Berkshire

Ut Wikipedy
Lizzing fan Berkshire yn Ingelân

Berkshire (ˈbɑrkʃər/) is al teminsten sûnt de 10e iuw in greefskip bewesten Londen yn it suden fan Ingelân, yn it Feriene Keninkryk. Grutte plakken yn Bershire binne Reading, Slough en Windsor. Berkshire hie yn 2011 in befolking fan 863.800, en wie doe it 26e greefskip neffens grutte fan it lân.


Distrikten[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Distrikten Detailkaart
  1. West Berkshire (unitary authority)
  2. Reading (unitary authority)
  3. Wokingham (unitary authority)
  4. Bracknell Forest (unitary authority)
  5. Windsor and Maidenhead (unitary authority)
  6. Slough (unitary authority)

Wichtige plakken yn Berkshire[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Literatuer[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

It griene, idyllyske lânskip fan Berkshire, dêr't de rivier de Teems troch streamt, stie model foar de eftergrûn fan it klassike berneboek The Wind in the Willows fan Kenneth Grahame.