Stuntman

Ut Wikipedy
In pyrotechnyske stunt op de Giant Auto Rodéo yn Ciney, yn Belgje, yn 2008.

In stuntman of stuntfrou is immen dy't foar syn berop gefaarlike stunts úthellet, faak yn konneksje mei de filmyndustry. In heechdravender beneaming foar stuntman is kaskadeur.

It bekendste soarte stuntlju binne de saneamde stunt doubles, dy't yn it stee fan bekende akteurs de gefaarlikste stikjes fan beskate film- of tillefyzjerollen foar har rekken nimme. Mar der besteane ek stuntlju dy't op eigen manneboet optrede as entertainer, troch foar in live-publyk gefaarlike huzarestikjes op te fieren. Wer oare stuntlju wurkje (ek) as stuntkoördinator, wêrby't se dus de stunts yn in film of tillefyzjeprogramma betinke, plenne en koördinearje.

Guon bekende stuntlju binne Evel Knievel, in Amerikaan dy't ferneamd waard troch de lange-ôfstânssprongen dy't er makke mei motors; de Hongaarsk-Amerikaanske boeienskening Harry Houdini, dy't wrâldferneamd waard troch syn gefaarlike ûntsnappingsacts; en de Hongkongske topakteur Jackie Chan, dy't syn karriêre begûn as stuntman.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.