorite trochbraak fan in manlike akteur. Nicolas Cage sleepte in nominaasje yn 'e wacht foar de Teen Choice Award foar favorite akteur yn in aksjefilm, en Christopher Mintz-Plasse waard nominearre foar in Teen Choice Award foar favorite smjunt yn in film. Matthew Vaughn waard nominearre foar de Empire Award foar bêste regisseur.

Ferfolch[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Nei in perioade fan ûnwissichheid oer de fraach oft der ea in ferfolch op Kick-Ass makke wurde soe, waard dêr yn 2012 ta besletten. Kick-Ass 2 kaam út yn 2013, mei op 'e nij Aaron Taylor-Johnson en Chloë Grace Moretz yn 'e haadrollen, en Christopher Mintz-Plasse as de wichtichtste antagonist, dy't him dêrfoar in nij alter ego as supersmjunt oanmjit, mei as namme "the Motherfucker".

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.