Xena: Warrior Princess

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Xena: Warrior Princess
makkers
betocht troch John Schulian,
Robert G. Tapert
ûntwikkele troch R.J. Stewart
produsint(en) Robert G. Tapert,
Sam Raimi
tillevyzjestudio Pacific Renaissance Pictures
spilers
haadrollen Lucy Lawless,
Renee O'Connor
skaaimerken
sjenre aksje/aventoer,
fantasy (sword and sorcery)
seizoenen 6
jierren 1995-2001
tal ôfl. 134
spyltiid (de ôfl.) 45-48 min.
lân/lannen Flag of the United States.svg Feriene Steaten
taal Ingelsk
prizen 1 Emmy Award

Xena: Warrior Princess ("Xena: Krigerprinsesse") wie in tige súksesfolle Amerikaanske tillevyzjesearje dy't seis seizoenen rûn, fan 4 septimber 1995 oant 18 juny 2001, en dy't yn withoefolle lannen útstjoerd is. It wie in saneamde spin-off fan in oare searje, Hercules: The Legendary Journeys, en gie oer de heldinne Xena, spile troch de Nijseelânske aktrise Lucy Lawless, dy't tegearre mei har selskipsfrou Gabrielle (Renee O'Connor) yn it Grikelân sa't dat min ofte mear beskreaun wurdt yn 'e Grykske mytology alderhanne aventoeren belibbe.

Untstean[bewurkje seksje | edit source]

Yn 1994 waarden der fjouwer tillevyzjefilms makke oer de Grykske held en healgod Herkules (of Heraklês), mei de Amerikaanske akteur Kevin Sorbo yn 'e haadrol: Hercules and the Amazon Women, Hercules and the Lost Kingdom, Hercules and the Circle of Fire, Hercules in the Underworld en Hercules in the Maze of the Minotaur. Dy films waarden sa goed ûntfongen, dat der besletten waard en meitsje in tillevyzjesearje oer Herkules. Dat waard Hercules: The Legendary Journeys, dat fan 1995 oant 1999 rûn, en dêr't Sorbo withoe populêr mei waard.

Yn in ôflevering yn seizoen 1, út 1995, kaam it personaazje Xena foar, in wrede, manipulative en oarlochssuchtige oanfierster fan in leger ferkeardelingen, dy't sawol de fans as de makkers fan 'e rige sa yntrigearre, dat se weromhelle waard foar in twadde ôflevering. Dêryn komt se ûnder ynfloed fan Herkules ta ynkear, en nimt se har foar om fan no ôf oan har formidabele fjochtkeunst inkeld noch yn te setten om 'e ûnskuldigen te beskermjen tsjin lju lykas dat sysels earst wie. De plot fan dy twadde ôflevering wie in oergong dy't in eigen spin-off-rige foar Xena mooglik makke, en noch datselde jiers gie dy searje fan start.

Produksje[bewurkje seksje | edit source]

Xena: Warrior Princess waard betocht troch John Schulian en Robert G. Tapert, ûntwikkele troch R.J. Stewart, en produsearre troch Tapert en Sam Raimi. De searje kin sawol yndield wurde by it aksje/aventoeresjenre as ûnder fantasy (subsjenre: sword and sorcery), mei't der alderhanne mytyske wêzens yn foarbykomme en goaden en tsjoenderij der in wichtige rol yn spylje. It ferhaal hjit te spyljen yn it âlde Grikelân, mar de makkers namen geregeldwei in anagronistysk loopke mei sawol skiednis as ierdrykskunde, sadat se der altemets teffens Aziatyske, Egyptyske, Romeinske en Midsieuske tema's en personaazjes yn bemjuksje koene. Sa moetet Xena sawol Homearus, dy't om 850 f.Kr. libbe, as Julius Caesar, dy't om 50 f.Kr. libbe. Fierders liet it fleksibele ramtwurk dan 'e searje in grut ferskaat oan stilen ta, fan melodrama oant slapstick oant planute aksje.

Foar de rol fan Xena waard de Nijseelânske aktrise Lucy Lawless oanlutsen, dy't earder al in rol hân hie yn 'e film Hercules and the Amazon Women. De earste kar fan 'e produsinten wie trouwens de Britske aktrise Vanessa Angel, mar dy wie troch sykte ferhindere. De rol fan Xena har selskipsfrou Gabrielle waard oanbean oan 'e Amerikaanske Sunny Doench, mar mei't de searje yn syn folsleinens opnommen wurde soe yn Nij-Seelân, en sy net sa lang by har freon wei woe, sloech se de rol ôf. Sadwaande waard er doe oan Renee O'Connor taparte, dy't ek mei Kevin Sorbo yn Hercules and the Lost Kingdom spile hie. De oare weromkearende rollen giene fierhinne nei (foartiid) frijwol ûnbekende Amerikaanske en Nijseelânske akteurs. De muzyk foar de searje waard skreaun troch komponist Joseph LoDuca, dy't de titelmuzyk basearre op it tradysjele Bulgaarske folksferske Kaval Sviri.

Renee O'Connor op 'e Xena-konvinsje yn 'e Amerikaanske steat Nij-Jersey, yn 2007.

Alle ôfleverings fan Xena: Warrior Princess binne opnommen yn Nij-Seelân. Hoewol't guon filmlokaasjes geheim holden waarden, is bekend dat in protte sênes opnommen binne yn it Regionaal Park Waitakere Ranges, deunby de metropoal Auckland.

