Springe nei ynhâld

Mark Twain

Ut Wikipedy
Mark Twain
skriuwer
persoanlike bysûnderheden
echte namme Samuel Langhorne Clemens
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 30 novimber 1835
berteplak Florida (Missoury)
stoarn 21 april 1910
stjerplak Redding (Konnetikut)
etnisiteit Angelsaksysk Amerikaansk
Kornysk
wurk
taal Ingelsk
sjenre lit. romans & koarte ferhalen,
aventoereromans, berneboeken,
reisferh., essay's, non-fiksje,
autobiografy
perioade 2e helte 19e iuw
bekendste
  wurk(en)
The Adventures of Tom Sawyer
Adventures of Huckleberry Finn
jierren aktyf 18651910
offisjele webside
www.cmgww.com/historic/twain

Mark Twain (it pseudonym fan Samuel Langhorne Clemens, Florida (Missoury), 30 novimber 1835Redding (Konnetikut), 21 april 1910) wie in Amerikaansk skriuwer, essayist en humorist, dy't ek wurke as sjoernalist, loads op rivierboaten en mynwurker. Hy is it meast ferneamd om syn romans Adventures of Huckleberry Finn, út 1885, dy't gauris "de Grutte Amerikaanske Roman" neamd wurdt, en it foargeande The Adventures of Tom Sawyer (De Aventoeren fan Tom Sawyer), út 1876. Hy waard rûnom priizge om syn satirysk gefoel foar humor, dat er sawol yn praten as skriuwen utere, en dêr't er hjoed de dei noch faak om sitearre wurdt. Twain rekke befreone mei presidinten, keunstners, yndustriëlen en leden fan Jeropeeske keningshuzen. De Amerikaanske skriuwer en winner fan 'e Nobelpriis foar de Literatuer William Faulkner neamde him "de Heit fan 'e Amerikaanske literatuer".

Mark Twain waard berne yn Florida, in lyts stedsje oan 'e rivier de Mississippy yn 'e steat Missoury. Syn heit wie John Marshall Clemens (1798-1847), in abbekaat en rjochter mei Kornyske foarâlden, dy't oarspronklik út Firginia kaam, en syn mem wie Jane Lampton (1803-1890), dy't ôfkomstich wie út Kentucky. Twain wie de sechsde fan sân bern, mar twa fan syn âldere bruorren en ien âldere suster kamen te ferstjerren foar't se folwoeksen wiene. Twain waard berne twa wiken nei't de Komeet fan Halley it tichtst by de Ierde kaam; yn 1909, in jier foar't deselde komeet op 'e nij de Ierde passearre, foarsei Twain dat er dan komme soe te ferstjerren. Hy krige gelyk.

Doe't Twain fjouwer jier wie, ferfear it gesin nei Hannibal, in oar stedsje oan 'e Mississippy yn 'e steat Missoury. Dêr groeide Twain op. Letter soed er it fiksjonele Mississippystedsje St. Petersburg, dêr't The Adventures of Tom Sawyer en Adventures of Huckleberry Finn spylje, basearje op Hannibal. Yn Missoury, dat in slavesteat wie, waard de jonge Twain ek bekend mei it ynstitút fan 'e slavernij, dat er letter ek ferskate kearen yn syn boeken behannelje soe. Yn 1847, doe't Twain alve jier wie, kaam syn heit te ferstjerren oan longûntstekking. It jiers dêrop begûn er as learjonge te wurkjen foar in printer, en teffens droech er doe al artikels en humoristyske stikjes by oan 'e Hannibal Journal, in krante dy't útjûn waard troch syn broer Orion.

Mark Twain yn 1867.

Iere folwoeksenens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Doe't er achttjin wie, yn 1853, ferliet Twain Hannibal om as printer te wurkjen yn New York, Philadelphia, St. Louis en Cincinnati. Jûns studearre er op eigen manneboet yn iepenbiere bibleteken. Doe't er yn 1857 ûnderweis nei New Orleans op in steamboat de Mississippy ôfsakke, waard er troch de loads Horace E. Bixby ynspirearre om sels ek rivierloads te wurden. Hy bestudearre twa jier lang in 2.000 myl (3.218 km) lang stik fan 'e Mississippy ear't er yn 1859 syn fergunning bemachtige. Op 'e rivier kaam Twain ek oan syn pseudonym: "mark twain" wie doedestiden rivierfardersjargon foar in metten djipte fan twa fiem. Wylst er noch yn 'e lear wie, moedige er syn jongere broer Henry oan om ek op in steamboat te wurkjen. Doe't de tweintichjierrige Henry op 21 juny 1858 omkaam by in ûntploffing op syn boat, naam Twain him dat syn hiele fierdere libben nei. Sels gied er troch mei te wurkjen as loads oant yn 1861 de Amerikaanske Boargeroarloch útbriek en it ferkear oer de Mississippy ûnmooglik waard. Letter lei Twain syn yndrukken fan dy gouden jierren fan 'e steamboatfeart op 'e Mississippy fêst yn 'e klassikers Old Times on the Mississippi (1876) en Life on the Mississippi (1883).

