Springe nei ynhâld

Quantum of Solace (film)

Ut Wikipedy
Quantum of Solace
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseur Marc Forster
produsint Michael G. Wilson
Barbara Broccoli
senario Paul Haggis
Neal Purvis
Robert Wade
basearre op James Bond fan Ian Fleming
kamerarezjy Roberto Schaefer
muzyk David Arnold
filmstudio Eon Productions
Metro-Goldwyn-Mayer
Columbia Pictures
distribúsje Sony Pictures Releasing
spilers
haadrollen Daniel Craig
Olga Kurylenko
byrollen Judi Dench
Mathieu Amalric
Giancarlo Giannini
Jeffrey Wright
Gemma Arterton
Joaquín Cosío
Fernando Guillén Cuervo
skaaimerken
lân/lannen Feriene Keninkryk
Feriene Steaten
premiêre 29 oktober 2008
foarm langspylfilm
sjenre spionaazjefilm
taal Ingelsk
spyltiid 106 minuten
budget en resultaten
budget $200-230 miljoen
opbringst $600,1 miljoen
prizen 1 × Empire Award
1 × Satellite Award
filmsearje
filmsearje James Bond
● foarich diel Casino Royale
● folgjend diel Skyfall

Quantum of Solace is in Britsk-Amerikaanske spionaazjefilm út 2008 ûnder rezjy fan Marc Forster. De titel betsjut "In Kwantum Soelaas"; dat is in wurdboarterij mei 'kwantum' yn 'e sin fan "hoemannichte", mar ek as ferwizing nei de kriminele organisaasje Quantum út 'e film. It wie nei Casino Royale, út 2006, it twadde diel fan 'e James Bond-rige mei Daniel Craig yn 'e rol fan 'e Britske geheim agint James Bond, wylst Olga Kurylenko diskear de Bond-girl wie. It ferhaal folget Bond wylst er de lûsje sakeman Dominic Greene op it spoar komt, in lid fan 'e skimige organisaasje 'Quantum', dy't besiket troch in steatsgreep yn Bolivia de drinkwetterfoarrie fan dat lân yn 'e hannen te krijen. Quantum of Solace krige mingde resinsjes fan 'e filmkritisy, mar ûntjoech him yn 'e bioskopen ta in grut kommersjeel súkses.

Quantum of Solace begjint fuort nei it punt dêr't Casino Royale op einiget. James Bond, de geheim agint fan 'e Britske feilichheidstsjinst MI6, hat de mysterieuze hear White, dy't er ferantwurdlik hâldt foar de dea fan Vesper Lynd (sjocht: Casino Royale) opspoard yn noardlik Itaalje, en riidt mei him yn 'e kofferbak fan syn Aston Martin DBS fan 'e Gardamar nei Siena, wylst er op 'e hakken sitten wurdt troch White syn trewanten. By in wylde efterfolging op 'e Italjaanske autostrada en yn in stiengat wit er lykwols mei harren allegearre ôf te weven. Sadwaande kin er White by MI6-sjef M ôfleverje, dy't wachtet yn 'e leechsteande drinkwetterreservoirs ûnder Siena, wylst op dat stuit yn 'e stêd dêrboppe de Palio di Siena-hurddraverij oan 'e gong is.

It docht lykwols bliken dat M har eigen liifwacht, MI6-agint Craig Mitchell, yn 'e tsjinst is fan Quantum, de skimige kriminele organisaasje dêr't White foar wurket. Hy fiert in moardoanslach op M út, dy't dat mar nauwerneed oerlibbet, en deadet ferskate oare MI6-aginten. Bond wit him nei in lang gefjocht te deadzjen, mar tsjin dy tiid is White al ûntsnapt. Werom yn Londen wurdt by ûndersyk yn it appartemint fan Mitchell ûntdutsen dat dy in kontaktpersoan hie yn Haïty: in Edmund Slate. Bond reizget dêrhinne, mar wurdt nei it binnenkringen fan Slate syn hotelkeamer fuortendaliks troch dyselde oanfallen. Slate is sa'n goede fjochter, dat Bond twongen is him út selsferdigening te deadzjen, hoewol't er eins stjoerd wie om him yn 'e hechten te nimmen sadat er ûnderfrege wurde koe.

