Springe nei ynhâld

Kevin Tod Smith

Ut Wikipedy
Kevin Tod Smith
akteur
persoanlike bysûnderheden
echte namme Kevin Tod Smith
nasjonaliteit Nijseelânsk
berne 16 maart 1963
berteplak Auckland (Nij-Seelân)
stoarn 15 febrewaris 2002
stjerplak Peking (Sina)
etnisiteit Angelsaksysk Nijseelânsk
Ingelsk
Dútsk
Tongaansk
jierren aktyf 19872002
offisjele webside
gjint

Kevin Tod Smith, ropnamme Kev (Auckland, 16 maart 1963Peking, 15 febrewaris 2002), wie in Nijseelânsk akteur fan mingd etnysk Angelsaksysk Nijseelânsk, Ingelsk, Dútsk en Tongaansk komôf. Hy krige ynternasjonaal bekendheid troch syn rol as de Grykske oarlochsgod Ares yn 'e populêre Amerikaanske tillefyzjesearjes Hercules: The Legendary Journey en Xena: Warrior Princess. In ûngelokkige fal makke yn 2002, doe't er 38 jier wie, in ein oan syn libben.

Jonkheid & oplieding

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Smith waard yn 1963 bern yn it Nijseelânske Auckland. Syn mem wie fan Fidzjiaansk komôf, wylst syn heit in Pakeha, in blanke Nijseelanner, wie. Doe't er alve jier wie, ferfear it gesin nei it stedsje Timaru, op it Sudereilân, dêr't er fan 1976 oant 1979 op 'e middelbere skoalle siet. Yn dy tiid died er oan teäter, rugby en keunstskilderjen, en dêrnjonken spile er ek yn in rock n' roll-bandsje. Yn 1979 gied er út 'e hûs en ferfear er nei in keamer boppe in grientesaak yn 'e stêd Christchurch. Dêr bedripte er him mei in ferskaat oan baantsjes oant er mei tweintich jier, yn 1983, in stúdzje begûn oan 'e Universiteit fan Canterbury. Wylst er noch studearre, troude er yn 1986 mei syn freondinne fan 'e middelbere skoalle, Suzanne ("Sue"), mei wa't er trije soannen krige, Oscar, Tyrone en Willard.

Nei't er yn 1987 in harsensskodding oprûn hie by it spyljen yn 'e universitêre rugbykompetysje, wied er twongen en hâld trije wiken rêst. Syn frou seach in advertinsje oer audysjes foar in musikal oer it libben fan Elvis Presley, en om syn sinnen wat te fersetten, joech se him dêrfoar op. Smith krige de rol fan 'e liifwacht JoJoe, en doe hied er blykber de smaak te pakken, want letter dat jiers joech er him by it Christchurch's Court Theatre. De folgjende trije jier stied er geregeldwei op 'e planken yn rollen as Don Pedro, út Shakespeare syn Much Ado About Nothing en Stanley Kowalski út Tennessee Williams syn A Streetcar Named Desire. Yn 1989 krige er syn earste rol op 'e tillefyzje, yn 'e soapsearje Gloss, as de sjarmante ferkeardeling Demian Vermeer. Dêrfoar ferhuze er nei Auckland, dêr't de searje opnommen waard.

Yn 'e jierren dêrnei fertolke Smith in grut tal rollen op 'e Nijseelânske tillefyzje, wêrûnder dy fan Paul Cosic yn 'e lêste beide seizoenen (1994 en 1995) fan 'e primetime-dramasearje Marlin Bay. Foar dy rol wûn er yn 1995 de New Zealand Film and Television Award foar bêste byrol fan in akteur. Datselde jiers hied er in byrol yn 'e Amerikaanske (mar yn Nij-Seelân) opnommen searje Hercules: The Legendary Journeys, as Herkules syn healbroer Ifikles. Dêrmei wekke er de belangstelling fan 'e makkers fan dy rige, en doe't dyselden letter yn 'e searje Xena: Warrior Princess immen nedich wiene om 'e rol fan Ares, de Grykske god fan 'e oarloch, te spyljen, waard Smith frege. It waard in weromkearende gastrol foar him, en hy spile deselde rol letter ek yn Hercules: The Legendary Journeys en Young Hercules. As de tsjustere en dochs ferliedlike Ares krige Smith foar it earst ek bûten Nij-Seelân bekendheid.

Underwilens hie Smith ek noch ferskate rollen yn Nijseelânske produksjes, wêrûnder dy fan in Fjetnamfeteraan yn 'e spylfilm Channeling Baby en dy fan detektive John Lawless yn 'e trije tillefyzjefilms Lawless (1999), Lawless 2: Dead Evidence (2000) en Lawless 3: Beyond Justice (2001). Fierders spile er himsels yn 'e mockumentary (in yn sêne sette dokumintêre) Love Mussel (2001), wêryn't er ferslach docht fan 'e ûntdekking, yn in lytse Nijseelânsk stedsje, dat in pleatslike seefrucht inselde effekt op manlju hat as fiagra. Dêrnjonken sette Smith ek syn teäterkarriêre fuort en spile er yn The Wide Lapels, in band dy't hielendal opmakke wie út bekende Nijseelanners, en dy't bekend stie om syn ferweakke opfierings fan 'e alderminste poplieten dy't de santiger jierren te bieden hiene.

Begjin 2002 gie Smith nei Sina ta, foar de opnamen fan 'e Amerikaansk-Sineeske fjochtsportfilm Warriors of Virtue 2. Syn reden om in rol yn dy film oan te nimmen wie dat er dan mei in beskate stuntman gearwurkje koe waans wurk oft er sjoen hie yn Crouching Tiger, Hidden Dragon. Smith wie fan doel om dy gearwurking te brûken as tarieding op syn earste rol yn in Hollywood-film, Tears of the Sun, wêryn't er njonken Bruce Willis spylje soe.

Op 6 febrewaris 2002 hie Smith syn wurk foar de film, op 'e set yn Shijiazhuang, 270 km súdwestlik fan 'e Sineeske haadstêd Peking, derop sitten. Nei't er it foltôgjen fan 'e opnamen mei de rest fan cast en crew fierd hie, en wylst er wachte op in lift werom nei syn hotel, kuiere er wat om tusken de sets fan 'e Central China Television-filmstudio, en besleat er om 'e iene of oare reden om in toer op 'e set fan in oare film te beklimmen. Mar dêrby ferlear er syn lykwicht en foel er ferskate ferdjippings nei ûnderen ta. Smith rûn slimme ferwûnings oan 'e holle op, en rekke yn koma. Hy waard fluch-fluch nei it pleatslike sikehûs brocht, en letter oerpleatst nei in grutter sikehûs yn Peking, mar op 15 febrewaris stoar er sûnder noch wer by bewustwêzen kommen te wêzen.

Smith waard op 28 febrewaris 2002 yn Auckland begroeven nei in routsjinst yn besletten famyljerûnte. Letter dy deis waard der in betinking holden yn it Aotea Centre te Auckland, yn oanwêzigens fan mear as tûzen famyljeleden, freonen, kunde en kollega's út Nij-Seelân en fan oersee. Neitiid waard der in dokumintêre oer syn libben en karriêre makke, dy't troch de Nijseelânske stjoerder TV2 útstjoerd waard op 15 febrewaris 2003, persiis ien jier nei syn dea.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.