Oan it begjin fan 'e Boargeroarloch tsjinne Twain fjirtjin dagen yn in Konfederearre militêre ienheid, foar't dy ûntbûn waard. Dêrnei reizge er mei syn broer Orion nei it Nevada-territoarium, dêr't er in blaumoandei mynwurker wie yn in sulvermyn yn Virginia City. Dat wie in spektakulêre misslach, mar al rillegau fûn er wurk as sjoernalist foar de pleatslike krante, de Territorial Enterprise. Yn 1864 ferfear er nei San Fransisko, yn Kalifornje, dêr't er krektlyk as sjoernalist wurke. Twain hie syn earste súkses as skriuwer mei it humoristysk ferhaal The Celebrated Jumping Frogs of Calaveras County, dat yn novimber 1865 yn it wykblêd The Saturday Press ferskynde. Yn 1866 reizge er nei de Sandwicheilannen (sa't Hawaï doe neamd waard). De reisferhalen dy't er dêroer skreau, foarmen de basis foar syn earste lêzings. Yn 1867 reizge er op kosten fan in krante nei de Middellânske See ta, wêrby't er Súd-Jeropa en it Midden-Easten besocht. De ferhalen oer dy reis publisearre er yn 1869 yn in bondel ûnder de titel The Innocents Abroad. It wie op dyseldichste reis, op in boat nei Palestina, dat Twain syn takomstige sweager Charles Langdon mette. Langdon liet him in foto sjen fan syn suster Olivia, en Twain hold letter út dat er doe op slach fereale wurden wie.

Mark Twain op in Amerikaanske postsegel út 1940.

Daliks nei't er yn 1868 wer werom wie yn 'e Feriene Steaten, begûn Twain te briefkjen mei Olivia Langdon. Hy wist har foar him te winnen, en dêrnei har heite tsjinnichheid oermânsk te wurden. Twain en Olivia trouden yn febrewaris 1870 yn har wenplak Elmira, yn steat New York. Har famylje wie ryk en frijsinnich, en troch syn konneksje mei de Langdons kaam Twain yn kontakt mei abolysjonisten, sosjalisten, ateïsten en frouljusrjochte-aktivisten. Twain en syn frou setten har nei wenjen yn Buffalo, yn New York, dêr't Twain by de krante de Buffalo Express wurke as redakteur en sjoernalist. Se krigen fjouwer bern: ien soan, Langdon, dy't mei 19 moannen oan diftery stoar, en trije dochters, Susy (1872-1896), Clara (1874-1962) en Jean (1880-1909).

Lettere karriêre

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn 1871 ferfear Twain mei syn gesin nei Hartford, yn 'e steat Konnetikut, dêr't de skriuwer en syn frou tweintich jier wenjen bliuwe soene. Dêr skreau Twain in grut tal fan syn bekendste boeken, lykas The Adventures of Tom Sawyer (1876), The Prince and the Pauper (1881), Life on the Mississippi (1883), Adventures of Huckleberry Finn (1885) en A Connecticut Yankee in King Arthur's Court (1889). Yn 1878 makke Twain nochris in reis nei Jeropa, dêr't er diskear û.m. it Dútske Heidelberch en it Ingelske Londen besocht. Dy reis lei er fêst yn syn bekende boek A Tramp Abroad, út 1880.

Mark Twain (1909).
Twain syn went yn Hartford, no it Mark Twain House & Museum

Hoewol't Twain in populêr skriuwer wurden wie en oan syn publikaasjes sa njonkelytsen in grou stik jild fertsjinne, ferlear er dat allegear wer troch it ferkeard te ynvestearjen. Benammen de Paige compositor, in meganyske printer dy't prachtwurk levere as er it die, mar oates en toates stikken gie, wie foar Twain in drama. Hy ynvestearre der $ 300.000 yn (omrekkene yn hjoeddeisk jild sa'n $ 8 miljoen), mar rekke dat allegear kwyt doe't it apparaat syn bernesykten mar net kwytreitsje woe en in konkurrint ûnderwilens in minder geweldige mar better wurkjende printer op 'e merk brocht. Inkeld it jild dat Twain mei syn boeken en lêzings fertsjinne en de help fan 'e Amerikaanske finansier Henry Huttleston Rogers makken dat Twain finansjeel wer by de wâl op krûpe koe. It earste dat Rogers him oanrette wie om himsels fajyt ferklearje te litten. Neitiid, doe't it him wer barre mocht, betelle Twain al syn eardere skuldeaskers oant de lêste sint ôf, ek al hied er dêr doe (fanwegen de fajytferklearring) gjin wetlike ferplichting mear ta.

