Conan the Barbarian (film út 1982)

Ut Wikipedy
Springe nei navigaasje Springe nei sykjen
Conan the Barbarian
Filmklapper.png film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
Conan the Barbarian 1982 film logo.png
makkers
regisseur John Milius
produsint Buzz Feitshans
Raffaella De Laurentiis
útfierend
   produsint
Albert R. Pressman
senario John Milius
Oliver Stone
basearre op Conan de Barbaar
   fan Robert E. Howard
kamerarezjy Duke Callaghan
muzyk Basil Poledouris
filmstudio Dino De Laurentiis Cinema-
   tografica

Edward R. Pressman Prod.
distribúsje Universal Pictures (Noard-Am.)
20th Century Fox (ynternasjonaal)
spilers
haadrollen Arnold Schwarzenegger
James Earl Jones
voice-over Mako Iwamatsu
byrollen Gerry Lopez
Sandahl Bergman
Max von Sydow
Mako Iwamatsu
skaaimerken
lân/lannen Flag of the United States.svg Feriene Steaten
Flag of Mexico.svg Meksiko
Flag of Spain.svg Spanje
premiêre 16 maart 1982
foarm langspylfilm
sjenre fantasy-aventoerefilm
taal Ingelsk
spyltiid 129 minuten
budget en resultaten
budget $16 miljoen
opbringst $68,9 miljoen
prizen Golden Globe
filmsearje
filmsearje Conan the Barbarian
● foarich diel Conan the Destroyer

Conan the Barbarian is in Amerikaansk-Meksikaansk-Spaanske fantasy-aventoerefilm út 1982 ûnder rezjy fan John Milius, mei yn 'e haadrollen Arnold Schwarzenegger en James Earl Jones. De titel betsjut "Conan de Barbaar", en ferwiist nei it ferneamde personaazje út 'e ferhalen fan Robert E. Howard. It ferhaal giet oer de jonge Conan, waans âldelju ombrocht wurde troch de tsjoender Thulsa Doom, de lieder fan in grizelige slangekultus. Hy groeit op yn slavernij, mar ûnderskiedt him as gladiator en wint úteinlik syn frijheid, wêrnei't er úteinset mei in lange kweeste om wraak te nimmen op 'e moardners fan syn âlden. Fan 'e filmkritisy kamen doedestiden foar it meastepart mingde oant negative resinsjes, hoewol't Conan the Barbarian hast fjirtich neitiid yn in folle positiver ljocht sjoen wurdt. De film wie yn 'e bioskopen kommersjeel súksesfol, hoewol't er net kwalifisearre wurde koe as in kaskreaker. Dochs kaam der yn 1984 in ferfolchfilm, dy't Conan the Destroyer hiet.

Plot[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De jonge Conan groeit op mank syn folk, de barbaarske Simmearjers. Op in dei wurdt syn doarp oanfallen troch in binde plonderders ûnder lieding fan 'e tsjoender Thulsa Doom, dy't in standert fiert fan in twakoppige slange boppe in swarte sinne en moanne. Conan syn heit, in smid, rekket ferwûne yn 'e striid en wurdt deabiten troch de hûnen fan 'e plonderders; syn mem besiket him te ferdigenjen, mar wurdt troch Thulsa Doom ûnthalze nei't er har fan 'e doele brocht hat mei syn hypnotisearjende blik. Ek alle oare folwoeksenen wurde ombrocht, en de bern, ûnder wa Conan, wurde as slaven fuortfierd om in grutte trêdmole oan 'e gong te hâlden dy't it Tsjil fan 'e Pine hjit.

As iennichste fan allegearre oerlibbet Conan dêr oant er folwoeksen wurdt en sa sterk is dat er de trêdmole allinne rûngean litte kin. Syn eigner begjint him dan yn te setten as gladiator, en nei't er ûntelbere twagefjochten wûn hat, wurdt er meinommen nei it Easten, dêr't er formele gefjochtstraining kriget fan masters yn 'e kriichskeunsten. Sa leart er net inkeld better hoe't er man-tsjin-mangefjochten winne moat, mar ek hoe't er mei it swurd en oare wapens omgean moat. Dêrnjonken wurdt him skriuwen en lêzen leard, en wurde tsjeppe froulju by him brocht om seks mei te hawwen. Nei't er noch in protte gefjochten wûn en syn eigner ryk makke hat, skinkt dy him syn frijheid.