Mear troch gelok as wiisheid ûntdekt Bond dat Slate in hiermoardner wie, dy't troch de miljeu-aktivistyske ûndernimmer Dominic Greene yn 'e earm nommen wie om syn minneresse Camille Montes te fermoardzjen. As Bond har folget, komt er derefter dat Greene syn miljeu-aktivisme mar in dekmantel is foar saken dy't it deiljocht net ferdrage kinne. Sa hat Greene gedoente mei de ferballe Boliviaanske generaal Medrano, oan wa't er help tasein hat om troch in steatsgreep it demokratysk regear fan Bolivia ûnder fuotten te heljen sadat Medrano diktator wurde kin. Yn ruil dêrfoar freget er inkeld alle rjochten op in woastyngebiet dat skynber gjin inkele wearde hat. Medrano is deselde dy't de âldelju fan Camille Montes ombrocht hat, en sy hat jierren wachte op in kâns om yn 'e neite fan 'e generaal te kommen sadat se wraak nimme kin. Mar as dat momint einlings en te'n lêsten kommen is, wurdt se troch Bond 'rêden' sûnder dat se de kâns kriget om Medrano te deadzjen.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Underwilens slút Gregg Beam, de sjef fan 'e Súdamerikaanske seksje fan 'e Amerikaanske ynljochtingetsjinst CIA, in oerienkomst mei Greene dat de Amerikaanske oerheid him syn gong gean litte sil yn Bolivia. De Amerikanen hawwe gjin muoite mei in diktator mear of minder, en se leauwe net dat Greene yn it stik woastyn dat er hawwe wol de ierdoaljeboarnen fine sil wêrfan't er skynber tinkt dat dy dêr sitte. Ut Haïty wei folget Bond Greene nei in opfiering fan 'e opera Tosca yn it Eastenrykske Bregenz, dy't troch heechpleatste leden fan Quantum brûkt wurdt om inoar te moetsjen foar oerlis sûnder dat it opfalt. Bond ynfiltrearret it oerlis en nimt foto's fan ferskate Quantum-leden.

As er him mei dy ynformaasje ôfjaan wol, besykje trewanten fan Quantum him tsjin te kearen, wêrby't Bond ferskaten fan harren deadet. Ien fan harren wurdt troch Bond fan in (net al te heech) dak smiten, wat er oerlibbet om dêrnei deasketten te wurden troch de liifwachten fan Greene. De man blykt letter in lid fan 'e Britske Special Branch te wêzen, dy't as liifwacht wurke foar Guy Haines, de wichtichste adviseur fan 'e premier fan it Feriene Keninkryk. Haines is ien fan 'e Quantum-leden dy't Bond op 'e foto set hat. Mei trochdat Bond oanhâldend in spoar fan liken neilit en ek fanwegen syn gebrekkige feedback, nimt M oan dat de liifwacht fan Haines, dy't te goeder trou wie, troch Bond fermoarde is. Se wol dat er weromkomt nei Londen om him foar syn dieden te ferantwurdzjen. Bond hat lykwols oare prioriteiten, mar hy wurdt yn syn bewegingsfrijheid beheind as M syn paspoart ynlûke en syn creditcards blokkearje lit.

Dêrop giet Bond nei Itaalje, dêr't er René Mathis opsiket, in MI6-agint bûten tsjinst mei wa't er earder gearwurke hat. Dyselde is earst net sa bliid him te sjen, want troch tadwaan fan Bond (dy't dêroer falske ynformaasje taspile krigen hie) waard er earder foar in ferrieder oansjoen en troch syn âlde wurkjouwer oan in hurdhannige ûnderfreging ûnderwurpen (sjoch: Casino Royale). Bond wit him der lykwols fan te oertsjûgjen om net inkeld te beteljen foar syn reis nei Bolivia, mar sels mei te kommen om te helpen. Oankommen yn 'e Boliviaanske haadstêd La Paz, wurdt Bond opwachte troch Strawberry Fields, in lid fan 'e Britske konsulêre tsjinst, dy't opdracht krigen hat om Bond fuortendaliks wer op it fleantúch nei Londen te setten. Bond ferliedt har lykwols, dat ynstee belânet se mei him op bêd. Fia Carlos, in âlde freon fan Mathis, dy't mei de rang fan kolonel de kommandant fan 'e Boliviaanske plysje is, komt Bond oan 'e weet dat Greene dy jûns in feest hâldt foar rike jildsjitters. Hy, Fields en Mathis partycrashe dat feest, dêr't Bond Camille Montes op 'e nij rêdt.

