Gladiator

Ut Wikipedy
Springe nei navigaasje Springe nei sykjen
In diel fan it Mozayk fan Zliten út Lybje, mei dêrop ferskate gladiators ôfbylde.
1rightarrow.png Dizze side giet oer de wapene artyst út 'e Romeinske Tiid. Foar oare betsjuttings, sjoch: Gladiator (betsjuttingsside).

In gladiator (Latyn foar "swurdfjochter", fan gladius, "swurd"), froulike foarm: gladiatriks, wie yn 'e Romeinske Republyk en it Romeinske Ryk in wapene fjochter dy't by optredens yn 'e arena it publyk fermakke mei gewelddiedige konfrontaasjes mei oare gladiators (faak yn gefjochten oant de dea), of oars mei feroardiele kriminelen of mei wylde bisten. Guon gladiators wiene frijwilligers dy't net inkeld harren libben, mar ek harren juridyske en sosjale status op it spul setten om oan gladiatorgefjochten mei te dwaan. De measten wiene lykwols ferachte slaven, dy't yn saneamde gladiatorskoallen ûnder ûnmeilydsume omstannichheden oplaat waarden. Sokken wiene maatskiplik stigmatisearre en marginalisearre en waarden sels yn 'e dea fan 'e rest fan 'e maatskippij segregrearre.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Iere skriftlike boarnen binne it net iens oer de oarsprong fan gladiators en harren optredens. Yn 'e lette earste iuw f.Kr. wie Nikolaüs fan Damaskus fan tinken dat se fan Etruskyske oarsprong wiene, mar in generaasje letter skreau Livius dat gladiatorspullen foar it earst holden wiene yn 310 f.Kr. troch de Oskysksprekkende folken yn Kampaanje om harren oerwinning op 'e Samniten te fieren. Lang nei't gladiators en harren optredens opholden hiene te bestean woe de sânde-iuwske histoarikus Isidoarus fan Sevilla dat de Latynske term lanista (in manager fan gladiators) fan it Etruskyske wurd foar "boal" kaam, en de titel "charon" fan Charun, in psychopompus (geast dy't de deaden nei de ûnderwrâld begeliedt) út 'e Etruskyske mytology. Dêrmei befêstige er de oarsprongsteory fan Nikolaüs fan Damaskus. De útlis fan Isidoarus waard rûnom akseptearre en neitiid oernommen yn hast alle ier-moderne ferklearrings fan gladiators en harren gefjochten.

In gladiatorhelm út 'e 1e oant de 3e iuw.

Guon moderne skiedkundigen hawwe op basis fan reliëfs en oar pikturaal bewiismateriaal, dat nei in Kampanyske oarsprong fan 'e gladiators wiist, de teory fan Livius op 'e nij yn omtinken nommen. Bekend is dat de ierste gladiatorskoallen yn Kampaanje fêstige wiene, en fresko's út 'e fjirde iuw f.Kr. út 'e Kampanyske stêd Paestum litte fjochters-pearen tarist mei helmen, spearen en skylden sjen, ferwikkele yn in funerêr bloedritueel dêr't de earste gladiatorgefjochten út fuortkamen. Ferlike dêrmei is it bewiis foar de Etruskyske teory, yn 'e foarm fan muorreskilderings yn grêftombes, net botte oertsjûgjend en boppedat fan letter datum. De fresko's yn Paestum soene in fuortsetting fertsjintwurdige kinne fan in folle âldere tradysje, dy't yn 'e achtste iuw f.Kr. fan Grykske kolonisten oernommen of urven west hawwe kin.

Neffens Livius fûnen de earste Romeinske gladiatorgefjochten yn 264 f.Kr. plak, yn it iere stadium fan 'e Earste Punyske Oarloch tsjin Kartago, doe't in Desimus Junius Brutus Skaeva trije gladiatorpearen oant de dea fjochtsje liet yn it Forum Boarium ta eare fan syn ferstoarne heit Brutus Pera Skaeva. Sa'n gefjocht tusken gladiators ta eare fan in ferstoarne waard in munus neamd (meartal: munera), in famyljeplicht fan betinking dy't ôfstammelingen de manes ("geast") fan in deade foarfaar skuldich wiene. De ûntwikkeling fan 'e munus en de dêrmei ferbûne gladiatortypen waard sterk beynfloede troch de oarloch tsjin Kartago en de stipe dy't de Kartaachske legeroanfierder Hannibal krige fan 'e Samniten. Nei't de Kartaachske ynvaazje ôfslein wie, namen de Romeinen en harren Kampanyske bûnsgenoaten wraak op 'e Samniten troch in rige strafekspedysjes.