Conan set ôf werom nei it Westen, mar wurdt op 'e flakten al rillegau neisitten troch in ridel ferwyldere hûnen. Hy siket beskûl op in ienlike rotsformaasje, dêr't er by fersin yn in grêftombe fan in âlde kening rûgelet. Hy stelt it swurd fan 'e kening, wêrmei't er him tsjin 'e hûnen ferdigenje kin. Neitiid doarmet er jierrenlang om en belibbet gâns aventoeren, mar oeral dêr't er komt, freget er oft immen ek it teken fan 'e twakoppige slange boppe de swarte sinne en moanne ken.

Op in dei, as er yn 'e wyldernis ûnderweis is, komt er by de wente fan in tsjeppe frou lâns, dy't him deryn nûget en him fertelt dat se wit wêr't er nei siket en ek wêr't er dat fine kin. Yn ruil foar dy ynformaasje wol se seks mei him hawwe. Dêr hat Conan gjin beswier tsjin, dat se reitsje tegearre op bêd en ûnder it bedriuwen fan 'e leafde fertelt de frou him dat er fine sil wat er siket yn 'e alâlde sted Shadizar yn it lân Zamora. Neitiid besiket se him te fermoardzjen, mar hy smyt har yn it hurdfjoer. Dan docht bliken dat se gjin gewoane minske is, mar in hekse, want se feroaret yn in ljochtsjend stal dat lûd laitsjend fuortflitst. De oare deis ûntdekt Conan bûten de wente fan 'e hekse in man dy't dêr mei keatlings fêstset is. Hy hjit Subotai en is in Hyrkanyske bôgesjitter en dief. Conan befrijt him en de beide mannen jouwe har tegearre ôf.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Conan folget it advys fan 'e hekse op en reizget nei Shadizar, en Subotai, dy't mei him befreone rekket, beselskippet him. As se yn Shadizar nei slangen freegje, wurde se trochwiisd nei de Toer fan 'e Slangen, it pleatslike hillichdom fan in nijeftige kultus om 'e god Set hinne, dy't slangen ferearet. Conan en Subotai geane dêrhinne om yn 'e timpel yn te brekken, mar ear't dat syn beslach krije kin, moetsje se in froulike bandyt, Valeria, dy't itselde fan doel is. Se smite de lapen gear en trijeresom kringe se de timpel yn, dêr't se juwiellen en oare kostberheden út it hillichdom stelle en dêrby in reuseftige slange deadzje dy't harren oanfalt. Conan fynt yn 'e timpel ek in hinger mei de twakoppige slange boppe de swarte sinne en moanne, wat bewiist dat er op juste spoar is.

Nei de súksesfolle ynbraak jouwe de trije dieven har oer oan feestfieren, en Conan rekket mei Valeria op bêd. De oare moarns wurde se lykwols oppakt troch de soldaten fan 'e pleatslike hearsker, de âlde kening Osric, dy't harren ferteld dat er wit wat se dien hawwe om't Rexor, de preester fan Set, by him west hat te kleien. Hy fertelt ek dat Rexor him bedrige mei de gefolgen as er de dieven net te pakken krije soe. Dat is Osric wolfergoed yn it ferkearde kielsgat sketten. Hy moat neat hawwe fan 'e slangekultus, en syn wjersin is noch helte grutter wurden om't syn eigen dochter, de prinsesse, har derby oansletten hat en in fanatyk folgelinge fan 'e hegepreester Thulsa Doom wurden is. Op dit eigenste stuit is hja ûnderweis nei syn Timpel fan Set yn 'e bergen om syn oarehelte te wurden. Osric oerlaadt Conan, Valeria en Subotai mei geskinken en ûnthjit harren noch helte mear as se syn dochter út 'e kloeren fan Thulsa Doom rêde wolle.

