Swart hier

Ut Wikipedy
Jump to navigation Jump to search
In etnysk Sineesk famke mei swart hier.

Swart hier is sawol de dûnkerste as de meast foarkommende soarte fan minsklik hier. It hawwen fan dizze hierkleur is in dominant genetysk skaaimerk, dat foarkomt by lju fan alle eftergrûnen en etnyske groepen, hoewol by guon mear as oaren. Swart hier ûnderskiedt him fan oare hiersoarten trochdat it in hege konsintraasje fan it dûnkere pigmint eumelanine befettet en trochdat it minder ticht is as oare kleuren hier. Soms wurdt hiel dûnkerbrún hier foutyf foar swart holden. Mooglik om wier swart hier fan sok dûnkerbrún hier te ûnderskieden, wurdt gauris sprutsen fan gitswart, ravenswart of inketswart hier, hoewol't der fan swart eins mar ien kleurnuânse mooglik is.

Faak wurdt swart hier assosjearre mei minsken mei in dûnkere hûdskleur, mar it komt likegoed foar by lju dy't in hiel ljochte hûdskleur hawwe, lykas etnyske Japanners en Inûyt en by blanken út Jeropa. Bûten Jeropa hat de grutte mearderheid fan 'e minskheid swart hier. Nei gedachten wie dit de oarspronklike hierkleur fan homo sapiens. Yn 'e heechste konsintraasjes komt swart hier foar yn Afrika, op it Arabysk Skiereilân, yn Súd-Aazje, Sintraal-Aazje, Súdeast-Aazje, East-Aazje, Mikroneezje, Polyneezje, mank de lânseigen befolking fan Sibearje, de Yndianen en de Inûyt. Ek yn 'e Fruchtbere Healmoanne fan it Midden-Easten, yn Súd-Jeropa, de Kaukasus en op 'e Balkan komt it in protte foar. Yn West-Jeropa steane de westlike Ieren bekend om harren tige dûnkerbrune hier dat yn it ferline faak foar swart oansjoen waard; dêrfandinne de beneaming 'Swarte Ieren'.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.