Tomorrow Never Dies (film)

Ut Wikipedy
Tomorrow Never Dies
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseur Roger Spottiswoode
produsint Michael G. Wilson
Barbara Broccoli
senario Bruce Feirstein
kamerarezjy Robert Elswit
muzyk David Arnold
filmstudio Eon Productions
United Artists
distribúsje Metro-Goldwyn-Mayer (Fer. St.)
United Internat. Pict. (ynternasj.)
spilers
haadrollen Pierce Brosnan
Michelle Yeoh
byrollen Jonathan Pryce
Teri Hatcher
Götz Otto
Ricky Jay
Judi Dench
skaaimerken
lân/lannen Feriene Keninkryk
Feriene Steaten
premiêre 9 desimber 1997
foarm langspylfilm
sjenre spionaazjeskriller
taal Ingelsk
spyltiid 119 minuten
budget en resultaten
budget $110 miljoen
opbringst $333 miljoen
filmsearje
filmsearje James Bond
● foarich diel GoldenEye
● folgjend diel The World Is Not Enough

Tomorrow Never Dies is in Britsk-Amerikaanske spionaazjeskriller út 1997 ûnder rezjy fan Roger Spottiswoode. De haadrollen waarden fertolke troch Pierce Brosnan as geheim agint James Bond, Michelle Yeoh as Bond girl Lin Wai, en Jonathan Pryce as de smjunt Elliot Carver. De titel betsjut "Moarn Stjert Nea", en ferwiist skynber nei de krante dy't Carver útjout, dy't Tomorrow ("Moarn") hjit. Tomorrow Never Dies waard makke nei in folslein orizjineel senario.

De film folget James Bond, dy't diskear it útbrekken fan in driigjende oarloch tusken syn heitelân en de Folksrepublyk Sina foarkomme moat. Hy smyt dêrfoar de lapen gear mei de Sineeske geheim aginte Lin Wai. Tegearre ûntdekke se dat de sadistyske, megalomane mediamagnaat Elliot Carver beide kanten bespilet om aktyf in oarloch te feroarsaakjen, poer om't him dat útstjoerrjochten opleverje soe yn Sina, dat syn ynfloed oant no ta bûtendoar holden hat.

Tomorrow Never Dies wie it achttjinde diel út 'e James Bond-filmsearje en folge as sadanich op GoldenEye, út 1995. It wie it earste diel út 'e rige dat makke waard nei it ferstjerren fan filmprodusint Albert R. Broccoli, dy't fan it begjin ôf oan by de rige belutsen west hie. Tomorrow Never Dies is oan him opdroegen. Fan 'e filmkritisy krige Tomorrow Never Dies mingde resinsjes, mar yn 'e bioskopen wie de film in grut kommersjeel súkses. In folgjend diel yn 'e rige, The World Is Not Enough, kaam út yn 1999.

Titel[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De titel fan Tomorrow Never Dies hat neat mei libben of wurk te krijen fan Ian Fleming, de geastlike heit fan James Bond, mar waard ynstee ynspirearre troch de namme fan it liet Tomorrow Never Knows ("Moarn Wit Nea") fan 'e Beatles. Dêr waard fan makke Tomorrow Never Lies ("Moarn Liicht Nea"), ferwizend nei de krante Tomorrow, dy't yn 'e film de wichtichste publikaasje is fan it mediaympearium fan sakeman Elliot Carver. De úteinlike titel ûntstie troch in typflater: de l fan lies waard by fersin ferfongen troch de d fan dies. Filmdistributeur Metro-Goldwyn-Mayer (MGM) fûn it op dy manear ûntstiene Tomorrow Never Dies sa oantreklik, dat it moast en soe de titel fan 'e wurde.

