The World Is Not Enough (film)

Ut Wikipedy
Springe nei navigaasje Springe nei sykjen
The World Is Not Enough
Filmklapper.png film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
Logo twine us uk a.svg
makkers
regisseur Michael Apted
produsint Michael G. Wilson
Barbara Broccoli
senario Neal Purvis
Robert Wade
Bruce Feirstein
Dana Stevens
kamerarezjy Adrian Biddle
muzyk David Arnold
filmstudio Eon Productions
United Artists
distribúsje Metro-Goldwyn-Mayer (Fer. St.)
United Internat. Pict. (ynternasj.)
spilers
haadrollen Pierce Brosnan
Denise Richards
Sophie Marceau
Robert Carlyle
byrollen Robbie Coltrane
Judi Dench
Maria Grazia Cucinotta
Desmond Llewelyn
skaaimerken
lân/lannen Flag of the United Kingdom.svg Feriene Keninkryk
Flag of the United States.svg Feriene Steaten
premiêre 8 novimber 1999
foarm langspylfilm
sjenre spionaazjeskriller
taal Ingelsk
spyltiid 125 minuten
budget en resultaten
budget $135 miljoen
opbringst $361,8 miljoen
filmsearje
filmsearje James Bond
● foarich diel Tomorrow Never Dies
● folgjend diel Die Another Day

The World Is Not Enough is in Britsk-Amerikaanske spionaazjeskriller út 1999 ûnder rezjy fan Michael Apted. De haadrollen waarden fertolke troch Pierce Brosnan as geheim agint James Bond, Denise Richards en Sophie Marceau as de Bond girls Christmas Jones, resp. Elektra King en Robert Carlyle as de smjunt Renard. De titel betsjut "De Wrâld is Net Genôch", en ferwiist nei it fiktive Latynske biedwurd orbis non sufficit fan it wapen fan 'e famylje fan Bond (dat foar it earst te sjen wie yn 'e film On Her Majesty's Secret Service). The World Is Not Enough waard makke nei in folslein orizjineel senario.

De film folget James Bond as er nei de moard op miljardêr sir Robert King, dêr't nei alle gedachten de terrorist Renard efter sit, ynset wurdt om Elektra, de dochter fan King, te beskermjen. Geandewei dy opdracht ûntdekt er dat it oars sit en komt er in snoad plan op it spoar om in tal konkurrearjende oaljepiipliedings troch in kearnramp yn Istanbûl ûnbrûkber te meitsjen. The World Is Not Enough wie it njoggentjinde diel út 'e James Bond-filmsearje en folge as sadanich op Tomorrow Never Dies, út 1997. Fan 'e filmkritisy krige The World Is Not Enough mingde resinsjes, mar yn 'e bioskopen wie de film in grut kommersjeel súkses. In folgjend diel yn 'e rige, Die Another Day, kaam út yn 2002.

Plot[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn Bilbao, yn Baskelân, moetet geheim agint James Bond fan 'e Britske ynljochtingetsjinst MI6 de Switserske bankier Lachaise, dy't as tuskenpersoan fungearret by de oerdracht fan goed £3 miljoen dy't earder oan 'e Britske oaljemagnaat sir Robert King ûntstellen wie. Bond skeakelet de liifwachten fan Lachaise út en ûnderfreget de bankier om efter de identiteit te kommen fan 'e moardner fan in oare MI6-agint, dy't earder op 'e saak set wie. Mar Lachaise wurdt fermoarde troch syn sekretaresse, dy't eins in hiermoardneresse blykt te wêzen, foar't er Bond wat fertelt. Bond wit op spektakulêre wize mei it jild te ûntsnappen ear't er troch de tahastige plysje arrestearre wurde kin.