Nei't hy en Camille it feest ferlitten hawwe, freget Bond har om him útlis te ferskaffen oer it saneamde Tierra Project, dat Greene op steapel stean hat foar it woastyngebiet dat er fan Medrano hawwe wol. Underweis wurde se oanholden troch in pear Boliviaanske plysjes, dy't wolle dat Bond de kofferbak fan syn auto iependocht. As Bond, dy't it saakje fuort al net fertrout, docht wat se sizze, wurdt der in bewusteleaze Mathis yn 'e kofferbak ûntdutsen. Ien fan 'e plysjes sjit Mathis del foar't Bond harren allebeide deadzje kin. Bond liedt út it foarfal ôf dat Carlos Mathis ferret hat en mei Medrano en Greene ûnder ien tekken skûlet. Mathis stjert neitiid yn 'e earms fan Bond, nei't er mei syn lêste siken Bond oantrune hat om Vesper Lynd en him (Bond) sels te ferjaan foar alles dat foarfallen is (sjoch: Casino Royale).

Bond en Camille ride nei in ôfhandich fleanfjild, dêr't se in âld frachtfleantúch besette om it woastyngebiet dêr't Greene sa'n belangstelling foar hat, út 'e loft wei oer te eagjen. In Boliviaanske strieljager besiket harren fleanmasine del te sjitten, mar Bond wit de reek út ien fan 'e motors te brûken om 'e fijannige piloat te ferblynjen en tsjin in berch oan fleane te litten. As se dêrnei lykwols besketten wurde troch in helikopter, stoart it âlde fleantúch del. Bond en Camille springe der oan ien parasjute út en lânje op 'e boaiem fan in sinkgat, dêr't se ûntdekke dat Greene in ûndergrûnske rivier ôfdamje litte hat. Hy is hielendal net ynteressearre yn ierdoalje; syn plan is om yn Bolivia in monopoalje te kreëarjen op 'e levering fan drinkwetter. Bond en Camille klimme út it gat, rinne nei in plakje dat op in net al te grutte ôfstân leit, en nimme dêrwei de bus werom nei La Paz.

Dêr oankommen, wurdt Bond yn syn hotel opwachte troch M, dy't him fertelt dat Greene ûnderwilens Fields fermoarde hat troch har te ferdrinken yn ierdoalje. Bond wurdt no, op gesach fan 'e CIA, ek fertocht fan 'e moard op Mathis en twa Boliviaanske plysjes, en M lit him yn 'e hechten sette en ôffiere. Yn 'e lift stelt Bond sûnder folle muoite de fjouwer MI6-aginten dy't him begeliede bûten gefjocht. Fia de trep keart er werom nei M, dy't er fertelt wat er ûntdutsen hat oer Greene. M beslút him te fertrouwen en lit him gean. Bond siket Felix Leiter op, in spesjaal agint fan 'e CIA mei wa't er earder gedoente hân hat (sjoch: Casino Royale). Dy fertelt him dat Medrano en Greene harren oerienkomst finalisearje sille yn in lúkse hotel midden yn 'e Atacamawoastyn, dat Perla de las Dunas hjit ("Pearel fan 'e [Sân]dunen"). Nei in warskôging fan Leiter ûntkomt Bond oan in team fan 'e Special Activities Division fan 'e CIA dat opdracht hat om him te deadzjen.

Yn Perla de las Dunas wachtsje generaal Medrano en plysjekolonel Carlos, dy't, sa't no blykt, in neiste meiwurker fan Medrano is, de oankomst fan Greene ôf. As dy arrivearret, ûndertekenje hy en Medrano harren oerienkomst, wêrnei't Greene oan Medrano fuortendaliks in twadde oerienkomst foarleit: in kontrakt foar de levering fan drinkwetter tsjin dûbel de hjoeddeistige priis. Dat liket Medrano wol nei fleanen, mar as Greene him fertelt dat hy troch harren oerienkomst no 60% fan it drinkwetter yn Bolivia besit, en dat it weromkommen op harren ôfspraak Medrano net goed bekomme soe, beseft de generaal dat er gjin oare kar hat as ek de twadde oerienkomst te ûndertekenjen.

