Skientmewedstryd

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
In skientmewedstryd.

In skientmewedstryd is in barren wêrby't de dielnimmers fral (mar net útslutend) wediverje om 'e fraach wa fan harren oft it kreast is. Bykommende (mar ûndergeskikte) oandacht wurdt skonken oan persoanlikheid, yntelliginsje, talinten en de antwurden dy't jûn wurde op beskate fragen. De úteinlike winner(esse) wurdt yn 'e measte gefallen oanwiisd troch in faksjuery.

Dielnimmers oan skientmewedstriden binne oer it algemien froulju of famkes; hoewol't der wol deeglik soartgelikense eveneminten foar manlju besteane, wurde dy ornaris oars beneamd (meast as fitness- of bodybuildingwedstriden). Faak wurde skientmewedstriden foar froulju mei in lienwurd út it Ingelsk oantsjut as missferkiezings, en wurdt de winneresse "Miss ..." neamd (bgl. Miss Fryslân, Miss Feriene Steaten of Miss Wrâld). Skientmewedstriden foar manlju wurde yn it ferlingde dêrfan inkeld ek wol misterferkiezings neamd. Der besteane tsjintwurdich ek skientmewedstriden foar jonge bern, dy't popularisearre binne troch de Amerikaanske realitytillefyzjesearje Toddlers and Tiaras ("Pjutten en Tiara's").

De winneresse fan in skientmewedstryd wurdt gauris oantsjut as in skientmekeninginne. Sokken wurde almeast kroane mei in tiara en krije in sjerp om hongen mei dêrop de namme fan 'e skientmewedstryd. De ierst bekende skientmewedstryd waard holden yn Ingelân, yn 1839, ûnder it Toernoai fan Eglinton (in neispile Midsiuwsk riddertoernoai), doe't Georgiana Seymour, hartoginne fan Somerset útroppen waard ta de Queen of Beauty.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes en References, op dizze side.