Yn it haadkertier fan MI6 yn 'e Britske haadstêd Londen wurdt it jild weromjûn oan King, dy't in âlde freon is fan MI6-sjef M. De steapel papierjild blykt lykwols foartiid yn in eksplosive floeistof dipt te wêzen en wurdt fan in ôfstân ta ûntploffing brocht as er it oppakt. By de eksploazje komme King en ferskate meiwurkers fan MI6 om, wylst in oansjenlik diel fan it haadkertier fan 'e ynljochtingetsjinst ferwoastge wurdt. As de moardner, dat de bankierssekretaresse út Bilbao blykt te wêzen, oer de rivier de Teems útpykt yn in speedboat, giet Bond har efternei yn in eksperimintele minyspeedboat fan Q, de kertiermaster fan MI6. Nei in lange efterfolging te wetter (en in lyts stikje oer lân), besiket de moardneresse by de Millennium Dome te ûntsnappen troch in hjitte-luchtballon te kapen, Bond wit ien fan 'e ankertouwen fêst te gripen en wurdt mei de loft yn skuord. As de ballon omjûn wurdt troch helikopters fan 'e Britske plysje, blaast de frou harsels leaver op troch har pistoal op 'e gasflessen fan 'e ballon ôf te fjurjen, as dat se har oerjout. Bond falt tsientallen meters omleech en komt del op it dak fan 'e Millennium Dome.

As Bond letter ûndersyk nei de saak docht, ûntdekt er dat it jild dat King fia MI6 weromkrige, omrekkene persiis 5 miljoen Amerikaanske dollar bedroech. Dat wie ek krekt de hichte fan 'e lospriis by de ûntfiering, inkele jierren lyn, fan King syn dochter Elektra troch de Russyske terrorist "Renard" (eins Viktor Zokas, in âld-agint fan 'e KGB). King behelle M doe by de saak as adviseur, en hja rikkemandearre him oan om net te beteljen, alteast nòch net, om't se tocht dat der noch tiid genôch wie om Renard op te spoaren en yn te rekkenjen. Dêr wie se lykwols mis mei, en in misbrûkte en traumatisearre Elektra wist in skoftke letter op eigen manneboet oan har gizelnimmers te ûntsnappen. Neitiid besocht M om Renard út te skeakeljen, mar de agint dy't se stjoerde, miste: de kûgel krong wol de harsens fan Renard binnen, mar deade him net. De kûgel sit lykwols te djip om te ferwiderjen en beweecht him stadichoan noch djipper nei binnen ta. Renard wurdt dêrom geandewei ymmún foar pine, oant de kûgel syn harsenskoars berikt en him deadocht.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

De konklúzje moat wêze dat Renard efter de moard op King sit, en dat er wraak op MI6 nommen hat troch de ynljochtingetsjinst te brûken om King yn 'e fâle te lokjen. De iennichste belutsene nei wa't er noch net úthelle hat, is Elektra, dat M stjoert Bond om har te beskermjen. Dêrfoar reizget er nei Azerbeidzjan, dêr't it bedriuw fan King silger (no fan Elektra) in oaljepiiplieding oanleit fan 'e ûnoanboarre ierdoaljeboarnen yn 'e Kaspyske See troch de Kaukasus om fia Georgje en Turkije nei de havens fan 'e Middellânske See ferfierd te wurden. By syn oankomst wurdt Bond yn 'e kunde brocht mei Elektra har haad befeiliging Sasja Davidov en har liifwacht Gabor. Elektra, oan wa't net ferteld is dat Renard efter de moard op har heit sit, is der mar dreech fan te oertsjûgjen dat se ferlet hat fan Bond syn beskerming. Dat feroaret as sy en Bond al skyend by in ynspeksje fan it útstippele trasee troch de bergen oanfallen wurde troch in stikmannich swierbewapene mannen op sniescooters dy't har oan paragliders ek troch de loft fuortbewege kinne. Bond wit lykwols mei de oanfallers ôf te weven.

