Tekenteltsje

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Little Sammy Sneeze (1904-06) troch Winsor McCay
Smoarge Piter - Fryske oersetting fan de "Struwwelpeter"
Robin Hood yn it Sealterfrysk

In tekentelsje of stripferhaal (ek byldferhaal en strip neamd) wurdt foarme troch in rige ôfbyldingen (stripen) dy't meïnoar ien ferhaal binne; it is ien fan de âldste foarmen fan literatuer. In tekentelsje wurdt makke troch in striptekener en in senarist. Somtiids skriuwt de tekener it ferhaal (senario) ek sels en somtiids dogge der meardere persoanen oan it tekenwurk (sketsen, inketsjen, beletterjen) of oan it ferhaal mei. Yn Amearika hiet in strip in comic, yn it Japansk in manga.

Soarten stripferhalen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Tekentelsjes binne der yn ferskate kategoryen, dy't allegearre op harren eigen mêd populêr binne:

  • Kartûns, inkeld in plaatsje mei tekst dat faak yn 'e krante stiet;
  • Gag-strip, in pear stripen plaatsjes dy't in koart ferhaaltsje fertelle;
  • de ien side side-strip;
  • in kompleet ferhaal besteande út meardere siden;
    • de comic, Amerikaans formaat stripboek fan standert 32 siden;
    • stripalbum, meastal 48 of 64 siden lang, somtiids 56 siden;
    • striproman of graphic novel, in tsjok stripboek fan mear as 80 siden.

Fryske stripferhalen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Sealterfryske stripferhalen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Keppeling om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]