M (James Bond)

Ut Wikipedy
M
personaazje út 'e James Bond-searje
Akteur Bernard Lee spile M yn 'e earste alve James Bond-films.
Akteur Bernard Lee spile M yn 'e earste
alve James Bond-films.
persoanlike bysûnderheden
oare namme(n) ferskaat
bynamme M
sekse ferskaat
soarte personaazje minske
nasjonaliteit Britsk
berop/amt haad fan MI6
oare ynformaasje
besibbe
  personaazjes
James Bond
Miss Moneypenny
Q
Felix Leiter
geastlike heit Ian Fleming
útjouwer Jonathan Cape
ûntstean 1953

M is de koadenamme fan it haad fan 'e Britske ynljochtingetsjinst MI6 yn 'e James Bond-romans fan Ian Fleming en de dêrop basearre James Bond-filmsearje. De oantsjutting is net persoanspesifyk, mar giet fan persoan nei persoan oer mei de funksje. Fleming yntrodusearre it personaazje yn 1953, yn syn earste Bond-roman Casino Royale. In oar bekend personaazje út 'e Bond-romans en -films is Miss Moneypenny, de sekretaresse fan M.

Ynspiraasje[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Fleming basearre de M út syn boeken foar it meastepart op skout-by-nacht John Henry Godfrey, de sjef fan 'e Britske Marine Ynljochtingedifyzje, ûnder wa't Fleming yn 'e Twadde Wrâldoarloch tsjinne. Oare mooglike boarnen fan ynspiraasje foar it personaazje wiene sir Claude Dansey, it plakferfangend haad fan 'e Britske bûtenlânske ynljochtingetsjinst MI6; Maxwell Knight, it haad fan 'e Britske binnenlânske ynljochtingetsjinst MI5 (dy't syn memo's ûndertekene mei "M"); en William Melville, in Ier dy't opklom ta sjef fan it Secret Service Bureau, de foarrinner fan sawol MI6 as MI5.

Spilers[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De rol fan M is yn 'e James Bond-films fertolke troch ferskate akteurs. Bernard Lee, dy't de rol spile yn 'e earste alve films, waard der op in stuit suver mei identifisearre. Yn 'e filmsearje fan Eon Productions ûntbrekt it personaazje M inkeld yn For Your Eyes Only (1981). Dy film waard opnommen koart nei't Lee ferstoarn wie. Dame Judi Dench wie yn 1995 de earste froulike M.

jierren film akteur echte namme fan M
films fan Eon Productions
19621979 Dr. No Bernard Lee Miles Messervy
From Russia with Love
Goldfinger
Thunderball
You Only Live Twice
On Her Majesty's Secret Service
Diamonds Are Forever
Live and Let Die
The Man with the Golden Gun
The Spy Who Loved Me
Moonraker
1981 For Your Eyes Only n.f.t. (personaazje ûntbrekt)
19831989 Octopussy Robert Brown Hargreaves
A View to a Kill
The Living Daylights
Licence to Kill
19952015 GoldenEye dame Judi Dench Olivia Mansfield
Tomorrow Never Dies
The World Is Not Enough
Die Another Day
Casino Royale
Quantum of Solace
Skyfall
Spectre (yn in postúm boadskip)
2015 – .... Spectre Ralph Fiennes Gareth Mallory
No Time to Die
films fan oare studio's
1954 Casino Royale n.f.t. (personaazje ûntbrekt)
1967 Casino Royale John Huston
David Niven
ûnbekend
James Bond
1983 Never Say Never Again Edward Fox ûnbekend

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.