Plot[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yntroduksjesêne[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

James Bond, in geheim agint foar de Britske ynljochtingetsjinst MI6, ferkent "oan 'e Russyske grins" in merk op it mêd fan 'e yllegale wapenhannel, wêrby't er fan op ôfstân begelaat wurdt troch syn superieuren yn Londen. Skout-by-nacht Roebuck fan 'e Britske Keninklike Marine slacht de goerie fan M, de sjef an MI6, om Bond syn misje ôfmeitsje te litten, yn 'e wyn. Hy jout it Britske fregat de HMS Chester befel om 'e merk mei in krúsraket op te blazen. Pas neitiid ûntdekt Bond de oanwêzigens fan twa nukleêre torpedo's oan 'e wjukken fan in Aero L-39 Albatros-strieljager, dy't te keap oanbean wurdt. De krúsraket is dan al bûten berik fan 'e HMS Chester en kin net weromroppen of ferneatige wurde. Bond moat alles op alles sette om 'e L-39 te kapen en dermei fuort te fleanen ear't de krúsraket doel treft, om sa in kearnramp foar te kommen, mar it slagget him.

Film[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It Britske fregat de HMS Devonshire is op patrûlje yn 'e Súdsineeske See as it oerflein wurdt troch in pear Shenyang J-11-strieljagers fan 'e Loftstriidkrêften fan it Folksbefrijingsleger (de Sineeske loftmacht), dy't in warskôging ôfjouwe om't it skip him djip yn territoriale wetters fan 'e Folksrepublyk Sina befynt. De bemanning fan 'e Devonshire checkt de posysje fan harren skip oan 'e hân fan GPS-ynformaasje dy't streekrjocht ôfkomstich is fan satelliten, en stelt fêst dat se har noch altyd yn ynternasjonale wetters befine. De spanning tusken beide partijen rint heech op.

Wat noch de Britten, noch de Sinezen witte, is dat mediamagnaat Elliot Carver fia de Amerikaanske techno-terrorist Henry Gupta (dy't oanwêzich wie op deselde yllegale wapenmerk dêr't Bond earder de L-39 stiel) in kodearapparaat bemachtige hat dat stellen is fan 'e Amerikaanske Striidkrêften. Dêrmei kinne GPS-gegevens ferfalske wurde. Carver syn trewant Richard Stamper, oan board fan in mei stealthtechnology tarist skip, dat fuortby de HMS Devonshire fart mar ûnsichtber foar de radar is, hat der mei dat apparaat foar soarge dat it Britske skip mear as 70 seemyl fan koers rekke is en him yndie djip yn 'e Sineeske territoriale wetters befynt.

As de Sineeske strieljagers op 'e nij oerfleane, stjoert Stamper in op eigen krêft ûnder wetter fuortbewegende boarmasine op 'e Devonshire ôf, dy't troch de Britten oansjoen wurdt foar in troch de Sinezen ôfwurpen torpedo. De boar boarret troch de romp fan it marineskip, sadat dat sinkt sûnder dat der bot skea oanrjochte wurdt. De bemanning stjoert in berjocht nei de Britske Admiraliteit dat se ta sinken brocht binne troch de Sinezen. Stamper sjit ien fan 'e beide strieljagers del, sadat de Sinezen miene dat it fleantúch delsketten is troch de Britten. Neitiid sjit er de Britske drinkelingen dea mei in mitrailleur mei Sineeske munysje. Dûkers fan it stealthskip stelle ien fan 'e krúsraketten út it sonken wrak fan 'e Devonshire.

Yn Londen is de top fan 'e Britske Striidkrêften yn alle steaten. Skout-by-nacht Roebuck stiet der by de minister fan Definsje op oan om 'e Britske float nei de Súdsineeske See te stjoeren. M besiket wat reedlikens yn 'e sitewaasje yn te bringen, troch te sizzen dat der earst mar ris ûndersocht wurde moat wat der no eins bard is, foar't it Feriene Keninkryk de Folkrepublyk Sina de oarloch ferklearret. De minister hinget nei har stânpunt oer, mar as dan de media fan Carver bekendmeitsje dat de Fjetnameeske kustwacht liken fan 'e drinkelingen fan 'e HMS Devonshire fûn hat dy't trochsingele binne mei Sineeske kûgels, feroaret er fan gedachten en jout Roebuck de frije hân om 'e float te stjoeren. M kriget sadwaande mar 48 oeren om in oarloch tsjin te kearen.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

M is erchtinkend wurden foar Carver oer om't MI6 wit dat de nijsberjochten oer de trochsingele liken yn 'e media fan Carver oeren earder publisearre binne as dat de Fjetnameeske autoriteiten de liken eins fûn hawwe. Dêrom stjoert se James Bond nei Hamburch, dêr't it haadkertier fan Carver syn bedriuw stiet, om 'e man ris goed ûnder de lûp te nimmen. Hja oarderet him om Paris, de frou fan Carver, mei wa't Bond yn it ferline in relaasje hân hat, te brûken om oan ynformaasje te kommen.

