Warwickshire

Ut Wikipedy
Warwickshire
emblemen
               
polityk
soarte gebiet seremonieel greefskip
lân Feriene Keninkryk
lânsdiel Ingelân
regio Westlike Midlannen
haadplak Warwick
grutste plak Nuneaton
sifers
ynwennertal 571.010 (2021)
oerflak 1.975 km²
befolkingstichtens 289,1 / km²
oar
stifting Iere Midsiuwen
tiidsône UTC
simmertiid UTC +1
koördinaten 52°20′ N 1°35′ W
offisjele webside
www.warwickshire.gov.uk

Warwickshire (útspr.: [ˈwɒɹɪkʃə] of [ˈwɒɹɪkʃɪə(ɹ)], likernôch: "ûôr-rik-sjuh" of "ûôr-rik-sjea(r)", Lûdsfragmint beharkje), ôfkoarte ta Warks, is in seremonieel greefskip fan Ingelân yn 'e westlike Midlannen. It gebiet stiet benammen bekend om it pittoreske Stratford-upon-Avon, dêr't de skriuwer William Shakespeare wei kaam, en om syn ferline fan stienkoalmynbou. Neffens de folkstelling fan 2021 hie Warwickshire doe 571.000 ynwenners. It tradisjonele haadplak fan it greefskip is Warwick, mar It grutste plak is no Nuneaton. Histoarysk omfette it greefskip ek de stêd Coventry en de binnenstêd fan Birmingham. It gebiet fan it greefskip Warwickshire falt gear mei dat fan Warwickshire County Council, in bestjoerlik distrikt mei syn sit yn Warwick. As greefskip wurdt Warwickshire no inkeld noch as statistyske ienheid en as geografysk referinsjeramt brûkt.

Etymology[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De namme 'Warwickshire', komt fan it Aldingelske Wæringscīr, dat safolle betsjut as "it diel fan it lân dat by Warwick heart", sis mar "Warwicksteradiel" yn 'e Fryske kontekst. De namme fan Warwick is in gearstalling fan it Aldingelske -wic, dat in lienwurd is op basis fan it Latynske wurd foar "doarp": vicus, oanfolle mei it foarheaksel wara-, dat betsjut "hja dy't bewekje" of "hja dy't ferdigenje". Dat wiist derop dat Warwick oarspronklik in delsetting fan 'e Jutten west hawwe kin, mei't dy wara as in endonym brûkten.

It plattelân fan Warwickshire mei it Oxfordkanaal by Napton-on-the-Hill.

Geografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Warwickshire beslacht in oerflak fan 1.975 km². It leit yn it hert fan Ingelân yn 'e regio fan 'e Westlike Midlannen. It grinzget yn it noardeasten en noarden oan Leicestershire, yn it noardwesten oan Worcestershire, yn it westen oan it greefskip fan 'e Westlike Midlannen, yn it súdwesten oan Gloucestershire, yn it suden oan Oxfordshire, en yn it súdeasten en easten oan Northamptonshire. De noardgrins fan it greefskip wurdt troch in stripe fan 5 km fan grûn dy't ta Leicestershire heart, skaat fan 'e súdpunt fan it greefskip Derbyshire. Fan noard nei súd mjit Warwickshire 84 km.

Foar it meastepart is Warwickshire in flak gebiet, dat yn it noarden lichtsjes gloait en by Hartsmill opriist oant 178 m boppe seenivo. It suden is noch platter, útsein in tige lyts diel fan 'e heuvelrêch fan 'e Cotswolds, dy't oer de noardlike grins fan Gloucestershire útstekt. Troch it suden fan Warwickshire streamt de rivier de Avon, in wichtige sydstream fan 'e Severn, dat ien fan 'e grutste rivieren fan Ingelân is. De wichtichste plakken yn it noarden binne Atherstone, Bedworth, Coleshill, Nuneaton en Rugby (wêr't de lyknammige sport betocht waard). De wichtichste plakken yn it suden binne Learnington-Spa, Warwick, Stratford-upon-Avon, Kenilworth, Alcester, Southam en Wellesbourne. Sûnt de greefskipsweryndieling fan 1974 lizze der binnen de grinzen fan Warwickshire gjin plakken mei stedsrjochten mear.