Utgongspunt fan 'e plot[bewurkje seksje | edit source]

De searje giet oer de aventoeren fan Xena nei't dy troch har konfrontaasje mei Herkules (yn Hercules: The Legendary Journeys) ta ynkear kommen is en har posysje as rôverhaadfrou ôfsward hat. Ynstee besiket se no har ferkearde dieden goed te meitsjen. Dêrby moetet se Gabrielle, in jong fanke dat se rêdt út 'e hannen fan slavekeaplju. Al binne de ôfleverings fan 'e searje ek noch sa spannend en aventoerlik, yn wêzen draait it ferhaal om 'e beide haadpersonaazjes en harren ûnderlinge relaasje.

Foar Xena falt it net ta en bliuw op it rjochte paad. Sels as it har slagget om goed te dwaan, bliuwt se der by harsels fan oertsjûge dat se eins in boasaardich minske is en dat se har bloedige ferline net mei goede dieden kompinsearje kin. Dy ynderlike striid is in wichtige motivaasje foar har dwaan en litten. Gabrielle wurdt yn 'e searje folge wylst se opgroeit ta folwoeksenens, in proses dat fansels net sûnder tsjinslach en teloarstellings ferrint. Mar by alle ellinde, dea en ferrie wegeret se dochs om har fertrouwen yn it goede fan 'e minske op te jaan. Oan it begjin fan 'e searje is dat noch in nayf leauwe, mar letter wurdt it foar har in bewuste kar en libbensfilosofy, wêrmei't se Xena har driuw ta goedens fan bûtenôf ûnderstipet.

Harren tsjinstanners rinne útinoar fan hierlingen oant goaden, mar de wichtichste (weromkearende) fijannen binne Callisto, in frou wa har doarp oft Xena yn har minne dagen platbaarnd hat; Ares, de kriichssuchtige god fan 'e oarloch; Afrodite, de eigenikkige goadinne fan 'e leafde; de gemiene sjamanesse Alti; en de Romein Julius Caesar. Oan 'e oare kant steane Xena en Gabrielle harren freonen, dy't gauris foar de komyske noat yn 'e searje soargje, benammen de goedbedoelende blast Joxer (of "Joxer de Machtige", sa't er himsels neamd) en de lêfe keapman/oplichter Salmoneus. Ek Herkules (Kevin Sorbo yn in gastrol) makket ferskate kearen syn opwachting.

Rolferdieling[bewurkje seksje | edit source]

haadrollen
personaazje akteur/aktrise
Xena Lucy Lawless
Gabrielle Renee O'Connor
weromkearende byrollen
personaazje akteur/aktrise
Callisto, Xena har aartsfijâninne Hudson Leick
Ares, de god fan 'e oarloch Kevin Tod Smith
Afrodite, goadinne fan 'e leafde Alexandra Tydings
Herkules Kevin Sorbo
Joxer Ted Raimi
Amarice, in freondinne fan Xena Jennifer Sky
Autolycus, kening fan 'e dieven Bruce Campbell
Salmoneus, keapman en oplichter Robert Trebor
Julius Caesar Karl Urban
de sjamanesse Alti, in fijâninne Claire Stansfield
de dichter-kriger Virgil William Gregory Lee
de spirituële genêzer Eli Tim Omundson

Adaptaasjes[bewurkje seksje | edit source]

Mei't Xena: Warrior Princess in daverjend súkses wie, is de searje adaptearre ta in ferskaat oan oare media, wêrûnder tekenfilms, romans, stripferhalen en fideospultsjes. De tekenfilm Hercules and Xena: The Battle for Mount Olympus kaam út yn 1997, mei de stimmen fan 'e orizjinele akteurs. Sûnt 2011 fiere in grut al fûleindige Xena-fans fan oer de hiele wrâld kampanje om fan 'e searje in echte spylfilm te meitsjen, sa't ek dien is by oare tillevyzjerigen, lykas Charley's Angels.

Untfangst en resultaat[bewurkje seksje | edit source]

De muzyk fan Xena: Warrior Princess waard bysûnder goed ûntfongen troch de tillevyzjeresinsinten, en komponist Joseph LoDuca wûn dêr in Emmy Award (de wichtichste Amerikaanske tillevyzjepriis) foar, wylst er foar seis oare Emmy's nominearre waard. Fierders wûn de searje 5 ASCAP Film and Television Awards en in New Zealand Film and TV Award.

Xena krige in grutte kliber trouwe fans fan oer de hiele wrâld, dy't boppemjittich útskaaide nei homo's en fral lesbiënnes, om't de dûbelsinnige relaasje tusken Xena en Gabrielle as lesbysk opfet waard. Sadwaande waarden de beide personaazjes troch de lesbyske mienskip yn benammen de Feriene Steaten omearme as foarbylden en ikoanen. In groep lesbiënnes dy't harrensels The Marching Xenas ("De Marsjearjende Xena's") neame, hawwe sûnt oan in grut tal gay parades meidien. De fraach oft Xena en Gabrielle wier-wier in lesbyske relaasje ûnderholden, waard troch de makkers fan 'e searje mei sin ûnbeäntwurde litten, al sei Lucy Lawless letter yn it fraachpetear dat se, derop weromsjend, mient dat de relaasje "beslist lesbysk" wie.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en referinsjes[bewurkje seksje | edit source]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.