Ruben L. Oppenheimer
Ruben L. Oppenheimer (Maastricht, 25 april 1975) is in Nederlânske cartoonist, benammen bekend troch syn politike spotprinten. Hy wennet en wurket yn Maastricht.
Biografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Oppenheimer studearre grafyske foarmjouwing oan de Academy Byldzjende Keunsten yn Maastricht en Yllustraasje foarmjouwing oan de Karel de Grutte Hegeskoalle yn Antwerpen.
Oppenheimer is foaral bekend fanwege syn eigen styl by it meitsjen fan (politike) spotprinten. Yn dit ferbân is hy freelance ferbûn oan it NRC Handelsblad, De Standaard, it Dagblad De Limburger, De Gelderlander, it Brabants Dagblad en de Ljouwerter Krante. Yn dizze blêden ferskine syn cartoons geregeldwei mei as hantekening Rubenl.nl.
Oppenheimers cartoons stik foar stik soarchfâldich tekene en diels mei de PC útwurke tekeningen dy't fisueel faak tige ferskille fan foarm. Dochs ferriede se allegear in dwerse en bytiden wrang oandwaande en duorjende blik op de politike aktualiteit. Syn wurk ûntstiet faak yn opdracht fan in krante as fisueel kommintaar by in aktueel nijsitem dêr't gjin bypassend byld of ferdúdlikjende foto by foarhannen is.
Prizen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- 2005: BeNe-priis.
- 2005: BeNe-prijs
- 2010: Solidarity Award
- 2015: Membredepriis
- 2016: Twadde priis Nederlânsk Cartoonfestival