Kevin Sorbo
Kevin Sorbo | ||
akteur | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Kevin David Sorbo | |
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
berne | 24 septimber 1958 | |
berteplak | Mound (Minnesota) | |
etnisiteit | Noarsk Dútsk Ingelsk Skotsk | |
jierren aktyf | 1986 – no | |
offisjele webside | ||
www.kevinsorbo.net |
Kevin Sorbo (folút: Kevin David Sorbo; Mound (Minnesota), 24 septimber 1958), is in Amerikaansk akteur, regisseur, film- en tillefyzjeprodusint en autobiografysk skriuwer, dy't benammentlik bekend wurden is troch syn titelrol yn 'e fantasytillefyzjesearje Hercules: The Legendary Journeys en troch syn rol as kaptein Dylan Hunt yn 'e science fiction-tillefyzjesearje Andromeda.
Libben en karriêre
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Jonkheid en oplieding
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Sorbo waard yn 1958 berne yn Mound, yn 'e Amerikaanske steat Minnesota, as de soan fan Ardis Sorbo, in ferpleechkundige, en dy syn frou Lynn, in wiskunde- en biologyleararesse. Syn famylje is fan Noarsk komôf, mei dêropta noch wat Ingelsk, Dútsk en Skotsk bloed, en hy is luthersk grutbrocht.
Sorbo folge de middelbere skoalle oan 'e Mound Westonka High School en studearre dêrnei marketing en reklamekunde oan 'e Steatsuniversiteit fan Minnesota te Moorhead. As bybaantsje begûn er ûnder syn stúdzje as model. Fia dat wurk rekke er min ofte mear by fersin oan it aktearjen, begjinnende yn 'e twadde helte fan 'e 1980-er jierren mei in stikmannich gastroltsjes op 'e tillefyzje, û.o. yn 'e soapsearje Santa Barbara, de detektivesearje Murder, She Wrote en de plysjesearje The Commish.
Aktearkarriêre
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Sorbo wie gadingmakker foar de rol fan Superman yn 'e tillefyzjesearje Lois and Clark: The New Adventures of Superman, dy't úteinlik nei Dean Cain gie, en ek foar de rol fan Fox Mulder yn The X Files, wêrfoar't úteinlik David Duchovny oannommen waard. Mar yn 1994 krige er bekendheid mei in fiiftal súksesfolle tillefyzjefilms wêryn't er de held en healgod Herkules (of Hearakles) út 'e Grykske mytology spile: Hercules and the Amazon Women, Hercules and the Lost Kingdom, Hercules and the Circle of Fire, Hercules in the Underworld en Hercules in the Maze of the Minotaur.
Dy fiif tillefyzjefilms tsjinnen as pilotôfleverings foar de fantasytillefyzjesearje Hercules: The Legendary Journeys, dy't fan 1995 oant 1999 rûn, en dêr't Sorbo withoe populêr mei waard. Hy spile Herkules ek ferskate kearen yn in gastrol yn 'e spin-off-searje Xena: Warrior Princess, mei de Nijseelânske aktrise Lucy Lawless yn 'e titelrol. Yn 1998 wurken Sorbo en Lawless beiden as stimakteurs mei oan 'e direkt-op-fideo útbrochte animaasjefilm Hercules and Xena – The Animated Movie: The Battle for Mount Olympus. Behalven as akteur wie Sorbo by inkele ôfleverings fan Hercules: The Legendary Journeys ek belutsen as regisseur.
Yn 1997 hie Sorbo de haadrol yn 'e fantasyfilm Kull the Conqueror, nei de ferhalen oer de held Kull fan Atlantis út it wurk fan Robert E. Howard. Fan 2000 oant 2005 spile er fierders kaptein Dylan Hunt yn 'e science fiction-tillefyzjesearje Andromeda, dêr't er ek útfierend produsint fan wie. Hy hie gastrollen yn 'e komeedzjesearjes Just Shoot Me!, Dharma & Greg, According to Jim en Two and a Half Men en in weromkearende rol yn 'e dramasearje The O.C. Ek wie Sorbo te sjen as Nick Prescott yn 'e film Walking Tall: The Payback, út 2007, dy't it ferfolch wie op Walking Tall út 2004. Hy spile deselde rol jitris yn Walking Tall: Lone Justice, ek út 2007. Dat jiers wied er ek te sjen as de predikant yn 'e tillefyzjefilm Avenging Angel.