Yn 1895 makke Twain in reis om 'e wrâld dêr't er in jier mei besteld wie en wêrby't er û.m. Hawaï, Fidzjy, Nij-Seelân, Austraalje, Seylon, Britsk-Ynje, Maurisius, Súd-Afrika en Ingelân oandie. De trije moannen dy't er yn Britsk-Ynje trochbrocht, foarmen neitiid de basis fan syn boek Following the Equator. Koart dêrnei rekke Twain yn in djippe depressy troch de dea, yn 1896, fan syn dochter Susy oan harsensfluesûntstekking. Dat waard noch helte slimmer doe't yn 1904 ek syn frou Olivia kaam te ferstjerren. Boppedat ferstoaren yn 1909 syn dochter Jean en syn freon Henry Rogers. Op 21 april 1910 krige Twain yn Redding, yn Konnetikut, in hertoanfal en stoar.

Mark Twain.
  • The Gilded Age: A Tale of Today (1873; tegearre mei Charles Dudley Warner)
  • The Adventures of Tom Sawyer (1876)
  • The Prince and the Pauper (1881)
  • Adventures of Huckleberry Finn (1884)
  • A Connecticut Yankee in King Arthur's Court (1889)
  • The American Claimant (1892)
  • Pudd'nhead Wilson (1894)
  • Tom Sawyer Abroad (1894)
  • Personal Recollections of Joan of Arc (1896)
  • Tom Sawyer, Detective (1896)
  • A Double Barrelled Detective Story (1902)
  • A Horse's Tale (1907)
  • The Mysterious Stranger (1916; postúm útjûn)

Koarte ferhalen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Gravuere fan Twain út 1874.
  • Advice to Little Girls (1865)
  • The Celebrated Jumping Frog of Calaveras County (1867)
  • General Washington's Negro Body-Servant (1868)
  • My Late Senatorial Secretaryship (1868)
  • Some Learned Fables for Good Old Boys and Girls (1875)
  • A Literary Nightmare (1876)
  • A Murder, a Mystery, and a Marriage (1876)
  • The Invalid's Story (1877)
  • The Great Revolution in Pitcairn (1879)
  • 1601: Conversation, as it was by the Social Fireside, in the Time of the Tudors (1880)
  • The Stolen White Elephant (1882)
  • Luck (1891)
  • Those Extraordinary Twins (1892)
  • The Man That Corrupted Hadleyburg (1900)
  • A Dog's Tale (1904)
  • Extracts from Adam's Diary (1904)
  • The War Prayer (1905)
  • Eve's Diary (1906)
  • Captain Stormfield's Visit to Heaven (1909)
  • My Platonic Sweetheart (1912; postúm útjûn)
  • The Private Life of Adam and Eve (1931; postúm útjûn)
Mark Twain yn toga ta gelegenheid fan it takennen fan it earedoktoraat yn 'e letteren troch de Universiteit fan Oxford.
  • On the Decay of the Art of Lying (1880)
  • The Awful German Language (1880)
  • Advice to Youth (1882)
  • Fenimore Cooper's Literary Offenses (1895)
  • English As She Is Taught (1887)
  • Concerning the Jews (1898)
  • A Salutation Speech From the Nineteenth Century to the Twentieth (1900)
  • To the Person Sitting in Darkness (1901)
  • To My Missionary Critics (1901)
  • Edmund Burke on Croker and Tammany (1901)
  • What Is Man? (1906)
  • Christian Science (1907)
  • Queen Victoria's Jubilee (1910)
  • The United States of Lyncherdom (1923; postúm útjûn)
  • Mark Twain's (Burlesque) Autobiography and First Romance (1871)
  • Sketches New and Old (1875)
  • A True Story and the Recent Carnival of Crime (1877)
  • Punch, Brothers, Punch! and Other Sketches (1878)
  • Mark Twain's Library of Humor (1888)
  • Merry Tales (1892)
  • The £1,000,000 Bank Note and Other New Stories (1893)
  • The $30,000 Bequest and Other Stories (1906)
  • The Curious Republic of Gondour and Other Whimsical Sketches (1919; postúm útjûn)
  • The Washoe Giant in San Francisco (1938 postúm útjûn)
  • Memoranda (1870-1871)
  • How to Tell a Story and other Essays (1897)
  • Europe and Elsewhere (1923; postúm útjûn)
  • Letters from the Earth (1962; postúm útjûn)
  • A Pen Warmed Up In Hell (1972; postúm útjûn)
  • The Bible According to Mark Twain (1996; postúm útjûn)
  • The Innocents Abroad (1869)
  • Roughing It (1872)
  • Old Times on the Mississippi (1876)
  • A Tramp Abroad (1880)
  • Life on the Mississippi (1883)
  • Following the Equator (1897)

Oare non-fiksje

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  • Is Shakespeare Dead? (1909)
  • Moments with Mark Twain (1920; postúm útjûn)
  • Mark Twain's Notebook (1935; postúm útjûn)
  • Is He Dead? (1898; toanielstik)
  • The Battle Hymn of the Republic, Updated (1901; satiryske hymne)
  • King Leopold's Soliloquy (1905; satire)
  • Mark Twain's Autobiography (1906-1907; autobiografy; ûnfoltôge)
  • Little Bessie Would Assist Providence (1908; gedicht)
  • Slovenly Peter (1935; berneboek; postúm útjûn)
  • Mark Twain's Letters, 1853-1880 (2010; brieven; postúm útjûn)

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further reading, op dizze side.