Springe nei ynhâld

Ferpleechkundige

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Ferpleechster)

In ferpleechkundige is immen dy't oplaat is yn it útfieren fan ferpleechkundige taken. Hy of sy ferpleecht en/of fersoarget út beropsmjittige hoedanichheid pasjinten yn sikehuzen, psychiatyske sikehuzen refalidaasjesintra, de handicaptesoarch, ferpleech- en fersoargingstehuzen, priveekliniken, finzenissen en yn 'e thússoarch.

Under de soarch dy't troch ferpleechkundigen ferliend wurdt, falt persoanlike fersoarging, lykas waskjen, oanklaaien en ferskjinjen, mar ek de fersoarging fan wûnen, observaasje en rapportaazje, en spesjalisearre soarch. Der besteane yn ferpleechkundige opliedings ferskate nivo's, en wat heger it nivo fan jins oplieding, wat mear ferpleechkundige taken oft men ferrjochtsje mei. By sokke taken moat men tinke oan it ynbringen fan in sonde of in kateter, of it tatsjinjen fan ynjeksjes of medisinen.

Ek it begelieden fan pasjinten is in taak fan ferpleechkundigen. Dêrby kin it gean om 'e omgong fan 'e pasjint mei syn/har sykte en behanneling en it befoarderjen of oanlearen fan in beskate selsrêdigens op it mêd fan 'e fersoarging op 'e lange termyn. Ferpleechkundigen wurkje gauris gear mei fersoargjenden, dy't in legere oplieding hawwe en sadwaande minder taken ferrjochtsje meie as ferpleechkundigen. Sadwaande kinne ferpleechkundigen guon taken oerdrage oan fersoargjenden, wylst oaren útslutend troch harrensels dien wurden kinne.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further reading, op dizze side.