As Conan en Valeria op 'e nij tegearre de nacht trochbringe, fertelt sy him dat se smoarfereale op him rekke is en dat se leaut dat hy har wiere leafde is. Se seit ek dat se it der mei Subotai oer hân hat, en dat sy beiden it iens binne: se sille meinimme wat no hawwe en kening Osric en Thulsa Doom yn harren eigen sop gearsiede litte. Conan hâldt him stil, mar motivearre troch syn syktocht nei wraak set er ier de oare moarns allinne ôf nei de Timpel fan Set. Net fier dêr ôf moetet er by guon âlde grêfhichten Akiro, in freonlike tsjoender, dy't him goerie jout. Yn 'e momkape fan in preester fan Set kringt Conan de timpel yn, mar hy wurdt al rillegau opmurken, finzennommen en dêrnei martele. Thulsa Doom sprekt him belearend ta oer de macht fan it fleis, dy't er demonstrearret troch ien fan syn fanatike folgelingen te oarderjen om fan in klif ôf te springen, dat se te pletter falt. Dêrnei jout er opdracht om Conan te krusigjen oan 'e 'beam fan ûnk'.

Conan hinget dêr ferskate dagen oant Subotai him fynt, dy't him tegearre mei Valeria efternei reizge is. Subotai nimt him mei nei Akiro. Tsjin dy tiid is Conan de dea nei-oan, mar de tsjoender ropt geasten op om him te genêzen, al warskôget er dat dy in hege priis easkje sille. Valeria is lykwols ree om eltse priis te beteljen as dat it libben fan Conan rêde sil. Sa't Akiro al sein hie, besykje de geasten Conan te ûntfieren, mar Valeria en Subotai keare dat tsjin, en nei in oerenlange striid wurdt Conan genêzen.

Neitiid kringt Conan mei Subotai en Valeria fia de efterkant yn 'e Timpel fan Set om Osric syn wil te dwaan en de prinsesse te ûntfieren. Binnendoar ûntdekke se in kannibalistysk slachthûs dêr't oanhingers fan 'e kultus tamakke wurde om opiten te wurden troch de lieders. Fierderop, yn in soarte fan troanseal, fine trije dieven de prinsesse oan 'e fuotten fan Thulsa Doom. Se falle oan en deadzje ferskate trewanten fan 'e hegepreester. Conan befjochtet Rexor en Thorgrim, de beide ûnderkommandanten fan Thulsa Doom, mar de sektelieder sels sjocht harren oankommen, feroaret himsels yn in grutte slange, en glûpt fuort. Se naaie út mei de tsjinakseljende prinsesse, mar as se fuortride, sjit Thulsa Doom harren in pylk efternei dy't er makke hat fan in libbene slange. It ding treft Valeria yn 'e side, en se rekket deadlike ferwûne.

Letter stjert hja yn 'e earmen fan Conan, nei't se erkend hat dat dit de priis is dy't betelle wurde moast foar it rêden fan Conan syn libben. Hy kremearret har by de grêfhichten en risselwearret dan mei Subotai en Akiro foar in gefjocht mei Thulsa Doom en syn trewanten, dy't grif it fjoer fan Valeria har brânsteapel sjoen hawwe. Conan bidt ta de Simmearyske god Crom om him syn wraak te jaan. Troch it terrein fan 'e grêfhichten te brûken, dat dreech is foar oanfallers, en teffens troch it gebrûk fan falkûlen en oare falstrikken, witte Conan en Subotai de measte ûnderhearrigen fan Thulsa Doom te deadzjen. Ek Thorgrim komt sa oan syn ein. As Rexor letter op it punt stiet en deadzje Conan, ferskynt Valeria in stuit lang yn 'e foarm fan in wyt ljocht útsmitende walkuere, dy't de deadslach op har skyld opfangt. Dat jout Conan de kâns om wer oerein te klauwen, wêrnei't er Rexor deadet mei syn swurd.

