Springe nei ynhâld

Buckinghamshire

Ut Wikipedy
Buckinghamshire
emblemen
           
polityk
soarte gebiet seremonieel greefskip
lân Feriene Keninkryk
lânsdiel Ingelân
regio Súdeast-Ingelân
haadplak Aylesbury
grutste plak Milton Keynes
sifers
ynwennertal 808.666 (2019)
oerflak 1.873,6 km²
befolkingstichtens 431,6 / km²
oar
stifting Iere Midsiuwen
tiidsône UTC
simmertiid UTC +1
koördinaten 51°50′ N 0°50′ W
offisjele webside
www.buckscc.gov.uk

Buckinghamshire (útspr.: [ˈbʌkɪŋəmʃɪə(ɹ)], likernôch: "bak-king-um-sjea(r)"), ôfkoarte ta Bucks, is in seremonieel greefskip fan Ingelân dat deunby de Britske haadstêd Londen yn 'e regio Súdeast-Ingelân leit. It is ien fan 'e saneamde Home Counties ("Thúsgreefskippen"), dy't grinzgje oan Grut-Londen. Neffens in skatting út 2019 hie Buckinghamshire doe krapoan 809.000 ynwenners. It tradisjonele haadplak fan it greefskip is Aylesbury. It grutste plak is no Milton Keynes. Buckinghamshire is sûnt 1997 opspjalten yn twa selsstannige bestjoerlike distrikten: Buckingham Council en de Borough Milton Keynes. It greefskip sels wurdt no inkeld noch as statistyske ienheid en as geografysk referinsjeramt brûkt.

Buckinghamshire beslacht in oerflak fan 1.873,6 km². It leit yn it súdeastlike diel fan Ingelân, noardwestlik fan 'e Britske haadstêd Londen. It greefskip wurdt fierders begrinzge troch Berkshire yn it suden, Oxfordshire yn it westen, Northamptonshire yn it noarden, Bedfordshire yn it noardeasten en Hertfordshire yn it easten. De súdlike grins wurdt foar it meastepart foarme troch de rivier de Teems, behalven by Eton en Slough, dêr't Berkshire lytse brêgehaden oan 'e noardkant fan 'e rivier omfettet.

It plattelân fan Buckinghamshire.

Noardlik fan 'e delling fan 'e Teems rize stadichoan de Chilternheuvels op, dy't it lânskip yn it súdlike diel fan it greefskip dominearje. Yn it noardlike part fan it greefskip wurdt de Delling fan Aylesbury omjûn troch folle steilere heuvelskeanten. De Grutte Ouse ûntspringt krekt oer de noardlike grins yn Northamptonshire en streamt yn Buckinghamshire fia de plakken Buckingham, Milton Keynes en Olney nei it easten.

It grutste plak fan Buckinghamshire is no Milton Keynes, yn 'e noardlike útein fan it greefskip. It tradisjonele haadplak Aylesbury leit justjes súdliker. Oare grutte plakken binne Marlow, yn it suden oan 'e Teems, en Princes Risborough, yn it westen, dat út nei Oxford. Plakken yn it súdeasten fan Buckinghamshire, lykas High Wycombe, Amersham en Chesham, hearre ta de râne fan forinseplakken om 'e stêdekloft fan Londen hinne.

De namme "Buckinghamshire" is Angelsaksysk fan oarsprong en betsjut letterlik: "it distrikt" (scire) "dêr't Bucca wennet" of "fan Bucca's hiem". Dy lêste oantsjutting ferwiist nei it plak Buckingham, yn it noarden fan it greefskip, dat ferneamd waard nei in Angelsaksyske lâneigner. It greefskip hat as Buckinghamshire bekend stien sûnt de tolfde iuw, mar bestie dêrfoar al ûnder oare nammen sûnt it in bestjoerlik distrikt wie fan it Angelsaksyske Keninkryk Mercia (585-919).

De historiografy fan Buckinghamshire giet fierder tebek as de Angelsaksen en omfiemet in rike skiednis yn 'e foarôfgeande Brytoanysk-Keltyske en Romeinske tiidrekken. Nettsjinsteande dat hawwe de Angelsaksen nei alle gedachten de grutste ynfloed hân op 'e ûntjouwing fan it gebiet ta wat it hjoed de dei is: op it plattelân sjocht it lânskip fan it greefskip der nammers fierhinne noch sa út sa't de Angelsaksen it ynrjochten. Letter ûntwikkele Buckinghamshire him yn it Keninkryk Ingelân, troch syn neite ta de haadstêd Londen, ta in polityk wichtige krite. Yn 'e sechstjinde iuw griep kening Hindrik VIII der persoanlik yn it pleatslik bestjoer yn, en yn 'e santjinde iuw soe troch tadwaan fan John Hampden de Ingelske Boargeroarloch yn Midden-Buckinghamshire útbrutsen wêze.

Utsjoch op Buckingham, it plak dêr't Buckinghamshire syn namme oan ûntlient.

Histoarysk ûndergie Buckinghamshire de grutste feroarings yn 'e njoggentjinde iuw, doe't it plattelân dêr troffen waard troch in kombinaasje fan goalera en hongersneed. Fan gefolgen waard in grut diel fan 'e plattelânsbefolking twongen om syn heil earnewêr oars te sykjen, wat yn 'e measte gefallen delkaam op in trek nei de stêden. Dat late net allinne ta yngeande feroarings yn 'e pleatslike ekonomy, mar it betsjutte ek dat der in protte lân frijkaam, sadat de grûnprizen goedkeap wiene yn in tiid dat de riken hieltyd mobiler waarden. Sa kaam in grut part fan it plattelân yn 'e hannen fan lju út Londen dy't in lângoed op it plattelân oanskaffe woene.

Yn 'e tweintichste iuw wie foar Buckingham fral de groei fan 'e oanbuorjende stêdekloft fan Londen oerhearskjend. It wie yn dy tiid dat plakken as High Wicombe, Amersham en Chesham begûnen te groeien om't forinzen mei wurk yn Grut-Londen har der nei wenjen setten. Yn 1967 waard Milton Keynes, yn it noarden fan it greefskip, stifte as in folslein nije stêd op gelikense ôfstân fan Londen, Birmingham, Leicester, Oxford en Cambridge, op wat oant dy tiid ta lânbougrûn wie. Plakken dy't foarhinne fan folle grutter belang wiene, lykas Buckingham en Aylesbury, bleaune efter en ferlearen har eardere status.

De bestjoersdistrikten dêr't Buckinghamshire út bestiet:
1. Buckinghamshire Council;
2. Borough Milton Keynes.

Buckinghamshire funksjonearret net mear as in bestjoerlike ienheid sûnt de Borough Milton Keynes yn 1997 selsstannich waard. Sûnt wurdt it gebiet fan it seremoniële greefskip bestjoerd troch twa lokale autoriteiten: de Borough Milton Keynes (249.000 ynwenners yn 2011) foarmet it noardlikste fyfdepart, en Buckinghamshire Council (505.000 ynwenners yn 2011) beslacht de restearjende fjouwerfyfdepart. Foarhinne bestie Buckinghamshire Council út fjouwer subdistrikten: Aylesbury Vale, South Bucks, Chiltern en Wycombe. Dy binne lykwols yn 2020 opheft en har foech is oerhevele nei Buckinghamshire Council.

Neffens in offisjele skatting út 2019 hie Buckinghamshire doe in befolking fan 808.666 minsken. De befolkingstichtens bedroech 431,6 minsken de km². De etnyske opbou fan 'e befolking is: 91,7% blanken; 4,3% Súdaziaten; 1,6% swarten; 2,4% oaren.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.