Appartemint

Ut Wikipedy
Fletgebouwen yn Rotterdam.

In appartemint (fan it Frânske appartement) is in wenning dy't diel útmakket fan in grutter gebou, lykas in flet. Mei de term 'appartemint' wurdt ferwiisd nei in wenning dy't mar ien ferdjipping hat; as sa'n wenning yn in grutter gebou út mear as ien ferdjipping bestiet, sprekt men fan in mêsonette. In ienkeamerappartemint wurdt faak ek wol in studio neamd. Men kin in appartemint keapje of hiere. Wat ynformeel wol it 'keapjen' fan in appartemint neamd wurdt, is juridysk sjoen eins it keapjen fan in appartemintsrjocht. As in gebou formeel (d.w.s. wetlik) yn apparteminten ferdield is, wurdt nammentlik de kombinaasje fan it oandiel fan it yn dy spjalting belutsen guod, it útslutende gebrûksrjocht op in priveediel en it ferplichte lidmaatskip fan in feriening fan eigners mei-inoar betitele as it appartemintsrjocht.

Servicekosten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Om't in appartemint ûnderdiel foarmet fan in grutter gebou, kin it net oars as dat der mienskiplike romtes en foarsjennings binne, lykas de hal, de gongen, it treppehûs, it dak, it rioelsysteem en eventueel in tún en/of in lift. Fan it ûnderhâld fan sokke dingen moatte de bewenners fan alle apparteminten in gelikens oanpart betelje, en itselde jildt foar it elektrisiteitsferbrûk fan 'e lift. As it om keapapparteminten giet, wurdt de ûnderlinge regeling en ining fan sokke saneamde servicekosten dien troch it bestjoer fan 'e feriening fan eigners.

Giet it lykwols om hierapparteminten, dan sitten sokke kosten yn 'e regel by de hier ynbegrepen. Yn it lêste gefal moat dan yn it hierkontrakt dúdlik beneamd wurde hokker posten oft ûnder de servicekosten falle. Kosten dy't wetlik troch de ferhierder betelle hearre te wurden, meie lykwols net as servicekosten opfierd wurde. Dêrby kin men tinke oan algemien ûnderhâld oan it gebou, ynkl. lift, skilpaniel, automatyske doarren, ferljochting, betegeling, blus- en drinkwetterynstallaasjes en bemeallingspompen, mar ek oan skea troch fandalisme yn 'e mienskiplike romten; glêsbewasking fan ruten dêr't de hierders sels net by kinne; ûnreplik-saakbelesting; rioelrjochten; opstâlfersekeringskosten; administraasjekosten dy't betrekking hawwe op 'e mienskiplike romten; en it salaris fan 'e hûsmaster ynsafier't dy wurk docht dat ûnder de ferplichtings fan 'e ferhierder falt.

Kosten dy't de ferhierder wól op 'e hierder ferhelje kin, binne kosten foar it skjinhâlden en ûntstopjen fan ôffieren en daksgoaten dêr't de hierder sels net by kin; glêsbewasking fan ruten dêr't de hierder sels wól by kin; skjinmakkosten oangeande de mienskiplike romten; ûnderhâld fan geiser en boiler; hofkerswurk ynsafier't it grien diel útmakket fan wat hierd wurdt; en it salaris fan 'e hûsmaster ynsafier't dy wurk docht dat net ûnder de ferplichtings fan 'e ferhierder falt. By de berekkening fan servicekosten meie inkeld de wurklike kosten trochberekkene wurde, en is it net tastien om dêrop winst te meitsjen. As administraasjekosten mei de ferhierder maksimaal 5% yn rekken bringe. By skelen oer servicekosten kinne de hierder of de hierdersferiening yn Nederlân beswier meitsje by de Hierkommisje, dy't it gesach hat om 'e ferhierder te twingen en meitsje de wurklike servicekosten ynsichtlik.

Neiheffing[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Foar servicekosten wurde ornaris foarút foarskotbedraggen barre. Oan 'e ein fan it kalinderjier, yn 'e regel foàr 1 juny, moat der dan in ôfrekken makke wurde, wêrby't it foarskot ferlike wurdt mei de wurklike kosten en de hierder in neiheffing bybetelje moat of jild weromkriget. It is lykwols net ferplichte foar de ferhierder om soks ien kear yn it jier te dwaan, en it komt dan ek net selden foar dat men hjirfoar in twa- of trijejierlikse termyn hantearret, wêrby't, faak ta argewaasje fan 'e hierder, nei ferrin fan jierren noch bybetelle wurde moat. Hjirfoar bestiet lykwols al in ferjierringstermyn fan fiif jier, dat as de ferhierder langer as fiif jier wachtet, dan binne de kosten net mear ynber. Deselde termyn jildt foar hierders om in posityf ferskil yn 'e servicekosten fan 'e ferhierder werom te foarderjen.

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.