As er al syn mannen kwytrekke is, besiket Thulsa Doom, dy't himsels net yn it striidgewoel weage hat, fan in ôfstân om 'e troch Conan mei keatlings fêstsette prinsesse dea te sjitten mei ien fan syn slangepylken. Har libben wurdt lykwols rêden as Subotai derfoar springt mei syn skyld. Dêrop flechtet Thulsa Doom werom nei syn timpel. De prinsesse, dy't troch it leffe besykjen om har út klearebare wrok dea te dwaan, hommels genêzen is fan har leafde foar de slangekultus, helpt Conan neitiid om op 'e nij yn 'e timpel yn te brekken, dêr't Thulsa Doom op datseldichste stuit syn folgelingen tasprekt. De sektelieder ûntfangt Conan mei iepen earms en besiket him mei syn blik te hypnotisearjen, mar Conan smyt de betsjoening ôf en slacht Thulsa Doom de holle ôf, dy't er dêrnei de folgelingen ûnderoan de treppen tasmyt. De desyllúzjonearre mannichte jout him ôf en rekket fersille. Conan stekt de timpel yn 'e brân en bringt yn 'e mande mei Subotai en Akiro de prinsesse werom by har heit. Yn in voice-over fertelt Akiro dat Conan neitiid noch withoefolle aventoeren belibbe en úteinlik troch syn eigen hân in troan bemachtige en kening fan Aquilonia waard.

Rolferdieling[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

haadrollen
personaazje akteur/aktrise
Conan de Barbaar Arnold Schwarzenegger
Thulsa Doom James Earl Jones


byrollen
personaazje akteur/aktrise
Subotai Gerry Lopez
Valeria Sandahl Bergman
kening Osric Max von Sydow
Akiro, de Tsjoender fan 'e Grêfhichten / ferteller Mako Iwamatsu
Rexor Ben Davidson
Thorgrim Sven-Ole Thorsen
de prinsesse, de dochter fan Osric Valerie Quennessen
de hekse Cassandra Gava
Conan syn heit William Smith
Conan syn mem Nadiuska
de jonge Conan Jorge Sanz

Personaazjes[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Conan de Barbaar is in ferneamd personaazje út 'e koarte ferhalen fan 'e Amerikaanske skriuwer Robert E. Howard út 'e 1930-er jierren. De optochte wrâld dêr't er yn libbet, hjit it Hyboarysk Tiidrek. Fan 'e 1960-er jierren ôf waard Conan fierder popularisearre yn it wurk fan auteurs dy't Howard syn styl neibearden, lykas L. Sprague de Camp en Lin Carter.

De antagonist út 'e film, Thulsa Doom, is in ferraning fan twa oarspronklike personaazjes út it wurk fan Howard. Syn namme komt fan 'e smjunt út in rige ferhalen dy't net oer Conan de Barbaar geane, mar oer in oare held, Kull fan Atlantis. Fan karakter hat er lykwols mear wei fan Thoth-Amon, in Stygyske tsjoender yn it Conan-ferhaal The Phoenix on the Sword. Foar de slangekultus fan Thulsa Doom putte regisseur John Milius út literatuer oer de Midsiuwske sjiïtyske oarder fan 'e assassinen en de moardnerssekte fan 'e thuggee, dy't Britsk-Ynje oant yn 'e njoggentjinde iuw ûnfeilich makke. Yn 'e ferhalen fan Howard is de ferearing fan 'e god Set, al hoe freeslik oft dy ek is, gjin sekte of kultus, mar ynstee de iuwenâlde steatsgodstsjinst fan Stygia, dat frijwol in teokrasy is.

It personaazje fan Valeria yn 'e film is allyksa basearre op twa oarspronklike personaazjes út it wurk fan Howard. Har namme komt fan Conan syn selskipsfrou yn it ferhaal Red Nails, wylst har karakter en lot basearre binne op dat fan Bêlit, de seerôverskeniginne yn Queen of the Black Coast. (De namme fan Valeria wurdt trouwens frjemd genôch nearne yn 'e film neamd; de iennichste sêne wêryn't dy brûkt waard trochdat se harsels foarstelt, waard by de filmmontaazje fuortknipt.) Subotai, de oare reismaat fan Conan yn 'e film, komt yn it wurk fan Howard alhiel net foar. Hy wie poer in kreaasje fan Milius, dy't him basearre op 'e histoaryske Sûbotai, ien fan 'e wichtichtste generaals fan 'e Mongoalske feroverder Djengis Khan.

