Kryst

Kryst of Krysttiid is in sinnekearfeest, wat ta in kristlike hjeldei makke waard, en hjoeddeis oer de gânse wrâld fierd wurdt.
Ynhâld
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Oarspronklik wie de kristlike Kryst it feest fan de berte fan it berntsje Jezus; yn it Italjaansk wurdt kryst dan ek natale neamd, wat letterlik berte betsjut. Troch de ûnttsjerkliking giet it hjoeddeis lykwols hieltyd mear om de noflikheid mei de famylje en freonen. Yn Amerika is it feest foaral foar de bern, dy't kado's krije fan de Krystman, dy 't fergelykber is mei Sinteklaas yn Nederlân.
Dagen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Krystdei is op 25. Yn Nederlân is it usansje en fier ek in twadde krystdei, Sint-Steffensdei op 26 desimber. Der binne ek lannen dêr't tolve dagen Kryst fierd wurdt, om't it foar-kristlik feest sa lang wie, al is it sa dat de tsjerke de fiering yn de 9e iuw ta fjouwer dagen beheind hat. Nederlân hat de fiering yn de 18e iuw beheind ta twa dagen.[1] Lykwols is de drang om gau wer oan it wurk ôfnaam, dat hieltiid faker fiere minsken in Tredde Krystdei, dêr't gjin grutte fierings binne.
Deromhinne
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]De kryst wurdt foarôf gong troch it advint; de dagen foarby de Kryst binne de grutte krysttiid. In soad minsken hâlde fan kryst om't alles noflik dekorearre wurdt mei krystbeammen, lampkes, krystballen, en sa fierder. Oarsom binne der minsken dy't, al of net út de grûn fan it feest, hâlde fan it tiidrek as in perioade foar ynkear.
| Boarnen, noaten en/as referinsjes: |