Letter besiket Bond in âlde bekende fan sines, de Russyske maffiabaas Valentin Zukovsky, yn in kasino dat dyselde yn 'e Azerbeidzjaanske haadstêd Bakû driuwt. Hy besiket fan Zukovsky ynformaasje los te krijen oer de identiteit fan 'e oanfallers, mar Zukovsky hâldt him fan 'e domme. Wylst se noch oan it praten binne, komt Elektra yn it kasino opdaagjen. Bond docht war en bepraat har om har net samar yn it iepenbier te bejaan, mar Elektra wol net nei him harkje en ferliest by in spul om 'e heechste kaart binnen de koartste kearen $1 miljoen oan Zukovsky. Nei't se it kasino ferlitten hawwe, reitsje sy en Bond mei-inoar op bêd.

De oare deis giet Bond wer op ûndersyk út. Hy ûntdekt dat Davidov temûk ûnder ien tekken skûlet mei Renard. Yn 'e kofferbak fan syn auto treft er it lyk oan fan dr. Michaïl Arkov, in Russysk ekspêr op it mêd fan nukleêr wapenreau. Bond bringt it lyk wei en krûpt sels yn 'e kofferbak. Nei't Davidov de auto nei in lyts fleanfjild riden hat, dêr't in privee-fleantúch foar him klear stiet, fermoardet Bond him en nimt syn plak yn. Hy ûntdekt dat Davidov sels it plak fan Arkov ynnommen hie. It fleantúch bringt him nei in eardere Russyske ynterkontinintale ballistyske raketbasis ta yn Kazachstan, oarekant de Kaspyske See. Dêr moetet Bond de tsjeppe Amerikaanske nukleêr natuerkundige dr. Christmas Jones, dy't dêr helpt om op feilige wize âld nukleêr wapenreau op te romjen.

Bond wurdt, yn syn momkape fan Arkov, nei de kelder fan in raketsilo brocht, dêr't Renard en syn trewanten, dy't de basis earder ynfiltrearre hawwe, dwaande binne mei it risselwearjen foar it stellen fan 'e plutoaniumlading fan in nukleêre raket. Dêrta ferwideret Renard û.m. de GPS-chipkaart, dy't de lokaasje fan 'e bom werjout. Ear't Bond Renard-en-dy ynrekkenje kin, wurdt er sels arrestearre om't de erchtinkende Christmas Jones ûntdutsen hat dat de echte Michaïl Arkov oardel kear sa âld en twa kear sa grou is Bond. Dat stelt Renard by steat om in mitrailleur te pakken, dêr't er alle echte Russyske militêren mei deasjit. Bond en Christmas binne de iennichste oerlibbenen fan 'e sjitpartij, mei't Bond op 'e tiid dekking siket en Jones har libben rêdt troch himsels boppe-op har te smiten. Renard-en-dy pike út mei de bom. Bond wit de GPS-chipkaart noch te pakken te krijen, tinkend dat it mooglik wat is dat fan belang is, mar as Christmas him fertelt wat it is, beseft er dat er dêr neat oan hat.

Underwilens skillet Elektra út Azerbeidzjan wei M op. Hja fertelt dat har haad befeiliging dea weromfûn is en dat Bond poater is. Mei't se har ûnfeilich fielt, freget se M oft dy, út freonskip foar har heit silger, net sels delkomme kin. M stimt dêryn ta en stapt fuortendaliks op it fleantúch nei Azerbeidzjan. Sadwaande treft Bond har dêr as er mei Christmas op sleeptou weromkomt út Kazachstan. Hy langet har de GPS-chipkaart oer as bewiis fan 'e dieverij fan 'e bom. Fuort dêrnei docht bliken dat de bom befêstige is oan in ynspeksjekarke dat de nije oaljepiiplieding yn stjoerd is. Om 'e bom ûnklear te meitsjen, eat dêr't Bond sels de kennis net foar hat, geane hy en Christmas tegearre op in oare ynspeksjekarke ek de piiplieding yn. Se litte har ynhelje troch it karke mei de bom en krûpe dêr dan op. Christmas stelt fêst dat de helte fan 'e plutoaniumlading mist en dat de bom sa't er no is net folle skea oanrjochtsje sil. Bond hjit har dan om it ding gewurde te litten en tegearre springe se fan it karke ôf. As de bom ôfgiet, wurdt yndie mar in relatyf lyts stikje fan 'e piiplieding opblaasd en folget der gjin grutte nukleêre eksploazje. Sûnder tsjinberjocht nimme M en Elektra lykwols oan dat Bond en Christmas omkommen binne.