Yn 2008 hie Sorbo in lyts roltsje yn 'e filmparody Meet the Spartans, en yn 2010 spile er yn 'e science fiction-fampierefilm Tales of an Ancient Empire. Yn 2012 wied er foar it earst as útfierend produsint belutsen by in filmproduksje, te witten Abel's Field, dêr't er ek de titelrol yn spile. Datselde jiers die Sorbo mei oan in ôflevering fan 'e searje Celebrity Ghost Stories, wêryn't er fertelde dat hy en syn doetiidske faam koart nei syn ôfstudearjen yn Minnesota it spûk fan 'e Breid fan White Rock Lake sjoen hiene, in frou dy't neffens de pleatslike folkloare op har houliksdei fermoarde wie troch in eardere minner.
Yn 2013 wiene Sorbo en syn frou Sam allebeide as stimakteurs belutsen by it fideospultsje Cloudberry Kingdom. Yn 2014 spile er yn 'e film God's Not Dead in ateïstyske heechlearaar dy't syn eigen opfettings oan syn studinten besiket op te kringen. Datselde jiers wie Sorbo foar it earst yn 'e rol fan 'e tsjoender Gojun Pye te sjen yn 'e fantasyfilm Mythica: A Quest for Heroes. Dyselde rol fertolke er noch fjouwer kear, yn Mythica: The Darkspore (2015), Mythica: The Necromancer (2015), Mythica: The Iron Crown (2016) en Mythica: The Godslayer (2016). Yn 2017 spile Sorbo de rol fan kening Lar Gand fan Daxam yn 'e searje Supergirl, mei as tsjinspylster Teri Hatcher as keninginne Rhea. De earste film dy't Sorbo sels regissearre, it kristlike drama Let There Be Light, kaam ek yn 2017 út.
Priveelibben
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Sûnt 5 jannewaris 1998 is Sorbo troud mei aktrise Sam Jenkins, dy't er in jier earder met hie doe't se in gastrol yn Hercules: The Legendary Journeys hie. Mei har hat er trije bern: Braedon Cooper Sorbo (2001), Shane Haaken Sorbo (2004) en Octavia Flynn Sorbo (2005).
Yn 1997 ûntwikkele Sorbo in aneurisma yn syn skouder, dêr't er trije oerhalen efterinoar fan krige. Fan gefolgen wie syn sûnens de earstfolgjende jierren swak, mar dat hold er geheim foar it publyk. Dit wie ek de reden dat yn 'e beide lêste seizoenen fan Hercules: The Legendary Journeys (1998 en 1999), om Sorbo te ûntsjen, de rol fan Herkules wat belytse waard en der mear en gruttere gastrollen tafoege waarden. De oerhalen waarden nei alle gedachten feroarsake troch it loslitten fan bloedpropkes út it aneurisma, doe't Sorbo sûnder euvelmoed foar in sear skouder nei de fysioterapeut gie. Se makken dat er foargoed 10% fan syn gesichtsfermogen ferlear, him lange tiid slop fielde en lykwichtssteurings en migrênes hie. Yn syn autobiografy True Strength, dy't yn 2011 útkaam, brocht Sorbo dit allegear foar it earst út, en dêryn fertelde er ek hoe't syn nije frou Sam him holpen hie om wer op te betterjen.
Yn 2013 krige Sorbo de Public Leadership in Neurology Award fan 'e Amerikaanske Akademy foar Neurology en de Amerikaanske Harsensstifting foar syn krewearjen om it algemien bewustwêzen oangeande oerhalen te ferbetterjen. Datselde jiers ûntfong er ek de Inspiration Honors Award fan 'e Feriening foar Unsichtbere Beheinings.
Op polityk mêd wie Sorbo foarhinne moderaat, mei't er sei dat er sawol op 'e Republikein Ronald Reagan as op 'e Demokraat Bill Clinton stimd hie. Yn 'e 2010-er jierren oppenearre er him lykwols as in oanhinger fan Donald Trump en in fersprieder fan 'e ûntkrêfte gearspanningsteory dat de Bestoarming fan it Amerikaanske Kapitoal troch Trump-oanhingers, op 6 jannewaris 2021, útfierd wie troch progressiven om Trump en syn efterban te belasterjen.
Filmografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Filmografy as akteur | |||
jier | titel | rol of funksje | opmerkings |
---|---|---|---|
tillefyzje | |||
1988 | 1st & Ten | Barry | gastrol; ôfl. ...The Clock Runs Out |
1991 | Santa Barbara | pakjesbesoarger | gastrol; 1 ôfl. |
1992 | Cheers | ? | gastrol; ôfl. License to Hill |
1992 | Condition: Critical | dokter Thaddeus Kocinski | tillefyzjefilm |
1993 | Murder, She Wrote | Michael Burke | gastrol; ôfl. A Virtual Murder |
1993 | The Commish | Mark | gastrol; ôfl. Dying Affection |
1994 | Hercules and the Amazon Women | Herkules | tillefyzjefilm |
1994 | Hercules and the Lost Kingdom | Herkules | tillefyzjefilm |
1994 | Hercules and the Circle of Fire | Herkules | tillefyzjefilm |
1994 | Hercules in the Underworld | Herkules | tillefyzjefilm |
1994 | Hercules in the Maze of the Minotaur | Herkules | tillefyzjefilm |
1995–1999 | Hercules: The Legendary Journeys | Herkules | fêste rol; 111 ôfl.; ek regisseur fan ôfl. 2.17 en 3.20 |
1995 | Cybill | Rick | gastrol; ôfl. The Last Temptation of Cybill |
1995–2000 | Xena: Warrior Princess | Herkules | gastrol; 2 ôfl. |
1998 | Hercules and Xena – The Animated Movie: The Battle for Mount Olympus | Herkules | as stimakteur |
1999 | Just Shoot Me! | Scott | gastrol; ôfl. An Axe to Grind |
2000–2005 | Andromeda | kaptein Dylan Hunt | fêste rôl; 110 ôf.; ek útfierend produsint |
2001 | Dharma & Greg | Charlie | weromkearende rol; 4 ôfl. |
2003 | According to Jim | Darryl Buckner | gastrol; ôfl. The Pass |
2004 | Hope & Faith | Kenny | gastrol; ôfl. Mismatch |
2005 | Love, Inc. | pastoar John | gastrol; ôfl. Amen |
2006 | Two and a Half Men | Andy | gastrol; ôfl. Always a Bridesmaid, Never a Burro |
2006 | Last Chance Café | Chance Coulter | tillefyzjefilm |
2006–2007 | The O.C. | Frank Atwood | weromkearende rol; 7 ôfl. |
2007 | Avenging Angel | predikant | tillefyzjefilm |
2007 | Psych | Byrd Tatums | gastrol; ôfl. Bounty Hunters! |
2007 | Something Beneath | pastoar Douglas Middleton | tillefyzjefilm |
2008 | Never Cry Werewolf | Redd Tucker | tillefyzjefilm |
2008 | The Middleman | Guy Goddard | gastrol; ôfl. The Obsolescent Cryogenic Meltdown |
2009 | Gary Unmarried | Larry | gastrol; ôfl. Seven |
2009 | Lightning Strikes | Ted Bradly | tillefyzjefilm |
2009–2010 | Super Hero Squad Show | Ka-Zar | as stimakteur; weromkearende rol; 2 ôfl. |
2009 | Wolf Canyon | Rick / sheriff Wolf | tillefyzjefilm; ek útfierend produsint |
2010 | Hawaii Five-0 | Carlton Bass | gastrol; ôfl. Ko'olauloa |
2010 | The Santa Suit | Drake Hunter / de Krystman | tillefyzjefilm |
2011 | Flesh Wounds | ynspekteur Tyler | tillefyzjefilm |
2011 | The Guild | himsels | gastrol; ôfl. Social Traumas |
2012 | Don't Trust the B---- in Apartment 23 | himsels | gastrol; ôfl. The Wedding |
2012 | Key & Peele | Brad | gastrol; ôfl. 2.6 |
2012 | Christmas Angel | dokter Nathan Davis | tillefyzjefilm |
2012 | The Eric André Show | himsels | gastrol; ôfl. The Eric André New Year's Eve Spooktacular |
2013 | Shadow on the Mesa | Ray Eastman | tillefyzjefilm |
2017 | Supergirl | kening Lar Gand fan Daxam | weromkearende rol; 3 ôfl. |
films | |||
1993 | Slaughter of the Innocents | John Willison | |
1997 | Kull the Conqueror | Kull fan Atlantis | |
2004 | Clipping Adam | pastoar Dan | |
