Springe nei ynhâld

Kobisten

Ut Wikipedy
kobisten
Wetterbuffels sykje ferkuolling yn in poel.
Wetterbuffels sykje ferkuolling yn in poel.
Taksonomy
ryk: dieren (Animalia)
stamme: rêchstringdieren (Chordata)
ûnderstamme: wringedieren (Vertebrata)
klasse: sûchdieren (Mammalia)
skift: evenhoevigen (Artiodactyla)
(sûnder rang): baarch- en walfiskeftigen
   (Artiofabula)
(sûnder rang): walfiskeftigen en wjerkôgers (Cetruminantia)
ûnderskift: wjerkôgers (Ruminantia)
tuskenskift: hoarndieren (Pecora)
boppefamylje: holhoarnigen en muskusharten
   (Bovoidea)
famylje: holhoarnigen (Bovidae)
ûnderfamylje: kobisten (Bovinae)
Gray, 1821

De kobisten (wittenskiplike namme: Bovinae, miskien better bekend ûnder Nederlânske beneaming runderen) foarmje in ûnderfamylje fan 'e klasse fan 'e sûchdieren (Mammalia), it skift fan 'e evenhoevigen (Artiodactyla) en de famylje fan 'e holhoarnigen (Bovidae), dêr't û.o. de domestisearre ko ta heart. Kobisten ûnderskiede harren troch spjalten hoeven en oer it algemien kromme hoarnen sûnder fertakkings by teminsten ien fan 'e geslachten.

Harren evolúsjonêre skiednis is yn ferhâlding ta oare taksonomyske ûnderfamyljes frij obskuer, trochdat der gauris noch natuerlike krusingen mei besibbe soarten plakfûn hawwe nei't de oarspronklike evolúsje ta soarte al ôfrûne hie. Kobisten binne lânseigen yn Aazje, Afrika, Jeropa en Noard-Amearika. De grutste soarte is de Aziatyske gaur, dy't in skofthichte fan 2,2 m hat. Domestisearre kobisten wurde almeast holden foar sawol it fleis as de molke, útsein yn grutte dielen fan Yndia en Nepal, dêr't gjin kowefleis iten wurdt om't de hindoeïstyske godstsjinst kij as hillich beskôget.

Underfamylje-opbou

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.