Oerokse
Jump to navigation
Jump to search
De oerokse is in Europeeske wylde ko dy't yn de 17e iuw útstoarn is. De lêste gebieten dêr't er foarkaam wiene Poalen, Litouwen, Wyt-Ruslân, de Oekraïne, Roemeenje en Moldaavje. De lêst bekende oerokse gie dea yn it Jaktorów-wâld yn Poalen, yn 1627.
Yn Nederlân libbe it kobist nei alle gedachten noch foar 500. Neist yn it wyld libjende oeroksen kamen ek domestisearre foar, út krusing mei de koarthoarnko. Ek yn Fryslân binne skeletresten fûn yn terpen, ûnder oare yn Britsum en en Ferwert.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|