Magy

Ut Wikipedy
De tsjoenster Kirke (Κιρκη) dy't de tsjelke oan Odysseus oanbiedt.
(troch John William Waterhouse)

Magy is it brûken fan rituëlen, symboalen, dieden, gebearten en taal mei it doel om ûnsichtbere boppenatuerlike krêften te eksploitearjen. It fermogen om magy te brûken wurdt tsjoenderij of hekserij neamd. It leauwen yn it bestean en it praktisearjen fan magy giet tebek oant de ierste minsklike kultueren en hat ek noch grutte ynfloed yn it ramt fan spirituële, religieuze en genêskundige saken yn 'e moderne kultueren fan hjoed de dei.

It bedriuwen fan magy wurdt tsjintwurdich yn 'e regel yn it geheim en yn isolaasje dien, mei't soks troch de bûtenwrâld op syn bêsten mei skepsis en erchtinken besjoen wurdt. Yn net-wittenskiplike maatskippijen, dêr't byleauwe noch wielderich tiert en it leauwen yn magy sadwaande ek navenant faker foarkomt, wurdt it lizzen fan in flok troch middel fan magy op ien of mear persoanen net selden frij algemien akseptearre as útlis foar it iene of oare persoanlike of maatskiplike drama. As men mient te witten wa't foar dy flok ferantwurdlik is, kin soks sels tsjintwurdich noch ta moard en deaslach liede.

Neffens religieus antropolooch Wouter Hanegraaff is magy feitlik "in fierhinne polemysk konsept dat troch in ferskaat oan religieuze belangegroepen brûkt is om itsij harren eigen religieuze leauwenseleminten en -praktiken te beskriuwen, itsij – folle faker – om dy fan oaren yn diskredyt te bringen." Sa is it begryp 'magy' wiidferspraat yn it Alde Testamint fan 'e Bibel, dêr't de iere joadske skriuwers de term brûke om 'e heidenske praktiken te omskriuwen wêrby't oare goaden fereare waarden as Jahweh.

In foarm fan hjoeddeisk leauwen yn magy is it belied fan 'e Roomsk-Katolike Tsjerke om lju hillich te ferklearjen op grûn fan twa postúm troch harren ferrjochte wûndertekens. Yn 'e antropology, psychology en kognitive wittenskippen wurdt nei soks ferwiisd mei de term 'magysk tinken', nammentlik in kausale riddenearring wêrby't faak assosjatyf tinken brûkt wurdt, lykas it as sadanich oannommen fermogen fan 'e minsklike geast om 'e fysike wrâld te beynfloedzjen. Yn 'e psychology wurdt magy as in persoanlik fenomeen beskôge, dat ta doel hat om oan in yndividueel ferlet te foldwaan, en net as in sosjaal ferskynsel dat oan in kollektyf ferlet foldocht.

Yn 'e Westerske wrâld wurdt tsjintwurdich yn it ramt fan godstsjinst net of amper mear gebrûk makke fan 'e term 'magy', mei't dy oantsjutting datoangeande in negative lading krigen hat. Lykwols is de oanname dat men boppenatuerlike krêften beynfloedzje kin mei gebedens, offerjeften of ynfokaasjes (in oanname dy't weromgiet oant djip yn 'e prehistoarje) yn begjinsel wol deeglik basearre op in leauwen yn magy. De eigentlike term 'magy' is hjoed de dei yn it Westen lykwols fierhinne beheind ta de literatuer en oare media, dêr't it benammen brûkt wurdt yn 'e literêre sjenres fan mearkes en fantasy, lykas de Harry Potter-rige, de Chalion-syklus of de Mercy Thompson-searje, dy't in protte lêzen wurde troch lju dy't it ûnderwerp magy nijsgjirrich fine.

Sjoch ek[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.