Lucy Lawless

Ut Wikipedy
Springe nei navigaasje Springe nei sykjen
Lucy Lawless
Filmklapper.png akteur
Lucy Lawless op 'e San Diego Comic-Con fan 2016.
Lucy Lawless op 'e San Diego Comic-Con fan 2016.
persoanlike bysûnderheden
echte namme Lucille Frances Ryan
nasjonaliteit Flag of New Zealand.svg Nijseelânsk
berne 29 maart 1968
berteplak Auckland (Nij-Seelân)
etnisiteit Flag of Ireland.svg Iersk
jierren aktyf 1987 – no
prizen Saturn Award 2010
offisjele webside
lucylawless.net

Lucy Lawless (berne as: Lucille Frances Ryan; Auckland, 29 maart 1968) is in Nijseelânsk aktrise, sjongster en aktiviste fan Iersk etnysk komôf. Hja is benammentlik bekend wurden troch har fertolking fan 'e titelrol yn 'e fantasytillefyzjesearje Xena: Warrior Princess, út 'e 1990-er jierren. Letter hie se wichtige rollen as Sylon Nû. 3 yn 'e nije searje Battlestar Galactica, en as Lucretia yn 'e tillefyzjesearje Spartacus: Blood and Sand. Foar dy lêste rol wûn se Saturn Award. Se is fierders ek bekend fan har opkommen foar homorjochten en har krewearjen foar Greenpeace.

Libben en karriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jonkheid en oplieding[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Lawless waard yn 1968 berne yn 'e Nijseelânske metropoal Auckland, as de dochter fan Frank Ryan, in bankier en de boargemaster fan 'e dielgemeente Mount Albert, en dy syn frou Julie Haynes, in leararesse. Se wie de fyfde fan sân bern yn 'e húshâlding fan har âldelju, en se hat fiif bruorren en ien suster. Lawless is fan etnysk Iersk komôf; wylst se yn 2004 yn Ierlân wie foar opnamen, fertelde se yn in fraachpetear yn it tillefyzjeprogramma Ireland on Sunday dat har heite famylje út County Clare stammet, en dat har oerpake as feroardiele krimineel nei Nij-Seelân ta deportearre waard.

As bern kampte Lawless mei de sykte bûlimia (in psychologyske oanstriid ta selsúthongering), mar dat wist se te boppen te kommen. Se spile al yn in musical doe't se tsien jier wie, en begûn mei aktearjen op 'e middelbere skoalle, dy't se folge oan it roomske Marist College yn Auckland. Neitiid studearre se in jier bûtenlânske talen oan 'e Universiteit fan Auckland, en ek folge se trije jier lang in oplieding ta operasjongster en fioeliste oan it konservatoarium. Letter studearre se noch in hoart jazzmuzyk, mar úteinlik briek se alle opliedings ôf. Op har achttjinde reizge Lawless mei har takomstige man Garth Lawless as backpacker troch Austraalje en Jeropa. Mei 21 jier wûn se de Mrs. New Zealand-kompetysje, in lanlike skientmewedstryd foar troude froulju.

Lucy Lawless yn 2010.

Aktearkarriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Begjin[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Oarspronklik hie Lawless operasjongster wurde wollen, mar se wie net ree om har dêroan oer te jaan mei't dat har frijwat beheinings oplizze soe. Dêrom besleat se om popsjongster te wurden. Ynstee waard se lykwols oannommen foar har earste rollen as aktrise yn Funny Business, in Nijseelânsk tillefyzjeprogramma mei komyske sketches. Mei't se dêr wol aardichheid oan hie, folge se neitiid in aktearoplieding yn it Kanadeeske Vancouver en wist se ferskate oare lytse roltsjes te bemachtigjen.

Trochbraak as Xena[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1994 spile Lawless in opfallende mannehaatsjende Lysia, in liedster fan 'e Amazônes, yn 'e Amerikaanske tillefyzjefilm mei in Grykske mytologyske setting Hercules and the Amazon Women. Dêryn hie Kevin Sorbo de haadrol as de held en healgod Herkules. Doe't dy film (ien fan fiif dy't dat jiers mei Sorbo as Herkules makke waarden) útrûn op 'e produksje fan 'e fantasytillefyzjesearje Hercules: The Legendary Journeys, waard Lawless dêryn noch ferskate kearen foar in gastrol frege. Yn 1995 spile se yn 'e ôflevering The Warrior Princess foar it earst de rol fan Xena, in selsrêdsume heldinne mei in tsjuster ferline, dy't har ynternasjonaal ferneamd meitsje soe.