Dat is krekt Bond syn bedoeling, mei't er erchtinkend wurden is oer Elektra en har út 'e tinte lokje wol. Sadree't se mient dat Bond dea is, lit se troch har liifwacht Gabor en guon oare trewanten de liifwachten fan M deasjitte en nimt se M sels finzen. Se leit dan út dat sy en Renard minners binne. Sy hat har eigen heit fermoarde út wraak foar syn wegering om losjild te beteljen doe't sy ûntfierd wie. Se is fan doel om ek M, dy't har heit yn dy kwestje oanrikkemandearre hie om sa te hanneljen, dea te meitsjen.

Bond fermoedet noch altyd dat Zukovsky mear wit as dat er tajûn hat, en siket de maffiabaas op as dy syn kaviaarfabryk oan 'e Kaspyske kust besiket. Sûnder dat Zukovsky it wit, skillet syn liifwacht Bull Elektra op sadree't er beseft dat Bond noch libbet. Sa kin it dat Bond-en-dy oanfallen wurde troch trewanten fan Elektra yn ferskate helikopters dêr't grutte snoeimasines ûnder hingje. Bond wit lykwols de helikopters del te heljen en Elektra har mannen te deadzjen. Neitiid set er Zukovsky ûnder druk oant dy tajout dat er in ûnderhânske regeling hat mei Elektra. Yn ruil foar de miljoen dollar dy't Elektra by har besyk oan syn kasino sa achteleas 'ferlear', hat er beävensearre dat sy yn it Turkske Istanbûl tydlik oer in dûkboat fan 'e Russyske Marine beskikke kin dêr't Zukovsky syn omkesizzer Nikolaj de kaptein fan is. As Bond him fertelt dat er fermoedet dat Elektra ûnder ien tekken skûlet mei Renard, wurdt Zukovsky ûngerêst.

Mei Zukovsky, Bull en Christmas reizget Bond nei Istanbûl, dêr't Renard en Elektra mei de finzen M ûnderwilens ek arrivearre binne. Christmas beseft dat as Renard it stellen plutoanium yn 'e nukleêre reäktor fan 'e dûkboat stopje soe, it resultaat in kearnraning wêze soe dy't Istanbûl alhiel fan 'e kaart fage. Dat soe de trije Russyske oaljepiipliedings fan 'e Kaspyske See troch de Kaukasus nei it westen ûnbrûkber meitsje, om't dy einigje by de kust fan 'e Swarte See, wêrnei't de oalje yn tankers fia de Bosporus by Istanbûl nei de Middellânske See en sa fierder ferfierd wurdt. Yn dat gefal soe Elektra har piiplieding, dy't streekrjocht nei de Middellânske See oan 'e súdkust fan Anatoalje liedt, de iennichst oerbleaune funksjonele oaljepiiplieding út 'e Kaspyske See wei wêze, wat har in monopoalje besoargje soe.

Underwilens kriget M de GPS-chipkaart fan 'e bom, dy't se noch altyd by har hat, oan 'e praat troch it ding oan te sluten op 'e batterij fan in wekker dy't Elektra by har delset hat om har sjen te litten hoelang't se noch te libjen hat. Bond fangt it GPS-sinjaal op, mar ear't er nei dy lokaasje gean kin om M te befrijen, blaast Bull it gebou op dêr't Bond en Zukovsky-en-dy har yn befine. Zukovsky bliuwt bewegingsleas op 'e flier efter, mar Bond en Christmas ûntkomme nei bûten ta, dêr't se fuortendaliks finzen nommen wurde troch Renard en syn mannen. Dyselden nimme Christmas mei nei de dûkboat, wylst se Bond by Elektra bringe. Hja set him mei boeiens om 'e polzen en de kiel fêst op in antyk martelwurktúch yn 'e foarm fan in stoel dêr't efter de nekke in grutte silinder fan metaal útskroefd wurde kin, sadat hiel stadich de persoan dy't op 'e stoel fêstsit de nekke brutsen wurdt.

