Springe nei ynhâld

Highlander (film)

Ut Wikipedy
Highlander
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseur Russell Mulcahy
produsint Peter S. Davis
William N. Panzer
senario Gregory Widen
Peter Bellwood
Larry Ferguson
kamerarezjy Gerry Fisher
Tony Mitchell
muzyk Michael Kamen
filmstudio Highlander Productions
distribúsje Thorn EMI Screen Entertainment
spilers
haadrollen Christopher Lambert
Roxanne Hart
byrollen Sean Connery
Clancy Brown
Beatie Edney
Sheila Gish
skaaimerken
lân/lannen Feriene Keninkryk
premiêre 7 maart 1986
foarm langspylfilm
sjenre fantasy-aksje-aventoerefilm
taal Ingelsk
spyltiid 116 minuten
budget en resultaten
budget $19 miljoen
opbringst $12,9 miljoen
filmsearje
filmsearje Highlander
● folgjend diel Highlander II: The Quickening

Highlander is in Britske fantasy-aksje-aventoerefilm út 1986 ûnder rezjy fan Russell Mulcahy, mei yn 'e haadrollen Christopher Lambert en Roxanne Hart. De titel betsjut "Heechlanner", en ferwiist nei de haadpersoan, dy't ôfkomstich is út 'e Skotske Heechlannen. It ferhaal giet oer Connor MacLeod, in man dy't yn 1518 berne waard. Hy is ien fan 'e Unstjerliken, dy't inkeld ombrocht wurde kinne troch ûnthalzing. Ferburgen foar de rest fan 'e wrâld fjochtsje hja in temûke ûnderlinge striid út, mei't der úteinlik mar ien fan harren oerbliuwe kin. Yn 1985 komt dy striid yn New York ta in hichtepunt. Foar de plysje liket it as is der in searjemoardner aktyf dy't syn slachtoffers ûnthalzet. Forinzysk analiste Brenda Wyatt komt MacLeod op it spoar.

Fan 'e filmkritisy krige Highlander mingde resinsjes. Yn 'e bioskopen hie de film net folle súkses, mei as gefolch dat de produksje in oansjenlik ferlies litte. Nettsjinsteande dat ûntjoech Highlander him al rillegau ta in cultfilm, mei in grutte en trouwe skare fans. Dat joech oanlieding ta it ûntstean fan 'e Highlander-mediafrachise, mei trije ferfolchfilms en adaptaasjes ta ferskate oare media. De hit Who Wants to Live Forever fan 'e band Queen makke diel út fan 'e soundtrack fan Highlander. It biedwurd fan 'e film, There can be only one ("Der kin mar ien wêze"), is tige bekend wurden en makket no ûnderdiel út fan 'e Westerske popkultuer.

Yn 1985 wurdt Connor MacLeod yn 'e parkearkelder ûnder it stadion Madison Square Garden yn New York oanfallen troch in âlde fijân, Iman Fasil. De mannen fjochtsje op dat ferlitten plak in duël mei swurden út, dat einiget as MacLeod op 'e langelêst Fasil de holle ôfslacht. De dea fan Fasil lokket in krêftich frijkommen fan enerzjy út dat 'de Ferkwikking' hjit en in grut tal parkearre auto's fernielt. Neitiid ferstoppet MacLeod syn swurd yn it plafon fan 'e parkearkelder. As er fuortgiet, wurdt er oanholden troch plysjeminsken fan it New York Police Department (NYPD), dy't him ûnderfreegje wolle yn ferbân mei it ûnthalze lyk dat ûnderwilens yn yn 'e parkearkelder oantroffen is. Omreden fan gebrek oan bewiis hat ynspekteur Frank Moran, dy't de lieding oer it ûndersyk hat, lykwols gjin oare kar as om MacLeod gean te litten.

De libbensskiednis fan MacLeod wurdt tusken de foarfallen yn 1985 troch ferteld yn in rige flashbacks. MacLeod, dy't yn 1518 yn Glenfinnan yn 'e Skotske Heechlannen berne waard as in lid fan 'e Clan MacLeod, nimt yn 1536 mei achttjin jier foar it earst diel oan in fjildslach as de MacLeods yn oarloch reitsje mei de Clan Fraser. Oan 'e kant fan 'e Frasers fjochtet in útlânske kriger mei, de Kurgan, dy't harren helpt yn ruil foar de kâns om Connor MacLeod deadzje te kinnen. De ûnbelearde MacLeod is in maklike proai foar de Kurgan, dy't him in fatale stekwûne tabringt. Ear't er MacLeod lykwols ûnhalzje kin, wurdt er by de ferwûne jongfeint wei skuord troch MacLeod syn neven en maten Dougal en Angus.