Filmprodusint Dino De Laurentiis, de finansier fan Conan the Barbarian.

Produksje en distribúsje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Produksje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Fan 'e 1970-er jierren ôf stiene juridyske swierrichheden oangeande it besit fan 'e filmrjochten yn 'e wei fan in ferfilming fan 'e ferhalen oer Conan de Barbaar. Utjouwerij Lancer Books, dy't de rjochten yn 1966 yn 'e hannen krigen hie, gie bankrot en de filmrjochten waarden troch in rjochterlike útspraak beferzen. Yn 1975 krige filmprodusint Edward R. Pressman belangstelling foar it meitsjen fan in film oer Conan, mar hy wie allinnich al oant 1977 besteld mei it besetten fan 'e filmrjochten. Dy kosten him mar $7.500, mar hy spandearre mear as $100.000 oan juridyske kosten ear't it safier wie.

Oliver Stone waard oanlutsen as in "senarioskriuwer fan namme", nei't filmstudio Paramount Pictures de meiwurking fan sa'nent oan it skript as betingst steld hie foar it finansieren fan 'e film mei in budget fan $2,5 miljoen. John Milius krige belangstelling foar it projekt troch de searje tariedende skilderijen en tekenings dy't Ron Cobb yn opdracht fan Pressman makke. Milius wie in regisseur dy't yn Hollywood bekend stie om syn macho-senario's fan plysjefilms as Dirty Harry (1971) en Magnum Force (1973), mar hy wie al lange tiid in bewûnderder fan aventoerefilms as The Vikings (1958). Hy betong dat er it senario fan Stone nei eigen beleavjen oanpasse mocht. Om't Milius foar syn earstfolgjende film ûnder kontrakt stie by Dino De Laurentiis, in ynfloedrike Italjaansk-Amerikaanske produsint fan fantasyfilms, rekke dy ek by de ferfilming belutsen.

Conan de Barbarian waard sadwaande úteinlik regissearre troch Milius nei in senario fan himsels en Oliver Stone. As produsinten wiene Buzz Feitshans en Raffaella De Laurentiis, de dochter fan Dino De Laurentiis, by it projekt belutsen foar de studio's Edward R. Pressman Productions en Dino De Laurentiis Cinematografica. Pressman sels wie útfierend produsint. It úteinlike budget foar de film bedroech $16 miljoen. De film wie in Amerikaansk-Meksikaansk-Spaanske ko-produksje. De kamerarezjy waard dien troch Duke Callaghan, wylst de filmmuzyk fersoarge waard troch Basil Poledouris. De filmmontaazje, dy't útfierd waard troch C. Timothy O'Meara ûnder tafersjoch fan Milius, duorre mear as in jier.

Casting[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De produsinten casten de jonge Arnold Schwarzenegger yn 'e titelrol, nei't se syn bodybuildingfilm Pumping Iron sjoen hiene. Foar him wie Conan the Barbarian de film dy't syn karriêre as akteur opstarte soe. Om't Milius woe dat syn haadpersoan der minder spierd en mear atletysk útsjen soe, trainde Schwarzenegger oardel jier lang njonken syn bodybuildingrûtine ek mei hurddraven, touklimmen, hynsteriden en swimmen. Dêrmei foel er ôf fan 109 kg oant 95 kg. Der waarden twa wiere swurden foar him smeid, dy't elts $10.000 kosten.

In protte oare akteurs hiene likemin in protte ûnderfining mei aktearjen. Sa wie Gerry Lopez, dy't Subotai spile, in surfkampioen dy't earder inkeld himsels spile hie yn 'e film Big Wednesday (1978) fan Milius. Sandahl Bergman, in dûnseresse dy't foartiid inkeld figuranteroltsjes hân hie, waard foar de rol fan Valeria útkeazen nei't se Milius oanrikkemandearre wie troch Bob Fosse, dy't har regissearre hie yn All That Jazz (1979). De beide ûnderkommandanten fan Thulsa Doom, Rexor en Thorgrim, waarden spile troch Ben Davidson, in earder Amerikaansk fuotbalspiler foar de Oakland Raiders, resp. Sven-Ole Thorsen, in Deensk bodybuilder en karateka.

