Fanzine

Ut Wikipedy
In seleksje Britske fanzines op it mêd fan punk út 'e '70-er jierren.

In fanzine (in gearlûking fan 'e Ingelske wurden fan en magazine) is in net-profesjoneel en ûnoffisjeel tydskrift dat makke wurdt troch fans fan in beskaat kultureel ferskynsel, lykas in literêr en muzikaal sjenre. Soks wurdt produsearre om utering te jaan oan jins eigen belangstelling en om it ûnderwerp fan dy belangstelling mei oaren te dielen. De tem 'fanzine' waard yn oktober 1940 foar it earst brûkt (yn in science fiction-fanzine) troch Russ Chauvenet. Sadwaande waard it wurd yn 't earstoan ek fral brûkt mank it fandom fan 'e science fiction- en fantasyliteratuer, en wreide it him dêrwei út nei oare terreinen.

Ornaris fertsjinje útjouwers, redakteuren en bydragers fan artikels en yllustraasjes yn fanzines neat oan harren wurk. Fanzines wurde tradisjoneel ek net ferkocht, mar fergees weijûn, hoewol't de lêzer yn 'e regel wol frege wurdt om 'e ferstjoerkosten te fergoedzjen as in eksimplaar opstjoerd wurde moat. Soms wurdt dêropta frege om in lytse bydrage yn 'e produksjekosten. Der bestiet yn 'e Feriene Steaten in hiel sirkwy fan fanzines, wêrby't eksimplaren fan it iene fanzine tsjin guon fan it oare útwiksele wurde. It komt ek foar dat skriuwers fan artikels en makkers fan yllustraasjes 'betelle' wurde mei eksimplaren fan eardere oplagen.

Inkele fanzines hawwe har ûntjûn ta profesjonele publikaasjes (soms prozines neamd). Mear noch komt it foar dat skriuwers en yllustrators dy't har karriêre by in fanzine begûn binne, letter oannommen wurde troch in profesjoneel tydskrift. Guon fan sokken geane ûnder harren profesjonele karriêre troch mei it bydragen oan ien of mear fanzines. De term fanzine wurdt soms betize mei 'fanmagazine', mar dêrmei wurdt ferwiisd nei profesjonele tydskriften dy't publisearre wurde foar fans fan it ien of oar, en net nei amateurpublikaasjes troch fans.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.