Donald Trump
Oan dizze side wurdt noch wurke! Fier hjir asjebleaft gjin bewurkings út oant de skriuwer mei de side klear is. |
---|
Donald Trump | ||
politikus | ||
echte namme | Donald John Trump | |
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
bertedatum | 14 juny 1946 | |
berteplak | Queens, New York City | |
etnisiteit | Dútsk Skotsk | |
partij | Republikeinske Partij | |
Presidint fan de Feriene Steaten | ||
amtsperioade | 2017 – 2021 | |
foargonger | Barack Obama | |
opfolger | Joe Biden | |
amtsperioade | 2025 - 2029 | |
foargonger | Joe Biden |
Donald John Trump (New York City, 14 juny 1946) is in Amerikaansk ûndernimmer, telefyzjepersoanlikheid, politikus (en skriuwer) dy't fan 2017 oant 2021 de 45e presidint fan de Feriene Steaten wie. By de Amerikaanske presidintsferkiezings 2016 op 8 novimber 2016 waard er keazen nei't er Hillary Clinton fan de Demokratyske Partij fersloech.[1] Hy wûn de Amerikaanske presidintsferkiezings fan 2024 en syn twadde termyn as presidint sette útein op 20 jannewaris 2025. Hy heart ta de Republikeinske Partij. Ear't er presidint waard wie er net warber yn 'e polityk. Hy wie warber yn fêstgoed dêr't er hannele yn ûnreplik guod. Op basis fan it famyljebedriuw, opboud troch syn heit, makke er in ympearium yn ûnreplik guod, kasino's, sport en transport, wêrby't der in soarte satiryske kultus ûntstien is om syn persoan. De namme "Trump" komt werom yn gebouwen dy't er bouwe litten hat (Trump Tower, Trump Taj Mahal ensfh.) en by gelegenheden komme grutte "T"'s in soad foar yn it dekor. Dêrnjonken waard er presintator fan it telefyzjeprogramma The Apprentice op NBC.
Komôf
Trump syn pake en beppe oan heitekant wiene Dútske ymmigranten út Kallstadt yn Rynlân-Palts. Syn pake Friedrich Trumpf emigrearre yn 1885 yn 'e âldens fan 16 jier nei New York dêr't er syn Dútske namme ta Frederick Trump feringelske.[2]
Trump syn mem Mary Ann MacLeod (1912-2000) waard yn it doarp Tong op it eilân Lewis oan 'e westkust fan Skotlân berne. Doe't se 18 jier âld wie, yn 1930 moete se Fred Trump (1905-1999) by in fakânsje yn New York. Hja boasken yn 1936.
Jonkheid en oplieding
Donald Trump waard op 14 juny 1946 as soan fan Fred Trump en Mary Ann MacLeoed berne yn Queens, ien fan de fiif stedsdielen (boroughs) fan New York. Hy hie twa susters en twa bruorren: Maryanne, Fred jr., Elizabet en Robert. Fred jr. ferstoar yn 1981 yn 'e âldens fan 43 jier as gefolch fan alkoholisme. Donald hat sein dat er dêrtroch sels nea alkohol drinkt. Maryanne wie oant 2011 rjochter yn it Hôf fan Berop foar it 3e sirkwy.
Yn 'e tiid dat de húshâlding fan Trump yn Jamaica Estates wenne, gie Donald nei The Kew-Forest School yn Forest Hills, in wyk yn Queens, New York, dêr't syn heit lid fan it skoalbestjoer fan wie. Guon fan syn sibben giene nei dy skoalle. Doe't Donald 13 jier wie, waard er fan dy skoalle ôftrape omreden syn hâlden en dragen. Dêrnei waard er troch syn âlden nei de New York Military Academy stjoerd, dêr't er syn enerzjy goed kwyt koe.[3] Doe't er 17 jier we, helle er de rang fan kapitein op dy skoalle. Yn augustus 1964 sette er útein mei in stúdzje oan 'e Universiteit fan Fordham yn The Bronx. Twa jier letter gie er nei de Wharton School fan de Universiteit fan Pennsylvania, dy't as ien fan mar in bytsje yn de Feriene Steaten in fêstgoedstúdzje oanbea. Hy studearre dêr ôf yn 1968 mei in Bachelor of Science yn 'e ekonomy.
Yn 'e snuorje fan 'e Fjetnamkriich koe er de militêre tsjinstplicht ûntrinne. Earst yn syn studintetiid (1964-1968) waard him fjouwer kear útstel jûn en dêrnei op medysk grûn omreden in hakspoar. Letter besleat de oerheid om neffens lotterijen út te meitsjen wa't nei Fjetnam stjoerd wurde soe, waard Trump ek nea oproppen.
Saaklik libben
Fêstgoed
Nei syn stúdzje sette er yn 1968 syn karriêre útein yn it famyljebedriuw Elizabeth Trump & Son, dat yn 1923 troch syn beppe Elizabeth Christ Trump en syn heit Fred oprjochte waard. It bedriuw rjochte him ynearsten op midklasse hierhuzen yn de New Yorkske stedsdielen Brooklyn, Queens en Staten Island, dêr't se rasiale segregearre hierwenten yn eigendom hiene. Yn 1971 waard Donald presidint fan it bedriuw en sette er útein mei de Trump Organization as oerkoepeljend merk te brûken. Dat jiers ferhuze er it bedriuw nei Manhattan dêr't mear kapitaalkrêftige klanten wiene. Yn 1973 waard it bedriuw troch it ministearje fan Justysje oanklage omreden it wegerjen fan swarte hierders, dêr't er yn 1975 in skikking oan die.
Projekten yn Manhattan en Chicago
Yn 1978 sette er útein mei de earste ûndernimming yn Manhattan; de renovaasje fan it ferfallen Commodore Hotel, njonken it sintraal stasjon Grand central Terminal. It finansierjen waard mooglik makke troch in koarting fan $400 miljoen op ûnreplik goedbelesting dy't syn heit foar him regele en dy't ek, mank mei Hyatt, garant stie foar in bouliening fan $70 miljoen. Yn 1980 weriepene it hotel fannijs as Grand Hyatt Hotel en datselde jier krige er de rjochten en ûntwikkelje Trump Tower, in wolkekliuwer fan mingd gebrûk yn Midtown Mannhattan. Dat gebou soe it haadkantoar fan de Trump Corporation húsmanje en bleau oant 2019 syn haadferbliuw.
Yn 1988 kocht Trump it Plaza Hotel mei in liening fan in konsortsium fan sechtjin banken. It hotel frege yn 1992 in fallisemintsbeskerming oan en in moanne letter waard in reorganisaasjeplan goedkard, dêr't de banken de kontrôle oer it pân by oernamen. Yn 1995 gie er fallyt mei mear as $3 miljard oan banklieningen en de kredytjouwers leine beslach op it Plaza Hotel mank mei de measte fan syn oare eigendommen yn in "gruttte en lytsmeitsjende reorganisaasje" dy't him der ta brocht en foarkom in persoanlik fallisemint. De abbekaat fan de liedende bank sei "dat se it der allgear oer iens iene dat er better libjend as dea wêze koe".
Yn 1996 kocht en renovearre Trump it foar it grutste part leechsteande wolkekliuwer fan 71 ferdjippings op Wall Street 40, dy't letter omneamd waard ta Trump Building. Yn 'e iere 1990-er jierren wûn er it rjocht en ûntjou in stik lân fan 28 hektare yn 'e wyk Lincoln Square flakby de rivier de Hudson. Wrakseljend mei skulden fan syn oare ûndernimmings yn 1994, ferkocht er it grutste part fan syn belang yn it projekt oan Aziatyske ynvestearders, dy't it foltôgjen fan it plan finansiearren, Riverside South.
Trump syn lêste grutte bouprojekt wie Trump International Hotel and Tower (Chicago) mei 92 ferdjippings, dy't yn 2008 iepene waard. Yn 2024 berjochten The New York Times en ProPublica dat de Amerikaanske belestingtsjinst (IRS) ûndersocht as er twaris ferliezen ôfskreaun hie dy't ûntstien wiene troch it boppe de kosten kommen yn de bou en efterbliuwende ferkeap fan wenienheden yn it gebou dat er as weardeleas opjûn hie op syn belestingoanjefte fan 2008.
Kasino's en klubs
Yn 1984 iepene Trump Harrah's at Trump Plaza yn Atlantic City (Nij-Jersey), in hotel en kasino, mei finansierring en help mei it behear fan Holiday Corporation. It wie fuortendaliks net winstjouwend en hy betelle Holiday yn 1986 $70 miljoen om it allinnichsizzenskip oer te nimmen. Yn 1985 kocht er it noch net iepene Atlantic City Hilton Hotel en neamde it om ta Trump Castle. Alle twa kasino's fregen yn 1992 it Chapter 11-fallisemintsbeskerming oan.
