Springe nei ynhâld

Sjamaan

Ut Wikipedy
Sjamaan yn it Amazônegebiet, 2006
Kazimierz Nowak praat mei in Pygmee-sjamaan, 1931-1936

In sjamaan is meastal in man, mar ek wolris in frou, dy't by steat is en kom yn kontakt mei de geastewrâld, en dy't dat docht om foardiel te beheljen foar syn of har folk, stamme, clan of famyljegroep, bygelyks troch genêzing fan sykten of foarsizzing fan 'e takomst.

De leauwensopfetting om syn of har persoan hinne is sjamanisme.

De posysje fan sjamaan is al hiel âld en wie eartiids noch folle algemiener as no. Sa is it bekend dat de posysje fan de ferneamde filosofen fan it âlde Grikelân, lykas Sokrates, Plato en Aristoteles, fuortkaam út dy fan 'e folle âldere tradysje fan 'e iatromantes. Dat wurd, yn it inkeltal Iatromantis, is gearstald út iatros, "genêzer", en mantis, "sjenner". Dy sjamaaneftige figueren, dy't neffens histoaryske boarnen noch yn 'e 5e iuw f.Kr. bestien hawwe moatte, waarden by steat achte ta bjusterbaarlike prestaasjes, lykas takomstfoarsizzing, wûnderferrjochting, oantinken oan eardere libbens en autoteleportaasje.

Manlike en froulike sjamanen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

By de measte folken binne de sjamanen manlik, mar froulike sjamanen binne net ûngewoan. Sa komt it by de Eskimo's, bygelyks, inkeld foar dat de sjamaan froulik is, mar meastal wurdt dy funksje by harren troch manlju ferfolle. By Mongoalske folken komme sawol manlike as froulike sjamanen foar, sûnder ûnderskie fan wurk. In manlike sjamaan wurdt in boo neamd en in frouliken in udgan. De Koreaanske sjamanen, de mudang, binne frijwol altyd froulju.

De bisu, de sjamanen fan 'e Bûginezen fan westlik Sulawesi en súdlik Borneo en fan 'e Makassaren fan súdwestlik Sulawesi, kinne sawol manlju as froulju wêze, mar klaaie en hâlde en drage harren yn beide gefallen as froulju. Dizze sjamanistyske travesty komt foar ek by de Dajak-folken fan Borneo.

Sjamanen en medisynlju

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Swazi, fan Swazilân en oangrinzgjende regio's fan Súd-Afrika en Mozambyk, hawwe twa soarten sjamanen. De "echte" sjamaan is de inyanga, ornaris in man, dy't sûnensswierrichheden analysearret en de takomst foarseit út patroanen yn 'e troch him útsmiten bonkjes. De sangoma, ornaris in frou, is mear in krûdedokter, hoewol't se ek oan psychoterapy docht. De Xhosa fan Súd-Afrika kenne itselde ûnderskie, mar by harren binne sawol de igqirha, de sjamaan, as de ixhwele, de medisynman, manlju.

By de Malagassi fan Madagaskar bestiet in oare twadieling. De "echte" sjamaan is by harren de ombiasy, dy't kommunisearret mei de geastewrâld, sykten genêst, kweageasten útbant en in negative vintana of lotsfoarsizzing yn blâns bringt. In mpanandro is mear in soarte fan astrolooch, dy't in tige grutte kennis fan vintana hat en sykte, lok en ûngelok foarsizze kin. By guon Malagassi-stammen wurde de ombiasy en de mpanandro ek wol kombinearre yn ien persoan.

Hoe't men sjamaan wurdt

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Hoe't men sjamaan wurdt, kin per folk of kultuergebiet ferskille, mar de measte natoerfolken erkenne by harren sjamanen allinne in foarm fan erfopfolging. Dat hoecht net de Westerske, patriargale fererving te wêzen. By in oantal folken, lykas de Minangkabauwers fan westlik Sumatra, ferrint de erfopfolging matriargaal, dus troch de mem, en ek by de Chibcha (Muysca) fan sintraal Kolombia is it sjamanisme erflik yn 'e froulike line, mar dêr wurdt de sjamaan opfolge troch de soan fan syn suster.

By Mongoalske folken wurde minsken sjamaan of troch erfopfolging of nei in heapsteapse en lange tiid fan sykte. Ek de mudang fan Korea kinne op twa manearen ta har ropping komme. De meast foarkommende dêrfan is troch it ervjen fan 'e feardichheden dy't nedich binne fan har foarâlden, dêr't drekte erfopfolging trouwens net needsaaklik by is. Mar it is ek mooglik om sjamaan te wurden neidat men troch in geast yn besit nommen is. Soks wurdt net needsaaklikerwize sjoen as wat ferkeards, mar men moat dan wol leare mei dy geast te kommunisearjen. Yn sa'n gefal giet men yn 'e lear by in ûnderfûne mudang, foar in perioade fan maksimaal tsien jier.

