Springe nei ynhâld

Spotprint

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Cartoon)
Cartoon fan Fokke en Sukke
'Skip nei Gaza'
'De groei fan demokrasy, 1917'.
Bruce Bairnsfather (1888-1959)
Willem V fan Oranje-Nassau (as Kupido) dreamt oer in protte heechswiere froulju, 1796

In spotprint of cartoon is in humoristyske tekening. Dat kin bygelyks in karikatuer fan in bekend persoan, in persiflaazje fan in aktuele situaasje of simpelwei in ôfbyld fan in komyske situaasje wêze. It wurd foar cartoon wurdt ek wolris brûkt foar tekenteltsjes of tekenfilms.

In soad kranten en tydskriften publisearje cartoons. Yn kranten giet it benammen om politike spotprinten.

It komt net faak foar dat yn Nederlân in cartoonist persoanlike konsekwinsjes ûnderfynt fan syn wurk, mar Bernard Willem Holtrop, dy't ûnder de skûlnamme Willem wurket, feroarsake yn 1966 in skandaal mei in print dêr't keninginne Juliana har prostituearre. De print waard yn beslach nomd, Willem waard oppakt en waard tegearre mei syn útjouwer ferfolge fanwege majesteitsskeining. Hjirnei ferhuze Willem nei Parys. Yn Frankryk is hy ekris yn oanfarring komd mei de yn opspraak kommen minister Roland Dumas, dy't troch him yn syn eare oantaasten wêze soe.

Der binne ea Keamerfragen steld troch de RKPN oer in as tige krinkend erfaren cartoon fan Yrrah yn Vrij Nederland, mar dat hie fierder gjin konsekwinsjes.

Op 30 septimber 2005 stienen en in pear cartoons oer Mohammed yn Jyllands-Posten, yn in Deensk deiblêd. Dat late yn de islamityske wrâld en ûnder islamityske ymmigranten yn de westerske wrâld ta in anty-Deenske boycot en felle en bytiden gewelddiedige protesten. Der ûntstie ek yn Nederlân in diskusje oer selssensuer en de grinzen fan de frijheid fan mieningsutering.

Bekende cartoonisten

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Cartoonistenferienings

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Cartoontydskriften

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]