Trump kocht yn 1988 in tredde lokaasje yn Atlantic City, de Trump Taj Mahal. It waard mei $675 miljoen finansierre oan junk bonds en waard foar $1,1 miljard foltôge. It waard yn april 1990 iepene. Yn 1991 frege er Chapter 11-fallisemintsbeskerming oan. Under de bepalingen fan de werstrukturearringsoerienkomst, joech er de helte fan syn oarspronklike belang op en garandearre er persoanlike takomstige prestaasjes. Om syn $900 miljoen oan persoanlike skuld te ferminderjen, ferkocht er de Trump Shuttle-loftfeartmaastskippij; syn megajacht, de Trump Princess, dy't oan syn kasino's ferhierd waard en oan wâl bleau; en guon fan syn oare bedriuwen.
Yn 1995 rjochte Donald Trump Trump Hotels & Casino Resorts (THCR) op, dy't de eigener fan Trump Plaza waard. THCR kocht de Trump Taj Mahal en Trump Castle yn 1996 en gie yn 2004 en 2009 fallyt, dêr't er 10 prosint eigener troch bleau. Hy bleau oant 2009 foarsitter.
Yn 1985 kocht Trump it lângoed Mar-a-Lago yn Palm Beach (Floarida). Yn 1995 feroare er it lângoed ta in priveeklub mei ynwijingskosten en jierlikse kontribúsjes. In fleugel fan it hûs bleau er brûken as priveewente. Yn 2019 ferklearre er de klub ta syn haadferbliuwlak. De Trump Organization sette yn 1999 útein mei it bouwen en keapjen fan golfbanen. Hy hat der fjirtjin yn eigendom en beheart boppedat trije oare banen wrâldwiid mei de merknamme "Trump".
Oankeap en ferkeap fan Amels yn Makkum
Doe't Trump it niisneamde megajacht yn 1988 foar $29 miljoen fan de sultan fan Brûnei kocht, liet er it foar $10 miljoen opknappe by skipswerf Amels yn Makkum. Hy werneamde de boat ta Trump Princess. Doe't it opknappen yn 1989 dien wie, makke er buorkundich dat er in twadde, noch gruttere boat fan 128 meter, de Trump Princess II, yn Trump syn wurden "justjes mear as 120 meter lang, tichter by 150 meter", bouwe litte soe. Amels krige de opdracht.[4] Yn 1990 waard bekend dat Trump de hiele skipswerf keapje soe. In pear moanne letter ferkocht Trump de skipswerf lykwols al wer oan de Amerikaanske sakeman Peter Kutell, om't Trump troch syn kasino's yn finansjeel swier wetter bedarre wie. Ek de bou fan it twadde skip foar $230 miljoen waard stopset. [5] Oer de wurkmotivaasje by Amels wie Trump goed oer te sprekken. Neffens him hat er "noch nea minsken hurder wurkjen sjoen by Amels yn Makkum".[6]
Oare ûndernimmingen
De Trump Organization hat de namme Trump as merknamme yn lisinsje jûn foar konsuminteprodukten en -tsjinsten, lykas itensguod, klaaing, kursussen en wente-ynrjochting. Neffens The Washington Post binne der mear as 50 lisinsje- of behearoerienkomsten dêr't syn namme by belutsen is, en dy hawwe op syn minst $59 miljoen oan ynkomsten bart foar syn bedriuwen. Yn 2018 wiene der noch ma twa konsumpsjeguodbedriuwen dy't syn namme yn lisinsje joegen.
Yn 1988 kocht Trump de Eastern Air Lines Shuttle en finansearre de oankeap mei $380 miljoen oan lieningen fan in syndikaat fan 22 banken. Hy neamde de loftfeartmaastskippij om ta Trump Shuttle en eksploitearre him oant 1992. Yn 1991 rekke er efterop mei it werombeteljen fan de lieningen en it eigendom gie nei de banken.
Sport
Yn 1983 kocht Trump de New Jersey Generals, in Amerikaansk fuotbalteam foar de USFL. Nei it seizoen fan 1985 rekke de USFL fallyt foar it grutste part omreden syn besykjen nei in hjerstskema oer te stappen sa't it mei de NFL konkurrearje koe om sa in fúzje dêrmei ôf te twingen troch in meitingsrjochtsaak oan te spannen.
Trump en syn Plaza Hotel hawwe ferskate bokswedstriden organisearre yn de Atlantic City Convention Hall. Yn 1989 en 1990 liende er syn namme oan de Tour de Trump-hurdfytsomgong, dêr't er by besocht hie in Amerikaanske ekwifalint te kreëarjen fan Jeropeeske wedstriden lykas de Tour de France en de Giro d'Italia.
Doe't Trump yn 1988 in fjochterij tusken Mike Tyson en Michael Spinks yn Atlantic City organisearre, wie er foar dy gelegenheid finansjeel adviseur fan Tyson.
De Trump Organization beheart in tal golfbanen en -klubs yn de Feriene Steaten en de rest fan 'e wrâld. Yn 2006 kocht Trump it lângoed Menie yn it Skotske plak Balmedie yn Aberdeenshire foar it oanlizzen fan in omstriden golfklub. Yn 2015 waard it heger berop fan Trump ôfwiisd, dêr't er beswier foar in wynmûnepark, dat te sjen fan syn golklub ôf wie, oer makke. Op 11 febrewaris 2014 waard bekend dat Trump de Doonbeg Golf Club yn Ierlân kocht hie. De golfbaan waard omneamd ta de Trump International Golf Links. Yn april 2014 kocht er it hotel en golfklub Turnberry yn Skotlân, dat gauris yn it roaster fan The Open Championship foarkomt.
Skjintmewedstriden
Trump wie fan 1996 oant 2015 de eigener fan de skjintmewedstriden Miss USA en Miss Universe, dêr't de lêste ien fan de meast bekende skjintmewedstriden yn 'e wrâld fan is. Yn 2015 holden NBC en Univision op mei de gearwurking mei de Miss Universe Organization nei de taspraak fan Trump oan it begjin fan syn kampanje foar de Amerikaanske presidintsferkiezings fan 2016 op 16 juny dêr't er negative opmerkings oer Meksikanen en it Amerikaanske ymmigraasjebelied makke. Trump reagrearre dêrfoaroer mei in rjochtsaak tsjin Univision en easke $500 miljoen foar kontraktbrek en kwealaster. De telefyzjestjoerder Reelz kocht dêrnei de eksklusive rjochten en stjoer Miss USA út.
World Wrestling Entertainment
Trump mei graach de World Wrestling Entertainment (WWE) lije en is befreone mei de eardere foarsitter fan dat bedriuw Vince McMahon. Hy hat twa eveneminten fan Wrestlemania presentearre yn Trump Plaza en wie in warber meidogger yn ferskate shows. Yn 1991 waard it kampioenskip fan de World Bodybuilding Federation, dy't yn it besit fan de WWE wie, yn Trump Taj Majal yn Atlantic City holden. Trump waard yn 2004 by de Wrestlemania XX by de ring troch Jesse Ventura ynterviewd. Hy ferskynde yn 2007 yn Wrestlemania 23 yn in wedstriid mei de namme The Battle of the billionaires, in fjochterij tusken Bobby Lashley en Umaga. Trump stie oan 'e kant fan Lashley en Vince McMahon oan 'e kant fan Umaga. Stone Cold Steve Austin wie de skiedsrjochter yn it saneamde hair versus hair (hier tsjin hier)-fjochterij. Dat betsjutte dat it hier fan Trump ôfskeard wurde soe, mocht Umaga winne en it hier fan Mcmahon as Lashley winne soe. Lashley wûn lang om let, en Trump skearde dêrnei McMahon keal.
Op 15 juny 2009 kundige McMahon oan yn 'e wrakselshow Monday Night Raw dat er it programma oan Trump "ferkocht" hie. Trump ferklearre dat er yn 'e folgjende ôflevering sûnder reklame ferskine soe en dat er tagongskaarten fergoedzje soe fan alle minsken dy't in tagongskaart foar dy show kocht hiene. De wyks dêrnei waard it programma saneamd troch McMahon "weromkocht" foar de dûbelde priis.
Yn 2013 waard Trump opnommen yn 'e ferneamdensfleugel fan 'e WWE Hall of Fame yn Madison Square Garden yn New York foar syn bydragen en promoasje fan WWE. De nachts dêrnei ferskynde er foar de fyfde kear yn WrestleMania.
