Afrodite
Afrodite wie in goadinne út de Grykske mytology. Hja wie de goadinne fan de fruchtberens, en dêrmei fan de leafde. Hja wie ek goadinne fan it lykwicht.
Der binne ferskate ferhalen oer har berte, mar it bekendste is faaks dat hja berne is út it sulveren skom fan de see, befruchte troch droppen bloed fan Kronos. Afrodite wie troch Seus oan Hefaistos ta frou jûn, mar hja sloech mei Mars om.
Yn it ferhaal fan de Trojaanske kriich is hja de goadinne dy't troch de Trojaanske keningssoan Paris ta kreaste keazen wurdt. Dat docht er om't hja him de kreaze Helena ferseit, de frou fan de Spartaanske kening Menelaos. Paris giet nei Sparta en mei't Helena ferealet geane se tegearre werom nei Troje. Menelaos wol fansels de oare helte werom hawwe, en begjint de kriich.
De Romeinen keppelje Afrodite oan Fenus, fandêr it skilderij De Berte fan Fenus fan Sandro Botticelli, wat sjen lit hoe't hja út de see berne is.