Dyselden bringe MacLeod wer thús by syn faam Kate. Dêr wurdt fêststeld dat er foar de dea opskreaun is, mar dochs komt MacLeod net te ferstjerren. Ynstee betteret er op ûnferklearbere wize wer op. Sels achtet er him lokkich, mar de oare clanleden ornearje dat er in pakt mei de duvel sletten hawwe moat. Kate, wa har leafde omslacht yn haat, fiert dejingen oan dy't MacLeod op 'e brânsteapel bringe wolle om him terjocht te stellen, en ek Dougal wol him dea hawwe. Angus, dy't it clanhaad is, leit dêr lykwols it near op en rêdt it libben fan MacLeod troch him te ferbaljen. MacLeod doarmet in skoft troch de Heechlannen oant er kunde kriget oan in jonge frou, Heather MacDonald, mei wa't er trout. MacLeod wurdt smid en set him mei syn oarehelte nei wenjen yn 'e ruïne fan in âlde stins.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Yn 1541 wurdt MacLeod opspoard troch in man dy't him foarstelt as Juan Sánchez-Villalobos Ramírez, de oppermetallurch fan kening Karel V fan Spanje, dy't syn âlde fijân de Kurgan nei Skotlân ta folge is. Dyselde fertelt dat er 2.437 jier âld is en dat er yn 896 f.Kr. berne is yn it Alde Egypte. Hy leit oan MacLeod út dat sy beiden, de Kurgan en ferskate oaren berne binne as ûntsjerliken, en dat se inkeld deagean kinne as se ûnthalze wurde. Neffens Ramírez binne sokke Unstjerliken foarbestimd om inoar oeral en altyd te befjochtsjen, útsein op wijde grûn, dêr't soks ferbean is. Alle Unstjerliken leauwe dat der úteinlik mar ien fan harren oerbliuwe kin, en dat de lêsten fan harren meitiid oanstriid fiele sille om har nei in fier lân te bejaan foar de Gearkomste, dêr't se duëllearje sille oant de lêst oerbleaune de Priis ûntfangt, dy't bestiet út 'e macht fan alle Unstjerliken út alle tiden.

Ramírez nimt de tiid om MacLeod te trainen en wurdt syn mentor. Dat docht er om't er fan betinken is dat in boasaardige Unstjerlike, lykas de Kurgan, de Priis net winne mei, want soks soe de minskheid yn in ivichheid fan tsjuster en ellinde stoarte. De Kurgan, sa fertelt Ramírez, is in lid fan it lang ferdwûne barbaarske folk mei deselde namme, dat yn 'e prehistoarje op 'e Pontysk-Kaspyske Steppe wenne. Meitiid wurde MacLeod en Ramírez freonen. Op in jûn, as MacLeod fan hûs is, kringt de Kurgan de stinsruïne binnen. Hy en Ramírez fjochtsje in duël út, dat einiget as Ramírez belies jaan moat en ûnthalze wurdt. Neitiid ferkrêftet de Kurgan Heather yn 'e oertsjûging dat hja de frou fan Ramírez is. Heather hâldt dat tenei stil foar MacLeod.

Ramírez hat ek ferteld dat Unstjerliken steryl binne. Dat betsjut dat it houlik fan MacLeod en Heather sûnder gjin bern bliuwt. Ramírez hie der sterk by MacLeod op oantrune om Heather te ferlitten, en neigeraden dat de jierren ferstrike, docht bliken wêrom. Want wylst Heather stadichoan fertiget ta in ronfelich en krebintich âldwyfke, bliuwt MacLeod like jong en sûn as er wie doe't er foar it earst de Kurgan befocht. Nei't Heather úteinlik fan âlderdom ferstjert, ferlit MacLeod it plak dêr't se tegearre wennen en begjint er in omdoarmjend bestean. Dêrby nimt er as swurd de katana fan Ramírez, dy't yn 593 f.Kr. troch Ramírez syn lêste skoanheit, in geniale Japanske wapensmid, smeid is.