It hie eins oarspronklik de bedoeling west dat Vanessa Angel de rol fan Xena spylje soe, mar dy rekke siik en koe net nei Nij-Seelân ta reizgje, dêr't de opnamen fan Hercules: The Legendary Journeys plakfûnen. Doe waard op it lêste momint Lawless foar de rol frege. Hja moast har dûnkerblonde hier swart fervje om ûnderskie te meitsjen tusken Xena en Lysia. It optreden fan Lawless as Xena wie sa'n súkses dat se har eigen spin-off-searje krige: Xena: Warrior Princess, dy't rûn fan 1995 oant 2001.

De searje wie nei't it skynt yn 'e Feriene Steaten tige populêr ûnder de lesbyske mienskip, mei't in protte lju derfan oertsjûge wiene dat Xena en har reismaat Gabrielle (spile troch Renee O'Connor) in lesbyske relaasje ûnderholden, hoewol't dêr yn 'e searje op gjin inkele manear gewach fan makke waard. By in optreden as Xena yn it Amerikaanske praatprogramma The Tonight Show fan presintator Jay Leno, yn 1996, briek Lawless har bekken doe't har hynder him ferstapte en delknoffele by in ritsje oer it parkearterrein fan 'e tillefyzjestudio. Se genies meitiid lokkigernôch wer folslein, mar in stikmannich ôfleverings út it twadde seizoen fan Xena: Warrior Princess waard werskreaun om byrollen mear nei foarren te heljen, sadat Lawless minder yn byld hoegde te kommen.

Lucy Lawless op 'e San Diego Comic-Con fan 2012.

Fierdere aktearkarriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1997 stie Lawless foar it earst op it toaniel op Broadway yn 'e revival fan 'e musical Grease. Hja spile it "stoute famke" Betty Rizzo, hoewol't se eins de haadrol fan 'e naïve Sandy hawwe wollen hie. Letter sei Lawless dat se leaude dat it feit dat de produsinten har de rol fan it "stoute famke" tahawwe woene, in gefal fan typecasting wie op basis fan har bekendheid as Xena. Neffens har hie se eins folle mear gemien mei Sandy, mei't se yn Auckland mei fiif bruorren tige beskûle opgroeid wie. Lawless spile harsels yn in ôflevering út 1999 fan 'e populêre tekenfilmsearje The Simpsons. Yn 2002 wie Lawless yn har berteplak Auckland behelle yn 'e opfiering fan it toanielstik De Fagina Monologen, fan Eve Ensler.

Yn 2004 hie Lawless in cameoroltsje as hoeremadam yn in SM-bordeel op 'e Amsterdamske Wallen yn 'e grossout-film EuroTrip. Fan 2005 oant 2009 hie se in weromkearende rol yn 'e remake fan 'e science fiction-tillefyzjesearje Battlestar Galactica, as de sjoernaliste D'Anna Biers, dy't letter in Sylon-ynfiltrante blykt te wêzen. Fierders hie se ek gastroltsjes yn komeedzjesearjes as Just Shoot Me!, The Bernie Mac Show en Two and a Half Men en de plysjesearje CSI: Miami. Yn 2007 hie Lawless ien fan 'e haadrollen yn 'e pilotôflevering fan 'e dramasearje Football Wives, in Amerikaanske remake fan 'e Britske searje Footballers' Wives. Tillefyzjenetwurk ABC keas der lykwols foar om dy searje fierder net meitsje te litten.

Yn 2008 wie Lawless aktyf as stimaktrise troch har stim te lienen oan superheldinne Wonder Woman yn 'e tekenfilm Justice League: The New Frontier en oan it personaazje Goldmoon yn Dragonlance: Dragons of Autumn Twilight, in tekenfilm dy't direkt-op-fideo útbrocht waard. Datselde jiers wurke se gear mei Zoë Bell, har eardere stunt double út Xena: Warrior Princess, oan 'e websearje Angel of Death. Yn 2009 wie se te sjen yn 'e searje Flight of the Conchords, fan HBO, as de assistinte fan 'e Nijseelânske premier. Yn 2010 spile Lawless Lucretia yn 'e gladiatorsearje Spartacus: Blood and Sand, wêrfoar't se yn 2011 in Saturn Award wûn yn 'e kategory bêste byrol fan in aktrise op 'e tillefyzje. Dyselde rol mocht se nochris opfiere yn 'e seisdielige minysearje Spartacus: Gods of the Arena (2011) en yn 'e tsiendielige minysearje Spartacus: Vengeance (2012).