Yn Hamburch docht Bond him foar as bankier en ynfiltrearret er de feestlike gearkomste yn it haadkertier fan Carver om 'e earste útstjoering fia in nij satellytnetwurk te fieren. Dêrmei binne Carver syn nijsprogramma's no yn 'e hiele wrâld te folgjen, útsein yn 'e Folksrepublyk Sina, dêr't him noch altyd útstjoerrjochten ûntholden wurde. Op it feest moetet Bond Paris wer, dy't him by wize fan begroeting in klap yn it gesicht jout, om't er al dy jierren lyn ôfskie fan har nommen hat mei de wurden "Ik bin direkt werom." Bond moetet ek in tsjeppe Sinese, Lin Wai, dy't seit dat se foar it parseburo New China wurket. Yn in petear mei Carver lit Bond ferskate kearen hints falle oer "ferdwaald wêzen" en "fan koers reitsjen" om 'e man út 'e tinte te lokjen. Dat slagget as Carver in kwartet swiere jonges op him ôf stjoerd om him yn in lûdtichte keamer te mishanneljen oant er fertelt wa't er is en wat er wol. Bond jout ynstee de fjouwer mannen in bêst wan bruien en bedjert dan Carver syn taspraak oan 'e wrâld fia it nije satellytnetwurk, troch de elektrisiteit yn it hiele gebou út te skeakeljen.

Letter kriget Bond yn syn hotelkeamer besite fan Paris, mei wa't er de nacht trochbringt nei't se har mei-inoar fermoedsoene hawwe. De oare moarns fertelt se him dat Carver boppe-yn syn haadkertier in geheim laboratoarium hat wêrfan't sy it bestean eins net heart te witten, en dat dat tagonklik is troch in lûk yn it dak. Underwilens is Carver poerrazen dat Bond him foar de hiele wrâld oer foar gek set hat. Gupta hat it petear fan Bond mei Paris op it feest, dat er ôflústere hat, ûntdien fan eftergrûnlûden, sadat it te ferstean is. Ut har wurden blykt dúdlik dat Paris altyd al wist dat Bond gjin bankier mar in geheim agint wie. Carver beskôget dat as ferrie en stjoert guon fan syn mannen efter har oan.

Bond kringt fia it lûk yn it dak it geheime laboratoarium binnen, dêr't er it kodearapparaat fan Gupta weromfynt en efteroer drukt. As er wer fuort sil sûnder opmurken te wêzen, brekt Lin Wai de haadtagongsdoar nei it laboratoarium iepen, mei as gefolch dat it alaarm ôfgiet. Bond en Lin witte allebeide, mei muoite, te ûntkommen, mar as Bond weromkeart yn syn hotelkeamer, treft er Paris dêr dea op syn bêd oan. Hja is fermoarde troch dr. Kaufmann, in Dútske hiermoardner dy't yn opdracht fan Carver wurket, en dy't Bond opwachtet en finzen nimt, mei de bedoeling om syn selsmoard yn sêne te setten. De beide moarden kinne dan ôfdien wurde as in gefal fan moard-selsmoard. Bond is Kaufmann lykwols te fluch ôf en deadet him ynstee.

Neitiid reizget Bond nei in basis fan 'e Amerikaanske Loftmacht op Okinawa, yn 'e Japanske Rjûkjû-eilannen. Dêr helpt syn âlde freon Jack Wade, in spesjaal agint fan 'e Amerikaanske ynljochtingetsjinst CIA, him om fêst te stellen dat fia it kodearapparaat yndie knoeid is mei de posysjebepaling fan 'e HMS Devonshire. Oan 'e hân fan 'e gegevens dy't yn it apparaat fêstlein binne, kin de wiere posysje fan it skip fêststeld wurde. De Amerikanen sette Bond dêr ôf mei in fleantúch, wêrnei't er him mei in parasjutesprong yn see weaget. Hy fynt it wrak fan 'e Devonshire werom, dat prekêr balansearre leit op 'e râne fan in ûnderseeske ôfgrûn. Hy giet it wrak binnen en ûntdekt dat ien fan 'e krúsraketten stellen is. Hy komt in oare dûker tsjin, mei wa't er hàst yn gefjocht rekket, oant er ûntdekt dat it Lin Wai is. Op dat stuit begjint it skip stadichoan yn 'e ôfgrûn te glydzjen, en inkeld troch gear te wurkjen witte Bond en Lin op 'e tiid te ûntsnappen.

