Springe nei ynhâld

Renee O'Connor

Ut Wikipedy
Renee O'Connor
akteur
Renee O'Connor op 'e Xena-konvinsje yn 'e  Amerikaanske steat Nij-Jersey, yn 2007.
Renee O'Connor op 'e Xena-konvinsje yn 'e
Amerikaanske steat Nij-Jersey, yn 2007.
persoanlike bysûnderheden
echte nammeEvelyn Renee O'Connor
nasjonaliteit Amerikaansk
berne15 febrewaris 1971
berteplakKaty (Teksas)
etnisiteit Iersk
jierren aktyf1989 – no
offisjele webside
www.reneeoconnor.net

Renee O'Connor (folút: Evelyn Renee O'Connor; Katy (Teksas), 15 febrewaris 1971) is in Amerikaansk aktrise, regisseur, tillefyzjeprodusinte en senarioskriuwster fan etnysk Iersk komôf, dy't benammentlik bekend wurden is fan har rol as Gabrielle yn 'e tillefyzjerige Xena: Warrior Princess.

Libben en karriêre

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Jonkheid en oplieding

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

O'Connor waard yn 1971 berne yn 'e Amerikaanske steat Teksas, en groeide op yn it foarstedske Katy, deunby Houston. Se genoat fuortset ûnderwiis oan 'e Kinder High School for the Performing and Visual Arts yn Houston, in middelbere skoalle dy't spesifyk talein is op ekstra ûnderwiis yn 'e poadiumkeunsten. Op har tolfde sette se dêrnjonken útein mei in oplieding yn aktearjen oan it Alley Theatre, ek yn Houston. O'Connor makke har profesjonele debút op jonge leeftyd as dûnseresse yn in Porky Pig-kostúm yn it ferdivedaasjepark Six Flags AstroWorld yn Houston.

Nei't se mei sechstjin jier ferhuze wie nei Los Angeles, yn Kalifornje, sette O'Connor útein mei har karriêre as aktrise mei in hiele rige reklamespotsjes en lytse roltsje yn tillefyzjesearjes en B-films. Yn 1993 spile se de rol fan Julia Wilks yn The Adventures of Huck Finn, nei in jeugdroman fan Mark Twain. Datselde jiers hie se ek in gastrol yn in ôflevering fan 'e plysjesearje NYPD Blue.

Yn 1994 krige O'Connor de rol fan 'e jonge Deïaneira, de (lettere) frou fan 'e Grykske held en healgod Herkules, yn 'e tillefyzjefilm Hercules and the Lost Kingdom. Dat wie sa'n súkses, dat produsinten Robert G. Tapert en Sam Raimi har it jiers dêrop casten yn in fêste rol yn 'e fantasytillefyzjesearje Xena: Warrior Princess. O'Connor spile yn dy rige de rol fan Gabrielle, de fêste selsskipsfrou fan haadpersoan Xena (spile troch de Nijseelânske aktrise Lucy Lawless) De searje rûn fan 1995 oant 2001, en besoarge Lawless en O'Connor in grutte kliber fêste fans. Dy skaaide boppemjittich út nei homo's en fral lesbiënnes, mei't de dûbelsinnige relaasje fan Xena en Gabrielle as lesbysk opfet waard.

Fierders hie O'Connor gastrollen yn fjouwer ôfleverings fan 'e searje Hercules: The Legendary Journeys, dêr't Xena: Warrior Princess in spin-off-rige fan wie. Nei't Xena yn 2001 stopset waard, spile O'Connor wer yn ferskate B-films, en op 'e tillefyzje hie se û.m. in gastrol yn in ôflevering fan 'e plysjesearje Criminal Minds. Yn 2002 stie se yn Los Angeles op 'e planken yn Shakespeare syn toanielstik Macbeth, yn 'e drege rol fan frouwe Macbeth.

Njonken har aktearjen regissearre O'Connor yn 1999 en 2001 twa ôfleverings fan Xena, en letter noch ferskate tillefyzjefilms. Fan 2008 ôf wie se ek wurksum as tillefyzjeprodusinte, en yn 2010 skreau se it senario foar de koarte film Words Unspoken, dy't se sels ek regissearre en produsearre. Mei Words Unspoken wûn se yn 2010 de earste priis yn 'e kategory foar koarte films op it Filmfestival fan Las Vegas. Sûnt 2002 is O'Connor eigneresse fan har eigenoprjochte tillefyzje- en filmstudio ROC Productions (de ôfkoarting is gearstald út har inisjalen).