Elektra tramtearret Bond dêrmei, mar ear't se him de nekke brekt, kringe Zukovsky, dy't by de bomoanslach net dea mar inkeld bewusteleas rekke wie, en syn mannen it gebou binnen nei't se it GPS-sinjaal fan M dêrhinne folge hawwe. Elektra har trewanten wurde deade troch de mannen fan Zukovsky, dy't eigenhandich ôfweeft mei de ferrieder Bull. Elektra is de maffiabaas lykwols te fluch ôf en sjit him del. Wylst er yn it stjerren leit, rjochtet Zukovsky syn gongelstôk, dêr't in gewear yn ferburgen blykt te sitten, op Elektra. Foar't se beslute kin nochris op him te sjitten, feroaret Zukovsky blykber fan gedachten en rjochtet syn stôk op Bond en sjit, mar mist. Ear't er stjert, wiskelje hy en Bond in gâns sizzende blik út. Elektra stelt fêst dat de maffiabaas Bond blykber mear hate as har, en giet oerskrank by Bond op 'e knibbels sitten om him yn 'e eagen sjen te kinnen as se de skroef oandraait om him de nekke te brekken.

Dan blykt lykwols dat Zukovsky mei syn skot it slot dêr't Bond syn rjochterhân mei fêst siet, stikken sketten hat. Bond skuort syn hân los en slacht Elektra fan him ôf. Hy makket syn oare hân en syn kiel los en set de efterfolging yn op Elektra, dy't by de treppen op flechtet. Underweis nei boppen komme se M yn har sel foarby, dy't troch Bond befrijd wurdt. Hy folget Elektra nei in sliepkeamer boppe yn it gebou, dêr't er har besiket te twingen om Renard opdracht te jaan fan 'e oanslach mei de ûnderseeboat ôf te sjen. Elektra kriget Renard oan 'e tillefoan, dy't op it punt stiet om yn 'e haven foar it gebou mei de dûkboat ôf te setten. Om't se mar mient dat Bond it net yn him hat om har te deadzjen, jout Elektra Renard opdracht om troch te setten. Mar se is mis en Bond sjit har dea.

Bond dûkt út it finster fan 'e sliepkeamer wei de haven yn en wit krekt op 'e tiid de dûkboat binnen te kringen foar't dy ûnder wetter ferdwynt. Hy befrijt Christmas en sabotearret de ûnderseeër, mei as ûnfoarsjoen gefolch dat dy nei de boaiem fan 'e Bosporus dûkt, lek rekket en wetter begjint te meitsjen. Yn 'e stadichoan folrinnende dûkboat befjochtet Bond Renard, dy't er op 't langelêst wit te ferslaan en de deadzjen. Bond en Christmas ûntkomme út 'e ûnderseeër, dy't efter harren ûntploft. Mar om't de reäktor der dan al lang en breed ûnder strûpt is, en alsa kuolle wurdt troch it seewetter, fynt der gjin nukleêre eksploazje plak. Letter besiket M kontakt mei Bond te krijen, mar hy reägearret net. As R, de assistint fan Q, him mei ynfrareadbylden fan in satellyt opspoart, docht bliken dat er op bêd gien is, mar net allinnich.