Media-ûndernimmingen
Trump hat 19 boeken ûnder syn namme skreaun. Guon dêrfan waarden skreaun of meiskreaun troch ghostwriters. Syn earste boek, The Art of the Deal (1987) wie in New York Times Bestseller. Hoewol't er kreditearre waard as mei-auteur, waard it gânse boek troch Tony Schwartz skreaun. Neffens The New Yorker makke it boek Trump ferneamd as in "embleem fan de suksesfolle tykoan". Hy hat ek yn ferskate films spile, wêrûnder The Little Rascals út 1994.
Fan de 1990-er jierren ôf wie Trump wol 24 kear gast yn 'e nasjonaal syndikearre radiopraatprogramma Te Hoard Stern Show. Fan 2004 oant 2008 hie er sels in eigen radioprogramma, Trumped! neamd. Fan 2011 oant 2015 wie er gastkommintator op it telefyzjeprogramma Fox & Friends op Fox News.
Fan 2004 oant 2015 wie Trump mei-produsint en gasthear fan de realitysearje The Apprentice en The Celebrity Apprentice. Yn dy searje die er him foar as in superrike en suksesfolle direkteur dy't meidoggers eliminearre mei it biedwurd You are fired! (Do bist ûntslein!). De New York Times neamde syn ferskinen op de searje is in "tige flattearjende, tige fiksjonalisearre ferzje fan dhr. Trump". De searje werskoep syn imago foar miljoenen sjoggers yn gâns it lân. Mei de byhearrende lisinsjeoerienkomsten fertsjinnen se him mear as $400 miljoen. Op 16 jannewaris 2007 krige Trump syn eigen stjer op de Hollywood Walk of Fame.
Juridyske saken en falliseminten
Roy Cohn wie de fixer, abbekaat en riejouwer fan Trump foar 13 jier yn de 1970-er en 1980-er jiereen. Yn 1973 holp Crohn Trump en ferfolgje de Amerikaanske oerheid foar $100 miljoen oer beskuldigings dat Trump syn eigendommen rassediskriminearjende praktiken dêr op nei holden. De easken dy't Trump dêrfoaroer hie waarden ôfwiisd. Dêr folge in skikking mei de ûndertekening fan Trump dêr't se ynstimden mei desegregaasje. Yn 1975 waard in oerienkomst sletten dêr't Trump syn eigendommen ferplichte waarden en foarsjoch de New York Urban League fan in list fan alle fakatueren fan apparteminten alle wiken foar twa jier lang. Cohn yntrodusearre adviseur Roger Stone by Trump dy't Stone syn tsjinsten ynhierde en doch saken mei de federale oerheid.
Neffens in oersicht fan steats- en federale rjochtbankdossiers dy't troch USA Today yn 2018 útfierd waarden, wiene Trump en syn bedriuwen by mear as 4.000 steats- en federale rjochtsaken belutsen. Howol't er gjin persoanlik fallisemint oanfrege hie, hawwe syn hotel- en kasinobedriuwen yn Atlantic City en New York mei tefole skulden tusken 1991 en 2006 seis kear it Chapter 11-fallisemintsbeskerming oanfrege. Hja bleaune operearjen wylst de banken de skulden fannijs strukturearren en syn oandielen yn 'e eigendommen ferminderen.
Yn 'e 1980-er jierren hawwe mear as 70 banken Trump $4 miljard útliend. Nei syn falliseminten yn 'e iere 1990-er jierren wegeren de measte grutte banken, mei útsûndering fan Deutsche Bank, him jild te lienen. Nei de bestoarming fan it Kapitoal yn 2021 besleat de bank yn 'e takomst gjin saken mear mei him of syn bedriuw te dwaan. Fan 'e iere 2000-er jierren ôf hawwe ferskate Russyske ynvestearders him út 'e brân holpen, doe't er folslein yn 'e nederklits like te bedarjen.[7]
Netto-fermogen
Yn 1982 kaam Trump foar it earst op de Forbes-list fan rike minsken om't hy in part fan de rûsde nettowearde fan $200 miljoen fan syn famylje yn eigendom hie. Troch syn ferliezen yn de 1980-er jierren ferdwûn er fan 1990 oant 1995 fan de list. Nei it yntsjinjen fan it ferplichte finansjele rapport by de Federale Ferkiezingskommisje (FEC) yn july 2015 kundige er in nettowearde fan likernôch $10 miljard oan. Gegevens dy't troch de FEC frijjûn waarden lieten op syn minst $1,4 miljard oan aktiva en $265 miljoen oan passiva sjen. Forbes rûsde dat syn nettowearde tusken 2015 en 2018 mei $1,4 miljard sakke. Yn har miljardêreranglist fan 2024 waard syn nettowearde op $2,3 miljard rûsd, itjinge er op it 1.438e plak yn 'e wrâld stiet.
Yn 2018 sei sjoernalist Jonathan Greenberg dat Trump him yn 1984 skille hie en him foardie as in sabeare meiwurker fan de Trump Organization mei de namme "John Barron". Greenberg sei dat, om in hegere posysje op de Forbes-list fan 400 rike Amerikanen, Trump, sprekkend as "Barron", falsk oanjoech dat Donald Trump mear as 90 prosint fan it bedriuw fan syn heit besiet. Greenberg skreau ek dat Forbes de rykdom fan Trump tige oerskat hie en him einlings net op de ranglisten fan 1982, 1983 en 1984 opnimme hawwe moatten hie.
Trump hat gauris sein dat er syn karriêre úteinsette mei "in lytse liening fan ien miljoen dollar" fan syn heit en dat er dy mei rinte werombetelje moast. Hy wie lykwols al miljonêr doe't er acht jier âld wie en liende op syn minste $60 miljoen fan syn heit, slagge der foar it grutste part net yn en betelje de leiningen werom en krige nochris $413 miljoen fan it bedriuw fan syn heit om him út syn kasinofiasko te helpen. Yn 2018 waard neamd dat er en syn famylje belestingfraude plachte hie en it belestingdepartemint fan de steat New York begûn in ûndersyk. Syn ynvestearrings prestearren ûnder dy fan d eoandielen op de New Yorkske fêstgoedmerk. Forbes rûsde yn oktober 2018 dat syn nettowearde fan $4,5 miljard yn 2015 nei $3,1 miljard yn 2017 sakke en syn ynkomsten út produktlisinsjes fan $23 miljoen ta $3 miljoen.
Trump syn belestingoanjeften fan 1985 oant 1994 lieten nettoferliezen sjen fan yn totaal $1,17 miljard. De ferliezen wiene heger as dy fan hast alle oare Amerikaanske belestingbeteller. De ferliezen yn 1990 en 1991, mear as $250 miljoen it jier, wiene mear as it dûbele fan dy fan de tichtsbywêzende belestingbetellers. Yn 1995 bedroegen syn rapportearre ferliezen $915,7 miljoen.
Yn 2020 krige The New York Times de belestinggegevens fan Trump oer in tiidrek fan twa desenniums. De ferslachjouwers ûntdutsen dat er ferliezen fan hûnderten miljoenen dollars oanjoech. Sûnt 2010 hie er ek $287 miljoen oan lieningen net werombetelle. Yn 'e 15 jier foar 2020 betelle er, mei help fan belestingkredite foar saaklike ferliezen, gjin ynkomstebelesting yn 10 fan dy jierren en yn 2016 en 2017 beide kearen $750. Hy kompensearre de ferliezen fan syn bedriuwen troch aktiva te ferkeapjen en te lienen, lykas in hypoteek fan $100 miljoen op Trump Tower (werfinansierre yn 2022) en de likwidaasje fan mear as $200 miljoen oan oandielen en obligaasjes.
Yn oktober 2021 hie Trump mear as $1,3 miljard oan skuld, dêr't in grut part fan dutsen is troch syn besit. Yn 2020 wie er $640 miljoen skuldich oan banken en trustorganisaasjes, lykas de Bank of China, Deutsche bank en UBS en $450 miljoen oan net ebkende skuldners. De wearde fan syn besit is heger as syn skuld.
Polityk
Trump registrearre him yn 1987 as Republikein, yn 1999 as lid fan de Independence Party, in regionale ôfdieling fan de Reform Party yn de steat New York, yn 2001 as Demokraat, yn 2009 as Republikein, yn 2011 ûnôfhinklik en yn 2012 fannijs as Republikein.
Yn 1987 liet Trump grutte advertinsjes, dy't in hiele side yn beslach namen, yn trije grutte kranten, dêr't er syn miening yn joech oer it bûtenlânsk belied en hoe't it federale begruttingstekoart fuortwurke wurde koe. Yn 1988 beneiere er de kampanje fan de Republikeinske presidintskandidaat George Bush sr. of't er ek yn oanmerking komme koe dy syn running mate te wurden. Bush joech oan dat er dat fersyk mar "nuver en net te leauwen" fûn.