Yn 1985 fynt einlings de Gearkomste plak, wêrby't de noch mar in pear oerbleaune Unstjerliken in ûnbedimbere oanstriid fiele om nei New York te gean. De Kurgan arrivearret dêr en nimt syn yntrek yn in suterich hoteltsje. MacLeod wennet al sûnt 1703 yn New York, dêr't er op 't heden libbet ûnder de skûlnamme Russell Nash. Der is mar ien libbene persoan dy't wit wa't (en wat) er echt is, en dat is syn no op jierren reitsjende oannommen dochter Rachel Ellenstein, dy't MacLeod as jong Joadsk famke yn 'e Twadde Wrâldoarloch fan 'e nazys rêden hat. By it plysje-ûndersyk nei de dea fan Fasil yn 'e parkearkelder ûnder Madison Square Garden rekket lykwols forinzysk analiste Brenda Wyatt belutsen, dy't in ekspêr op it mêd fan metallurgy is. Hja ûntdekt yn 'e parkearkelder minuskule stikjes stiel fan in Japanske katana sa't dy makke waard yn 'e Midsiuwen, mar it metaal datearret fan likernôch 600 f.Kr.

Dat lit har net los, dat se set útein mei in eigen ûndersyk bûten de wittenskip fan 'e plysje om, dat har nei Nash (MacLeod) liedt. Hja is tsjûge fan in gefjocht tusken him en de Kurgan, dat ôfbrutsen wurdt as de mannen de oandacht lûke fan in plysjehelikopter. Wyatt ûntdekt dat de echte 'Russell Nash' in oerwûn bern wie, dat koart nei de berte ferstoar. Undersyk yn argiven bringt oan it ljocht dat de wente fan Nash sûnt it begjin fan 'e achttjinde iuw oan ien wei troch yn it besit west hat fan in hiele rige persoanen dy't eins bern wiene dy't koart nei de berte ferstoaren. Analyze fan 'e hantekenings yn aktes wiist fierders út dat al dy persoanen persiis itselde hanskrift hiene. Wyatt begjint stadichoan te fermoedzjen dat it om ien en deselde persoan giet. Mei dat soarte ideeën kin se net by de plysje oankomme, dat ynstee siket se neieroankommen ta Nash om mear te witten te kommen oer it anagronistyske swurd. Ek spilet mei dat se har seksueel ta him oanlutsen fielt. MacLeod hat ek belangstelling foar Wyatt, mar hy is wisberet dat him net wer itselde oerkomme sil as mei Heather, dat hy makket har dúdlik dat se him gewurde litte moat.

Yn Central Park moetet MacLeod in oare Unstjerlike, de negroïde Sunda Kastagir, dy't in âlde freon fan him is. Nei't de beide mannen útinoar geane, treft de Kurgan Kastagir dy jûns yn in steechje, dêr't se in duël útfjochtsje dat einiget mei de dea fan Kastagir. It barren wurdt sjoen troch Kirk Matunas, in emosjoneel labile feteraan út 'e Fjetnamoarloch, dy't troch de Kurgan oan syn swurd reaun wurdt, mar syn ferwûnings oerlibbet. Hy fertelt ynspekteur Moran en resjersjeur Bedsoe wat er sjoen hat, de útbarsting fan enerzjy nei de ûnthalzing fan Kastagir ynbegrepen, mar de plysjeminsken leauwe him net. Op 'e jierdei fan Heather brânt MacLeod in kjerske foar har yn in roomske tsjerke, sa't er alle lange jierren sûnt har ferstjerren dien hat. De Kurgan siket him op yn tsjerke en flústeret MacLeod ta dat sy beiden no de lêst oerbleaune Unstjerliken binne. Om MacLeod op it sear te kommen, hellet er oantinkens op oan syn duël mei en moard op Ramírez, wêrby't er ek fertelt dat er fuort neitiid Ramírez syn frou ferkrêfte hat. MacLeod begrypt dan dat er Heather bedoele moat en dat sy dat mei sin foar him ferburgen holden hat. Om't se lykwols op wijde grûn ferkeare, kin er de Kurgan hjirre net befjochtsje. Ynstee jout er him oerstjoer ôf.