Skiednis[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Warwickshire makke yn 'e Klassike Aldheid diel út fan 'e Romeinske provinsje Brittanje. De Romeinske wei dy't Watling Street neamd wurdt, waard yn 'e Iere Midsiuwen de grins tusken it Angelsaksyske Keninkryk Mersia en de Danelaw, it diel fan Ingelân dat oerhearske waard troch de Denen.

As bestjoerlike ienheid ûntstie Warwickshire oan it begjin fan 'e alfde iuw as in distrikt fan Mersia. De earste ferwizing nei it greefskip yn in histoaryske boarne datearret út 1001. Yn 'e Midsiuwen waard Warwickshire dominearre troch de stêd Coventry, dy't doedestiden ien fan 'e wichtichste plakken fan it Keninkryk Ingelân wie omreden fan 'e rykdom en ynfloed dy't de dêr fêstige produksje fan en hannel yn tekstyl opsmiet.

Stratford-upon-Avon, it berteplak fan Shakespeare.

De ferneamde toanielskriuwer en dichter William Shakespeare waard yn 1564 yn it suden fan Warwickshire berne yn Stratford-upon-Avon, dêr't er it grutste part fan syn libben trochbrocht en ek gâns in part fan syn wurk betocht. It (mislearre) Buskrûdkomplot fan 1605, wêrby't in groep roomske aristokraten û.l.f. Guy Fawkes it Ingelske Parlemint opblaze woene, waard ek yn Warwickshire optocht, yn Snittersfield.

Yn 'e Ingelske Boargeroarloch (16421651) tusken de parlemintêren en de royalisten spile Warwickshire in rol fan belang, mei't de wichtige Slach by Edgehill yn it greefskip plakfûn, krekt as ferskate mindere konfrontaasjes.

De bestjoersdistrikten dêr't Warwickshire út bestiet:
  1. Noard-Warwickshire
  2. Nuneaton en Bedworth
  3. Rugby
  4. Stratford-upon-Avon
  5. Warwick

Yn 'e achttjinde iuw ûntjoech Warwickshire him ûnder de Yndustriële Revolúsje ta ien fan 'e wichtichste dielen fan Ingelân, dêr't de befolking fan 'e yndustrialisearre stêden Coventry en Birmingham gâns oanwûn. Yn dyselde snuorje begûn ek de eksploitaasje fan 'e stielkoaleminen yn Warwickshire, wylst Learnington-Spa, yn it suden fan it greefskip, in wichtige kueroarde waard.

Yn 1931 waarden by in weryndieling fan 'e greefskippen yn Ingelân de eksklaves fan Warwickshire eliminearre troch dy opgean te litten yn 'e omlizzende greefskippen. Krektsa giene de enklaves fan oare greefskippen op yn Warwickshire. Yn 1974 waarden by in nije weryndieling ûnder de Local Government Act 1972 de stêden Birmingham en Coventry en de plakken Solihull en Suton Coldfield oan Warwickshire ûntlutsen en oan it nije greefskip fan 'e Westlike Midlannen jûn. Warwickshire krige dêrtroch syn apostrofeftige foarm.

Bestjoer[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Likemin as oare seremoniële greefskippen funksjonearret Warwickshire noch as bestjoerlike ienheid. Oars as guon oare greefskippen, dy't opspjalten binne yn ferskate nije bestjoersdistrikten (county councils), is it hiele gebiet fan Warwickshire noch ien county council, Warwickshire County Council, wêrfan't it bestjoer fêstige is yn Warwick. Warwickshire County Council bestiet út fiif subdistrikten (district councils). Fan noard nei súd binne dat: Noard-Warwickshire, Nuneaton en Bedworth, Rugby, Warwick en Stratford-upon-Avon.

Demografy[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Neffens in offisjele skatting út 2021 hie Hertfordshire doe in befolking fan 571.010 minsken. De befolkingstichtens bedroech 289,1 minsken de km². De etnyske opbou fan 'e befolking is: 92,8% blanken; 4,6% Súdaziaten; 0,8% swarten; 1,9% oaren of fan mingd etnysk komôf.

Keppelings om utens[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes[boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes en References, op dizze side.