Okse

Ut Wikipedy
Gean nei: navigaasje, sykje
Oksewein, Haselbach/Türingen ±1942

In okse of oksebolle is in kastrearre (lobbe) manlik kobist (bolle). Oksen waarden yn Midden-Europa al yn de 6e ieu f. Kr. yn de lânbou brûkt. De okse is ien fan de âldste troch de minske brûkte lûkdieren. Sy tsjinnen om sliden, karren en weinen te lûken, om moles oan te driuwen, om te terskjen en waarden ek wol beriden.

De kastraasje soarge derfoar dat de bisten guodliker en evenrediger waarden sadat de grutte krêft fan de bolle better foar minslike doelen te brûken waard.

Ferskate Aziatyske en Súd-Amerikaanske lannen wurdt de okse noch as wurkdier brûkt. By wize fan sport wurde oksen ek beriden en sy wurde hâlden foar de fleisproduksje.

De kastraasje bart meast by jonge bisten fanôf twa wiken âld. Troch de fermindere testosteron-produksje groeie oksen stadicher as bollen, mar sy wurde dêrtroch wol swierder as kij.

Gebrûk, fergelike mei it hynder[bewurkje seksje | edit source]

Okseride yn Hova, Sweden.

Oksen kinne swierdere ladingen lûke oer in langer skoft tiid as hynders, al hinget dat mei ôf fan waarsomstannichheden. Oan de oare kant binne sy stadicher, wat foar- en neidielen hat; sy wurkje rêstiger en evenrediger mar kinne yn in beskaat skoft tiid safolle wurk net fersette. Yn de lânbou wiene oksen faak geskikter foar swier dreech wurk, sa as it skuorren fan greide en it ploegjen fan wiete, swiere (klaai) grûn, mat it giet stadicher as mei in hynder.

Ieuwenlang koene oksen ek swierdere ladingen as hynders oan troch it gebrûk fan in jok, dat goed paste by de anatomy fan in kobist, mar net sa goed by dat fan it hynder. Oant de útfining fan de sylbeage (hamme), koe in hynder (mei in jok) net al syn krêft ynsette.

Gallery[bewurkje seksje | edit source]

Ferskaat[bewurkje seksje | edit source]

  • 'Okse' is de skelnamme foar ynwenners fan Dronryp, Jirnsum en Jistrum.
  • 'In grutte Okse(bolle)' is in stommeling, in sleaukert.
  • De plaknammen Oxford en Ochsenfurt binne ôflaat fan de wurden "okse" en "furde".


Sjoch ek[bewurkje seksje | edit source]