Fantasyfilm

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search

In fantasyfilm is in film dêr’t it ferhaal him fan ôfspilet yn in imazjinêre wrâld, mei fantasy-eleminten as wichtich tema; meast yn de foarm fan tsjoenderij, fiktive wêzens en/of wrâlden.

Definysje fantasyfilm[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

In dúdlike omskriuwing fan in fantasyfilm is hast net te jaan, mar meast wurdt in film in fantasyfilm neamd wannear’t it fantastyske elemint de boppetoan hat, dus wannear’t der eat bart wat yn werklikheid net kin.

It fantasysjenre hat in soad oerienkomsten mei (benammen) sciencefiction-, mar ek mei it horrorsjenre. Besibbe sjenres dy’t meast net ta fantasy rekkene wurde binne de mearkefilm, fabelfilm en kung-fu film. Filmsjenres dy’t meast wol as fantasy sjoen wurde binne de mytologyske en superheldefilms.

Fantasyfilms wurde faak ûnderferdiel yn klassike en moderne fantasyfilms:

Klassike fantasyfilm[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De klassike fantasyfilm spilet him meast ôf yn in op midsiuwsk Jeropa basearre wrâld of in fiktive wrâld mei in te ferlykjen ûntwikkelingsnivo. Meast binne der noch gjin masines of fjoerwapens. Dêrfoar yn it plak wurdt faak tsjoenderij brûkt. De wrâld wurdt faak befolke troch typyske fantasywêzens as elfen, feeën, dwergen, trollen en draken.

Films:

Moderne fantasyfilm[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Moderne fantasyfilms spylje har sawat yn de tiid fan no ôf, mar hawwe wol typyske fantasyskaaimerken lykas tsoenderij en fiktive wêzens.

Inkelde films en telefyzjesearjes:

Njonken dizze haadferdieling besteane der ek in soad subsjenres fan de rantasy.