It Amfiteäter fan Arles, yn Frankryk, jout in goed byld fan 'e arena dêr't gladiators yn fjochtsje moasten.

De munus ferwaard doe yn Kampaanje al rillegau fan in funerêre plicht ta publyksfermaak yn 'e foarm fan in histoaryske neispiling fan 'e strafekspedysjes en de oerwinning op 'e Samniten. Yn Rome sels gie dy ûntwikkeling folle stadiger, en waard noch lange tiid de fiksje yn stân holden dat men gladiatorspullen inkeld hold om 'e deaden te earjen. Fan 105 f.Kr. ôf waarden sokke 'spullen' lykwols ek los fan begraffenissen of betinkings holden, hoewol noch altyd yn in religieuze kontekst troch in bân mei in hjeldei en de ferearing fan ien of mear goaden fan it Romeinske panteön. De optredens fan gladiators ferspraten har ier en fluch nei oare dielen fan it Romeinske Ryk, lykas it Ibearysk Skiereilân, Noard-Afrika en it Midden-Easten. De gladiatorspullen berikten harren hichtepunt fan 'e twadde helte fan 'e earste iuw f.Kr. oant de trêde iuw (n.Kr.).

Fan 73 oant 71 f.Kr. fûn de saneamde Gladiatoroarloch plak. Dêrby brieken slaven oan in gladiatorskoalle ûnder lieding fan Spartakus frij en ûntstie de grutste slave-opstân út 'e Romeinske skiednis. Nei de moard op Julius Caesar, dy't ta de Romeinske Boargeroarloch en de ein fan 'e Romeinske Republyk late, krigen de keizers fan it Romeinske Ryk sizzenskip oer de gladiatorspullen. Fan dat stuit ôf makken de grutste en meast fierde gladiatorspullen diel út fan 'e keizerskultus, sadat se sjoen wurde koene as in funerêr earbetoan oan ferstoarne en/of fergoade keizers. De kosten fan sokke festivals rûnen al rillegau folslein út 'e hân. In 'sunige' munus foar in legere funksjonaris, mei in maksimum fan 120 gladiators, koste 'mar' 25.000 denaarjes, mar in 'rynske' keizerlike munus koe wol 180.000 denaarjes kostje. Yn 108 en 109 fierde keizer Trajanus syn oerwinnings op Daasje (no Roemeenje) nei't it skynt mei gefjochten dy't 123 dagen duorren en dêr't 10.000 gladiators en 11.000 wylde bisten foar ynset waarden.

In mozayk út 'e 5e iuw yn it Grutte Paleis fan Konstantinopel, dat twa venatores ôfbyldet dy't it opnimme tsjin in tiger.

Doe't troch de Krisis fan 'e Trêde Iuw de oanboazjende militêre swierrichheden in almar grutter part fan 'e Romeinske steatsfinânsjes opeasken, wie der navenant minder jild om oan keizerlike gladiatorgefjochten út te jaan. Mindere funksjonarissen ûnderfûnen de munera ek as in hieltyd minder leanjende belesting op 'e twifelige foardielen fan harren amt. Nettsjinsteande dat holden de keizers oan mei it subsidiëarjen fan 'e gladiatorspullen, om't dy ûnfermindere populêr bleaune by it miene folk. Fan it begjin fan 'e trêde iuw ôf begûnen de oanhingers fan it kristendom, dy't in sterk groeiend diel fan 'e Romeinske befolking fertsjintwurdigen, har lykwols hieltyd iepentliker tsjin 'e gladiatortradysje oan te kantsjen. Sa skreau de tsjerkfaar Tertullianus oan it begjin fan 'e trêde iuw dat de gefjochten neat oars as moard wiene, wylst it oanskôgjen dêrfan spiritueel en moreel skealik en de gladiator sels in ynstrumint fan heidenske minske-offers wie.