Earste politike ambysjes
Yn 1999 hat Trump him ree ferklearre kandidaat te wêzen foar de presidintsferkiezings yn 2000 foar de Amerikaanske Reform Party. Yn 2010 liet Trump it op 'e nij yn him om gean om te besykjen presidint fan de Feriene Steaten te wurden liet er witte oan Fox News. "Dit is de earste kear dat ik der echt foar gean wol", seit de Republikein. "Ik wit it noch net seker, mar it fielt goed." "Ik moat myn stientsje bydrage. Dit lân is fallyt en dat is in feit."
Presidintsferkiezings 2016
- De Wikipedy hat ek in side Amerikaanske presidintsferkiezings (2016).
Op 16 juny 2015 stelde Trump him foar de Republikeinske Partij kandidaat foar it Amerikaanske presidintskip. Yn 't earstoan wiene der net folle dy't syn kandidatuer serieus namen, mar hy wist freon en fijân te ferrassen mei de oanhing dy't er mei syn populistysk boadskip mank benammen konservative Amerikanen wist te winnen. Hy fersloech yn 'e Republikeinske foarferkiezings û.m. de âld-gûverneur fan Floarida Jeb Bush, de jonge Latino-politikus Marco Rubio en de kristlik-fûnemintalistyske senator Ted Cruz. Dat died er troch syn tsjinstanners kwetsende bynammen te jaan en op oare net-ynhâldlike manearen lytsman te meitsjen (lykas doe't er op folslein ûnfeitlike basis úthold dat de heit fan Ted Cruz belutsen west hie by de moard op presidint John F. Kennedy). Om't er mei sok dwaan de fêstige oarder fan 'e Republikeinske Partij folslein fan him ferfrjemde, hie Trump der klauwen oan om 'e partij wer op ien line te krijen nei't er op 19 juny 2016 op 'e Republikeinske Nasjonale Konvinsje yn Cleveland (Ohio) nominearre wie as de offisjele presidintskandidaat fan 'e Republikeinen. Foar in oansjenlik part slagge him dat ek net, en in grut diel fan 'e partij wegere om Trump syn kampanje te stypjen of sels om foar him te stimmen, eat dat noch nea earder foarkommen wie yn 'e Amerikaanske politike skiednis. As syn fise-presidintskandidaat keas Trump Mike Pence út, de uterst konservative gûverneur fan Indiana.
Underwilens hie de Demokratyske Partij Hillary Clinton oanwiisd as offisjele presidintskandidate. Dat wie de earste kear dat ien fan 'e beide grutte Amerikaanske partijen in frou as presidintskandidaat keas. De dêropfolgjende kampanje foar de presidintsferkiezings ûntpopte him ta in ordinêrens en in dreksmiterij, sa't sels yn 'e Amerikaanske polityk noch nea earder sjoen wie. Trump hold út dat in soad yllegale Latino's yn Noard-Amearika ferkrêfters en moardners wiene, ûnthiet syn oanhingers dat er in muorre by de grins mei Meksiko lâns bouwe soe en dêr Meksiko foar betelje litte soe, en sei fierders dat er de grinzen fan 'e Feriene Steaten slute soe foar alle moslims.
Trump betocht ek de bynamme Crooked Hillary ("Kriminele Hillary") foar Clinton, om't se neffens him skuldich wie oan machtsmisbrûk en moard (op 'e trije Amerikaanske diplomaten dy't omkommen wiene by de oanfal op de Amerikaanske ambassade yn Benghazi). Hy warskôge har dat er derfoar soargje soe dat se yn it tichthûs bedarje soe as hy de ferkiezings wûn. Ek Clinton har e-mailskandaal waard wer oprakele en Trump besocht sels it Lewinsky-skandaal, út 'e tiid fan it presidintskip fan Hillary har man Bill Clinton, tsjin har te brûken. Clinton sels sloech werom mei û.m. ferwizings nei Trump syn misse setten yn it sakelibben en syn denigrearjende útspraken oer en hâlding foar froulju oer, sa't bgl. oan it ljocht kaam troch in lûdsopname út 2005, dêr't er op swetste oer it útheljen fan ûnwinske yntimiteiten by froulju, û.m. troch se by de fagina te gripen. Neitiid kamen fyftjin froulju nei foarren dy't him fan seksuële oantaasting beskuldigen.
Neffens opinypeilings wiene beide kandidaten tige ympopulêr by de gewoane Amerikanen, mar Trump noch mear as Clinton. Nettsjinsteande dat, en tsjin 'e útslaggen fan alle opinypeilings yn, wûn Trump op 8 novimber 2016 de presidintsferkiezings fan Clinton. De reden dêrfoar wie net, sa't de Republikeinen hawwe woene, dat de Trump in nije groep kiezers foar harren oanboarre hie, want der stimden minder minsken op him as dat der yn 2012 op Mitt Romney en yn 2008 op John McCain stimd hiene. Krektoarsom, de reden dat Trump de ferkiezings wûn, wie dat in grut part fan it Demokratyske elektoraat thúsbleau. Hoewol't der goed 2,5 miljoen stimmen mear op Clinton útbrocht waarden as op Trump, krige dy lêste troch it Amerikaanske kiesstelsel (dat net per útbrochte stim rekkenet, mar steat foar steat) de mearderheid fan 'e kiesmannen yn it Electoral College efter him.
Presidintskip earste termyn (2017-2021)
Beëdiging en earste dagen
Trump waard op 20 jannewaris 2017 beëdige as presidint. By syn taspraak joech er de neidruk dat de Feriene Steaten yn alles op it earste plak komme soe. Neitiids swetste er dat er de "grutste mannichte ea" hie dy't oanwêzich wie by in presidinsjele beëdiging. Op loftfoto's wie lykwols op te meitsjen dat syn mannichte folle lytser wie as dy fan syn foargonger Barack Obama. Yn syn earste wike as presidint ûndertekene er seis omstriden beslissings, lykas it tastimming jaan foar it begjinnen fan prosedueres oangeande it ynlûken fan de Patient Protection and Affordable Care Act, bekend as Obamacare, it weromlûken út 'e Trans-Pacific Partnership-ûnderhannelings, it fannijs ynfieren fan it Mexico City-belied, dy't federale subsydzjes oan net-oerheidsynstellings oangeande abortus febiedt, it fuortsetten fan oaljelinen Keystone XL en Dakota Access Pipeline, it fersterkjen fan de grinsbefeiliging en in planning- en ûntwerpsplan foar it bouwen fan in muorre oan 'e grins mei Meksiko. Ek stelde er in ynreisferbod yn dat jilde soe foar sân islamityske lannen, itjinge ta in gaotyske tastân op fleanfjilden late. Dat ferbod waard lykwols troch ferskate federale rjochtbanken fersteld, allyk in oanpaste ferzje dêrfan.
Trump syn dochter Ivanka en skoansoan Jared Kushner waarden respektyflik syn assistint en haadadviseur. Ear't Trump ynhuldige waard, ferhuze er syn bedriuwen yn in irrevocable trust om "himsels dúdlik fan syn saaklike belangen te skieden". Hy bleau lykwols fan syn bedriuwen profitearjen en wist hoe't it belied fan syn regear syn bedriuwen beynfloede. Hoewol't er sei dat er "nije bûtenlânske plannen" mije soe, sette de Trump Organizations plannen en útwreidings fuort yn bygelyks Skotlân, Dûbai en de Dominikaanske Republyk.
Ynlânsk belied
Trump sette mei syn presidintskip útein yn 'e snuorje fan de langst duorjende ekonomyske foarútgong yn 'e Feriene Steaten dy't yn 2009 begûn en einige doe't de koroanapandemy yn 2020 útbriek. Yn desimber 2017 tekene er de Tax Cuts and Jobs Act dy't troch it Kongres sûnder stimmen fan de Demokraten goedkard waard. Dat wetsfoarstel ferlege de belestingtariven foar saken en yndifiduelen, wylst de saaklike belestingferlegings permanint wurde soene en dy fan de yndifiduelen yn 2025 ferrinne soene. De fennoatskipsbelesting waard ferlege fan 35% ta 21% en de boete foar it net hawwen fan sûnensfersekering neffens Obamacare waard op 0% set. Dejingen mei it leechste ynkommen hiene amper foardiel fan de belestingferlegings, wylst dy mei heger ynkommen dêr it measte foardiel fan hiene.[8] It kabinet-Trump sei dat de belestingferlegings de oerheidsynkommen net ferleegje soene, mar yn 2018 wie it oerheidsynkommen lykwols 6,7% leger. Under Trump gie it begruttingstekoart mei 50% omheech ta $1 biljoen. Oan 'e ein fan syn earste termyn as presidint rûn de steattsskuld mei 39% omheech ta $27,75 biljoen en de steatsskuldkwota helle in rekôrhichte sûnte de Twadde Wrâldkriich. Trump slagge der net yn de ynfrastruktuerplan mei in kosteplaatsje fan $1 biljoen, dy't er yn syn kampanje tasein hie, troch te fieren.