As se boppe wetter komme, blykt Lin har skip ûnderwilens lykwols oernommen te wêzen troch Stamper en oare trewanten fan Carver, dy't har en Bond finzen nimme. Se wurde mei hânboeiens oaninoar fêstset en meinommen nei it regionale haadkertier fan Carver yn Súdeast-Aazje, dat sitewearre is yn it Fjetnameeske Saigon*. Lin, dy't in geheim aginte blykt te wêzen fan 'e Sineeske Eksterne Folksfeilichheidstsjinst, ken dêr de Sineeske generaal Chang werom, dy't krekt nei bûten komt. As Bond en Lin by Carver brocht binne, wol dy bêst útlizze wêr't er mei dwaande is, om't er dochs fan doel is en romje harren beiden út 'e wei. Hy skûlet ûnder ien tekken mei generaal Chang en wol in wapene konfrontaasje útlokje tusken de Britske en Sineeske floaten. As it Sineeske polytburo dan yn Peking yn spoedsitting gearkomt, is er fan doel en sjit de stellen krúsraket út 'e HMS Devonshire ôf op dat gebou, dêr't generaal Chang dan as iennichste polytburolid 'tafallich' net oanwêzich wêze sil om't er fêstsit yn 'e file. Neitiid sil it foar Chang in kâld keunstke wêze om frede mei it Feriene Keninkryk te berikken, mei't net ien fan beide partijen wier oarloch hawwe wol. Mei in nije reputaasje as fredesstifter sil nimmen yn Sina Chang noch fan 'e macht ôfhâlde kinne. En Carver kriget dan einlings de troch him sa fel begearde útstjoerrjochten yn 'e Folksrepublyk, sadat syn programma's tenei echt oeral op 'e wrâld te sjen binne.
*) eins Ho Chi Minhstêd, mar yn 'e film wurdt konsekwint de âlde namme brûkt.

De beide geheim aginten wegerje lykwols om oan Carver syn snoade plannen mei te wurkjen. Se ûntkomme, noch altyd oaninoar boeid, op spektakulêre wize troch boppe-yn 'e wolkekliuwer út it finster te springen en har oan in reuseftich spandoek mei de likenis fan Carver nei ûnderen sakje te litten. Se stelle in motorfyts en besykje wei te wurden yn 'e grimelgrammel fan strjitsjes en steechjes yn 'e âlde binnenstêd fan Saigon, wêrby't se earst efterfolge wurde troch Carver syn trewanten yn in pear auto's en letter troch guon yn in helikopter. Troch iendrachtich gear te wurkjen, witte se mei alle tsjinstanners ôf te weven.

Nei't se harsels befrijd hawwe fan 'e hânboeiens, stelt Bond foar om gear te wurkjen, mar Lin wiist dat foarstel ôf en pykt út. Bond folget har, en as se oanfallen wurdt troch in stikmannich trewanten fan generaal Chang helpt er har om koarte metten mei dyselden te meitsjen. Dan stimt se einlings mei gearwurking yn. Bond en Lin nimme kontakt op mei harren respektivelike regearings om út te lizzen dat Carver efter de oarlochsstokelderij sit. Dy kennis makket it lykwols noch net wis dat in oarloch foarkomd wurde kin, mei't it foar beide partijen no in saak fan nasjonaal prestiizje wurden is. De iennichste manear om wis te wêzen dat it allegear mei in skamper ôfrinne sil, is om Carver út te skeakeljen, sadat dy net mear stokelje kin.