Yn 'e twadde helte fan 'e 2010-er jierren kearde O'Connor werom nei it toaniel en spile û.m. yn 'e toanielstikken Romeo en Julia (2018) fan Shakespeare en Omke Vanja fan Tsjechov, en yn 'e musicals Annie (2017), Mary Poppins (2018) en The Wizard of Oz (2019). Yn dat lêste stik hie se de rol fan 'e Boaze Hekse fan it Westen. O'Connor besiket noch altiten trou alle Xena-konvinsjes en ek mear algemiene science fiction- en fantasy-konvinsjes.

Fan 1998 hie O'Connor in relaasje mei restauranthâlder Steve Muir, mei wa't se in soan krige, Miles Muir. Dyselde wie yn maaie 2018 sechstjin jier, doe't de media der ferslach fan diene dat er as akteur yn deselde produksje fan Romeo en Julia spile as syn mem. It houlik fan O'Connor en Muir einige yn 2005 yn in skieding, wêrnei't O'Connor in relaasje krige mei akteur Jed Sura. Hja rekke al rillegau swier en brocht yn 2006 in dochter te wrâld, dy't de namme Iris Sura O'Connor krige. Yn 2017, nei't se al mear as tsien jier gearwenne hiene, trouden O'Connor en Sura.

Filmografy as aktrise en regisseur
jiertitelrol of funksjeopmerkings
films
1989Night GameLorraine Beasley
1990Black SnowJennifer Winslow
1990False IdentityAngela Errickson
1991ChangesJessica Adams
1991Stone ColdTinselteeth
1993The Adventures of Huck FinnJulia Wilks
1995Darkman II: The Return of DurantLaurie Brinkman
1997Hercules & Xena: Wizards of the ScreenGabriellekoarte film
1998Hercules and Xena – The Animated Movie: The Battle for Mount OlympusGabrielle
2001Accidents Don't HappenAshton
2004One Weekend a MonthMeg McDermottkoarte film
2007Ghost Town: The MovieLittle Jack
2007Boogeyman 2dokter Jessica Ryan
2008Diamonds and GunsAshleyek mei-regisseur en útfierend produsinte
2009Bitch Slapsuster Batril
2010Words UnspokenSuekoarte film; ek regisseur, produsinte, útfierend produsinte en senarioskriuwster
20102010: Moby Dickdokter Michelle Herman
2011DeadrisePaula
2011InfinityElizabethkoarte film; ek produsinte
2011Are You Kidding Me?n.f.t.regisseur
2013Stranded from an Islandn.f.t.koarte film; útfierend produsinte en assistint-filmeditor
2015Beyond the Farthest StarMaureen Wells
2015Broken Thingsn.f.t.regisseur
2016The Usualfrou Fordkoarte film; ek útfierend produsinte
2017Watch the SkyShannonek produsinte
2017A Question of FaithMary Danielson
tillefyzje
1989Match PointRobintillefyzjefilm
1989Teen AngelNancy Nicholsgastrol; ôfl. ûnbekend
1990Tales from the Cryptservearstergastrol; ôfl. The Switch
1991ABC Afterschool SpecialsLindagastrol; ôfl. The Less Than Perfect Daughter
1992FBI: The Untold Storiesplysje Renee Lanot / Tina Marie Risicoweromkearende rol; 3 ôfl.
1993NYPD BlueRebecca Sloanegastrol; ôfl. Oscar, Meyer, Weiner
1993Sworn to Vengeance?tillefyzjefilm
1993The Flood: Who Will Save Our Children?Leslietillefyzjefilm
1994Hercules and the Lost KingdomDeïaneiratillefyzjefilm
1995Follow the RiverBettie Drapertillefyzjefilm
1995The Rockford Files: A Blessing in DisguiseLaura Sue Deantillefyzjefilm
1997–1999Hercules: The Legendary JourneysGabrielleweromkearende rol; 4 ôfl.
1995–2001Xena: Warrior PrincessGabriellefêste rol; 134 ôfl.
2002MatakuAmerikaanske keapsterôfl. The Heirloom
2005Alien ApocalypseKellytillefyzjefilm
2008Criminal MindsPam Balemangastrol; ôfl. A Higher Power
2008Monster Arkdr. Ava Greenwaytillefyzjefilm
2010ArkConnie Millerweromkearende rol; 9 ôfl.
2015Last ChanceCarrietillefyzjefilm; ek útfierend produsinte

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.