Rolferdieling[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

haadrollen
personaazje akteur/aktrise
MI6-agint James Bond Pierce Brosnan
dr. Christmas Jones Denise Richards
Elektra King Sophie Marceau
Viktor Zokas, "Renard" Robert Carlyle


byrollen
personaazje akteur/aktrise
Valentin Zukovsky Robbie Coltrane
M, sjef fan MI6 Judi Dench
Giulietta da Vinci (bankierssekretaresse) Maria Grazia Cucinotta
Q, kertiermaster fan MI6 Desmond Llewelyn
juffer Moneypenny Samantha Bond
Bill Tanner, stêfsjef fan MI6 Michael Kitchen
Charles Robinson, plakferfangend stêfsjef fan MI6 Colin Salmon
R, assistint-kertiermaster fan MI6 John Cleese
dokter Molly Warmflash Serena Scott Thomas
Sasja Davidov Ulrich Thomsen
Bull Goldie
Gabor John Seru
kolonel Akakijevitsj Claude-Oliver Rudolph
Lachaise Patrick Malahide
sir Robert King David Calder
Michaïl Arkov Jeff Nuttall

Produksje en distribúsje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Produksje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn novimber 1997, in moanne foar de premiêre fan 'e foargeande James Bond-film Tomorrow Never Dies, seach Barbara Broccoli op 'e tillefyzje yn in aktualiteiterubryk in reportaazje oer de striid fan 'e grutte oaljemaatskippijen om 'e ûnoanboarre ierdoaljeboarnen yn 'e Kaspyske See. Hja kaam ta de konklúzje dat de behearsking fan 'e iennichste oaljepiiplieding út dat gebiet wei nei West-Jeropa ta prima foldwaan soe as de motivaasje foar in antagonist yn in Bond-film. Op basis fan dat idee waard in ferhaal betocht troch senarioskriuwers Neal Purvis en Robert Wade, dat se útwurken ta in senario. Broccoli wie dêrfan tige ûnder de yndruk, benammen fan 'e suggestje fan 'e beide senaristen om fan 'e wichtichste antagonist in frou te meitsjen. Hja sei dêroer yn in fraachpetear: "Mei Elektra mient Bond dat er Tracy¹ fûn hat, mar hy hat eins Blofeld² fûn."
¹) Tracy Bond of grevinne Teresa di Vincenzo is de frou op wa't Bond yn On Her Majesty's Secret Service fereale rekket, en mei wa't er trout, om har oan 'e ein fan 'e film wer te ferliezen as se it slachtoffer wurdt fan in moardoanslach.
²) Ernst Stavro Blofeld is it haad fan 'e terroristyske organisaasje SPECTRE en de wichtichste tsjinstanner fan Bond yn ferskate iere Bond-films.

De speedboat út 'e efterfolging oer de Teems, tentoansteld yn 2000 yn Düsseldorf.

As regisseur fan The World Is Not Enough waarden alderearst Joe Dante en Peter Jackson yn omtinken nommen, en letter ek Alfonso Cuarón, mei wa't op in hier nei oerienstimming berikt waard. Uteinlik waard lykwols keazen foar Michael Apted, dy't namme makke hie mei û.m. de biografyske films Coal Miner's Daughter (1980) mei Sissy Spacek en Gorillas in the Mist (1988) mei Sigourney Weaver, de neo-western Thunderheart (1992) mei Val Kilmer, de detektivefilm Blink (1993) mei Madeleine Stowe en de dramafilm Nell (1994) mei Jodie Foster. Apted liet syn doetiidske frou Dana Stevens it senario fan Purvis en Wade oereidzje om 'e karakterisearring fan 'e froulike personaazjes te fersterkjen, hoewol't se dêrfoar gjin fermelding op 'e ôftiteling krige. Neitiid waard Bruce Feirstein ynhierd om 'e rol fan Bond yn it senario te ferbetterjen; hy krige dêrfoar wól in fermelding op 'e ôftiteling.

As produsinten wiene Michael G. Wilson en syn healsuster Barbara Broccoli by it projekt belutsen foar de filmstudio's Eon Productions en United Artists. The World Is Not Enough wie dêrmei, lykas eardere James Bond-films, in Britske-Amerikaanske ko-produksje. Foar de film wie in budget beskikber fan $135 miljoen. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Adrian Biddle, en de filmmuzyk waard fersoarge troch David Arnold. De titelsong The World Is Not Enough waard songen troch de band Garbage.