2007 | Walking Tall: The Payback | Nick Prescott | direkt-op-fideo útbrocht |
2007 | Walking Tall: Lone Justice | Nick Prescott | direkt-op-fideo útbrocht |
2008 | Meet the Spartans | de kaptein | |
2008 | Prairie Fever | Preston Biggs | direkt-op-fideo útbrocht |
2008 | An American Carol | George Mulrooney | |
2009 | Fire from Below | Jake Denning | |
2009 | Bitch Slap | Phoenix | |
2010 | What If... | Ben Walker | |
2010 | Wog Boy 2: Kings of Mykonos | Pierluigi | |
2010 | Tales of an Ancient Empire | Aedan | |
2010 | Pool Boy: Drowning Out the Fury | Sal Bando | |
2010 | Paradox | Sean Nault | |
2011 | Soul Surfer | Holt Blanchard | |
2011 | Julia X | de Frjemdling | |
2011 | Coffin | ? | |
2012 | Abel's Field | Abel | ek útfierend produsint |
2012 | Black Box | James | |
2012 | Sorority Party Massacre | haadynspekteur Dan Fanning | |
2012 | FDR: American Badass! | Abraham Lincoln | |
2013 | Paranormal Movie | befeiligingsman | |
2013 | Storm Rider | Sam Fielding | |
2013 | Alone for Christmas | Quentin | direkt-op-fideo útbrocht |
2014 | Alongside Night | dokter Martin Vreeland | ek útfierend produsint |
2014 | Survivor | haadynspekteur Hunter | |
2014 | The Black Rider: Revelation Road | Honcho | |
2014 | Coffee Shop | Produzent | |
2014 | God's Not Dead | prof. Jeffrey Radisson | |
2014 | Mythica: A Quest for Heroes | Gojun Pye | |
2015 | Confessions of a Prodigal Son | heit | |
2015 | The Sparrows: Nesting | pastoar Dave | |
2015 | Single in South Beach | Sam | |
2015 | Hope Bridge | pastoar | |
2015 | Mythica: The Darkspore | Gojun Pye | |
2015 | Gallows Road | Frank | |
2015 | Mythica: The Necromancer | Gojun Pye | |
2016 | Caged No More | Richard / Jack | |
2016 | Mythica: The Iron Crown | Gojun Pye | |
2016 | Rodeo Girl | Duke Williams | |
2016 | Mythica: The Godslayer | Gojun Pye | |
2016 | Spirit of the Game | Parley Condie | |
2017 | Let There Be Light | dokter Sol Harkins | ek regisseur |
2018 | Bernie the Dolphin | ? | |
2019 | The Reliant | ? | |
2019 | Miracle in East Texas | Doc Boyd | ek regisseur |
2021 | The Girl Who Believes in Miracles | dokter David Riley | |
2021 | Trail Blazers | Ethan | |
fideospultsjes | |||
2009 | The Conduit | Prometeus | as stimakteur |
2010 | God of War III | Herkules | as stimakteur |
2012 | Skylanders: Giants | Crusher | as stimakteur |
2013 | Skylanders: Swap Force | Crusher | as stimakteur |
2013 | Cloudberry Kingdom | Bob | as stimakteur |
2014 | Skylanders: Trap Team | Crusher | as stimakteur |
2015 | Smite | Herkules (Retro Skin) | as stimakteur |
2015 | Skylanders: SuperChargers | Crusher | as stimakteur |
2016 | Skylanders: Imaginators | Crusher | as stimakteur |
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- (in) Offisjele webside fan Kevin Sorbo
- (in) Folsleine filmografy fan Kevin Sorbo yn 'e Internet Movie Database (IMDb)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|
- Amerikaansk telefyzje-akteur
- Amerikaansk filmakteur
- Amerikaansk stimakteur
- Amerikaansk telefyzjeregisseur
- Amerikaansk telefyzjeprodusint
- Amerikaansk filmregisseur
- Amerikaansk filmprodusint
- Amerikaansk autobiograaf
- Amerikaansk persoan fan Dútsk komôf
- Amerikaansk persoan fan Ingelsk komôf
- Amerikaansk persoan fan Noarsk komôf
- Amerikaansk persoan fan Skotsk komôf
- Persoan berne yn 1958