De rotsformaasjes fan 'e Ciudad Encantada ("Betsjoende Stêd") foarme it dekôr foar de moeting mei de hekse.

James Earl Jones, yn 'e rol fan 'e antagonist Thulsa Doom, Max von Sydow as kening Osric en Mako Iwamatsu, in Japansk-Amerikaansk akteur dy't Akiro spile en dy't nominearre west hie foar Oscars en Tony Awards, waarden oan 'e cast tafoege foar de breanedige ûnderfining.

Opnamen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De opnamen fan Conan the Barbarian setten yn oktober 1980 einlings en te'n lêsten útein yn 'e Shepperton Studios yn Londen. It hie eins de bedoeling west dat de measte sênes op lokaasje yn Joegoslaavje filme wurde soene, mar omreden fan soarch oer de politike stabiliteit fan dat lân nei it ferstjerren fan 'e langjierrige diktator Josip Broz Tito, keazen de produsinten derfoar om 'e produksje ynstee nei Spanje oer te bringen. Dêr begûnen de kamera's op 7 jannewaris 1981 te draaien en duorren de opnamen oant mids maaie. Der waard $3 miljoen útjûn oan 'e bou fan 49 ûnderskate filmsets en der waarden mear as 1.500 figuranten ynhierd.

It Simmearyske doarp fan 'e jonge Conan waard yn in wâld by it skyresort Valsaín boud, besuden Segovia. De grûn waard dêr besiedde mei moarmergrús ter wearde fan $12.000 om snie te simulearjen. De sênes mei it Tsjil fan 'e Pine waarden opnommen yn 'e provinsje Ávila. De moeting fan Conan mei de hekse en syn yn 'e kunde kommen mei Subotai fûn plak mank de rotsformaasjes fan 'e Ciudad Encantada ("Betsjoende Stêd") yn 'e provinsje Cuenca.

De measte bûtendoarsênes waarden lykwols filme yn 'e provinsje Almería, mei in steppeklimaat, ferskate terreinsoarten (lykas woastinen, bergen en strannen) en Romeinske en Moarske ruïnes dy't tige brûksum wiene. De Timpel fan Set waard dêr yn 'e bergen makke, likernôch 12 km bewesten de stêd Almería. It gebou wie 50 m lang en 22 m heech mei in treppen fan 120 triemmen, en koste $350.000 om te bouwen. Om 'e kosten te drukken, en om't Milius wegere syn taflecht te nimmen ta skildere lânskippen as dekôr, waarden ferskate miniatueren fan gebouwen makke troch Emilio Ruiz del Río, wêrnei't se sa foar de kamera delset waarden dat it troch gesichtsbedroch en perspektyf gebouwen fan wiere grutte lieken.

De muorren fan 'e Alcazaba fan Almería foarmen yn Conan the Barbarian it dekôr foar de bazaar.

Distribúsje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De distribúsje fan Conan the Barbarian waard yn Noard-Amearika fersoarge troch Universal Pictures, en yn 'e rest fan 'e wrâld troch 20th Century Fox. De film gie op 16 maart 1982 yn premiêre yn Spanje en iepene op 14 maaie yn 'e Amerikaanske bioskopen. Yn 'e 1980-er jierren waard Conan the Barbarian al útbrocht op VHS-keapfideo. De film kaam foar it earst op dvd beskikber yn 2000, yn in justjes útwreide ferzje mei twa minuten ekstra spyldoer (131 minuten).

Untfangst[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Conan the Barbarian krige, doe't de film útkaam, fan 'e filmkritisy oer it algemien mingde oant negative resinsjes. Dêrby waarden aspekten fan 'e film dy't de iene resinsint fûleindich bekritisearre, troch de oare as posityf ûnderfûn. Roger Ebert, dy't skreau foar de krante de Chicago Sun-Times, neamde Conan the Barbarian "in perfekte fantasij foar de [fan 'e hjoeddeistige maatskippij] ferfrjemde teenager". Syn kollega Richard Schickel omskreau de film lykwols yn it tydskrift Time as "in soarte fan psychopatyske Star Wars, stom en stom-meitsjend."