Yn 325 ferbea keizer Konstantyn de Grutte de feroardieling fan kriminelen ta dielname oan gladiatorgefjochten. Falentinianus I drige yn 365 in rjochter in boete op te lizzen as dy it weage om kristenen ta dielname oan gladiatorgefjochten te feroardieljen. Mar nei't yn 393 Teodoasius I it kristendom ynfierde as de steatsgodstsjinst fan it Romeinske Ryk, en sadwaande it near lei op it fieren fan heidenske hjeldagen, giene de gladiatorgefjochten gewoan troch, hoewol no sûnder de religieuze betsjutting fan 'e munus. Keizer Honoarius ferbea de gladiatorgefjochten by wet yn 399 en nochris yn 404, alteast yn it Westromeinske Ryk. Yn it Eastromeinske of Byzantynske Ryk makke Falentinianus III der yn 438 in ein oan, hoewol't de fariant fan 'e ventiones trochgie oant teminsten (en wierskynlik langer as) 536. Tsjin dy tiid wie it dúdlik dat it in ôfrinnende saak wie mei de gladiatorgefjochten, en ek hiene se by it miene folk sterk oan populariteit ynboete. Ynstee wie it weinmennen doe folkssport nûmer ien wurden.

In retarius stekt in secutor mei syn trijetine yn in mozayk yn it Dútske Nennig út 'e 2e of 3e iuw.

Dielnimmers oan gladiatorgefjochten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Types gladiators[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De ierste types gladiators wiene ferneamd nei de doetiidske fijannen fan Rome: de Samnyt, de Traasjer en de Galjer. De Samnyt en de Galjer waarden letter, doe't de Samniten en de Galjers troch it Romeinske Ryk ferslein en ûnderwurpen wiene, omneamd ta de secutor, resp. de murmillo. It populêrste type gladiator wie nei alle gedachten de swierbewapene en -bepânsere Samnyt/secutor, dy't in gesichtbedekkende helm droech. In oar bekend gladiatortype wie de retiarius ("netteman"), fan wa't inkeld de lofterearm en it lofterskouder bepânsere wiene. Sokken wiene bewapene mei in fisknet, in trijetine en in dagge. Soms waarden ek gladiators brûkt dy't te pearde fochten of út in striidwein of karre wei.

Gladiatriks[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

In froulike gladiator wie in gladiatriks (meartal: gladiatriksen of gladiatrises). Sokken wiene seldsum, mei't froulju yn 'e Romeinske kultuer in folslein ûnderhearrige sosjale posysje hiene en har tige yntein en keken hâlde en drage moasten. Froulike gladiators wiene sadwaande wat folslein útwrydsks, dat troch in protte lju as in teken fan dekadinsje sjoen waard, of gewoan as absurd. Nettsjinsteande dat kamen gladiatrises soms wol foar as "eksoatyske markearrings fan in útsûnderlik wielderich spektakel" (sa't histoarika Alison Futrell it yn 2006 yn A Sourcebook on the Roman Games omskreau).

De helm fan in murmillo.

Yn it jier 66 liet keizer Nearo Etiopyske manlju, froulju en bern, allegear slaven, yn in munus fjochtsje om yndruk te meitsjen op 'e besykjende kening Tiridates I fan Armeenje. In munus út it regear fan Domitianus, út 89, hie as ûnderdiel in twakamp tusken gladiatrises, dy't omskreaun waarden as "Amazônes". De Romeinske noarmen en wearden fereasken dat alle gladiators ôfkomstich wiene út 'e alderleechste, meast ferachte lagen fan 'e maatskippij, en foar de gladiatrises sil dat net oars west hawwe. De skriuwer Kassius Dio wiist der dêrom yn syn wurk wiidweidich op, dat doe't de bewûndere keizer Titus gladiatrises fjochtsje liet, dyselden fan akseptabel lege klasse wiene.

Foar't er keizer waard, besocht Septimius Sevearus mooglik de Antiocheenske Olympyske Spullen, dy't troch Kommodus nij libben ynblaasd wiene en ek tradisjonele Grykske atletyk foar froulju omfettet. Fan gefolgen besocht er nei't er op 'e troan kommen wie om Rome in soartgelikens weardich skouspul te jaan. Dat waard lykwols troch it Romeinske publyk mei goare sjongkoaren, ôfwaaid praat en fluitsjen begroete. Wierskynlik wie dat de reden dat Septimius Sevearus it gebrûk fan gladiatrises yn 200 by wet ferbea.