Fan 2012 oant 2015 hie Lawless in weromkearende rol yn 'e komeedzjesearje Parks and Recreation as Diane Lewis-Swanson. Yn 2014 hie se in gastrol yn 'e superheldesearje Agents of S.H.I.E.L.D. Yn 2015 hie se in weromkearende rol as paltsgrevinne Ingrid von Marburg, ien fan 'e lêste telgen út in âld Dútsk laach fan heksen, yn 'e fantasytillefyzjesearje Salem. Se fertolke as Ruby Knowby fan 2015 oant 2018 ek ien fan 'e haadrollen yn 'e horrorkomeedzjesearje Ash vs. Evil Dead fan it tillefyzjenetwurk Starz. Yn 2019 krige Lawless de haadrol fan Alexa Crowe yn 'e detektivesearje My Life Is Murder.

Sjongkarriêre[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Njonken har aktearwurk yn films en op it toaniel en de tillefyzje sette Lawless har sjongkarriêre fuort troch yn 2006 mei te dwaan oan it tillefyzjeprogramma Celebrity Duets, in kompetysje wêrby't se op it twadde plak einige. Se makke har konsertdebút yn The Roxy, yn Hollywood, op 13 jannewaris 2007, foar in útferkochte seal.

Priveelibben[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Houlik en bern[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Doe't se achttjin jier wie, gie Lawless, krekt as in protte jonge Nijseelanners, op in oerseeske reis om 'e wrâld te sjen, wêrby't se troch Jeropa en Austraalje teach. Yn Austraalje mette se Garth Lawless, mei wa't se in relaasje krige. Yn 1987, op har njoggentjinde, rekke se swier, en yn 1988 troude se mei Lawless yn it Australyske Kalgoorlie. Neitiid ferfearen se nei Nij-Seelân, dêr't op 15 july fan dat jier harren dochter Daisy Lawless berne waard. It houlik rûn lykwols yn 1995 op in skieding út.

Lawless by in konsert yn The Roxy, yn Hollywood, yn jannewaris 2007.

Op 28 maart 1998 wertroude Lucy Lawless mei Robert G. Tapert, de baas fan Pacific Renaissance Pictures en de produsint fan Xena: Warrior Princess. Mei him is hja (anno 2021) noch altiten troud en hat se twa soannen krigen, Julian Robert Bay Tapert (1999) en Judah Miro Tapert (2002), dy't beide berne waarden yn Auckland.

Aktivisme[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Mei har rol yn Xena: Warrior Princess krige Lawless in trouwe kliber fans, dêr't fanwegen de dûbelsinnige relaasje tusken Xena en har selskipsfrou Gabrielle fral in soad lesbiënnes ûnder wiene. Har status as lesbysk ikoan waard noch fuortsterke troch har iepentlike lesbyske leafdessênes yn Spartacus: Gods of the Arena. Hoewol't se sels heteroseksueel is, hat Lawless har sûnt likernôch 2000 opsmiten as in aktiviste foar homorjochten, benammen yn 'e Feriene Steaten en Nij-Seelân.

Fierders is Lawless ek belutsen by de StarShip Foundation, in Nijseelânske goeddiedichheidsorganisaasje dy't him ynset foar sike bern, en is se (sûnt 2009) in 'klimaatambassadeur' foar de feriening foar miljeubeskerming Greenpeace. By dy lêste organisaasje docht se ek mei oan aksjes, lykas yn febrewaris 2012, doe't se mei fiif oare Greenpeace-leden 77 oeren lang in oaljeboarringsskip by it Nijseelânske Port Taranaki besette. Neitiid waard se arrestearre en oanklage foar ynbraak, wêrmei't se 10 jier finzenisstraf riskearre. Yn febrewaris 2013 waarden sy en de oare aktivisten feroardiele ta it beteljen fan in boete fan 651 Nijseelânske dollar en it ferrjochtsjen fan 120 oeren wurkstraf. De rjochter wiisde de skeaclaim fan 545.000 dollar, dy't easke waard troch oaljemaatskippij Shell, de eigner fan it skip, fan 'e hân.