Trump loek de Feriene Steaten út it Parys-akkoart oangeande it klimaat en hat ferskate kearen oanjûn net te leauwen yn 'e opwaarming fan 'e ierde. Hy joech oan de produksje en útfier fan fossile brânstoffen te ferheegjen en hy ferlege it budzjet foar duorsume enerzjy mei 40%. Hy draaide it belied fan it kabinet-Obama werom oangeande klimaatferoaring en draaide 100 federale miljeuregels, lykas it tsjingean fan broeikasgassen, lucht- en wetterfersmoarging en it brûken fan gifstoffen, werom. Hy liet it omstriden oaljeboarjen yn it Arctic National Wildlife Refuge yn it noarden fan Alaska ta.
Boppedat ûntmantele er federale regels oangeande bankwêzen, sûnens, arbeid, wapenbesit en miljeu nei oantrunen fan besibbe yndustryen. Lykwols 78 fan syn foarstellen waarden troch rjochtbanken hoholden. Yn syn kampanje krewearre Trump foar it ynlûken fan Obamacare en om it ferfangen mei "wat folle betters". Hy slagge dêr lykwols net yn. Under syn regear ferlearen 23 miljoen Amerikanen harren sûnensfersekering.
Trump sette subsydzjeregelings oan ynstellings dy't abortus, of oanrekommandaasjes dêrfoar diene, stil. Hy sei dat er foar it "tradisjoneel houlik" is, dochs oppenearre er dat it nasjonaal erkennen fan it homohoulik "regele" wie. Syn regear draaide wichtige ûnderdielen fan wurkplakbeskerming fan it regear-Obama tsjin diskriminaasje fan LHBT-minsken werom. It besykjen fan him en draai antydiskriminaasjebeskerming fan transgender-pasjinten waard yn augustus 2020 troch in federale rjochter hoholden. Trump wie tsjin wapenbehearsking wie, hoewol't er syn stânpunt dêrfoar yn 'e rin fan 'e tiid ferskood hat. Nei ferskate massale sjitpartijen yn syn amtstermyn woe er wetjouwing oangeande wapens foarstelle, mar liet dat yn 2019 wer sjittte. Trump is al in lange tiid foar de deastraf. Under syn regear ekeskutearre de federale oerheid 13 finzenen, mear as yn de 56 jier dêrfoar mei-inoar. Hy wie ek foar martelmetoaden lykas it ûnder wetter hâlden by ûnderfregings fan oppakte terroristen. Trump trúnde der ferskate kearen op oan en brûk it Amerikaanske leger tsjin de protesten tsjin de moard op de Afro-Amerikaanske George Floyd troch in plysjeman yn Minneapolis yn juny 2020 tsjin. Syn krewearjen dêrfoar late ta feroardielen troch ûnder oaren Mark Esper, de minister fan Definsje, en ferskate militêre offisjelen.
Ymmigraasje
Ien fan syn wichtichste tema's yn syn ferkiezingskampanje wie it ymmigraasjebelied, en benammen yllegale ymmigraasje. Hy sei ta in muorre op de grins tusken Meksiko en de Feriene Steaten te bouwen en dat Meksiko dêrfoar betelje soe. Dat soarge foar in soad publisiteit. Der wurdt rûsd dat dêr likernôch 11 oant 12 miljoen ylligale ymmigranten yn 'e Feriene Steaten wenje. Neffens Trump bringe dy in soad drugs en kriminaliteit mei harren mei en neamde it kommen fan ymmigranten in "ynvaazje". Neffens statistiken wurde Amerikaanske boargers twa kear sa folle arrestearre foar gewelds- en drugsynsidinten en fjouwer kear sa folle as eigendomsdelikten as yllegale ymmigranten. [9] Hy sei ta dat er in soad yllegalen útsette soe. Ek woe Trump legale ymmigraasje beheine.
It regear-Trump skate mear as 5.400 bern fan migrantehúshâldings fan har âlden oan de grins tusken de Feriene Steaten en Meksiko, dat in grutte taname sûnt de simmer fan 2017 wie. Yn april 2018 kundige it regear-Trump in zero tolerance-belied oan dêr't folwoeksenen, dy't fertocht waarden fan it yllegaal oerstekken fan de grins, fêstholden en strafrjochtlik ferfolge waarden, wylst har bern as net-begelate minderjierrige frjemdlingen apart set waarden. Dat belied wie net earder sa dien by eardere regearings en late ta lilkens yn binnen- en bûtenlân. Trump oppenearre, falsk, dat syn regear de wet folge en joech de Demokraten en syn foargonger, presidint Barack Obama, de skuld, wylst de skiedings it belied fan syn regear wiene. Nei in soad iepenbier beswier joech er dêr oan ta en ûndertekene er en hjitte dat migrantehúshâldings byinoar bliuwe moasten. Op 26 july 2018 konkludearre federaal rjochter Dana Sabraw dat it regear-Trump "gjin systeem hie om tafersjoch te hâlden" op de skate bern en hjitte dat de skiedingen hoholden wurde moast. Nei it hjitten fan de rjochter skate it regear-Trump lykwols noch hieltyd mear as tûzen bern fan har famyljes. Fan 2018 ôf hat Trump krapoan 6.000 troepen ynset oan 'e grins mei Meksiko en hâld de measte Sintraalamerikaanske migranten tsjin dy't asyl oanfreegje woene. Nei de tuskentiidske ferkiezings yn 2018 wûnen de Demokraten de mearderheid yn it Hûs fan Offurdigen en waard it foar Trump slimmer syn migraasjebelied út te fieren. Oan 'e ein fan syn termyn wie der mar in goed 100 km muorre oan de 1600 km lange grins mei Meksiko boud.
Nei de oanslach yn San Bernardino yn 2015 woe Trump hawwe en jou in ynreisferbod oanfoar alle islamityske bûtenlanners. Letter feroare er it ta lannen mei in "bewiisde skiednis fan terrorisme". Op 27 jannewaris 2017 ûndertekene er in wet dy't it talitten fan flechtlingen 120 dagen ferstelde en boargers fan Irak, Iran, Lybje, Somaalje, Sûdan, Syrje en Jemen 90 dagen tagong wegere op grûn fan feiligensoerwagings. De wet waard fuortendaliks yn wurking steld en feroarsake in soad gaos op fleanfjilden. Protesten brieken de folgjende deis út op 'e fleanfjilden. De wet hie lykwols gjin juridyse basis en waard troch ferskate rjochters ôfwiisd. In op 'e nij besjoene wet waard op 6 maart 2017 ûndertekene, mar waard fannijs troch trije federale rjochters blokkearre. Yn in útspraak yn juny 2017 oardiele it Heechgerjochtshôf dat it ynreisferbod hanthavene wurde koe op besikers dy't gjin "leauwensweardige oanspraak fan in oprjochte relaasje mei in persoan of ienheid yn de Feriene Steaten" hawwe.
Rjochterlike macht
Trump hat yn totaal 226 federale rjochters beneamd, wêrûnder 54 foar de hôven fan berop en trije foar it Heechgerjochtshôf: Neil Gorsuch, Brett Kavanaugh en Amy Coney Barnett. Troch dy trije beneamings ferskode it Heechgerjochtshôf nei rjochts dêr't no seis fan de njoggen rjochters konservatyf wiene. Yn 'e ferkiezingskampanje hat Trump tasein dat er de abortuswet Roe v. Wade ûngedien meitsje soe as er keazen wurde soe en de kâns krije soe en om twa of trije anty-abortusrjochters te beneamen. Letter striek er mei de eare doe't Roe weromdraais waard yn Dobbs vs. Jackson Women's Health Organization. Alle trije stimden mei de mearderheid. Trump makke lytsman fan rjochtbanken en rjochters dêr't er it net mei iens wie, en gauris in persoanlike bewurdingen. Syn útspraken laten ta it mistrouwen fan it publyk yn 'e rjochterlike macht.
Bûtenlânsk belied
Trump syn bûtenlânsk belied waard skaaimerke troch syn negative hâlding foar de Amerikaanske bûnsmaten oer en syn priizgjen fan autokratyske bestjoerders en diktators, lykas Viktor Orbán, Vladimir Pûtin en Kim Jong-un.
