Fan (persoan)

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search

In fan, op it mêd fan sport ek wol in supporter neamd, is in persoan dy't entûsjast tawijd is oan eat of immen, lykas in band, in sporttiim, in sjenre (bgl. science fiction), in boek of in persoan dy't wurksum is yn 'e entertainmentyndustry (in sjonger, akteur, komyk, ensfh.). Mei-inoar foarmje de fans fan sa'n groep, ding of persoan in fanbase. It ferskynsel fan fans en al harren aktiviteiten wurdt ek wol oantsjut as it fandom. Dy aktiviteiten rinne útinoar fan it skriuwen fan fanmail, it promoatsjen fan harren entûsjasme oan lju dy't (noch) gjin fans binne, it organisearjen fan fanklubs en fankonvinsjes. Ek kreätyf wurk, lykas it gearstallen fan in fanzine, it skriuwen fan fanfiksje en it tekenjen of skilderjen fan fankeunst heart hjirta. Fans foarmje gauris in eigen subkultuer binnen in maatskippij.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.