As Wyatt neitiid wer by MacLeod thús oan 'e doar komt, beseft er einlings dat se it net oerjaan sil. Dat hy nûget har deryn en fertelt har hoe't it mei him sit. Tajaand oan 'e dúdlike oantrekking dy't der tusken har bestiet, reitsje se mei-inoar op bêd. Neitiid seit MacLeod lykwols dat it neat tusken harren wurde kin en leit er ek út wêrom net. As Wyatt wêr thús komt, wurdt se dêr opwachte troch de Kurgan, dy't har ûntfiert om har as lokies foar MacLeod te brûken. Nei't er it berjocht fan 'e Kurgan oer de ûntfiering ûntfongen hat, giet MacLeod derefteroan. Hy beslút dat it tiid is om him fan 'e Russell Nash-identiteit te ûntdwaan en nimt ôfskie fan Rachel, oan wa't er fertelt dat er net weromkomme sil, ek net as er it wint fan 'e Kurgan.

De beslissende konfrontaasje tusken MacLeod en de Kurgan fynt plak op it dak fan 'e Silvercup Studios yn Queens, dêr't MacLeod Wyatt rêdt en nei in lang duël de Kurgan ferslacht en ûnthalzet. Hy absorbearret de massive enerzjy-ûntlading dy't dêrop folget en wint dêrmei de Priis. Neitiid keart MacLeod mei Wyatt werom nei Skotlân om har sjen te litten wêr't er opgroeid is. De Priis, sa fertelt er har, bestiet derút dat er no in stjerlike man is en bern krije kin, mar ek dat er de tinzen fan alle minsken op 'e wrâld lêze kin. Weromtinkend oan 'e lessen fan Ramírez hat er hope dat er dêrtroch tusken minsken gearwurking, begryp en frede oanfiterje kin.

Christopher Lambert yn 2012.
Sean Connery yn 1983.
Clancy Brown yn 2015.
haadrollen
personaazje akteur/aktrise
Connor MacLeod / Russell Nash Christopher Lambert
Brenda Wyatt Roxanne Hart


byrollen
personaazje akteur/aktrise
Juan Sánchez-Villalobos Ramírez Sean Connery
de Kurgan Clancy Brown
Heather MacDonald Beatie Edney
Rachel Ellenstein Sheila Gish
ynspekteur Frank Moran Alan North
resjersjeur Walter Bedsoe Jon Polito
Sunda Kastagir Hugh Quarshie
Kirk Matunas Christopher Malcolm
Iman Fasil Peter Diamond
Kate MacLeod Celia Imrie
Dougal MacLeod Billy Hartman
Angus MacLeod James Cosmo
plysje Garfield Edward Wiley
de jonge Rachel Nicola Ramsey
Murdoch Fraser Alistair Findlay
pastoar Rainey James McKenna
Kenny John Cassady
Bassett Ian Reddington
Hotchkiss Sion Tudor Owen
Candy Corinne Russell

Produksje en distribúsje

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Highlander waard regissearre troch Russell Mulcahy nei in senario fan Gregory Widen, Peter Bellwood en Larry Ferguson. Widen wie de oarspronklike betinker fan it ferhaal en skreau de earste ferzje fan it skript, mei as titel The Dark Knight ("De Dûnkere Ridder"), as húswurk foar syn oplieding senarioskriuwen oan 'e Universiteit fan Kalifornje, Los Angeles (UCLA). Neffens him wie it ferhaal "yn prinsipe in kombinaasje fan in fariaasje op The Duellists – in fint fjochtet ferspraat oer jierren in duël út – en in besyk fan my oan Skotlân en de útstalling fan harnassen yn 'e Toer fan Londen, dêr't ik by tocht: 'Wat ast dit no allegear yn besit hiest?' Dy sêne sit yn prinsipe yn 'e film." Widen ferkocht it senario, dat yn oare opsichten oansjenlik ferskilde fan 'e úteinlike film, foar $200.000.

As produsinten wiene Peter S. Davis en William N. Panzer by it projekt belutsen foar de filmstudio Highlander Productions, in bedriuw dat spesjaal foar de film oprjochte waard. Foar de film wie in budget beskikber fan $19 miljoen. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Gerry Fisher en Tony Mitchell, en de filmmuzyk waard fersoarge troch Michael Kamen.