Hannel
Trump rûn syn kampanje op, en yn syn taspraak nei syn ynhuldiging joech er de neidruk dat it grûnwurk fan syn belied wie, dat de Feriene Steaten yn alles op it earste plak komme soe. Hy woe it grutte hannelstekoart, dy't de Feriene Steaten sûnt 1976 hie, yn in hannelsoerskot omsette. Hy fûn dat de wichtichste hannelspartners, lykas Sina, Kanada, Meksiko en Dútslân, dêr't de Feriene Steaten mei elts in hannelstekoart hie, net earlik foar de Feriene Steaten oer wie. Trump loek de Feriene Steaten út 'e ûnderhannelings oer it Trans Pacific Partnerhip (TPP) en lei tariven op foar de ymport fan stiel en aluminium. Hy begûn in hannelskriich mei Sina troch de tariven op 818 kategoryen (mei in wearde fan $50 miljard) fan Sineesk guod dy't troch de Feriene Steaten ymportearre waarden tige te ferheegjen. Hoewol't er sei dat ymporttariven troch Sina oan 'e Amerikaanske skatkiste betelle wurde soene, wurde se yn werklikheid troch it Amerikaanske bedriuwslibben, dy't it guod út Sina ymportearje, betelle en yndirekt dus ek de Amerikaanske konsumint. Hoewol't er yn syn ferkiezingskampanje tasein hie en ferminderje de grutte hannelstekoarten, skeat it hannelstekoart ûnder Trump omheech. Ek de Amerikaanske produksjebanen, dy't er tasei nei Amearika weromhelje te wollen, namen ûnder syn regear mei likernôch 200.000 ôf. Nei nije ûnderhannelings yn 2017 en 2018 waard de oerienkomst tusken de Feriene Steaten, Meksiko en Kanada (USMCA) fan krêft yn july 2020 as opfolger fan NAFTA, dêrt' er mar amper fan ferskilde.
NATO en Ruslân
Trump wie ek kritysk foar de NATO oer dêr't it him net noaske dat in soad leden net de grins fan 2% fan 'e BBP oan definsje bestegen. Hy hat ferskate kearen oanjûn it nut fan NATO net yn te sjen en sels oppenearre er dat de Feriene Steaten har faaks út it bûnsgenoatskip weomlûke moatte soe, ta noed fan in soad Jeropeeske bûnsmaten. Ek hie er krityk op de Nord Stream-gaspiiplieding fan Ruslân nei Dútslân, dêr't er Dútslân fan beskuldige ôfhinklik fan Ruslân te wurden en hy seach net yn wêrom't Amearika Dútslân dan helpe soe te beskermjen, mocht der ea in konflikt mei Ruslân ûntstean. Foar Ruslân oer hie Trump suver in yngewikkelde hâlding. Hy karde de Russyske anneksaasje fan de Krim ôf, mar it regear-Trump fersêfte de swierste sanksjes dy't de Feriene Steaten tsjin Russyske ienheden ynsteld hie nei de anneksaasje. Trump loek him dêrfoaroer út it INF-ferdrach, ûnder ferwizing nei it mooglik net neilibjen fan Ruslân. Hy stipe in mooglik weromkommen fan Ruslân yn 'e G7. Trump priizge gauris en bekritisearre komselden de Russyske presidint Vladimir Pûtin. Nei't er Pûtin by de top yn Helsinki yn 2018 moete, leaude er Pûtin dy't de Russyske ynminging yn 'e Amerikaanske presidintsferkiezings fan 2016 ûntkende oer de Amerikaanske ynljochtingetsjinsten.
Noard-Koreä
Yn 2017 boaze de bedriging mei mooglike kearnwapes út Noard-Koreä oan. Trump eskalearre syn retoaryk en warskôge dat Noardkoreaanske agrresje mei "fjoer en woastens sa't de wrâld noch nea sjoen hie" beändere wurde soe. Yn 2017 ferklearre er dat er krewearje woe foar in folsleine denuklearisaasje fan Noard-Koreä en neamde er lieder Kim Jong-un little rocket man (lytse raketman). Nei in perioade fan spanning wikselen de twa lieders op syn minst 27 brieven út dêr't de twa manlju in waarme persoanlike freonskip beskreaunen. Yn 2019 hefte Trump guon Amerikaanske sanksjes tsjin Noard-Koreä op tsjin de oanrekommandaasje fan syn ministearje fan Finânsjes yn. Trump wie de earste sittende Amerikaanske presidint dy't in Noardkoreaansk lieder moete. Hy moete Kim trije kear: yn Singapoer yn 2018, yn Hanoi yn 2019 en yn 'e Koreaanske Demilitarisearre Sône yn 2019, dêr't er sels oer de grins hinne stapte. Dêr waard lykwols gjin denuklearisaasje-oerienkomst berikt en de petearen yn oktober 2019 mislearren. Hoewol't Noard-Koreä sûnt 2017 gjin kearnproeven mear útfierde, bleau it syn arsenaal oan kearnbommen en ballistyske raketten opbouwen.
Afganistan
Yn syn ferkiezingskampanje trúnde Trump oan op it weromlûken fan it Amerikaanske leger út Afganistan wei. Yn 2017 naam it tal Amerikaanske troepen ta fan 8.500 ta 14.000. Yn febrewaris 2020 ûndertekene er tusken de Feriene Steaten en de Taliban dêr't oproppen waard ta it weromlûken fan bûtenlânske troepen yn 14 moanne tiid "ôfhinklik fan de garânsje dat de Taliban Afgaansk grûn net troch terroristen brûke litte sil mei as doel de Feriene Steaten en syn bûnsmaten oan te fallen". Boppedat sei de Feriene Steaten ta en lit 5.000 Talibanstriders, dy't troch it Afgaanske regear finzennommen waarden, frij. Oan 'e ein fan syn amtstermyn waarden de 5.000 Taliban frijlitten, en nettsjinsteande dat de Taliban oanfallen op Afgaanske troepen útfieren bleau en leden fan Al-Qaida yn syn liederskip opnaam, waard it tal Amerikaanske troepen ta 2.500 werombrocht.
Midden-Easten
Yn maaie 2018 loek Trump de Feriene Steaten werom út it nukleêre ferdrach mei [Iran]], dy't yn 2015 oerienkommen wie mei as doel de measte sanksjes tsjin Iran op te heffen yn ruil foar beheinings op it nukleêre programma fan Iran. Analisten hawwe opmakke dat it Amerikaansk weromlûken dêr ta late dat Iran tichter by it ûntwikkeljen fan in kearnwapen kaam. Op 1 jannewaris 2020 joech Trump it befel op de moard op de Iraanske generaal Qasem Soleimani, dy't hast alle wichtige Iraanske en troch Iran stipe operaasjes yn 'e lêste desenniums laat hat. Iran dêrfoaroer ferjilde mei twa raketoanfallen op Amerikaanske loftbases yn Irak. Tsientallen soldaten rûnen traumatyske holleferwûnings op. Trump makke lytsman fan harren en se waarden ynearsten Purple Heart-medaljes en de byhearrende foardielen wegere.
Trump joech yn 2017 en 2018 opdracht ta raketoanfallen op it rezjym fan diktator Basjar al-Assad fan Syrje as ferjilding foar de gemyske oanfallen op twa plakken dy't yn hannen fan de rebellen wie. By dy gemyske anfallen kamen in protte bern by om. Yn desimber 2018 ferklearre Trump dat de Islamityske Steat ferslein wie, yn tsjinspraak mei de evaluaasjes fan it ministearje fan Definsje en hy hjitte it weromlûken fan Amerikaanske troepen út Syrje wei. Syn minister fan definsje, James Mattis naam dêrnei ûntslach as protest en neamde it beslút fan Trump it yn 'e steek litten fan 'e Koerdyske bûnsmaten fan de Feriene Steaten dy't in wichtige rol spile hawwe yn 'e striid tsjin 'e Islamitsyke Steat.
Trump stipe it belied fan de Israelyske premier Benjamin Netanyahu in soad. Under Trum erkende de Feriene Steaten Jeruzalim as haadstêd fan Israel en de Israelyske sûvereiniteit oer de Golanhichte, itjinge late ta ynternasjonaal feroardielen, wêrûnder de Algemiene Gearkomste fan 'e Feriene Naasjes, de Jeropeeske Uny en 'e Arabyske Liga. Yn 2020 wie er gasthear by it ûndertekenjen fan de Abraham-akkoarten tusken Israel en de Feriene Arabyske Emiraten en Bahrein om harren bûtenlânske relaasjes te ferbetterjen.
Trump stipe ek de troch Saûdy-Araabje late yntervinsje yn Jemen tsjin de Hûty-beweging en tekene yn 2017 in oerienkomst fan $110 miljard om wapens oan Saûdy-Araabje te ferkeapjen.
Covid 19
- De Wikipedy hat ek in side COVID-19.
