Superheldefilm

Ut Wikipedy
Springe nei navigaasje Springe nei sykjen
In sêne út Adventures of Captain Marvel út 1941, ien fan 'e earste superheldefilms.

De superheldefilm is in sjenre fan films dy't oer de aventoeren fan ien of mear superhelden geane: yndividuën dy't oer bûtengewoane, faak boppenatuerlike, krêften beskikke en yn 'e regel as figilantes de striid oanbine mei de misdie. Soksoarte films omfetsje ornaris eleminten fan ferskate oare sjenres, lykas de aksjefilm, de aventoerefilm, de fantasyfilm en/of de science fiction-film. Faak binne it filmsearjes, wêrby't it earste diel yn 'e rige sjen lit wêr't de superheld wei komt en hoe't er oan syn "super"-fermogens komt. It komt ek gauris foar dat superhelden ien of mear fêste tsjinstanners hawwe, saneamde supersmjunten, dy't allegeduerigen (mar úteinlik om 'e nocht) besykje om harren te slim ôf te wêzen of oermânsk te wurden.

De measte superheldefilms binne basearre op superheldestrips. Men kin dan bgl. tinke oan 'e Superman-, Batman-, Spider-Man-, X-Men- en Avengers-filmsearjes. Foarbylden fan superheldefilms dy't makke binne nei orizjinele senario's binne de Robocop-, Unbreakable- en Incredibles-filmsearjes. Fierders wie The Green Hornet basearre op in harkspulsearje en de dêrútfuortkommende tillefyzjesearje út 'e 1960-er jierren, wylst sawol Underdog en The Powerpuff Girls basearre waarden op tekenfilmsearjes.

De ierste Westerske superheldefilms waarden makke fan 'e ein fan 'e 1930-er jierren ôf, koart nei't de earste strips oer superhelden ferskynd wiene. Tsjin dy tiid wiene yn 'e filmyndustry fan Bollywood, yn Britsk-Ynje, al ferskate soartgelikense films ferskynd (lykas Hunterwali). De alderearste Amerikaanske superheldefilms wiene filmsearjes rjochte op bern, wêrfan't yn 1939 de earsten yn 'e bioskopen kamen. Fan 'e ein fan 'e 1970-er jierren ôf makke it sjenre in likernôch tsien jier duorjende oplibbing troch foar't it wer weisakke, mar fan 'e 2000-er jierren ôf ûntjoech de superheldefilm him wrâldwiid ta ien fan 'e liedende filmsjenres.

De bekenste en súksesfolste superheldefilms sûnt 2000 binne de X-Men-films fan 20th Century Fox; de Spider-Man-trilogy fan regisseur Sam Raimi; de lange tekenfilms oer The Incredibles fan Pixar; The Dark Knight Trilogy oer Batman, regissearre troch Christopher Nolan; de films dy't spylje yn it Filmuniversum fan Marvel begjinnend mei Iron Man; en de films spyljend yn it Utwreide Universum fan DC begjinnend mei Man of Steel. De kommersjele dominânsje fan dy films yn 'e bioskopen is yn in protte gefallen mank gien mei in positive beoardieling troch de filmkritisy, wêrby't superheldefilms ek erkenning krigen hawwe yn 'e foarm fan taparting fan wichtige prizen lykas Oscars.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Bibliography, op dizze side.