Auckland (Māory: Tāmaki-makau-rau) is it tichtstbefolke steedlik gebiet fan Nij-Seelân, lizzend op it Noardereilân. De agglomeraasje bestiet út meardere stêden en distrikten, dy't yn 2010 op bestjoerlik nivo gearfoege wurde.[1][2] It gebiet hat rom 1,4 miljoen ynwenners (2009), ûngefear in tredde fan de hiele Nij-Seelânske befolking, wêrfan mear as 400.000 yn Auckland City libje.[3]