Yn desimber 2019 briek in wrâldwide útbraak fan de nije ynfeksjesykte COVID-19 út. De earste besmetting yn 'e Feriene Steaten waard op 20 jannewaris 2020 fêststeld. Op 31 jannewaris kundige de minister fan Folkssûnens Alex Azar in foar in part ynreisferbod foar net-Amerikanen dy't út Sina wei nei de FS reizgje woene. Dat ferbod waard op 2 febrewaris fan krêft.
Presidint Trump naam net flugge aksje op 'e pandemy. Hy negearre de earste alarmsinjalen fan amtlike sûnenssaakkundigen en syn minister fan Folkssûnens Alex Azar. Ek warskôgings oer de iepenbiere sûnens negearre er, wylst er him yn it earste plak op de ekonomyske en politike gefolgen fan de útbraak konsintrearre. Hy bleau mar bewearen dat der yn in pear moanne tiid in faksin útkomme soe, dochs offisjele ynstânsjes, lykas it ministearje fan Folkssûnens ((HHS) en it Sintrum fan Sykteprevinsje (CDC) hawwe him der hieltyd wer op oansprutsen dat it in jier oant oardel jier duorje kin. Ek beare er de beskikberens fan testmateriaal ôf te sizzen dat "elkenien dy't in test dwaan wol, in test krije kin", wylst de oanwêgens fan testmateriaal ûnfoldwaande wie. Op 6 maart tekene er de Coronavirus Preparedness and response Supplement Appropriations Act, dêr't $8,3 miljard foar útlutsen waard foar in needfûns foar federale ynstânsjes. Op 13 maart waard syn foar in part ynreisferbod fan krêft foar reizgers út it grutste part fan Jeropa. Ek rjochte er him foar it earst yn in serieuze taspraak út it Oval Office fan it Wite Hûs wei ta it Amerikaanske folk oer it "ferskriklike firus". Mids maart hold Trump parsekonferinsjes mei oanwêzigens fan medyske saakundigen en meiwurkers, dy't bytiden him tsjinsprekke moasten wannear't er net falidearre behannelings en medikaasjes priizge. By dy konferinsjes pochte er oer syn oanpak fan 'e pandemy en kreake er syn tsjinstanner, presidintskandidaat Joe Biden, en leden fan it parse-korps fan it Wite Hûs ôf.
Op 16 maart erkende er lang om let dat de pandemy net ûnder kontrôle wie en it kommen fan in ressesje mooglik wie. Op 3 april makke Trump buorkundich dat de federale oerheid budzjetten út 'e CARES Act brûke soe om sikehûzen te beteljen foar ûnfersekere pasjinten dy't besmet rekke wiene mei it koronafirus. Tagelyk kreake er de media, sûnenssaakkundigen, de Wrâldsûnensorganisaasje (WHO) en de Sineeske oerheid ôf en brûkte er gauris de termen "Sineeske firus" of "Sina-firus". Ek yn april, doe't de pandemy in bot slimmer waard en hy ûnder druk kaam te stean omreden de oanpak fan syn kabinet, wegere er flaters ta te jaan. Yn plak dêrfan joech er de skuld oan de media, Demokratyske gûveneurs, it kabinet-Obama, Sina en de Wrâldsûnensorganisaasje. Mids april begûnen guon nasjonale nijsstjoerders harren streekrjochte ferslaggen fan de parsekonferinsjes te beheinen, omreden ferklearrings fan Trump dy't gauris ôfwykten fan útspraken fan leden fan it Coronavirus Task Force, benammen dy fan koronafirus-koördinator Deborah Birx en Dr. Anthony Fauci. De deistige ynljochtingen holden ein april op nei't Trump de gefaarlike suggestje die om jin mei bleekwetter ynjektearje te litten foar it bestriden fan it koronafirus.
Op 22 april tekene Trump in oardering foar it beheinen fan guon foarmen fan ymmigraasje nei de Feriene Steaten. Yn april organisearren guon oan de Republikeinske Partij besibbe groepen anty-lockdownprotesten tsjin oerheidsregelings fan steaten tsjin de pandemy. Trump moedige dy protesten oan op Twitter hoewol't de troch him bekritisearre steaten sels net oan it liniger meitsjen fan de foarskriften fan it kabinet-Trump foldiene.
Ynearsten stipe er en letter kreake er it plan fan gûveneur Brian Kemp fan Georgia ôf om in tal net-fitale bedriuwen fannijs iepenje te litten. Yn 'e rin fan 'e maitiid bleau er algeduerigen oantrunen beheinings op te heffen en ferminderje de ekonomyske skea fan it lân.
Moannenlang wegere Trump in mûlkapke op te dwaan by parsekonferinsjes en oare publike byienkomsten, itjinge yn striid mei de regeling fan april fan syn eigen kabinet wie, dy't hjitte dat alle Amerikanen yn it publyk mûlkapkes op hawwe moasten. Hy werhelle algeduerigen dat mûlkapkes mar "in opsje wie" en yn juny 2020 sei er dat it dragen fan mûlkapkes "in swurd mei twa kanten" is en hie er de gek mei presidintskandidaat Joe Biden dy't in kapke op hie. Trump makke sels de suggestje dat it dragen fan in mûlkapke in "polityk sinjaal tsjin him wie". Wylst de sifers fan besmettings en stjergefallen tanimmen bleaune, lei er de skuld fan it falen fan syn kabinet by de steaten del.
Yn july makke er bekend dat de Feriene Steaten mei yngong fan 1 july 2021 út 'e Wrâldsûnensorganisaasje stappe soe, dy't er dêrfan beskuldige, sûnder bewiis, dat se de Sineeske oerheid yn steat steld hie en ferbergje de oarsprong fan de pandemy.
Nettsjinsteande it rekôroantal besmettingsgefallen yn de Feriene Steaten fan mids july ôf en in omheech geand persintaazje positive testen, bleau Trump de pandemy lyts praten. Hy bewearde falsk dat 99% fan de ynfeksjes "hiel ûnskuldich wiene", in bewearing dy't útspraken fan medyske autoriteiten tsjinspriek. In pyk yn it tal besmettings yn july 2020 fan mear as 160.000 koronadeaden yn de Feriene Steaten, hold Trump dêr net ta om alle steaten ûnder druk te setten om yn 'e hjerst de skoallen wer iepen te stellen foar fysyk ûnderwiis. Wylst de Feriene Steaten yn septimber it tal fan 200.000 koronadeaden passearre bleau Trump sleau omgean regelings te treffen of oan te moedigjen. Yn plak dêrfan bleau er folhâlden dat, yn tsjinspraak mei útspraken fan medyske saakkundigen, der begjin novimber in faksin tsjin SARS-CoV-2 foar algemien gebrûk beskikber wêze soe.
Trump oefene gauris druk út op federale sûnensynstânsjes en nim aksje dêr't hy de foarkar oan hie, lykas it goedkarren fan net bewiisde behannelings of it ferhastigjen fan it goedkarren fan faksins. Politike lju fan it kabinet-Trump by de HHS besochten de kommunikaasje fan de CDC nei it publyk te kontrolearjen, dy't syn bewearings dat de pandemy ûnder kontrôle wie, ûnderminen. CDC fersette him in soad tsjin dy feroarings, mar stie yn tanimmende mjitte ta en lit HHS-personiel artikels en wizigings foar publikaasje beoardielje. Trump hold út sûnder bewiis dat FDA-wittenskippers part wiene fan de djippe steat dy't tsjin him wiene en dy't it goedkarren fan faksins en behannelings fertragen om him polityk te skeinen.
Op 2 oktober 2020 waard bekend dat Donald Trump en syn frou Melania sels besmetten rekke wiene mei it koronafirus. Ek ferskate fertrouwelingen fan him blieken besmetten te wêzen. Letter dy deis waard er opnommen yn it sikehûs, fanwegen koarts en dreech sykheljen. Op 5 oktober mocht Trump werom nei it Wite Hûs, dochs noch hieltyd besmetlik en net goed. Sels nei syn behanneling bleau er it firus lyts praten. Yn 2021 kaam nei foarren dat syn tastân folle slimmer wie; hy hie gefaarlik lege bloedsoerstofwearden, hege koarts en longynfiltraten, itjinge in earnstich gefal oantsjutte. Yn jannewaris 2021 krige er in COVID-19 faksinaasje.
Presidintsferkiezings 2020
- De Wikipedy hat ek in side Amerikaanske presidintsferkiezings (2020).
