Madam
In madam (fan it Frânske madame, "mefrou") of hoeremadam is in frou dy't oare persoanen (almeast ek froulju) yn 'e prostitúsje wurkje lit. Faak is hja in wat âldere frou, dy't sels yn it ferline ek prostituee west hat of dat noch is. De madam runt ornaris in bordeel dêr't de prostituees òf yn fêste tsjinst binne en in ôfsprutsen lean krije, òf dêr't se as lytse selsstannigen fasiliteiten here kinne. Behalven it bieden fan fasiliteiten bemiddelet de madam faak tusken prostituee en klant.
It foardiel fan dizze regelging foar prostituees is dat it oer it algemien in stik feiliger is om yn in bordeel te wurkjen as om oan strjitteprostitúsje te dwaan. Yn dy foarm fan prostitúsje komt in protte geweld foar, en mei dêrom wurdt de rol fan 'e madam dêr faker ferfolle troch de poaier, wat eins de manlike wjergader fan 'e madam is. Om't prostitúsje yn bordelen djoerder is as strjitteprostitúsje binne madams sadwaande faak aktyf yn 'e 'sjikere' segminten fan 'e prostitúsje. Tsjintwurdich komt it ek gauris foar dat se net in bordeel mar in online-escortservice runne.
Guon bekende madams út it ferline binne Adeline Miller (1777-1852), dy't yn 'e earste helte fan 'e njoggentjinde iuw aktyf wie yn New York, en Jurjentje Rauwerda (1812-1877), ôfkomstich út Oentsjerk, dy't om 'e midden fan 'e njoggentjinde iuw hinne aktyf wie yn Amsterdam. Moderne madams binne bgl. de Nederlânske Xaviera Hollander (1943), byneamd de Happy Hooker, dy't jierrenlang yn 'e Feriene Steaten wurke, en Heidi Fleiss (1965), de Hollywood Madam, dy't in grut tal Hollywoodstjerren ta har klantefermidden rekkenje mocht.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |