Ferlieding

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search

Ferlieding is it opsetlike ferlokken fan in oare persoan ta wat dat hy of sy út him- of harsels net dien hie. Yn bredere sin kin de term brûkt wurde foar it oerheljen ta alderhanne soarten dingen, mar almeast en yn ingere sin slacht it op it ferlokken ta it oangean fan in seksuële relaasje of ta it hawwen fan geslachtsmienskip binnen sa'n relaasje. Yn dy sin kin ferlieding mûnlinge en non-ferbale kommunikaasje omfiemje, en ferskate strategyen fan hâlden en dragen dy't rjochte binne op 'e koarte termyn. Yn 'e kontekst fan religy wurdt it begryp 'ferlieding' almeast yn ferbân brocht mei it oerheljen ta it begean fan sûndige dingen (dy't ek faak te krijen hawwe mei seks, mar net altyd). Ferlieding hat yn dat ramt in negative lading. Ferneamde ferlieders binne û.m. de mytyske Lilith, de histoaryske Giacomo Casanova en it fiktive personaazje Don Juan. De nammen fan sawol Casanova as Don Juan binne sprekwurdlik wurden foar ferlieders.

By manlju wurdt ferlieding yn ferbân brocht mei de saneamde dûnkere triade, dy't yn 2002 foarsteld waard troch psychologen Delroy S. Paulhus en K.M. Williams. Dy triade bestiet út de persoanlikheidsskaaimerken psychopaty, narsisme en machiavellianisme, dy't eksploitatyf en ympulsyf fan aard binne en in dúdlik gebrek oan empaty oan 'en dei lizze. Se binne sadwaande goed tapasber yn foarmen fan seksueel twingend of manipulatyf hâlden en dragen. Hoewol't dy trije skaaimerken op 'e lange termyn noch it yndividu dat der gebrûk fan makket, noch de maatskippij as gehiel folle goed docht, binne se op 'e koarte termyn effektyf as strategy foar it oangean fan koartduorjende seksuële relaasjes. Yn evolúsjonêr opsjoch is soks boppedat in tige effektive strategy foar manlju om grutter súkses op it mêd fan 'e fuortplanting te krijen, om't (yn in tiidrek sûnder anty-konsepsjemiddels) troch it ferlieden fan in protte froulju mear bern oanset waarden.

Histoarysk wiene de persoanlikheidsskaaimerken fan 'e dûnkere triade net oanpasber foar froulju. Dat komt om't froulju fan natuere minder ree binne om flechtige seksuële kontakten oan te gean (mei't dy evolúsjonêr sjoen gjin of minder helpboarnen foar har en har bern biede). Nettsjinsteande dat wiene der wol oare redens foar froulju om ferlieding ta te passen. Sa koe besocht wurde in man te ferlieden ta it oangean fan in langere of fêste relaasje (in houlik). Of, as in frou al troud wie, koe flechtich seksueel kontakt mei in oare man as dy mei wa't se troud wie soms foardielen biede, lykas mear helpboarnen en beskerming tsjin gefaren of bettere genen foar har bern. Yn 'e moderne wrâld, no't anty-konsepsjemiddels it gefaar om swier te reitsjen fierhinne fuortnommen hawwe, hâlde en drage benammen jonge froulju harren foar flechtich seksueel kontakt oer faak op in selde wize as manlju. Ferlieding troch froulju nimt lykwols yn 'e regel in folle subtilere en yndirektere foarm oan as ferlieding troch manlju. Wylst manlju harren 'doelwyt' oansprekke sille, om har dan mei benammen ferbale kommunikaasje te 'fersieren', sille froulju earder mei lichemstaal oanjaan dat se beskikber binne, soms gewoan troch deunby harren 'doelwyt' stean te gean.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.