Bond en Lin riddenearje út wêr't it stealthskip fan 'e mediamagnaat ferburgen wêze moat. Twaresom bejouwe de geheim aginten har dêrhinne, en ûnopmurken witte se it stealthskip te ynfiltrearjen. Harren bedoeling is om bommen te pleatsen dy't de stealthtechnology skansearje sil, sadat it skip tenei foar sawol de Britten as de Sinezen op 'e radar te sjen wêze sil. Lin Wai wurdt lykwols trappearre en troch Stamper finzen nommen. Bond deadet ien fan Stamper syn mannen en brûkt it lyk dan om by in fjoergefjocht yn it skimertsjuster syn eigen dea yn sêne te sitten. Dêrnei kringt er djipper it skip yn. Om't Lin de ûntstekkers foar de bommen by har hie, binne dy no fan nul en gjinderlei wearde. Mar Bond ymprovisearret in eigen bom mei in hângranaat, in glêzen potsje en in piper, dy't er neitiid by in brânstoftank pleatst. Dêrnei nimt er Gupta yn gizeling, makket himsels bekend en besiket de terrorist út te wikseljen tsjin Lin. Carver sjit Gupta lykwols leaver dea as dat er Lin gean lit, en hy ropt Bond ta dat er wol in plan B hat. Bond antwurdet dat hy dat ek hat en aktivearret mei syn mobile tillefoan de piper, wat it potsje brekt, wat de hângranaat ôfgean lit. De resultearjende ûntploffing liedt ta gaos oan board, en Lin sjocht dêrtroch har kâns skoan om te ûntkommen. Teffens rekket de romp fan it stealthskip sadanich skansearre, dat it net mear ûnsichtber is foar de radar. Nei oerlis tusken de Sinezen en de Britten litte de Sinezen it oan 'e Britten oer om mei it skip ôf te weven.

Wylst it Britske fregat de HMS Bedford it stealthskip begjint te besjitten mei syn skipsgeskut, besiket Lin om 'e oandriuwing fan it flugge stealthskip te sabotearjen, sadat it net útpike kin. Underwilens docht Bond war om 'e krúsraket fan 'e HMS Devonshire ûnklear te meitsjen, om foar te kommen dat dy dochs noch op Peking ôfsketten wurde kin. Lin slagget yn har opset, mar Bond net. Se wurde op 'e nij finzen nommen, mar wylst Carver Bond ferfeelt mei ien fan syn megalomane tirades, wit Bond temûk de reuseftige boar oan te setten dy't earder brûkt is om 'e HMS Devonshire sinke te litten. Hy komt Carver yn in ûnoplettend momint oer it mad en triuwt him tusken de trije rotearjende boarkoppen fan 'e masine, sadat er oan smots meald wurdt.

As Bond dêrnei fannijs besiket de krúsraket te sabotearjen, wurdt er konfrontearre mei Stamper, dy't Lin as gizelder brûkt en har omwuolle hat mei in metalen keatling. Sy wit Bond de ûntstekkers ta te smiten, dy't er oan it oandriuwingsmeganisme fan 'e raket befêstiget. Stamper kegelet Lin oan it keatling oerboard, en troch it gewicht fan it metaal sakket se safier as it keatling lang is ûnder wetter. Stamper, dy't grutter en sterker is as Bond, wurdt Bond dêrnei yn in fjochtpartij op in hier nei oermânsk, mar Bond wit Stamper syn foet fêst te setten tusken de krúsraket en de lansearynstallaasje, foar't er sels efter Lin Wai oan springt. It ôftellen foar de lansearring einiget op dat eigenste stuit, en as it oandriuwinsmeganisme fan 'e raket oangiet, soargje de ûntstekkers foar in reuseftige eksploazje, dy't raket, Stamper, stealthskip en al ferwoasget. Underwilens dûkt Bond ûnder wetter nei de hast ferdrinkende Lin, dy't er it libben rêdt troch ûnder wetter syn mûle op harres te pleatsen en syn lucht mei har te dielen.

Nei't er Lin fan it keatling befrijd hat, swimme Bond en sy nei it wetteroerflak, dêr't se tegearre op in omdriuwend diel fan it stealthskip kladderje. In skoft letter, wylst HMS Bedford mei skynwerpers tusken de wrakstikken troch fart en mei lûdsprekkers om Bond en Lin ropt, beprate sy beiden oft se harren al rêde litte sille. Se beslute fan net en begjinne inoar hertstochtlik te tútsjen.