Wa't sjamaan wurdt

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Oer de psychyske eigenaardichheden dy't sjamanen geskikt meitsje foar wat se dogge, besteane ferskillende mienings. De natoerfolken sels sjogge sjamanen faak as minsken dy't yn harren jonkheid slimme lichaamlike of emosjonele trauma's trochmakke hawwe en dy't deryn slagge binne harsels te genêzen op in manear dy't harren de beskikking jûn hat oer boppenatoerlike krêften, sadat se by steat binne en gean om mei de geastewrâld. Guon ûndersikers beskôgje sjamanen lykwols earder as ynstabile lju, lichaamlik lykas epileptisy of geastlik lykas skizofrenen, dy't yn harren rol as sjamaan in sosjaal akseptabele en sels nuttige útlit foar harren ôfwiking fûn hawwe.

Wurkomstannichheden

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It Maatskiplik Draachflak

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De omstannichheden dêr't de sjamanen harren wurk ûnder dwaan moatte, ferskille fan folk ta folk. By de folken fan 'e Pueblo-kultuer, dêr't elts doarp of pueblo in lytse teokrasy wie, hie de sjamaan, de cacique, net allinne de lieding oer spirituële seremoanjes, mar wied er ek de wrâldske lieder.

Yn noardlik Sibearje kaam it foar dat sjamanen operearren sûnder beheind maatskiplik draachflak, lykas by de Tsjûktsjen en de Korjaken, yn in clanferbân, lykas by de Toengoezen en de Joekagieren, of yn in beskate regio, lykas by de Nganasani.

Ek op it prekristlike Tahity en de omlizzende Genoatskipseilannen, yn 'e Stille Súdsee, hienen de sjamanen gjin fêst wenplak, mar reizgen se fan doarp nei doarp of sels fan eilân nei eilân. By de Maori's fan Nij-Seelân wienen se ek ferantwurdlik foar it behâld fan 'e skiednis, genealogy, ferhalen en lieten fan 'e stamme.

Relaasjes tusken sjamanen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Meastal wurkje sjamanen net folslein op eigen manneboet, mar is der dochs mar in bytsje kontakt mei harren amtgenoaten. Mar op guon plakken hawwe se harren feriene yn al of net geheime genoatkippen dy't om 'e safolle tiid gearkomme om ferhalen en metoaden út te wikseljen en kennis te ferdjipjen. Ien fan 'e bêste en bekendste foarbylden fan sa'n sjamanegenoatskip is de Midewiwin, it Grutte Medisyn-genoatkip, dat it geastlik libben fan 'e Noardamerikaanske stammen fan it westlike gebiet fan 'e Grutte Marren behearske. Benammen foar de Chippewa is dat goed dokumintearre. Nei alle gedachten wie dit genoatkip tige âld, eat dat ôf te lieden is út 'e grutte fersprieding yn it oangeande gebiet, dêr't yn elts gefal de Algonkwynske Chippewa, Sauk en Fox, Potawatomi, Menominee en Kickapoo en de Siouaanske Winnebago de rituëlen al sûnt minskewitten útfierden.

In oar foarbyld fan in sjamanegenoatskip wurdt foarme troch de Arioi fan it prekristlike Tahity en de omlizzende Genoatskipseilannen, dy't fral bekend wurden binne om wat de Jeropeanen seachen as har eksessen, lykas in oerfloed oan seksuële aktiviteit yn harren religieuze seremoanjes en it by de berte deadzjen fan 'e neiteam fan Arioi.

Wer't de Arioi al maatskiplik dúdlik in groep apart foarmen, mar om't se gjin bêrn hawwe moasten gjin erflike groep, wienen de kalinderpreesters fan 'e Maya's feriene yn in maatskiplike kaste, mei de heechste posysje yn 'e Maya-maatskippij. Oan it haad fan 'e kaste stie de hegepreester, de halach uinic ("wierlike minske").

Relaasje mei de wrâldgodstsjinsten

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Wer in oare sitewaasje giet it wurk fan sjamanen oan yn gebieten dy't yn haadsaak oergongen binne nei ien fan 'e wrâldgodstsjinsten. Sa steane ek hjoed de dei noch de âlde sjamanen, de dukuns, yn heech oansjen by de oars strang islamityske Atjeeërs en foar in grut part kristlike of islamityske Bataks fan noardlik Sumatra. Harren help wurdt noch faak frege by sykte of deilisskip.

Ek op it islamityske Java wurdt in berop op 'e dukuns dien foar tradisjonele genêskeunst, útdriuwing fan kweageasten, nûmerology en oanropping fan goaden en geasten yn 'e rispingstiid. Lang net alle Javaanske dukuns kinne trouwens alles; guon binne machtige tsjoenders, dy't soms ek gebrûk meitsje fan swarte magy, oaren binne meditative mystisy en wer oaren binne gewoane minsken dêr't men fan leaut dat se in beskate jefte hawwe, lykas de jefte om te genêzen troch hânoplizzing. Ek froedfroulju wurde op Java faak as dukuns beskôge.