Springe nei ynhâld

Q (James Bond)

Ut Wikipedy
Q
personaazje út 'e James Bond-searje
Akteur Desmond Llewelyn spile Q yn op twa nei alle James Bond-films fan Eon Productions oant syn ferstjerren yn 1999.
Akteur Desmond Llewelyn spile Q yn op twa nei alle James Bond-films fan Eon Productions oant syn ferstjerren yn 1999.
persoanlike bysûnderheden
bynamme Q
sekse manlik
soarte personaazje minske
nasjonaliteit Britsk
berop/amt kertiermaster fan MI6
oare ynformaasje
besibbe
  personaazjes
James Bond
M
Miss Moneypenny
Felix Leiter
geastlike heit Richard Maibaum
ûntstean 1963

Q is yn 'e James Bond-filmsearje de koadenamme fan 'e kertiermaster (Ingelsk: quartermaster, dêrfandinne "Q") fan 'e Britske ynljochtingetsjinst MI6. Likemin as by M, it haad fan MI6, is dizze oantsjutting persoanspesifyk; ynstee giet er fan persoan nei persoan oer mei de funksje. Q stiet oan it haad fan 'e (fiktive) research and development-ôfdieling fan MI6 dy't Q Branch hjit, en it is sadwaande syn taak om geheim agint James Bond ta te rissen mei nije útfinings en technologyske snufkes dy't him by steat stelle syn misjes ta in goede ein te bringen.

Untstean en ynspiraasje

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It personaazje Q spilet gjin rol yn 'e oarspronklike James Bond-romans fan Ian Fleming, hoewol't der wol ferskate kearen nei him en syn ôfdieling ferwiisd wurdt. Sa wurdt yn 'e roman Casino Royale tsjin Bond sein: "Freegje Q mar om alle gereid dêr'tst ferlet fan hast", en yn Diamonds Are Forever: "Dêr giet Q Branch oer." Charles Fraser-Smith, dy't yn 'e Twadde Wrâldoarloch it Britske Special Operation Executive (SOE) tariste mei nije útfinings, wurdt rûnom beskôge as de ynspiraasjeboarne foar Q en de Q Branch.

Yn 'e earste James Bond-film komt in personaazje foar dat majoar Boothroyd hjit en dat Bond fan in nij pistoal foarsjocht. Senarioskriuwer Richard Maibaum wurke dat personaazje foar de ferfolchfilm From Russia with Love (1963) út ta Q. Under ynfloed fan 'e ferfilmings waard Q letter wol opnommen yn 'e autorisearre James Bond-romans fan Christopher Wood, John Gardner en Raymond Benson.

It personaazje Q komt foar yn alle James Bond-films fan Eon Productions útsein Dr. No, Live and Let Die, Casino Royale (2006) en Quantum of Solace. Q kaam ek foar yn twa films dy't net fan Eon wiene: Casino Royale (1967) en Never Say Never Again. De Welske akteur Desmond Llewelyn spile de rol yn alle Eon-films (behalven Live and Let Die) fan 1963 oant syn ferstjerren yn 1999. Hy rekke sa mei de rol ferklibbe dat it neitiid dreech wie om him te ferfangen. Dat waard oplost troch syn opfolger, komyk John Cleese, al foar de dea fan Llewelyn te yntrodusearjen as R, de assistint fan Q. Yn 'e James Bond-romans fan John Gardner waard mei Ann Reilly de earste froulike Q yntrodusearre, dy't fan Bond fuortendaliks de bynamme "Q'ute" kriget (cute, mei deselde útspraak, betsjut "skattich" yn it Ingelsk).

jierren film akteur
films fan Eon Productions
1962 Dr. No n.f.t. (personaazje ûntbrekt)
19631971 From Russia with Love Desmond Llewelyn
Goldfinger
Thunderball
You Only Live Twice
On Her Majesty's Secret Service
Diamonds Are Forever
1973 Live and Let Die n.f.t. (personaazje ûntbrekt)
19741999 The Man with the Golden Gun Desmond Llewelyn
The Spy Who Loved Me
Moonraker
For Your Eyes Only
Octopussy
A View to a Kill
The Living Daylights
Licence to Kill
GoldenEye
Tomorrow Never Dies
The World Is Not Enough
19992002 The World Is Not Enough (as R) John Cleese
Die Another Day
20062008 Casino Royale n.f.t. (personaazje ûntbrekt)
Quantum of Solace
20122021 Skyfall Ben Whishaw
Spectre
No Time to Die
films fan oare studio's
1954 Casino Royale n.f.t. (personaazje ûntbrekt)
1967 Casino Royale Geoffrey Bayldon
1983 Never Say Never Again Alec McCowen

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.