Elf (mytysk wêzen)

Ut Wikipedy
Ängsälvor (Sweedsk foar "Greidelven"), in skilderij fan Nils Blommér út 1805.

In elf (froulike foarm: elvinne; meartal: elven) is in mytysk wêzen dat fan oarsprong út 'e Germaanske mytology, it Germaanske heidendom en de folkloare fan 'e Germaanske folken komt. Histoarysk bestiene der sterk útinoar rinnende foarstellings fan hoe't elven derút seagen. Hjoeddeistige folkloristen binne it der foar it meastepart oer iens dat dat komt om't de foarstellings fan elven sterk oan feroaring bleatstiene, en dêrom fan tiid ta tiid en fan plak ta plak hiel oars wêze koene. Yn 'e moderne tiid oerhearskje twa (sterk ferskillende) bylden fan 'e elf: de grappige, lytse en ûnskuldige krystelf en de elf yn fantasyfiksje, in machtich en soms driigjend wêzen mei boppeminsklike fysike krêften.

Tradisjonele foarstellings fan elven[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Der besteane in protte ferskillende foarstellings fan elven. Foar it rekonstruëarjen fan it oarspronklike byld fan in elf is men hast folslein ôfhinklik fan teksten yn it Aldingelsk en sêgen, leginden, heldedichten en goadedichten yn it Aldnoarsk. Lettere ynformaasje oer elven komt út in ferskaat oan boarnen út 'e Midsiuwen en de Renêssânse, lykas medyske teksten, gebedens, balladen en folksferhalen. De measte moderne folkloristen binne fan tinken dat it gjin pas jout om generalisearrings oangeande it foarkommen fan elven op te lizzen oan in tradysje dy't mear as tûzen jier âld is. Men is no ta it ynsjoch kommen dat foarstellings fan en ferhalen oer elven nei alle gedachten yn it ferline oanhâldend feroaren en miskien wol altyd al like ferskillend wiene as se tsjintwurdich binne. De ynformaasje út ien boarne kin dêrom inkeld wat sizze oer de foarstelling fan elven yn dy beskate tiid en regio.

Lykwols binne der guon skaaimerken dy't suver alle foarstellings fan elven gemien hawwe. Sa wurde elven oer it algemien sjoen as wêzens fan boppenatuerlike skientme dy't oer magyske krêften beskikke. Foar minsken oer nimme se faak in dûbelsinnige hâlding oer, wêrby't se soms help biede, mar oare kearen mei opsetsin minsken hinderje. Harren karakter ferskilt nei tiidrek, regio en kultuer. Yn 'e Aldnoarske mytologyske teksten wurde elven alteast soms ta de heidenske goaden rekkene. Yn 'e Midsiuwske Dútske folksferhalen wurde se faak werjûn as meunsters yn momkape dy't trochkwea binne. Yn 'e folkloare fan sawol Skandinaavje as de Britske Eilannen wurde elven gauris assosjearre mei seksuële driging, it ferlieden fan minsken en it (dêrtroch) kweadwaan fan dyselden.

Älvalek (Sweedsk foar "Elven oan it Boartsjen"), in skilderij fan August Malmström út 1866.

Yn 'e Ingelske literatuer fan 'e Elizabetaanske Tiid rekken elven betize mei feeën en oare soarten ierdgeasten (fairies), sadat dy begripen op in stuit frijwol synonym waarden. Dútsktalige skriuwers út 'e Romantyk waarden beynfloede troch it Ingelske idee fan 'e 'elf', en reymportearren it Ingelske wurd elf, dat ôfstammet fan it Oergermaanske *alβiz of *alβaz, mar dat yn it Dútsk weiwurden wie. Oan 'e oare kant waarden elven yn 'e Dútske folkloare oer it algemien betize mei dwergen of kabouters. Yn Skandinaavje rekken elven troch de iuwen hinne, nei alle gedachten troch in proses fan it oanhâldend brûken fan eufemismen, dan wer betize mei de huldra of it huldufólk (it "ferhoalen folk").

Moderne foarstellings fan elven[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Hjoed de dei besteane der twa tige bekende en ynfloedrike foarstellings fan elven: de krystelf en de elf yn fantasyfiksje. Doe't har yn 'e njoggentjinde iuw de Amerikaanske krysttradysjes ûntjoegen, waard de krystman karakterisearre as "in rjocht fleurige âld elf" (regel 45) yn it ferneamde gedicht A Visit from St. Nicholas (better bekend ûnder de earste regel ’Twas the Night before Christmas). It wiene lykwols de 'lytse helpers' fan 'e krystman, dy't úteinlik permanint de oantsjutting 'elf' opplakt krigen. Sadwaande omfiemet de moderne bernefolkloare om it krystfeest hinne yn 'e Feriene Steaten, Kanada, it Feriene Keninkryk en Ierlân ornaris in ûnbeskaat tal yn it grien klaaide elven mei puntearen dy't likernôch heal sa grut as in minske binne. Dyselden meitsje foar de krystman alle boartersguod dat er op krystjûn by bern oer de hiele wrâld besoarget.

In karakteristike ôfbylding fan in elvinne út 'e moderne fantasyfiksje.

Yn 'e fantasyliteratuer fan 'e tweintichste iuw waard lykwols in hiel oar soarte elf populêr, dy't oars as de krystelf net fuortkaam út foarstellings fan elven út 'e Fiktoriaanske Tiid, mar út hoe't elven yn 'e Romantyk op sawol de Britske Eilannen as it Jeropeeske fêstelân faak sjoen waarden. In ier baanbrekkend wurk oer dizze elven wie The King of Elfland's Daughter, in roman út 1924 fan 'e hân fan 'e Britske skriuwer Lord Dunsany. De trochbraak foar soksoarte elven kaam mei de ferneamde trilogy The Lord of the Rings (1954-1955) fan 'e Ingelske taalkundige J.R.R. Tolkien, dy't foar syn wurk sels twa folsleine elfske talen ûntwurp, it Quenya en it Sindarynsk.

Spilen de elven yn The Lord of the Rings noch mar in byrol, yn it postúm publisearre legindarium The Silmarillion (1977) fertolken se de haadrol. It wurk fan Tolkien hie in ûnbidige protte ynfloed op lettere fantasyliteratuer en ek op rollespullen lykas Dungeons & Dragons. De elven fan 'e moderne fantasy ûnderskiede har trochdat se der krekt sa útsjogge as folwoeksen minsken, mar dan mei puntearen en in boppenatuerlike skientme. Fierders wurde se karakterisearre troch skerpere sintugen as dy fan minsken, in talint foar tsjoenderij en in foarleafde foar de natoer, keunst en sjongen. Har earste wapen is oer it algemien de pylk-en-bôge. Oars as de grappige en ûnskuldige krystelfen kin fan 'e elfen út 'e fantasy in oansjenlike driging útgean, benammen as it ferhaal troch de eagen fan in minske (of in oare net-elf) ferteld wurdt, lykas yn The Lord of the Rings en in earder wurk fan Tolkien, The Hobbit. Steane de elven sels yn in ferhaal sintraal, lykas yn The Silmarillion en de stripsearje Elfquest, dan litte se oer it algemien hâlden en dragen sjen, en hawwe se motiven, dy't folle minskliker binne, en ûnderskiede se har benammen fan minsken troch har boppeminsklike fysike krêften.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Footnotes en References, op dizze side.