Teri Hatcher

Ut Wikipedy
Teri Lynn Hatcher
Hatcher mei har dochter Emerson Rose yn 2010

Teri Lynn Hatcher (Palo Alto (Kalifornje), 8 desimber 1964) is in Amerikaansk aktrise dy't bekend wurden is fan har rol as Lois Lane yn de telefyzjerige Lois & Clark: The New Adventures of Superman.

Wurkpaad[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Hatcher waard bekend troch har rol as Lois yn Lois and Clark: The New Adventures of Superman en spilet Susan yn Desperate Housewives. Har earste rol hie se yn The Love Boat. Fierders kaam sy hieltyd werom yn MacGyver yn de rol fan Penny Parker en spile sy yn telefyzjesearjes sa as Star Trek: The Next Generation, L.A. Law, Quantum Leap, Frasier en Seinfeld. Yn 1997 wie se in Bond girl doe't hja de rol fan Paris Carver spile yn Tomorrow Never Dies. Yn 2005 wûn se in Golden Globe foar Bêste Aktrise foar har rol as Susan Mayer yn de telefyzjerige Desperate Housewives.

Persoanlik libben[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Maart 2006 makke Hatcher yn Vanity Fair iepenbier dat se as bern seksueel misbrûkt wie troch in oantroude omke.[1]

Tusken 1985 en 1988 hie Hatcher ferkearing mei akteur Richard Dean Anderson mei wa't hja yn MacGyver spile. Hatcher troude op 4 juny 1988 mei Marcus Leithold, mar in jier letter roan it houlik al op 'e non. Op 27 maaie 1994 troude se mei Jon Tenney; hja krigen in dochter, Emerson Rose, op 10 novimber 1997; sy skiede yn maart 2003 fan him.

Bibliografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • 2006 - Burnt Toast. Utjouwerij Hyperion

Filmografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

  • Sundown (2016)
  • Planes 2 (2014) - stim
  • Planes (2013) - stim
  • Coraline (2009) - Coraline har mem/De oare mem (stim)
  • Resurrecting the Champ (2007) - Andrea Flak
  • Momentum (2003) - Jordan Ripps
  • A Touch of Fate (2003) - Megan Marguilas
  • Jane Doe (2001) - Jane Doe
  • Spy Kids (2001) - Ms. Gradenko
  • Say Uncle (2001) -
  • Running Mates (2000) - Shawna Morgan
  • Fever (1999) - Charlotte Parker
  • Since You've Been Gone (1998) - Maria Goldstein
  • Tomorrow Never Dies (1997) - Paris Carver
  • 2 Days in the Valley (1996) - Becky Foxx
  • Heaven's Prisoners (1996) - Claudette Rocque
  • Dead Girl (1996) - foarbygonger
  • All Tied U] (1994) - Linda Alissio
  • The Cool Surfac] (1994) - Dani Payson
  • Brain Smasher... A Love Stor] (1993) - Samantha Crain
  • Straight Talk (1992) - Janice
  • Dead in the Water (1991) - Laura Stewart
  • Soapdish (1991) - Ariel Maloney
  • The Brotherhood (1991) - Teresa Gennaro
  • Tango & Cash (1989) - Katherine 'Kiki' Tango
  • The Big Picture (1989) - Gretchen

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. Molesterende oom Teri Hatcher overleden; 22 augustus 2008, De Telegraaf