Underwilens ynfiltrearje Bond en Camille it hotel, dêr't Bond earst Carlos deasjit foar dy syn ferrie fan Mathis. Dêrnei weeft er ôf mei Greene syn trewanten en giet er it gefjocht mei Greene sels oan. Tsjin dy tiid stiet it hotel, dat tige brânber is fanwegen de brânstofsellen dy't yn dizze ôfhandige úthoeke nedich binne foar de enerzjyfoarsjenning, al yn ljochte lôge. Camille sjit ûnderwilens Medrano syn liifwachten dea en helpt dêrnei de generaal sels út 'e ljochten, wêrmei't se einlings wraak nimt foar wat Medrano har âlden oandien hat. As se dêrnei yn 'e brânende hotelkeamer fêst komt te sitten, wurdt se jitris rêden troch Bond. Bûtendoar docht bliken dat ek Greene de brân oerlibbe hat. Yn it gefjocht mei Bond hat er himsels lykwols by fersin mei in brânbile yn 'e foet houd, dat hy komt net fier foar't Bond him finzen nimt. Nei't er him alles oer Quantum ferteld hat dat er wit, lit Bond Greene midden yn 'e Atacamawoastyn efter mei in blik motoroalje foar as er toarst kriget.

Mei de kennis dy't er fan Greene krigen hat, reizget Bond nei in wintersk Kazan, yn Ruslân, dêr't er in oar lid fan Quantum opsiket, Yusef Kabira, de earder minner fan Vesper Lynd. Dy hat him deryn spesjalisearre om froulju mei weardefolle konneksjes te ferlieden. Troch te bearen dat er troch Quantum yn gizeling nommen wie om har dwaan te litten wat Quantum woe, is hy yndirekt ferantwurdlik foar de dea fan Vesper. Bond fertelt it nijste doelwyt fan Kabira, de Kanadeeske CSIS-aginte Corrine Veneau, wat de wiere bedoelings fan har minner binne. Nei ûnderfreging lit er Kabira troch MI6 oppakke. Bûtendoar wurdt Bond opwachte troch M, dy't him fertelt dat it lyk fan Greene midden yn 'e Atacamawoastyn oantroffen is mei motoroalje yn 'e mage en twa kûgels yn 'e efterholle. Se freget him om werom te kommen by MI6; hy seit dat er dêr nea by wei gien is. Wylst se tegearre fuortrinne, lit Bond it halskeatling yn 'e snie falle dat Vesper Lynd fan Kabira krigen hie.

Daniel Craig.
Olga Kurylenko.
Judi Dench.
haadrollen
personaazje akteur/aktrise
MI6-agint James Bond Daniel Craig
Camille Montes Olga Kurylenko


byrollen
personaazje akteur/aktrise
M, haad fan MI6 Judi Dench
Dominic Greene Mathieu Amalric
MI6-agint b.tsj. René Mathis Giancarlo Giannini
CIA-agint Felix Leiter Jeffrey Wright
MI6-aginte Strawberry Fields Gemma Arterton
generaal Medrano Joaquín Cosío
plysjekolonel Carlos Fernando Guillén Cuervo
CIA-agint Gregg Beam David Harbour
dhr. White Jesper Christensen
M16-agint Bill Tanner Rory Kinnear
Guy Haines Paul Ritter
Britsk minister fan Bûtenlânske Saken Tim Pigott-Smith
MI6-agint Craig Mitchell Glenn Foster
Edmund Slate Neil Jackson
Yusef Kabira Simon Kassianides
CSIS-aginte Corrine Veneau Stana Katić
resepsjoniste yn Perla de las Dunas Oona Chaplin
Gemma, de freondinne fan Mathis Lucrezia Lante della Rovere
freondinne fan dhr. White Elizabeth Arciniega
helikopterpiloat Alfonso Cuarón (cameo)