Rolferdieling[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Pierce Brosnan.
Michelle Yeoh.
Jonathan Pryce.
haadrollen
personaazje akteur/aktrise
MI6-agint James Bond Pierce Brosnan
Sineesk geheim aginte kolonel Lin Wai Michelle Yeoh


byrollen
personaazje akteur/aktrise
Elliot Carver Jonathan Pryce
Paris Carver Teri Hatcher
Richard Stamper Götz Otto
Henry Gupta Ricky Jay
M, sjef fan MI6 dame Judi Dench
CIA-agint Jack Wade Joe Don Baker
Q, kertiermaster fan MI6 Desmond Llewelyn
juffer Moneypenny Samantha Bond
dr. Kaufmann Vincent Schiavelli
skout-by-nacht Roebuck Geoffrey Palmer
p.r.-meiwurkster fan Carver Daphne Deckers
Charles Robinson, stêfsjef fan MI6 Colin Salmon
Britske minister fan Definsje Julian Fellowes
nijslêzeresse Tamara Steel Nina Young
kaptein fan it stealthskip Mark Spalding
kaptein fan 'e HMS Devonshire Dominic Shaun
prof. Inga Bergström Cecilie Thomsen
admiraal Kelly, kommandant fan 'e HMS Bedford Michael Byrne
matroas op 'e HMS Devonshire Gerard Butler
ûnderofsier op 'e HMS Devonshire Julian Rhind-Tutt

Produksje en distribúsje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Produksje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Doe't GoldenEye yn 1995 nei in hiaat fan seis jier yn 'e James Bond-filmsearje in súkses waard, ûntstie der druk om mei in ferfolchfilm de âlde heechtijdagen werlibje te litten. Dy druk kaam sawol fan 'e publike opiny as fan miljardêr Kirk Kerkorian, de nije eigner fan filmstudio Metro-Goldwyn-Mayer (MGM), dy't in folgjende Bond-film lyktidich útbringe woe mei nije oandielen fan it bedriuw. Der waard sadwaande koartseftich wurke, en it resultaat wie Tomorrow Never Dies.

Dy film waard regissearre troch Roger Spottiswoode nei in folslein orizjineel senario fan Bruce Feirstein. As produsinten wiene Michael G. Wilson en Barbara Broccoli by it projekt belutsen foar de filmstudio's Eon Productions en United Artists. Dêrmei wie Tomorrow Never Dies in Britsk-Amerikaanske ko-produksje. Foar de film wie in budget beskikber fan $110 miljoen. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Robert Elswit. De filmmuzyk waard fersoarge troch David Arnold en de titelsong Tomorrow Never Dies waard songen troch Sheryl Crow.

Casting[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De Ierske akteur Pierce Brosnan kearde yn Tomorrow Never Dies (foar de twadde fan fjouwer kear) werom yn 'e rol fan geheim agint James Bond. Ek dame Judi Dench as M, Desmond Llewelyn as Q, Samantha Bond as Miss Moneypenny en Joe Don Baker as spesjaal agint Jack Wade fan 'e CIA spilen op 'e nij mei. Foar de rol fan 'e antagonist Elliot Carver waard Anthony Hopkins frege, dy't ek al in rol yn 'e foargeande Bond-film, GoldenEye, oanbean krigen hie. Hy sloech jitris it oanbod ôf en keas ynstee foar in rol yn 'e aventoerefilm The Mask of Zorro. Yn syn plak waard doe Jonathan Pryce cast.

Foarôf waard derfan grute dat de Kanadeeske aktrise Natasha Henstridge de wichtichste Bond girl yn Tomorrow Never Dies spylje soe, mar dat gie net troch. De plot frege om in aktrise mei in mongolide uterlik, en dy waard fûn yn Michelle Yeoh. Hoewol't hja doe al grutte bekendheid hie yn har heitelân Maleizje en yn Hongkong, foarme har rol as Lin Wai yn Tomorrow Never Dies har grutte trochbraak nei de Westerske filmyndustry. Brosnan wie tige fan har ûnder de yndruk en neamde har in "geweldige aktrise" dy't "serieus wie en tawijd oan har wurk". Yeoh woe nei't it skynt har eigen stunts dwaan, mar dêr lei regisseur Roger Spottiswoode it near op, net allinne om't er dat te gefaarlik fûn, mar ek om't de fersekering fan 'e filmproduksje it net tastie.

