Oxfordshire
Oxfordshire is in tradisjoneel en net-stedlik greefskip yn it súdeasten fan Ingelân, dat oprjochte waard yn 'e iere 10e iuw. It grinzet oan de greefskippen Berkshire, Buckinghamshire, Gloucestershire, Northamptonshire, Warwickshire en Wiltshire.
De haadstêd is Oxford mei syn ferneamde universiteit. Oare wichtige plakken binne Abingdon, Bicester, Banbury, Kidlington en Wantage. It westen fan it greefskip wurdt soms wol ta de saneamde home counties rekkene.
It greefskip hat in grutte toeristeyndustry. Oxfordshire is ien fan de meast bloeiende gebieten yn de Jeropeeske Uny.
Skiednis
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Oxfordshire as administrative regio giet werom oant de 11e iuw, doe't it noch hielendal benoarden de rivier de Teems lei. Sûnt is it gebiet altyd fan belang west; de fruchtbere lânbougrûn koe de stêden yn súdlik Ingelân fan fiedsel foarsjen en yn 1089 waard yn Oxford de earste universiteit fan it lân oprjochte. De namme komt fan it Angelsaksyske Oxenaford ('furde fan de oksen').
Fan de 13e iuw ôf oan hearde it greefskip by de Cotswolds, in gebiet mei in protte hichten yn sintraal Ingelân, dêr't in soad wol produsearre waard. Yn 1839 kaam Didcot oan it spoar te lizzen. It automerk Morris waard yn 1912 opjochte yn Oxford. It distrikt fan Oxfordshire besuden de Teems, Vale of White Horse, waard yn 1974 oan it greefskip taheakke. Dêrfoar behearde it ta it oanswettende Berkshire.
Oerheid
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Distrikten
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Distrikten | Detailkaart |
---|---|
Geografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]It greefskip is foar it grutste part in lanlik gebiet, mei mar in inkelde delsetting fan boppe de 10.000 ynwenners. Sintraal Oxfordshire wurdt foarme troch de leechlizzend klaaigrûnen oan de rivier de Teems. It noarden fan it greefskip bestiet út kalkstien en beheart ta Area of Outstanding Natural Beauty (nasjonaal park) de Cotswolds, dat de krite fan Somerset oant Worcestershire beslacht. Mei Berkshire en Buckinghamshire ûnderhaldt Oxfordshire in totaal fan njoggentich natuerreservaten.
Oanswettende greefskippen
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Noardwesten: Warwickshire |
Noarden: Warwickshire |
Noardeasten: Northamptonshire |
Westen: Gloucestershire |
Oxfordshire | Easten: Buckinghamshire |
Súdwesten: Wiltshire |
Suden: Berkshire |
Súdeasten: Berkshire |
Demografy
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Fan de befolking is 14,5% âlder as 65 jier. De wurkleazens beslacht 1,8 % fan de beropsbefolking. It ynwennertal gie omheech fan likernôch 576.100 yn 1991 nei 605.488 yn 2001. Oxfordshire is it tinstbefolke greefskip fan it súdeasten fan Ingelân.
Delsettings
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Kursyf skreaune pakken behearden oant 1974 by Berkshire.
- Abingdon
- Banbury
- Bicester
- Burford
- Carterton
- Chipping Norton
- Didcot
- Faringdon
- Henley-on-Thames
- Oxford
- Thame
- Wallingford
- Wantage
- Witney
- Woodstock
Ut Oxfordshire
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]- John Owen (1616-1683), puriteinsk teolooch
- Henry Rawlinson (1810-1895), archeolooch
Keppelings om utens
[bewurkje seksje | boarne bewurkje]Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Oxfordshire fan Wikimedia Commons. |