Produksje en distribúsje

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Filmprodusint Michael G. Wilson ûntwikkele Quantum of Solace wylst de foargeande James Bond-film, Casino Royale, noch opnommen waard. It senario waard skreaun troch Paul Haggis, Neal Purvis en Robert Wade, wylst haadrolspiler Daniel Craig en Wilson sels der ek bydragen oan leveren ûnder de senarioskriuwersstaking fan 2007-2008. Dêrfoar waarden se lykwols net neamd op 'e ôftiteling. De titel fan 'e film waard ûntliend oan it koarte ferhaal Quantum of Solace, út 1960, dat diel útmakke fan 'e ferhalebondel For Your Eyes Only, fan Bond-betinker Ian Fleming, hoewol't de film fierders alhiel gjin eleminten fan dat ferhaal omfettet.

As regisseur waard foar Quantum of Solace Marc Forster oanlutsen, dy't earder û.o. Monster's Ball en The Kite Runner makke hie. Njonken Wilson wie ek Barbara Broccoli as produsint by de film belutsen foar de studio's Eon Productions, Metro-Goldwyn-Mayer en Columbia Pictures. Quantum of Solace wie in Britsk-Amerikaanske ko-produksje dêr't in budget fan $200 oant 230 miljoen foar beskikber wie. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Roberto Schaefer, wylst de filmmuzyk fersoarge waard troch David Arnold. De filmmontaazje waard dien troch Matt Chesse en Richard Pearson.

De opnamen foar Quantum of Solace setten op 7 febrewaris 2008 útein en duorren oant 21 juny. Der waard op lokaasje filme yn Meksiko, Panama, Sily, Itaalje, Eastenryk en Wales. Dêropta waarden de binnendoarsênes foar it meastepart opnommen yn 'e Pinewood Studios yn it Ingelske greefskip Buckinghamshire. De Palo di Siena-hurddraverij waard al yn augustus 2007 opnommen yn Siena, ek al wist Forster op dat stuit noch net hoe't er dy bylden yn 'e film ferwurkje soe. It loftgefjocht tusken de beide fleantugen waard filme yn it Meksikaanske Nederkalifornje. Lokaasjes yn Panama giene troch foar Haïty en Bolivia.

In tunnel yn 'e Strada delle Forre yn noardlik Itaalje, dêr't Quantum of Solace begjint mei in wylde efterfolgingssêne.

De Atacamawoastyn yn 'e film is echt, mar de sênes waarden opnommen yn it Sileenske diel fan 'e woastyn ynstee fan it Boliviaanske diel. Dêrby ûntstie trelit doe't de pleatslike befolking, oanfierd troch in boargemaster, lulk wie dat harren lân portrettearre waard as diel fan Bolivia. De produsinten fan 'e film besauden har deroer dat de relaasje tusken de beide lannen mear as 123 jier nei de Salpeteroarloch (wêrby't Sily it diel fan 'e woastyn ferovere en anneksearre dat de Boliviaanske korridor nei see foarme) noch sa gefoelich lei.

Ek de efterfolging oer de dakken yn Siena waard op lokaasje opnommen, om't it minder djoer wie om 'e oanrjochte skea neitiid te fergoedzjen as om 'e dakken yn 'e Pinewood Studio's nei te bouwen. By it filmjen fan 'e auto-efterfolging út it begjin fan 'e film rekken twa stuntlju ferwûne, fan wa ien, de Gryk Aris Comninos, sa slim dat er op 'e intensive care yn it sikehûs kaam. De sêne by de opera yn it Eastenrykske Bregenz waard opnommen ûnder de Bregenzer Festspiele, mar mei figuranten ynstee fan it echte publyk.

De distribúsje fan Quantum of Solace waard fersoarge troch Sony Pictures Releasing. De film gie op 29 oktober 2008 yn Londen yn premiêre, wêrnei't er op 31 oktober yn 'e Britske en op 14 novimber yn 'e Amerikaanske bioskopen iepene. Quantum of Solace waard op 18 maart 2009 útbrocht op dvd en blu-ray.