De Frânske akteur Christopher Lambert waard cast yn 'e titelrol nei't regisseur Mulcahy in foto fan him yn in tydskrift stean sjoen hie by in artikel oer syn resinte film: Greystoke: The Legend of Tarzan, en fûn dat er der perfekt útseach foar Connor MacLeod. Yn tarieding op syn rol folge Lambert, dy't amper Ingelsk spriek en him no Ingelsk mei in Skotsk-Ingelsk aksint eigen meitsje moast, moannenlang moarns fjouwer oeren lang spraaklessen fan in logopedist en middeis fjouwer oeren skermlessen fan Bob Anderson, dy't yn 'e oarspronklike Star Wars-trilogy by it skermjen de stunt double foar David Prowse west hie (dy't Darth Vader spile).

It Kastiel fan Elean Donan yn Skotlân waard yn Highlander brûkt as it haadkertier fan 'e Clan MacLeod.

De opnamen foar Highlander setten yn april 1985 útein en duorren oant yn july fan dat jier. De binnendoarsênes waarden foar in grut diel filme yn 'e Jacob Street Studios yn Londen. De bûtendoarsênes waarden op lokaasje opnommen yn Skotlân en de stêd New York. It bertedoarp fan MacLeod is neffens de film "Glenfinnan, oan 'e igge fan Loch Shiel", mar eins waard dêrfoar it Kastiel fan Eilean Donan brûkt, dat rûchwei yn deselde krite stiet, mar oan 'e igge fan Loch Duich, in seeloch yn 'e neite fan 'e Kyle fan Lochalsh en it eilân Skye.

De sêne wêryn't MacLeod troch Ramírez út in roeiboatsje oerboard kipere wurdt yn it loch, waard echt yn in Skotsk loch opnommen. Lambert sei dêroer: "De earste kear komt it jin oer it mad. Ik hie wol tocht dat it wetter kâld wêze soe, mar net sà kâld. De twadde kear wist yn 't foar dat it as iis wêze sil. Ast de trêde wer út it wetter komst, seist: 'Dat wie de lêste kear dat we dit filmje.' "

De iepeningssêne mei it showwrakseljen yn it stadion Madison Square Garden waard eins yn 'e Brendan Byrne Arena yn Nij-Jersey filme, mei meiwurking fan 'e echte showwrakselders Greg Gagne, Jim Brunzell, Sam Fatu (The Tonga Kid) en The Fabulous Freebirds (Michael Hayes, Terry Cordy en Buddy Roberts). De bûtenkant fan 'e parkearkelder wie wol echt yn Manhattan, rjocht foar Madison Square Garden oer, mar de binnenkant fan 'e parkearkelder wie "earne yn Londen".

De voice-over troch Sean Connery, út it begjin fan 'e film, waard opnommen yn 'e badkeamer fan dy syn filla yn Spanje (wat te hearren is oan it wjergalmjen fan syn stim).

Op 'e filmset fan Highlander bestiene frijwat spannings tusken de filmprodusinten, dy't op alle mooglike manearen besochten om jild te besparjen, en de rest fan 'e filmcrew. By de opnamen yn Skotlân eskalearre dat in kear doe't de produsinten wegeren om 'e Skotske figuranten moarns fan brea-iten te foarsjen, sa't wol it gefal wie by de cast en crew. De rûzje rûn sa heech op, dat de crew op in stuit risselwearre om it wurk del te lizzen. Pas doe't ien fan 'e assistint-regisseurs mei it drigemint kaam om Connery derby te roppen, bûnen de produsinten yn.

De Bôgebrêge yn Central Park yn Manhattan foarmet yn Highlander it dekôr foar de moeting tusken MacLeod en Kastagir.

De distribúsje fan Highlander waard fersoarge troch Thorn EMI Screen Entertainment. De film gie op 7 maart 1986 yn Los Angeles yn premiêre. Highlander waard yn 1987 útbrocht as VHS-keapfideo, yn 1997 op dvd en yn 2009 op blu-ray.

Amerikaanske ferzje

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Amerikaanske ferzje fan 'e film wie mei in spyldoer fan 111 minuten sa'n 5 minuten koarter de Britske en ynternasjonale ferzje fan 'e film (116 minuten). De distributeurs besleaten nammentlik op eigen manneboet om hjir en dêr noch stikjes út 'e film te knippen wêrfan't se fûnen dat it typysk Britske humor wie dy't it Amerikaanske filmpublyk net begripe soe. Dêrby gie it û.m. om 'e passaazje wêrby't in troch syn eigen clan hjitfolge MacLeod ferskate kearen in kopstjit kriget fan in famyljelid fan sines; it stikje fan 'e sêne mei it klassike duël yn 'e Pruketiid, wêryn't MacLeod syn tsjinstanner, om't MacLeod net deabliuwe wol, úteinlik sa terge is dat er syn eigen assistint deasjit; en it stikje fan 'e sêne yn 'e tsjerke wêryn't de Kurgan de hân fan 'e pastoar slikket ynstee fan tutet. De feroaring dêr't regisseur Russell Mulcahy it measte beswier tsjin makke, wie lykwols it fuortknippen fan 'e hiele sêne wêryn't MacLeod yn 'e Twadde Wrâldoarloch Rachel as lyts famke moetet. Neffens him wie dêr gjin inkele reden foar en wie de relaasje tusken harren sûnder dy sêne ûnbegryplik.

