Springe nei ynhâld

Sjitten

Ut Wikipedy
(Trochferwiisd fan Fjoergefjocht)
Amerikaansk sportsjitter Glenn Eller yn 2008 op 'e Olympyske Spullen fan Peking.

Sjitten is it ûntladen fan in projektyl út in projektylwapen, lykas in gewear, pistoal, kanon, mortier, slinger, kattepûl, bôge of krúsbôge. By fjoerwapens wurdt dat ûntladen it fjurjen of ôffjurjen neamd, om't dêrfoar in ferbrâningsproses needsaaklik is. Ek de lansearring fan in raketwapen kin omskreaun wurde as sjitten of ôfsjitten. Immen dy't sjit, is in skutter of sjitter. As men dêr tige goed yn is, wurdt men in skerpskutter neamd. As men ferskûle leit by it sjitten is men in slûpskutter.

Sjitten wurdt dien as ûnderdiel fan oarlochfiering, misdie, jacht en sport. In lytsskalige konfrontaasje wêrby't sketten wurdt, bygelyks tusken de plysje en kriminelen, hjit in sjitpartij of in fjoergefjocht. In spesifike foarm fan 'e sjitpartij is in drive-by shooting, wêrby't yn it foarbygean út in ridende auto wei sketten wurdt. De sport fan it sjitten mei fjoerwapens is sportsjitten. Ek by beskate oare sporten, lykas biatlon, spilet sjitten in rol. It sjitten mei pylk-en-bôge wurdt hjoed de dei hast altyd spesifyk bôgesjitten neamd, om't sjitten mei fjoerwapens de noarm is.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.