Quantum of Solace krige mingde resinsjes fan 'e filmkritisy, dy't oer it algemien fol lof wiene oer it aktearjen fan Daniel Craig yn 'e rol fan James Bond, en teffens oer de hurdere, mear reälistyske toan fan 'e aksjesênes yn 'e film, mar dochs yn mearderheid fûnen dat de film bleekjes ôfstiek njonken syn foargonger Casino Royale. Sa mocht de foaroansteande Amerikaanske kritikus Roger Ebert fan 'e Chicago Sun-Times net oer Quantum of Solace, wylst er in grut fan fan Casino Royale west hie. Hy fûn de plot "midsmjittich", de personaazjes "swak" en miste yn 'e fertolking fan Bond dy "syn gewoanlike persoanlikheid", al lei dat neffens him net oan Daniel Craig. Yn The Times omskreau Kate Muir Quantum of Solace as in "skriptleas rommeltsje", en de resinsje yn The Sunday Times woe hawwe dat "regisseur Marc Forster de súksesfolle reboot fan 'e searje delstoarte litten [hat]".

Net alle resinsjes wiene lykwols sa negatyf oer de film. Yn The Daily Telegraph omskreau Tim Robey Quantum of Solace as in film dy't makke wie op basis fan in "troch en troch solide dramatysk idee en [yn it besit fan] de yntelliginsje [wie] om dat kreas ta utering te bringen." Hy joech de film 4 fan 5 stjerren, en wie fral ek tige posityf oer de koartere spyldoer, mei't neffens him in protte James Bond-films der aardich fan opknappe soene as se in stik ynkoarte waarden, lykas neffens him by Casino Royale it gefal is.

De Atacamawoastyn, it toaniel fan 'e klimaks fan Quantum of Solace.

Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hie Quantum of Solace in boppegemiddeld goedkarringspersintaazje fan 65%, basearre op 294 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "[…] [De film] leveret sêftsinnige emoasjes dy't beselskippe wurde troch spannende aksje, mar folgjend op Casino Royale stelt er dochs wat teloar." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behelle Quantum of Solace in goedkarringspersintaazje fan 58%, basearre op 48 resinsjes.

Quantum of Solace brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $168,4 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $417,7 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $600,1 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $200 oant 230 miljoen betsjut dat in winst fan teminsten $370,1 miljoen, hoewol't dêr de marketingkosten noch wol ôf moatte. Anno 2016 wie Quantum of Solace de op trije nei meast opbringende James Bond-film (rekkene sûnder ynflaasjekorreksje). Teffens wie it wrâldwiid de op seis nei meast opbringende film fan 2008.

Quantum of Solace wûn yn 2008 de Empire Award foar bêste skrillerfilm en de Satellite Award foar bêste orizjinele liet. De film wie ek nominearre foar de Empire Awards foar bêste akteur, bêste aktrise, bêste nijynkommeling en bêste soundtrack, en foar de Satellite Awards foar bêste film, bêste orizjinele soundtrack, bêste special effects en bêste lûdsmontaazje. By de Saturn Awards sleepte de film nominaasjes yn 'e wacht foar bêste aksjefilm/aventoerefilm/skrillerfilm, en waarden Olga Kurylenko en Judi Dench beiden nominearre yn 'e kategory bêste byrol fan in aktrise. By de Critics' Choice Awards fan 2009 waard Quantum of Solace nominearre foar de priis foar bêste aksjefilm.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.


James Bond (filmsearje)
films fan Eon Productions
mei Sean Connery Dr. No (1962) • From Russia with Love (1963) • Goldfinger (1964) • Thunderball (1965) • You Only Live Twice (1967) • Diamonds Are Forever (1971)
mei George Lazenby On Her Majesty's Secret Service (1969)
mei Roger Moore Live and Let Die (1973) • The Man with the Golden Gun (1974) • The Spy Who Loved Me (1977) • Moonraker (1979) • For Your Eyes Only (1981) • Octopussy (1983) • A View to a Kill (1985)
mei Timothy Dalton The Living Daylights (1987) • Licence to Kill (1989)
mei Pierce Brosnan GoldenEye (1995) • Tomorrow Never Dies (1997) • The World Is Not Enough (1999) • Die Another Day (2002)
mei Daniel Craig Casino Royale (2006) • Quantum of Solace (2008) • Skyfall (2012) • Spectre (2015) • No Time to Die (2021)
films fan oare studio's
Casino Royale (1954) • Casino Royale (1967) • Never Say Never Again (1983)