De soundtrack fan Highlander omfette it liet Who Wants to Live Forever fan 'e Britske band Queen, dat troch muzikant Brian May spesjaal skreaun waard foar de sênesekwinsje yn 'e film wêryn't te sjen is hoe't Heather almar âlder wurdt wylst MacLeod sels jong bliuwt. It nûmer waard in reuseftige hit. De soundtrack omfieme ek twa oare nûmers fan Queen: A Kind of Magic en Princes of the Universe. De soundtrack fan 'e film waard yn 1995 útbrocht op it album Highlander: The Original Scores, yn 'e mande mei de soundtracks fan 'e earste beide ferfolchfilms.

Fan 'e filmkritisy krige Highlander mingde resinsjes. Sa joech Matt Ford fan 'e BBC de film 3 fan 5 stjerren. Hy skreau: "Fan 'e deprimearjende, fan rein trochweakke noir-eske strjitten fan it 20e-iuwske Amearika oant de wylde iepen romte fan Midsiuwsk Skotlân plonderet Mulcahy de filmskiednis om syn oangripende swurdgefjochten tsjin gaadlik rûge dekôrs te pleatsen." Dêr foege er oan ta: "Wat de film ferliest troch knoffelich aktearjen, in swakke plot en pompeuze macho-eftige oanstellerij wurdt mear as kompinsearre mei in […] fjurrich fertoan fan moed, in [heech] tempo en mear as libbensgrutte aksje."

Neffens IGN is der "foar dizze jierren tachtich-film in protte te sizzen. De hurde MTV-eftige manear dêr't er op filme wie, is tsjintwurdich hiel normaal, mar wie doe baanbrekkend. Dizze film omfettet guon fan 'e bêste sêne-oergongen dy't ea op film fêstlein binne." Yn Leonard Maltin's 2009 Movie Guide parte Leonard Maltin Highlander yn 2008 mar 11/2 stjer fan 4 ta. Hy fette syn miening sa gear: "Ynteressant útgongspunt dat flau en ferfeelsum útwurke is."

Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat Highlander in goedkarringspersintaazje fan 69%, basearre op 36 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "Guon lju haatsje [dizze film] om't er flau, bombastysk en absurd is. Oaren hâlde derfan om deselde redens." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behellet Highlander in goedkarringspersintaazje fan 24%, basearre op 7 resinsjes.

Highlander brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $5,9 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $7,0 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $12,9 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $19 miljoen betsjut dat in ferlies fan $6,1 miljoen, dêr't de marketingkosten noch by komme. Lykwols, wat Highlander yn 'e bioskopen net wist berikken (om winst te meitsjen), krige de film neitiid wol foarinoar by ferhier yn 'e fideoteken en troch ferkeap as keapfideo. De film ûntjoech him al rillegau ta in wiere cultfilm, mei in trouwe skare fans.

It súkses fan Highlander, hoewol net yn 'e bioskoop, resultearre yn it ûntstean fan 'e Highlander-franchise. Der waarden trije ferfolchfilms makke: Highlander II: The Quickening (1991), Highlander III: The Sorcerer (1994) en Highlander: Endgame (2000). Dêrnjonken waard it útgongspunt fan 'e film adaptearre ta ferskate oare media, wêrûnder in animetekenfilm, twa tillefyzjesearjes, in tillefyzjefilm, twa tekenfilmsearjes, fideospultsjes, romans, koarte ferhalen, strips en in kaartspul.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.


Highlander (filmsearje)
Highlander (1986) • Highlander II: The Quickening (1991) • Highlander III: The Sorcerer (1994) • Highlander: Endgame (2000) • Highlander: The Source (2007) • Highlander: The Search for Vengeance (2007)