In protte krityk op 'e film wie rjochte op 'e werjefte fan it geweld. In soad filmkritisy hiene begjin 1980-er jierren net folle op mei portrettearrings fan gewelddiedigens yn Hollywoodfilms, en Jack Kroll, bygelyks, neamde Conan the Barbarian dêrom yn Newsweek "sûnder fleur of styl". Oan 'e oare kant fûnen Vincent Canby, Carlos Clarens en Pascal Mérigau dat it geweld yn 'e film nearne nei liek om't se op basis fan 'e koarte ferhalen fan Robert E. Howard folle mear bluodderigens ferwachte hiene. Neffens Paul Sammon, dy't it mei harren iens wie, makke it besykjen fan regisseur John Milius om yn 'e kontekst fan it geweld yn 'e film de koal en de geit te sparjen de werjefte fan it geweld yn 'e film "cartoonesk".

Yn lettere tiden kaam der in werwurdearring fan Conan the Barbarian, dat no yn beskate mjitte sjoen wurde kin as in cultfilm. Moderne filmkritisy binne folle positiver oer de film. Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat Conan the Barbarian in goedkarringspersintaazje fan 64% op basis fan 36 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "Hoewol't Conan himsels foar guon te serieus nimme mei, sit dizze aventoerefilm oer in eardere slaaf op 'e siik nei wraak fol mei pittige aksje en sitearbere dialooch fan Schwarzenegger." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behellet Conan the Barbarian in goedkarringspersintaazje fan 43%, basearre op 10 resinsjes.

Resultaat[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Opbringst[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Conan the Barbarian brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $38,5 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $30,4 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $68,9 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $16 miljoen betsjut dat in winst fan $52,9 miljoen, hoewol't dêr de marketingkosten noch wol ôf moatte. Dêrmei wie de film in kommersjeel súkses, mar gjin kaskreaker. Ferkeap op keapfideo en dvd hie lykwols oant en mei 2007 nochris $300 miljoen opbrocht foar de produsinten.

Prizen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

As film wûn Conan the Barbarian gjin prizen, mar Sandahl Bergman waard troch de Hollywood Foreign Press Association foar har rol fan Valeria de Golden Globe takend yn 'e kategory bêste froulike nije stjer fan it jier.

Ferfolgen, remake en oare ynfloeden[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Conan the Barbarian krige ien offisjele ferfolchfilm, te witten Conan the Destroyer, dy't yn 1984 útkaam. In twadde ferfolch, Conan the Conqueror, dêr't de fans oan 'e ein fan Conan the Destroyer waarm foar makke waarden, soe yn 1987 útkomme, mar dat rûn op 'e non. Letter waard it skript foar Conan the Conqueror omwurke ta Kull the Conqueror, in film mei Kevin Sorbo yn 'e titelrol, dy't yn 1997 útkaam. De film Red Sonja, út 1985, mei Brigitte Nielsen yn 'e titelrol en Arnold Schwarzenegger yn in ûnderstypjende rol, spile ek yn it Hyboarysk Tiidrek. Ferskate oare fantasyfilms út dy jierren binne troch filmkritisy wol weiset as neibearings fan Conan the Barbarian, wêrûnder The Beastmaster (1982).

Yn 2011 waard der in remake fan Conan the Barbarian makke, dy't ek Conan the Barbarian hiet, al mocht it fan 'e produsinten net sa neamd wurde. De plot fan dy film, wêryn't Jason Momoa de titelrol fertolke, is lykwols folslein oars. Yn 2012 waard bekendmakke dat Universal Pictures plannen hie om Schwarzenegger dochs nochris yn 'e rol fan Conan weromkeare te litten. Dêr waard neitiid lang neat fan heard, mar yn oktober 2019 befêstige Schwarzenegger dat dy film, dy't Conan the King komme soe te hjitten, noch altyd yn aktive preproduksje wie.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes, op dizze side.

films basearre op 'e wurken fan Robert E. Howard
Conan the Barbarian (1982) • Conan the Destroyer (1984) • Red Sonja (1985) • Kull the Conqueror (1997) • Solomon Kane (2009) • Conan the Barbarian (2011)