In Russyske Victor III-ûnderseeboat, dy't brûkt waard by de opnamen fan The World Is Not Enough.

Casting[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Yn The World Is Not Enough kearde de Ierske akteur Pierce Brosnan foar de trêde (fan fjouwer) kear werom yn 'e rol fan geheim agint James Bond. Foar de rol fan Elektra King, dy't behalven in Bond girl ek ien fan 'e wichtichste antagonisten yn 'e film is, waarden Sharon Stone en Vera Farmiga yn omtinken nommen foar't de rol oan 'e Frânske aktrise Sophie Marceau taparte waard op basis fan har aktearprestaasje yn Firelight (1997). De rol fan Bond girl Christmas Jones gie nei Denise Richards, in aktrise dy't mear bekend stie om har skientme as om har fermogen ta aktearjen. Op dy casting kaam in protte krityk. Nei't it skynt wiene âld-Spice Girls Geri Halliwell en soapaktrise Tiffani-Amber Thiessen ek frege om foar de rol audysje te dwaan. De rol fan 'e terrorist Renard waard earst oanbean oan Javier Bardem en Jean Reno, foar't Robert Carlyle cast waard. Robbie Coltrane kroep jitris yn 'e hûd fan 'e Russyske maffiabaas Valentin Zukovsky, dy't er earder ek yn GoldenEye (1995) spile hie.

Judi Dench, Desmond Llewelyn en Samantha Bond kearden foar The World Is Not Enough allegearre werom yn harren rollen as M, resp. Q en Miss Moneypenny. Foar de ûnderwilens 85-jierrige Llewelyn soe it syn lêste optreden yn in James Bond-film wêze. Hoewol't net offisjeel oankundige waard dat er ophâlde soe, waard yn The World Is Not Enough in assistint-kertiermaster yntrodusearre dy't troch James Bond by túltsjes oantsjut wurdt as R, in rol fan 'e Britske komyk John Cleese. Foar de fans fan 'e franchise wie dúdlik dat der risselwearre waard om Llewelyn as Q te ferfangen. Oft dat daliks al yn 'e folgjende film bard wêze soe, is ûnbekend; de saak waard forsearre doe't Llewelyn koart nei de premiêre fan The World Is Not Enough by in auto-ûngemak dearekke.

Foar de opnamen fan The World Is Not Enough waard in prototype fan 'e BMW Z8 brûkt, mei't dat model auto op dat stuit noch net op 'e merk wie.

Opnamen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De opnamen foar The World Is Not Enough setten op 17 jannewaris 1999 útein en einigen yn juny fan dat jier. De fjirtjin minuten duorjende opienfolging fan sênes dy't yn 'e film oan 'e begjintitels foarôf giet, waard opnommen yn Bilbao, yn Baskelân, en yn Londen. Oare bûtendoarsênes waarden filme by it Kastiel fan Eilean Donan en de mar Loch Lomond yn Skotlân, en yn 'e Azerbeidzjaanske haadstêd Bakû en de Turkske stêd Istanbûl.

De sêne mei de oaljepiiplieding yn Azerbeidzjan waard eins filme by Cwm Dyli, yn Wales. De efterfolging op skys yn 'e Kaukasus waard opnommen by Chamonix yn 'e Frânske Alpen. It filmjen fan dy sêne rûn fertraging op trochdat der in lawine yn it opnamegebiet wie, en de filmcrew te help skeat by de rêdingsoperaasje. De measte binnendoarsênes fan The World Is Not Enough waarden opnommen yn 'e Pinewood Studios yn it Ingelske Buckinghamshire. De sêne yn it kasino yn Bakû waard filme yn Halton House, de ofsiersmess op 'e Ingelske loftmachtbasis Halton.

De rockband Garbage song de titelsong fan The World Is Not Enough.