Trump briek mei de gewoante en stelde him foar al as gadingmakker foar in twadde termyn yn in pear oere tiid nei syn ynhuldiging as presidint. Hy hold syn earste werferkiezingsbyienkomste minder as in moanne nei syn oantreden en waard offisjeel de Republikeinske gadingmakker yn augustus 2020. Syn Demokratyske tsjinstanner wie Joe Biden, dy't fise-presidint wie ûnder Trump syn foargonger, presidint Obama. Omreden de koronapandemy wie it al rillegau dúdlik dat der mear oer de post stimd wurde soe, benammen troch Demokratyske kiezers, dy't oer it algemien mear noed uteren foar de pandemy oer as Republikeinske kiezers. Biden wie foar strangere koronaregelings en rôp op ta te stimmen oer de post. Trump hie it net sa bot op mei dy regelings en hie foar de ferkiezings al warskôge dat stimmen oer de post fraudegefoelich wêze soe, ek al sprieken de measte saakkundigen tsjin dat soks op grutte skaal barre soe.
Justjes nei de ferkiezings, wylst it tellen noch hieltyd oan 'e gong wie, rôp Trump himsels al út as winner. Biden stie doe noch yn in soad swing states efter, om't guon steaten earst de stimmen telden fan minsken dy't yn persoan stimden en dêrnei dy fan oer de post. Dat waard de red mirage neamd, nei de reade kleur fan 'e Republikeinen, foar de blauwe kleur fan 'e Demokraten oer.[10] Trump miende wakker dat er hearde dat der massale fraude by it tellen fan de stimmen wie en rôp op om mei it stimtellen yn guon steaten fuortendaliks op te hâlden. It tellen gie gewoan troch en guon dagen letter bliek dat Biden mear kiesmannen efter him sammele hie as Trump en de ferkiezings dus wûn hie. Yn tsjinstelling ta dat ornaris de gewoante wie, joech Trump syn ferlies net ta. Hy woe Biden net helpe mei de oername en yn ferskate steaten waarden troch syn team rjochtsaken oanspand om de útslach oan te fjochtsjen en dêr waard oantrúnd op it fannijs tellen fan 'e stimmen. It wertellen en de rjochtsaken draaiden hieltyd út yn it neidiel fan Trump, dy't dêrnei mei fierdere prosedueren úteinsette.
Neffens sifers fan CNN helle Trump likernôch 74,2 miljoen stimmen, dat yn absolute sifers mear as alle eardere gadingmakkers foar it presidintskip ea wie, dochs it rekôr kaam lykwols op namme fan Joe Biden dy't neffens de sifers likernôch 81,3 miljoen stimmen helle. Neffens Trump wie dat net mooglik en hy en syn team bewearden falsk dat deade minsken en yllegale ymmigranten stimden, en dat stimmasinen eigendom fan Demokraten wiene en dat dy stimmen fan Trump nei Biden ta omsetten.[11][12]
Op 23 novimber hat de General Services Administration (GSA) alle fasiliteiten oan Joe Biden takend dy't oan in president-elect takomme. Trump akseptearre syn ferlies noch hieltyd net en besocht mei prosessen en wertellen de útslach yn syn foardiel te feroarjen.
Op 25 novimber, Thanksgiving, joech Trump graasje oan syn eardere Nasjonaal Feiligensadviseur Michael Flynn. Dat die er doe't dúdlik waard dat er nei alle gedachten gjin twadde termyn as presidint krije soe en dat rôp fuortendaliks krityk op as machtsmisbrûk.
Op 3 jannewaris 2021 lekte in lûdsopname út dêr't Trump offisjelen yn 'e steat Georgia ûnder druk sette om grutskalige ferkiezingsfraude te begean. Hy sei tsjin steatssekretaris Brad Raffensperger "Ik wol gewoan 11.780 stimmen fine". Raffensperger wjerlei hieltyd wer it besykjen fan Trump om him ûnder druk te setten. Dêrnei sette Trump fise-presidint Mike Pence ûnder druk om by it tellen fan de stimmen fan it kieskolleezje op 6 jannewaris guon resultaten net oan te nimmen, itjinge Pence wegere dat te dwaan.
Bestoarming fan it Kapitoal
- De Wikipedy hat ek in side Bestoarming fan it Amerikaanske Kapitoal (2021).
Op 6 jannewaris 2021 waarden yn it Kapitoal de stimmen fan it kieskolleezje offisjeel troch it Kongres teld. Trump rôp syn oanhingers op dy deis yn Washington, D.C. te kommen en protestearje tsjin de wat er noch altyd seach as in frauduleuze útslach. Hy spriek syn oanhingers ta. In kliber breinroere oanhingers giene nei it Kapitoal en bestoarmen in part fan it gebou, doe't de sitting oan 'e gong wie. Hja brutsen troch de barrikaden en kamen yn it gebou telâne. Guon âlen fan "Hingje Mike Pence", nei't Trump sei fan "ik hoopje dat Mike Pence it goede ding dwaan sil", ferwizende nei dat Mike Pence de stimmen net befêstigje moast. Hja kamen sels, nei't kongresleden de gearkomsteseal ferlitten hie en yn feiligens brocht waarden, ûnder mear oant yn 'e foarsittersstoel fan dy seal, en ek it kantoar fan de foarsitter fan it Hûs, Nancy Pelosi. Guon kantoaren rekken skeind en waarden plondere. By it besykjen troch in doar te brekken, waard ien fan de protesters sketten troch de plysje en kaam dêrby om it libben. Trije oaren stoaren oan "medyske komplikaasjes" en ien plysje-agint ferstoar de deis nei de bestoarming. 52 minsken waarden dy deis oppakt.
Al rillegau waard der krityk op it befeiligjen fan it Kapitoal utere. Keazenen fan alle twa partijen karden de bestoarming fan it Kapitoal ôf en wiisden op 'e ferantwurdlikens fan Trump syn wurden. Trump sels rôp op Twitter op en bewarje de frede, wylst syn dochter Ivanka op itselde platfoarm de (freedsume) protesters priizge as "Amerikaanske patriotten". Nei lang oantrunen fan ferskate politisy en sels syn bern, Donald Trump jr., Ivanka, en guon presintatoaren fan Fox News, lykas Sean Hannity en Laura Ingraham, trúnden Trump oan en rop de protesters op om in ein te meitsjen oan it trelyt. Nei trije oeren stjoerde er in fideoboadskip dêr't er nochris beneidrukte dat de ferkiezings fan him stellen wiene, mar rôp harren op om werom nei hûs te gean. Tsjin 18 oere pleatslike tiid en nei tuskenkommen fan 'e Nasjonale Garde waard it gebou ûntromme.
Nei't de stimmen fan it kieskolleezje befêstige waarden, sei Trump in oarderlike machtsoerdracht ta op 20 jannewaris. Earder hie Biden him dêrfan beskuldige him tsjin te wurkjen. Hy wie lykwols net oanwêzich by de beëdiging fan Biden, itjinge mar ien kear earder foarkommen wie.
Dyselde deis wiene der ek ferkiezings yn Georgia, dêr't twa sitten foar de Senaat ynfolle waarden dêr't de Demokraten it krapoan by wûnen. Troch dy winst krigen de Demokraten de helte fan de Senaat yn hannen, itjinge in mearderheid oplevere om't de fise-presidint, dy't fan de beëdiging ôf op 20 jannewaris de Demokratyske Kamala Harris waard, yn dat gefal in krusiale ekstra stim opleveret.
Nei syn ferkiezingsferlies bleau Trump folhâlden dat de ferkiezings fan him stellen wiene. Hy hat dêr lykwols nei ferskate wertellingen en offisjele ûndersiken gjin inkeld bewiis dêrfoar leverje kind. Dy strategy waard yn 'e rin fan 2021 yn 'e Feriene Steaten The Big Lie (de grutte leagen) neamd en hy fûn by in soad promininte Republikeinen wierlûd. Guon promininte tsjinstanners fan him wiene kongreslid Liz Cheney en senator Mitt Romney, dy't foar Trump syn twadde impeachment stimden nei de bestoarming fan it Kapitoal.
Persoanlik libben
Keppeling om utens
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Donald Trump fan Wikimedia Commons. |
- Wurk
- Amerikaansk ûndernimmer
- Amerikaansk bestjoerder
- Amerikaansk radioprodusint
- Amerikaansk telefyzjeprodusint
- Amerikaansk útjouwer
- Amerikaansk publisist
- Amerikaansk telefyzjepresintator
- Amerikaansk radiopresintator
- Amerikaansk kommentator
- Kwismaster
- Dielnimmer oan in Amerikaansk realitytelefyzjeprogramma
- Manager yn it showwrakseljen
- Amerikaansk societystjer
- Amerikaansk federaal politikus
- Amerikaansk presidintskandidaat yn de foarferkiezings fan de Republikeinske Partij
- Amerikaansk presidintskandidaat (nominearre troch de Republikeinske Partij)
- Presidint fan de Feriene Steaten
- Amerikaansk persoan fan Dútsk komôf
- Amerikaansk persoan fan Skotsk komôf
- Persoan berne yn 1946