It skilderij Pollice Verso (Latyn foar "Mei in Draaide Tomme") fan Jean-Léon Gérôme út 1872.

Keizers belutsen by gladiatorgefjochten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Romeinske keizers Kaligula, Titus, Hadrianus en Karakalla soene allegearre yn 'e arena optreden hawwe, itsij yn besletten fermidden, itsij foar it each fan it publyk. De risiko's dy't se dêrby rûnen, wiene lykwols minimaal, mei't it gjin gewoane gladiatorgefjochten oant de dea wiene. Keizer Klaudius, dy't troch histoarisy omskreaun wurdt as wreed en lomp op it syklike ôf, 'befocht' foar it each fan it omsteand laach in walfisk dy't fêst kommen wie te sitten yn 'e haven. Kommodus wie fan alle keizers de fanatykste dielnimmer oan 'e gefjochten yn 'e arena, hoewol't it meastepart fan syn optredens bestie út bloedleaze skermpartijen dy't útfochten waarden mei houten swurden. En hy wûn altyd. Kommentators hiene sûnder útsûndering inkeld minachting foar sokke spektakels, dy't sy beskôgen as fier ûnder de keizerlike weardichheid.

Gladiatorgefjochten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

In gladiatorgefjocht duorre ornaris mar 10 oant 15 minuten, of op syn heechst 20 minuten. Swierbewapene en -bepânsere gladiators, lykas de Samnyt/secutor wiene traach en rekken gau wurch, mar wiene better beskerme tsjin ferwûnings. Lichter bewapene en bepânsere gladiators, lykas de retiarius, wiene amper beskerme tsjin ferwûnings, mar wiene folle lichter op 'e fuotten en waarden folle minder gau wurch. Yn 'e lette Romeinske Republyk waarden der by in munus sa'n tsien oant trettjin gefjochten efterinoar op ien middei holden.

In neibeard gladiatorgefjocht yn Trier, yn 2005.

As gladiators de arena ynkamen, brochten se earst de tradisjonele groet oan 'e keizer (yn Rome, as dy oanwêzich wie) of wa't ek mar de heechste funksjonaris wie: "Sy dy't stjerre sille, groetsje jo." Oan 'e ein fan in gefjocht wie it wizânsje dat de winner mei it útdielen fan 'e genedeklap oan 'e ferliezer wachte op 'e wil fan 'e keizer of heechste funksjonaris (de editor). Dy liet de útkomst faak ôfhingje fan 'e wil fan it publyk, dat "Dea, dea!" of "Libben, libben!" raasde, mar net alle editors lieten har troch de wil fan it publyk liede. De editor hold dan syn hân út en makke in gebeart dat betsjutte "dea" of ien dat betsjutte "libben". Yn 'e moderne tiid is dat ynterpretearre as de tomme omleech (dea) en de tomme omheech (libben), mar eins stiet yn histoaryske boarnen inkeld fermeld dat it in gebeart "mei de tomme omdraaid" (pollice verso) wie, wat net in sekuer genôge omskriuwing is om út te meitsjen hokfoar gebeart it no eins krekt om gie.

In gladiator dy't gjin genede (missio) krige, waard deade troch syn tsjinstanner. Om goed te stjerren, sa waard gladiators yndruid, moasten se nea om genede freegje en it nea útskreauwe fan pine of eangst. In 'goede dea' ferloste in gladiator fan 'e nederlaach dy't him swak toand hie en him syn ear ôfnommen hie. It joech ek in nommel foarbyld foar de taskôgers. It stoflik omskot fan in gladiator dy't op sa'n wize stoarn wie, waard mei weardichheid út 'e arena droegen nei it byhearrend likehûs, dêr't er fan syn klean en wapenris ûntdien waard en syn kiel trochsnien waard om te bewizen dat er wier dea wie. Dêrnei waarden sokken begroeven op in spesjaal begraafplak foar gladiators. De liken fan noxii (slaven dy't twongen waarden om sûnder training as 'kanonnefoer' oan gladiatorgefjochten diel te nimmen) en damnati (feroardiele kriminelen) krigen in oare behanneling. Dy waarden nammentlik sûnder foarm fan weardichheid út 'e arena sleept en neitiid yn in rivier of op in rúchskerne smiten.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further Reading, op dizze side.