Distribúsje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De distribúsje fan The World Is Not Enough waard yn 'e Feriene Steaten fersoarge troch Metro-Goldwyn-Mayer en yn oare lannen en territoaria troch United International Pictures. De film gie op 8 novimber 1999 yn Los Angeles yn premiêre, en iepene dêrnei op 19 novimber yn 'e Amerikaanske bioskopen en op 26 novimber yn 'e bioskopen yn it Feriene Keninkryk. It byhearrende soundtrackalbum ferskynde op 9 novimber 1999 by platemaatskippij MCA.

Untfangst[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Fan 'e filmkritisy krige The World Is Not Enough mingde resinsjes. Oan 'e iene kant fan it spektrum omskreau Roger Ebert de film yn 'e Chicago Sun-Times as "in geweldige komyske skriller, spannend en elegant, fernimstich sûnder ein." Hy parte The World Is Not Enough 31/2 fan 4 stjerren ta. Oan 'e oare útein neamde Eleanor Ringel Gillespie de film yn The Atlanta Journal-Constitution "datearre en betize". Yn The A.V. Club skreau Nathan Rabin dat der "genôch aardige mominten [troch de film] fersille binne om it ta in adekwaat diel fan 'e Bond-searje te meitsjen. Mar de rige hat likegoed ferlet fan in mânske ynjeksje fan nije ideeën as er wat oars wurde wol as in troch nostalgy oandreaun kommersjeel súkseske."

Aktrise Denise Richards op 'e premiêre fan The World Is Not Enough.

Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat The World Is Not Enough in goedkarringspersintaazje fan 52%, basearre op 145 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "Hoewol't in midsmjittich senario, ûngelikens aktearwurk en in frijwat formulemjittige plot de film bedjerre, wurdt The World Is Not Enough foar in diel noch rêden troch in stikmannich fermaaklike en wier Bond-wurdige aksjesênes." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behellet The World Is Not Enough in goedkarringspersintaazje fan 57%, basearre op 38 resinsjes.

Resultaat[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Opbringst[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

The World Is Not Enough brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $126,0 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $235,8 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $361,8 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $135 miljoen betsjut dat in winst fan $226,8 miljoen, hoewol't dêr de marketingkosten noch wol ôf moatte. Mei dat resultaat wie The World Is Not Enough de meast opbringende James Bond-film aller tiden oant yn 2002 Die Another Day dat rekôr ferbettere.

Prizen[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

The World Is Not Enough waard yn 2000 nominearre foar de Saturn Award yn 'e kategory bêste aksje-/aventoere-/skrillerfilm. Pierce Brosnan wûn foar syn fertolking fan James Bond yn 'e film in Empire Award foar bêste akteur. Filmkomponist David Arnold wûn mei syn soundtrack in BMI Film Music Award. Aktrise Denise Richards 'wûn' de Golden Raspberry Award foar minste byrol fan in aktrise. Richards en Brosnan waarden tegearre ek nominearre foar de Golden Raspberry Award yn 'e kategory minste pear op it wite doek, mar 'ferlearen' dy 'priis' fan Will Smith en Kevin Kline yn Wild Wild West.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.


James Bond (filmsearje)
films fan Eon Productions
mei Sean Connery Dr. No (1962) • From Russia with Love (1963) • Goldfinger (1964) • Thunderball (1965) • You Only Live Twice (1967) • Diamonds Are Forever (1971)
mei George Lazenby On Her Majesty's Secret Service (1969)
mei Roger Moore Live and Let Die (1973) • The Man with the Golden Gun (1974) • The Spy Who Loved Me (1977) • Moonraker (1979) • For Your Eyes Only (1981) • Octopussy (1983) • A View to a Kill (1985)
mei Timothy Dalton The Living Daylights (1987) • Licence to Kill (1989)
mei Pierce Brosnan GoldenEye (1995) • Tomorrow Never Dies (1997) • The World Is Not Enough (1999) • Die Another Day (2002)
mei Daniel Craig Casino Royale (2006) • Quantum of Solace (2008) • Skyfall (2012) • Spectre (2015) • No Time to Die (2021)
films fan oare studio's
Casino Royale (1954) • Casino Royale (1967) • Never Say Never Again (1983)