Foar de rol fan 'e sekundêre Bond girl Paris Carver die Sela Ward audysje. Tsjin har soe doe sein wêze dat de produsinten har graach hawwe wollen hiene, mar dan tsien jier jonger. Neffens Brosnan die ek de Italjaanske aktrise Monica Bellucci audysje foar de rol, mar (yn syn wurden) "de sufferts seine nee." Nederlânse Daphne Deckers, dy't yn 'e film in minuskúl roltsje as Carver syn p.r.-meiwurkster hat dat lykwols breed útmetten waard yn 'e Nederlânske media, befêstige dat hja Bellucci troffen hie doe't hja sels audysje die. De rol fan Paris Carver gie úteinlik nei Teri Hatcher, dy't bekend wie fan har titelrol yn 'e doe noch rinnende Amerikaanske fantasytillefyzjesearje Lois & Clark: The New Adventures of Superman. Hja wie op dat stuit 32 jier (sân jier jonger as Ward), mar ek trije moannen swier. Letter fertelde Hatcher dat se spyt hie dat se de rol oannommen hie; se neamde Paris Carver "sa'n keunstmjittich soarte fan personaazje" en sei dat se fan it spyljen fan 'e rol "gjin bysûndere befrediging" krigen hie.

Bond syn BMW út Tomorrow Never Dies, te sjen op in tentoanstelling n it Museum für Industriekultur yn Neurenberch.

Yn 'e rol fan Richard Stamper, de rjochterhân fan Carver, waard de Dútske akteur Götz Otto cast. Op syn audysje krige er tweintich sekonden om te sizzen wêrom't de produsinten foar him kieze moasten. Hy die it yn fiif tellen: "Ik bin grut, ik bin gemien en ik bin Dútsk."

Opnamen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De opnamen setten op 18 jannewaris 1997 útein. Foar de binnendoarsênes koe gjin gebrûk makke wurde fan 'e Leavesden Studios, in yndustrieel kompleks dat spesjaal foar de foargeande James Bond-film, GoldenEye, ta studio's omboud wie, om't dêr op dat stuit de opnamen plakfûnen foar de science fiction-film Star Wars: Episode I – The Phantom Menace. Dêrom waard útwykt nei de Elstree Studios, wylst guon binnendoarsênes, lykas fan âlds by Bond-films dien wie, filme waarden yn 'e Pinewood Studios yn Buckinghamshire.

De fjouwer minuten duorjende yntroduksje mei de yllegale wapenmerk waard filme op 'e Lofthaven Peyresourde-Balatestas, by Peyragudes, yn it Frânske departemint Hautes-Pyrénées. De sênes mei de Britske marineskippen waarden foar de Ingelske súdkust by Portsmouth opnommen. Dêrby gie de HMS Westminster troch foar ferskate fiktive fregatten. De sêne op 'e Amerikaanske loftmachtbasis op Okinawa waard ynstee filme op 'e Loftmachtbasis Lakenheath yn Ingelân, wylst Bond syn parasjutesprong nei it wrak fan 'e HMS Devonshire útfierd waard yn 'e Baja Studios, op it Kalifornysk Skiereilân yn Meksiko, boppe in ûnbidich grutte wettertank dy't oarspronklik boud wie foar de histoaryske rampefilm Titanic (1997).