Underskieding[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 2004 waard Lawless opnommen yn 'e New Zealand Order of Merit, wat in keninklike ûnderskieding is.

Astronomyske ferneaming[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 2003 joech astronoom Michael E. Brown de dwerchplaneet dy't er dat jiers ûntdutsen hie, de gebrûksnamme Xena, nei Lawless har personaazje yn Xena: Warrior Princess. Syn reden dêrfoar wie dat er in fan fan 'e searje wie en dat 'Xena' oansjenlik makliker te sizzen en te skriuwen wie as de offisjele oantsjutting, 2003 UB313. Mei't Xena grutter bliek te wêzen as de planeet Pluto, late de ûntdekking ta in diskusje oer de krekte definysje fan in planeet. It gefolch dêrfan wie de weromsetting yn rang fan Pluto nei in dwerchplaneet. Hoewol't Brown en in protte oaren de namme Xena foar 2003 UB313 behâlde woene, waard úteinlik besletten dat de dwerchplaneet Earis komme moast te hjitten, nei de Grykske goadinne fan 'e twadracht (in ferwizing nei it ferheftige debat oer de status Pluto). Brown wist lykwols in bedutsen ferwizing nei Lucy Lawless offisjeel fêstlein te krijen troch de moanne fan Earis Dysnomia te neamen, nei de Grykske goadinne fan 'e wetteleazens (lawless is Ingelsk foar "wetteleas").

Filmografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Filmografy as aktrise
jier titel rol of funksje opmerkings
tillefyzje
1989 Funny Business ferskaat komyske sketches; ûnbekend tal ôfl.
1990 Shark in the Park Kim Hughes gastrol; ôfl. Double or Quits
1991 For the Love of Mike Helen gastrol; ôfl. 1.06
1992 The Ray Bradbury Theater Liddy Barton gastrol; ôfl. 6.13 Fee Fie Foe Fum
1993 The New Adventures of the Black Stallion Sarah McFee gastrol; ôfl. 3.16 Riding the Volcano
1993 The Rainbow Warrior Jane Redmond tillefyzjefilm
1993 Typhon's People Mink Tertius tillefyzjefilm
1994 High Tide undercoverplysjefrou gastrol; ôfl. 1.08 Shanghied
1994 Hercules and the Amazon Women Lysia tillefyzjefilm
1995 High Tide Sharon List gastrol; ôfl. 1.17 Dead in the Water
1995 Hercules: The Legendary Journeys Xena weromkearende rol; 6 ôfl.
1995–1998 Hercules: The Legendary Journeys Lyla weromkearende rol; 2 ôfl.: 1.06 As Darkness Falls en 2.05 Outcast
1995–2001 Xena: Warrior Princess Xena fêste rol; 134 ôfl.
1998 Saturday Night Live harsels / ferskaat gastrol; ôfl. Lucy Lawless/Elliott Smith
1999 The Simpsons harsels / Xena as stimaktrise; gastrol; ôfl. 11.04 Treehouse of Horror X
2000 Celebrity Deathmatch harsels as stimaktrise; gastrol; ôfl. The Return of Lucy Lawless
2001 Just Shoot Me! Stacy gastrol; ôfl. 5.14 The Auction
2001 The X Files Shannon McMahon gastrol; 2 ôfl.: 9.01 Nothing Important Happened Today, Part 1 en 9.02 Nothing Important Happened Today, Part 2
2002 The Bernie Mac Show harsels gastrol; ôfl. 2.1 Keep It on the Short Grass
2003 Tarzan Kathleen Clayton weromkearende rol; 7 ôfl.
2003 Warrior Women with Lucy Lawless n.f.t. presintatrise; 5 ôfl.
2004 Less than Perfect Tracy Fletcher gastrol; ôfl. 3.04 Ignoring Lydia
2005 Two and a Half Men Pamela gastrol; ôfl. 2.18 It Was 'Mame', Mom
2005 Locusts Maddy Rierdon tillefyzjefilm
2005 Vampire Bats Maddy Rierdon tillefyzjefilm
2005–2009 Battlestar Galactica D'Anna Biers / Sylon Nû. 3 weromkearende rol; 16 ôfl.
2006 Veronica Mars spesjaal aginte Morris gastrol; ôfl. 2.11 Donut Run
2007 Burn Notice Evelyn gastrol; ôfl. 1.11 False Flag
2007 Curb Your Enthusiasm harsels gastrol; ôfl. 6.07 The TiVo Guy
2007 Football Wives Tanya Austin pilotôflevering fan in net makke dramasearje
2008 CSI: Miami Audrey Yates gastrol; ôfl. 7.07 Cheating Death
2009 The L Word Marybeth Duffy gastrol; 2 ôfl.: 6.01 Long Night's Journey Into Day en 6.08 Last Word
2009 Flight of the Conchords Paula gastrol; ôfl. 2.08 New Zealand Town
2009 Angel of Death Vera gastrol; ôfl. Help
2010 Spartacus: Blood and Sand Lucretia minysearje; fêste rol seizoen 1; 13 ôfl.
2011 American Dad! Stacy as stimaktrise; gastrol; ôfl. A Piñata Named Desire
2011 No Ordinary Family Helen Burton / frou X weromkearende rol; 4 ôfl.
2011 Spartacus: Gods of the Arena Lucretia minysearje]]; fêste rol; 6 ôfl.
2012 Spartacus: Vengeance Lucretia minysearje; fêste rol; 10 ôfl.
2012–2014 Parks and Recreation Diane Lewis-Swanson weromkearende rol; 10 ôfl. (begjinnend yn ôfl. 5.03, How a Bill becomes a Law)
2013 Top of the Lake Caroline Platt gastrol; 2 ôfl.
2014 The Code Alex Wisham weromkearende rol (seizoen 1), 6 ôfl.
2014 Adventure Time generaal Tarsal as stimaktrise; gastrol; ôfl. Dentist
2014–2015 Agents of S.H.I.E.L.D. Isabelle Hartley weromkearende rol; 2 ôfl.
2015–2017 Salem paltsgrevinne Ingrid von Marburg weromkearende rol; 15 ôfl.
2015–2018 Ash vs. Evil Dead Ruby Knowby fêste rol; 30 ôfl.
2016 Teenage Mutant Ninja Turtles Hiidrala as stimaktrise; gastrol; ôfl. The Cosmic Ocean
2017 The Changeover Miryam Carlisle tillefyzjefilm
2019–no My Life Is Murder Alexa Crowe fêste rol; 16 ôfl.
2020 Star Wars Resistance Aeosiaanske keninginne as stimaktrise; gastrol; 2 ôfl.
2020 Big City Greens Mimi O'Malley as stimaktrise; gastrol; ôfl. Cricket's Tickets
films
1990 Within the Law Verity
1990 A Bitter Song ferpleechster #1 koarte film
1991 The End of the Golden Weather Joe syn faam
1996 Peach Peach koarte film
1997 Hercules & Xena: Wizards of the Screen Xena koarte film
1998 Hercules and Xena – The Animated Movie: The Battle for Mount Olympus Xena as stimaktrise
2000 Ginger Snaps omropster op it lûdsprekker-
systeem fan 'e skoalle
net fermeld op 'e ôftiteling
2002 Spider-Man punkerfanke
2004 EuroTrip madam Van der Sexxx
2005 Boogeyman Mary Jensen
2006 The Darkroom Cheryl
2008 Dragonlance: Dragons of Autumn Twilight Goldmoon as stimaktrise
2008 Justice League: The New Frontier Wonder Woman as stimaktrise
2008 Bedtime Stories Aspen
2009 Bitch Slap mem-oerste
2010 Lez Chat boufakker koarte film
2019 Mosley Bera as stimaktrise
2021 Minions: The Rise of Gru Nunchuck as stimaktrise
2021 The Spine of Night Tzod as stimaktrise
fideospultsjes
2011 Hunted: The Demon's Forge Seraphine as stimaktrise

Diskografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Albums
  • Come 2 Me
  • Come To Mama: Lucy Lawless In Concert: The Roxy Theater In Hollywood
Konsert-dvd's
  • Come To Mama: Lucy Lawless In Concert: The Roxy Theater In Hollywood
  • Gimme Some, Sugar: Lawless, NYC
  • Lucy Lawless Live In Chicago: Still Got The Blues
  • Lucy Lawless Live At The Roxy Theater: Ho Down
  • Lucy Lawless Live In Concert: "Welcome To The Pleasuredome"
Oare lieten
  • Little Child op 'e cd Unexpected Dreams – Songs From the Stars
  • 4 All of Us mei Pauly Fuemana op 'e cd Pauly Fuemana (OMC)
  • Little Child op The Starship Christmas Album 2012, útjûn troch de StarShip Foundation

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.