Guon sênes soene opnommen wurde yn Ho Chi Minhstêd, yn Fjetnam, dêr't se yn 'e film ek wier spylje. As dat bard wie, hie Tomorrow Never Dies de earste Amerikaanske film west dy't nei de Fjetnamoarloch yn Fjetnam makke wie. Mar twa moannen foar't it mei de opnamen heve soe, loek de Fjetnameeske premier Võ Văn Kiệt de tastimming yn, wêrnei't de produksje útwike moast nei de Taiske haadstêd Bangkok. (Mooglik dat Ho Chi Minhstêd dêrom yn 'e film konsekwint by de âlde, pre-kommunistyske namme Saigon neamd wurdt.) Neffens filmprodusint Anthony Waye waard it Fjetnameeske beslút om fan meiwurking ôf te sjen beynfloede troch de bylden by de begjintitels fan GoldenEye, wêryn't (frijwol) neakene, mar inkeld yn silhûet beljochte froulju mei slaaien kommunistyske symboalen lykas de hammer en sichte oan gruzeleminten slane.

Distribúsje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De distribúsje fan Tomorrow Never Dies waard yn 'e Feriene Steaten fersoarge troch Metro-Goldwyn-Mayer en yn oare lannen en territoaria troch United International Pictures. De film gie op 9 desimber 1997 yn Londen yn premiêre, en iepene dêrnei op 12 desimber yn 'e Britske bioskopen en op 19 desimber yn dy yn 'e Feriene Steaten. It byhearrende soundtrackalbum ferskynde op 27 novimber 1997 by platemaatskippij A&M Records.

Untfangst[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Fan 'e filmkritisy krige Tomorrow Never Dies mingde resinsjes. Yn 'e Chicago Sun-Times joech Roger Ebert de film 3 fan 4 stjerren. Hy skreau: "Tomorrow Never Dies docht wat men fan dizze film ferwachtsje mei, soms op spannende wize, faak mei styl." Ek neamde er de antagonist Elliot Carver "in lyts bytsje mear fan dizze tiid en oannimliker as meastal it gefal is" en murk er yn 'e film in bytsje "satire [op] dy't subtiler as gewoanlik" wie. Kenneth Turan fan 'e Los Angeles Times fûn dat Tomorrow Never Dies in "foltrôpe gefoel fan déjà-vu" hie en amper ferskilde foar foargeande films, wylst de foaroansteande ynternetfilmkritikus James Berardinelli dan wer fûn dat it "de bêste Bond-film yn withoefolle jierren" wie.

Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat Tomorrow Never Dies in goedkarringspersintaazje fan 57%, basearre op 77 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "Tomorrow Never Dies is in kompetint makke, hoewol soms formulemjittich diel fan 'e 007-franchise, mei in plot dy't miskien net de orizjineelste is, mar mei aksjesênes dy't wier spannend binne." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behellet Tomorrow Never Dies in goedkarringspersintaazje fan 52%, basearre op 38 resinsjes.

Resultaat[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Opbringst[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Tomorrow Never Dies brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $125,3 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $207,7 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $333,0 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $110 miljoen betsjut dat in winst fan $223 miljoen, hoewol't dêr de marketingkosten noch wol ôf moatte.

Prizen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De titelsong Tomorrow Never Dies waard yn 1998 nominearre foar in Golden Globe foar bêste orizjinele liet en teffens foar in Grammy yn 'e kategory bêste liet skreaun foar in film of tillefyzjeprogramma. De film Tomorrow Never Dies waard ek nominearre foar fjouwer Saturn Awards, wêrfan't Pierce Brosnan de priis foar bêste akteur wûn.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.


James Bond (filmsearje)
films fan Eon Productions
mei Sean Connery Dr. No (1962) • From Russia with Love (1963) • Goldfinger (1964) • Thunderball (1965) • You Only Live Twice (1967) • Diamonds Are Forever (1971)
mei George Lazenby On Her Majesty's Secret Service (1969)
mei Roger Moore Live and Let Die (1973) • The Man with the Golden Gun (1974) • The Spy Who Loved Me (1977) • Moonraker (1979) • For Your Eyes Only (1981) • Octopussy (1983) • A View to a Kill (1985)
mei Timothy Dalton The Living Daylights (1987) • Licence to Kill (1989)
mei Pierce Brosnan GoldenEye (1995) • Tomorrow Never Dies (1997) • The World Is Not Enough (1999) • Die Another Day (2002)
mei Daniel Craig Casino Royale (2006) • Quantum of Solace (2008) • Skyfall (2012) • Spectre (2015) • No Time to Die (2021)
films fan oare studio's
Casino Royale (1954) • Casino Royale (1967) • Never Say Never Again (1983)